GEMEENTE Leeuwarderadeel Underwerp: Riedsgearkomste Stiens, 17 oktober 2016 Achte leden fan 'e Rie, Ik nOgje jimme ut om de riedsgearkomste fan 27 oktober 2016 by te wenjen. De wurklist en de stikken dy't der by hearre treffe jimme hjirby oan. Alle stikken lizze op gebruklike wize op besjen yn de leskeamerfan it gemeentehus. De wurklist mei utstellen leit foar belangstellenden op besjen yn de ha! fan it gemeentehus en de iepenbiere bibleteekyn Stiens. De gearkomste wurdt balden yn it gemeentehus fan Stiens en begjint om 19.30 oere. De foarsitter fan 'e rie, Drs. Joop R.A. Boertjens Nr. fan de WURKLIST Nr- fan ]t wurklist utstel 1. lepening en meidielings foarsitter 2. Feststellen wurklist 3. Ynsprekrjocht boargers 4. Fragehealoere riedsleden 5. Feststellen ferslach fan 8 September 2016 YNFORMEARJEND UNDERDIEL 6. Ynkommen stikken (lizze op besjen) ft Kest 25a. (RfO) Boargers kinne mei-inoar maksimaal 30 minuten it wurdfiere oer underwerpen dy't op 'e aginda steane. Alle sprekkers krije net longer as fiif minuten. Ynsprekkers moatte dat op syn lest oant 24 oeren foar it begjin fan de gearkomste oan de griffier meld hawwe Kest 40 (RfO) As in lid fan 'e ried yn de fragehealoere fragen stelle wot, moat dit mei oantsjutting fan it underwerp op syn minst 12 oeren fan tefoaren meld wurde by de foarsitterNeffens de dfspraken dy't makke binne kin in riedslid yn't plakfan de foarsitter ek de griffier op de hichte stelle. Kest 19 (RfO) Tekstwizigings kinne foar it begjin fan de gearkomste yntsjinne of oankundige wurde by de griffier. Kest 20 (RfO) In riedslid kin oant 12 oere foar it begjin fan de gearkomste oan de griffier trochjaan oer hokker Ynkommen Stikken hy of sy it wurdfiere wol.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2016 | | pagina 2