1| GEMEENTE Leeuwarderadeel 5 Fersiach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ijouwerteradie! op tongersdei 19 maaie 2016 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 9. Maaitiidsnota 2016 De hear De Kroon (PvdA): Der steane nocha! wat teksten yn oer de ofrune jierren. Hy beheint him ta de gegevens oer de leste trije moannen. It kolleezje ieit goed op koers mei de utfiering fan it belied. De tsjinfallers en meifallers heffe inoar op en finansjeel Ieit men dus ek op koers. By programma 7 (sosjaal domein) hat er twa opmerkingen. Der wurde gjin bysunderheden jun oer de Stichting Welzijn Middelsee. Neffens de monitor fan de besunigings sil de finansjele doelstelling net helle wurde. Moat dy tsjinfaller net ferantwurde wurde yn de maaitiidsnota? De gemeentlike subsydzje foar it underhald fan de doarpshuzen kin reserveard wurde. De ynhald fan de reservepot giet neffens it stik yn 2018 werom nei de gemeente. Dat kin neffens de PvdA net de bedoeling weze. De doarpshuzen hawwe ommersfoartakomstich underhald sparre. Meitsje de ofspraak. mei Ljouwert dat dy reservepotsjes ek nei 2018 foar de doarpshuzen beskikber bliuwe. De hear Van Diggelen (WD): De voorjaarsnota sluit positief. Men is goed bezig en de kleuren geven aan dat men met de vastgestelde kaders aan de slag is. De WD haalt het punt van Fier eruit. Dat moet men goed in de gaten houden. Het programma sociaal domein is erg in beweging. De opgelegde taakstelling ten aanzien van de huisvesting van statushouders is erg lastig voor de gemeente. Wat zijn de gevolgen als men niet voldoet aan de taakstelling van de huisvesting van 15 statushouders, terwijl het er nu nog maar 2 zijn? Hij heeft nog een vraag over de passage 'technische correctie onjuiste verrekening'. Wat betekent dit? Men moet het programma welzijn volgens de WD binnen de gestelde kaders afwikkelen. De hear Brouwer (CDA): It sjocht der goed ut. It CDA hat noch wol in tal fragen. By programma 3, de riolearing: By de oanpak fan it Achterbosk soe ek de riolearing oppakt wurde. Dat soe ein 2016 fan start gean kinne. mar it soe noch wol ofhinklik weze van 'enkele uitdagingen'. Wat wurdt dermei bedoeld? Der wurdt ek iepen litten wat der no krekt dien wurdt mei it Gryn. Hy lest 'de uitzetting van begrotingsgelden voor It Gryn wordt in overleg gedaan met de nieuwe exploitant, namelijk BV Sport en wordt de komende maanden uitgewerkt'. Moat men de kommende moannen dan noch jild oermeitsje nei de BV Sport? De renovaasje fan de kade fan de haven fan Britsum: de haven wie dochs privatiseard en dan is de behearorganisaasje dochs derfoar ferantwurdlik? De ferljochting yn de gemeente is eins te djoer. Dat kin neffens it CDA goedkeaper utfierd wurde troch private partijen. Men wurket dan faak mei in soart fan lumpsumbedraggen. Sjoch mei Ljouwert nei de mooglikheid fan oanbesteging. By programma 6 op side 20 wurdt sprutsen by rekreaasje en toerisme oer 'een korte toelichting'. Fierder stiet der neat. Wat is dat no krekt? Trochdat der ferkeard begrutte is (238.000 euro) yn it sosjaal domein is der in tekoart fan in sawat in kwart miljoen. Gelokkich fait de utkearing fan it Ryk ta. Oars hie men in tekoart yn de begrutting han fan in kwart miljoen. Hoe kin soks untstean en hoe kin men der wis fan weze dat yn de takommende 3

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2016 | | pagina 30