Beflnings
Sa't wy by it foarblêd al oanjün hawwe dat wy usferbaze oer hoe as it kolleezje mei
oanbestegings omgien is en omgiet, folget hjirunder wêrom wy dat fine:
- Finansjele feroardering (fêststeld troch de ried) yn relaasje ta it hantearre oanbestegings-
belied (net lêststeld troch de ried).
Beide finansjele feroarderings sawol dy fan 2012 as 2017 binne helder oangeande de
ynformaasjeferstrekking oan de ried oer oanbestegings fan "Werken boppe de 50.000,
De ried moat syn "wensen of bedenkingen kenber meitsje kinne oan it kolleezje mar as de ried
of in riedsfraksje soks wol dan jout it kolleezje gjin antwurd of komt mei in antwurd wêr 't men
neat mei kin en dan bedarret men yn in trajekt kwa did dat der neat mear te herstellen is.
Deferbou by de Skalm wie dan ek in skoallefoarbyld fan hoe it net moat (sjoch rapport fan
GBL en FNPfan 24 augustus 2015).
It oanbestegingsbelied is troch it kolleezje nea oan de ried oanbean om dit troch de ried jest
stelle te litten.
As it kolleezje hannele hie neffens de letter en de geastfan de gemeentlike finansjele
feroardering en de VNG (aanbesteden bevoegdheid, side 7) dan hienen der in protte tsjinstri-
dichheden foar te kommen wurde kinnen, mar dat past blykber net by defysje fan it kolleezje.
- Drompelbedragen Ljouwerteradiel yn relaasje ta de drompelbedragen fan Ljouwert.
Ljouwerteradiel, yn tsjinstelling ta Ljouwert, is net transparant oangeande it oanbestegings
belied want it kolleezje wol net dat it oanbestegingsbelied te besjen is foar de bütenwacht; it is
net te finen opynternet en net op de gemeentlike website.
(Wannear in derde "graach witte wol wêrom in kollega-oannimmer in wurk krigen hat by in
1 op 1 oanbesteging dan komt hy dêr net achter ofhy moat in berop dwaan op de wet WOB (Wet
Openbaarheid van Bestuur), mar dat sil hy net gau dwaan want dan rint hy it risiko dat hy nea
weryn oanmerking komt by in wurk dat al mearfaldich oanbestege wurdt troch it kolleezje).
Ljouwert hantearret by 1 op 1 oanbesteging in drompel oant 50.000, en folget dêrmei de
"Gids Proportionaliteit"; Ljouwerteradiel hantearret in drompel fan 150.000,=
By gemeente Ljouwert mei men öfwike fan dy 50.000 Euro mar dan moatte sy oanjaan wêrom
en dat dogge sy mei de utsünderingferwurde op side 5.
It kolleezje fan Ljouwerteradiel moat by elke 1 op 1 oanbesteging oanjaan wêrom as sy öfwike
moatte want dat Ljouwerteradiel öfwike moat leit him deroan omdat Ljouwerteradiel öfhinklik
is fan merkpartijen oangeande de priisstelling.
It léste soe wolris hiel ferfelend ütpakke kinne wannear men in merkpartij freget om in priis
dy t boppe de 50.000 Euro blykt ut te kommen, om ferfolgens tsjin dyselde partij sizze te
moatten dat der dochs noch in oanbesteging komme moat omdat de priis boppe de 50.000 Euro
fan de "Gids Proportionaliteit" ütkomt.
Dit sil dan ek de reden wêze wêrom it kolleezje de drompel fan 1 op 1 oanbesteegjen op
150.000, set hat want men kin altiten kreatyf omgean mei de ütsünderingsregel om in
dringende reden oannimlik te meitsjen
De léste jierren prate wyyn de ried faaks oer de harmonisaasje mei Ljouwert yfm de
weryndieling mei Ljouwert en dan komt it wol jrjemd oer dat it kolleezje net it oanbestegings
belied fan Ljouwert oernimme wol, wylst dat al wat jierren bekend is en op de website stiet.