GEMEENTE Leeuwarderadeel Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 8 septimber 2016 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 11. Jierstikken 2015 Tsjinst SoZaWe NW Frl De hearTigchelaar (CDA): Men is rom binnen de begrutting bleaun. Binne de klii'nten ektefreden? De enkete sil ynkoarten deroer utslutsel jaan. It Ryk hat bot besunige op de hushaldlike help. Op side 54 stiet in 'overzicht bezwaaren beroep'. Tsjin 226 oanfragen yn Noardwestferban is beswierynsteld, sa'n 10%. Derfan is sa'n 57% diets foar begrune ferklearre. Besteande brukers fan de hushaldlike taslach en de kompensaasjeregeling hushaldlike help sille fia de website ynformeard wurde oer tiidpaad en untwikkeling fan it nije strukturele belied. En yn septimber 2016 sil der in foarstel komme fan in maatwurkfoarsjenning en algemiene foarsjenning foar de hushaldlike help dy't foldocht oan de juridyske easken as ynfoiling fan de strukturele oplossing. Wannear giet dat yn en wa beslist oer dat foarstel? Hoe tinkt it kolleezje om te gean mei de brukers fan de hushaldlike help? Der is 517.000 euro oerbleaun. Der wurdt foarsteld om sa'n 45.000 euro yn mindering te bringen op de begrutting. Men hat neffens syn ynformaasje noch sa'n goed 3,5 ton in de reserve sosjaal domein. It CDA fynt it winsklik dat der in realistyske begrutting komt foar 2017. It oerbleaune jild moat net oergean nei de gemeente Ljouwert. It moat bestege wurde oan de soarchfregers yn Ljouwerteradiel. Fierder kin it CDA har oanslute by it beslut. Wethalder Vos: It is in wichtich punt. Alle sosjale wurk is nei de tsjinst gean. Der geane ferskate miljoenen fan Ljouwerteradiel yn om. Men is dwaande om de tsjinst strakker fanut de Ljouwerteradielster situaasje oan te stjoeren. Men hat it mei it gebietsteam no goed op de rails. It jild lykwols moat ut de begrutting fan de tsjinst nei Ljouwerteradiel komme. Hy is bliid dat de ried him gauris stipe hat. As men in goede stap meitsje wol yn de Ljouwerteradielster situaasje dan moat men yn 2017 komme moat mei in realistyskere begrutting as de ofrune twa jier. It kin net sa weze dat men nei twa jier in goed heal miljoen oerhaldt, wylst men alle war dwaan moat om it gebietsteam te finansieren. De 560.000 euro hat men oar jier nedich. By de hushaldlike help is der no sprake fan in tuskenregeling. Op 30 septimber beslut it AB oer de regeling hushaldlike help per jannewaris 2017. De ried sil fan it beslut sa gau mooglik op 'e hichte steld wurde. Twadde termvn De hear De Haan (GBL): Men heeft het nu alleen over het besluit en daar hoeft men geen lange verhalen overte houden. Wethalder Vos: De gemeente sil foldwaan oan de utspraak fan de Centrale Raad van Beroep. Men sil soarchfaldich omgean mei de (wer)beoardielingen fan de hushaldlike help. Mefrou Bijsterbosch (PvdA): Het jaarverslag 2015 is voor de PvdA is akkoord. Andere zaken komen nu niet aan de orde. De hear Tigchelaar (CDA): Hy hat it yn de goede kontekst sette wollen. Hy nimt oan dat it AB bepaalt hoe't de nije regeling der utsjocht en dat it per jannewaris 2017 yngiet.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2016 | | pagina 37