Leeuwarderadeel'. Mar der binne net in protte ferienings d/t subsydzje krije kinne. Hoe sit it bygelyks mei ferienings d/t yn de sporthal sitte? Boargemaster Boertjens: It giet oer subsydzjes fan lokale ynstellings en ferienings en net oer tariven. Dat trajekt komt letter noch. De bedoeling is om foar de gemeente Ljouwert ynsjoch te krijen yn bygelyks doarpsbudzjetten, regelingen foar doarpshuzen, boarterstunen en amateuristyske keunstbeoefening. Men wurdt by de diskusje yn groepkes ferparte. Om nei te gean hoe't it no giet en hoe't it straks giet. Men tinkt dat it yn 2018 noch op de aide foet yn grutte linen fierder giet. Yn temagroepen wurdt mei fakamtners ferdjipping socht. De ferienings en ynstellings kinne dan fragen stelle en ynput leverje foar it harmonisaasjebelied. Der komt noch in hiel trajekt achterwei. De hear Dijkstra (FNP): Komme de ferienings dan bygelyks yn maart oan bod? Hoefolle oanmeldingen binne der no? De animo liket him net grut. Boargemaster Boertjens: Dat wit er net. 5. Fêststellen ferslach fan 24 novimber 2016 De foarsitter: Het verslag wordt zonder wijzigingen goedgekeurd en vastgesteld. Ynformearjend ünderdiel 6. Ynkommen stikken Mefrou Bijsterbosch (PvdA): Zij wil graag het woord voeren bij Ingekomen Stuk nr. 6.1 en vraagt wat het antwoord van de gemeente is (geweest) op deze brief van de FSU. Wethalder Vos: Der wurde yn de brief 3 dingen steld. Se dogge in berop op de gemeente om mei de reyntegraasjetrajekten en ütkearingen rekken te halden. Se fersykje de Fryske gemeenten oft it belied oangeande de ütspraak fan de sintrale fan berop oer de 'vrijlatingsregeling' oanpast is. Dat is bard. Men is ek benijd hoe't de gemeente de ütkearingsrjochtige boargers op 'e hichte stelt fan de 'vrijlatingsregeling' oangeande de frijwilligersfergoeding en men freget om in reaksje op de brief. Men hat yn Noardwestferban de tsjinst fersocht om in reaksje te sjoeren nei de FSU. It is öfwachtsjen hoe't de tsjinst derop reagearret. Dy reaksje sil er trochstjoere nei de ried. 7. Ynkommen stikken üt it kolleezje fan B&W oan 'e ried Geen vragen of opmerkingen. 8. Meidielings fan it kolleezje van B&W oan 'e ried Der binne gjin meidielings. Opiniearjend ünderdiel/hammerstikken üt opiniearjend ünderdiel 9. Wiziging Mienskiplike Regeling FUMO De hear Tilma (CDA): It is in juridysk ferhaal. De stridichheid wurdt dêrmei opheft. It CDA kin der mei üt de fuotten. De hear Pot (WD): Voor de WD is het ook akkoord. De hear Ekas (GBL): Ook voor GBL akkoord. De foarsitter: Er wordt unaniem conform het voorstel besloten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2017 | | pagina 5