3/JBGEMEENTEB i Leeuwarderadeel Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 19 maaie 2016 om 19,30 oere yn it gemeentehus fan Stiens, 10. Yntegrale fizy op gemeentlike gebouwen De hear Van der Werff (PvdA): It is in heldere notysje. De gebouwen binne yn kategoryen ferdield en de aksjes binne beneamd. De PvdA freget bar of oft it ferhaal oer Radio Middelsee mei it each op de situaasje yn 2018 wol kin. Hy nimt net oan dat Radio Middelsee it gebou oernimt. In tal aksjes liket hiel logysk. By oare aksjes mist men it proses dat men folgje wol. Dat moat men dan breder sjen as allinne de ferkeap fan in gebou, lykas by it skoallegebou yn Koarnjum. Wat kin de gemeente, mooglikyn gearwurking mei Ljouwert, deroan dwaan? Sa'n proses moat men mei it doarp oangean. De ried moat ek by sa'n proses belutsen wurde. De hear Ekas (GBL): Hij sluit zich aan bij de heer Van der Werff. Hij constateert dat de samenwerking met Leeuwarden optimaal is. Misschien heeft Leeuwarden wel behoefte aan het gemeentehuis in Stiens. De loodsen aan de Truerderdyk zijn een zootje en zouden ook als een dependance van Leeuwarden voor opslagcapaciteiten gebruikt kunnen worden. De gemeente wil met de gebruikers van de moien in gesprek gaan. Hij denkt dat er wei ruimte is voor Radio Middelsee. De hear Van der Werff (PvdA): Hy wiist derop dat der mar ien konsesje ferliend wurdt. De hear Ekas (GBL): Dat weet hij niet precies. Hoe kun je anticiperen met betrekking tot het gebruik van de molen? Pak de zaken op in samenwerking met Leeuwarden. De hear Tuininga (FNP): It is in helder stik. De FNP hie lykwols wat in bredere gedachte oer dizze matearje. Men hie ferwachte dat der al petearen west hienen. By guon saken wurdt Ljouwert neamd wurdt en by oaren net. It is spitich dat der noch gjin konkreet antwurd per lokaasje is. It is net maklik om yn te stimmen, en it kolleezje frij mandaat te jaan, wylst der te min dudlikheid is. It stik is dus eins te koart troch de bocht. Hoe sit it mei mole De Hoop. Kinne de gebrukers in mooglike oername wo! behappe? Akkoart mei it gemeentehus, gemeentewurken en It Gryn. Mar hoe tinkt Ljouwert bygeiyks oer de loadsen oan de Truerderdyk? Hy sjocht yn it stik net folle werom fan de moasje oer de skoallegebouwen. Der lizze kansen en der moat gau wat barre. Hoe tinkt it doarp deroer? Der wurdt skreaun dat it oan de merk oerlitten wurdt. Hoe fait dat ut? Moat men dan tinke oan in oannimmer of bygeiyks it CQA? Is der al wat geande mei it Bernesluske? Sa'n lokaasje is neffens de FNP geskikt foar wenningbou. By de Twilling lest men 'actie twee semi-permanente lokalen opnieuw verhuren of bij uitblijvende belangstelling slopen'. Dy binne lykwols neffens him noch wol te ferkeapjen. Wannear komt it underwiisburo frij? Der is wol animo foar it gebou. Akkoart mei de Skalm en de branwachtkaserne. It is in goede saak dat men mei Ljouwert yn petear giet oer de doarpshuzen. 6

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2016 | | pagina 51