de bestuurlijke toekomst van het openbaar onderwijs in samenhang met Leeuwarden. Ga die samenwerking (met Proloog) monitoren. Op pagina 35 en 38 leest hij 'De taakstelling voor huisvesting voor statushouders in Leeuwarderadeel in 2016 wordt opgeschroefd naar 29 personen. Gezien de omstandigheden is de verwachting reeel dat de taakstelling niet gehaald wordt.' De taakstelling loopt dus gevaar. Hij wijst op het risico dat er nieuwe wetgeving op komst is en dat de kosten voor het langer onderbrengen van statushouders in asielcentra ten laste van de gemeenten komt die te weinig statushouders opnemen. Ook hij wil de complimenten voor het stuk uitspreken. De hear Dijkstra (FNP): De begruttingsopset soe ynsichtliker wurde, Dat is slagge, der is moai stik wurk levere. It is spitigernoch wol de leste begrutting. Der bliuwe lykwols altyd noch saken dy't lykwols net dudlik sichtber binne. Op side 73 giet it oer it kosjint, dy't men berekkenet troch de reserves troch de risiko's te dielen. Earder moast men fan de provinsje by de 1,3 yn de buert weze. Men hat no in oare rekkenmetoade. By syn berekkening neffens de aide rekkenmetoade kaam er under de 1 ut: 0,9. De risiko's fleane mei in miljoen nei underen ta. De reserves geane no in hiel ein omheech. De risiko's binne yn ferliking mei foarich jier mei 5 ton sakke. De nije wearde fan 5,0 is yn syn eagen dus hiel betrekli.k, Hy soe dat graach yn de goede kontekst sjen wolle. Ljouwert sil wol bliid weze mei de breidskat. De provinsje hat neffens him de gemeente al loslitten. It under kuratele stellen fan de provinsje fanwegen de weryndieling is yn syn eagen in farce lykas men sjen kin by de gong fan saken oangeande it fyts- en kuierpaad. De hear De Kroon (PvdA): Der steane in soad ferstannige saken yn. Ljouwerteradiel wurdt yn finansjele sin goed oflevere by Ljouwert. De PvdA is ek bliid mei de oare opset fan de begrutting. Hy giet de programma's del. Boarger en bestjoer. De PvdA fynt it poerbest dat it belied mei Ljouwert harmoniseard wurdt. Dat moat woi lykwols besprutsen wurde mei de boargers, benammen by de harmonisaasjeplannen foar de ferienings. Der soe taheakke wurde moatte 'dat het plan voor de harmonisatie met de betrokken verenigingen en instellingen besproken wordt, voordat het wordt vastgesteld'. Der moat ek yn it programma Boarger en bestjoer stean dat der in plan fan it ofskied fan Ljouwerteradiel makke wurde moat en der moat ek by oanjun wurde wat dat kostet. Dat koe men yn de begrutting noch net weromfine. De ferbune partijen. Op side 14 wurdt it Feilichheidshus net goed beskreaun. Wat is de doelgroep en watfoar minsken binne dermei oan de slach? Op side 27 wol de PvdA it foarste! fan de WD stypje. It iepenbier underwiis moat underbrocht wurde moatte by de koepel fan it iepenbier underwiis yn Ljouwert. Dat soe men taheakje moatte. De beskriuwing oer it passend underwiis is tige faach. De PvdA wol in mjitber resultaat. Op side 31 giet it oer de subsydzjes foar amateurkeunst. Men moat deryn opnimme dat der yn 2018 en letter oare regelingen jilde sille en dat der harmonisaasjeplannen foar makke wurde sille. Op side 37 oangeande it sosjaal domein jout de hear De Kroon oan dat der in protte goede dingen barre. Per 1 jannewaris 2018 stapt men oer fan de tsjinst yn Frjentsjer nei dy fan Ljouwert. Dat moat op in ferantwurde wize, mei sa min mooglik kosten, barre. Heakje dat ta as opdracht by it sosjale domein. Dy operaasje moat yntiids oppakt wurde. Op side 57 giet it oer publyk belang Elektrisiteitsproduksje BV. It giet om de sinten fan de Essentoandielen. len fan de haadtaken fan dy BV is dat men in twadde kearnsintrale untwikkelje wol. Der moat Ljouwerteradiel neffens de PvdA net oan meiwurkje. Ferkeapje derom de oandielen. Nim dat yn it programma op. Op side 91 by de ferbune partijen giet it oer de Afvalsturing, Fryslan Miljeu en Omrin. Wat is de relaasje fan Ljouwerteradiel mei de 3 ferskillende bedriuwen en wat binne de risiko's foar de gemeente? Op side 87 untbrekt it Feilichheidshus neffens him as ferbune partij. En wat binne de risiko's fan de gemeente derby? 2

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2016 | | pagina 24