11 Men hat ek mei de omwenners praat en dy fünen it in goed plan. It komt de feilichheid ten goede. De hear Van der Werff (PvdA): It is in sympatyk foarstel. Wit it CDA op foarhan dat alle bewenners dêr akkoart binne? Dan kin de PvdA har dêr yn fine. De hear Pot (WD): Ook de WD vindt het een sympathiek voorstel. Vooral in verband met de veiligheid. De WD gaat met de motie akkoord. De hear Tuininga (FNP): De FNP kin har der ek yn fine. Hy soe a. en b. omwikselje wolle en oan d. taheakje 'mochten er geen bezwaren zijn bovenstaande te realiseren voor 1 januari 2018/ De hear Klaver (GBL): De route wordt frequent gebruikt. GBL kan ermee akkoord gaan. De hear Brouwer (CDA): Hy betanket de ried foar de stipe. Wethalder Visser hat as rüzing fan de kosten dy 11.000 euro neamd. De hear Tilma hat by de bewenner oan de rüte west en dy wienen derfoar. As oare oanwenners der bot op tsjin binne dan soe men in ófwaging meitsje moatte. Wethalder Vos: Het college vindt het een goed plan en gaat akkoord met de motie. Het college wil ermee aan de slag gaan als duidelijk wordt dat er geen bezwaren zijn bij omwonenden. De foarsitter: Hij stelt vast dat de motie unaniem aangenomen wordt. 14. Motie FNP met betrekking tot verruiming winkeltijden De hear Tuininga (FNP): In tal jierren lyn hat men ta de ferromming fan de winkeltiden besletten. Yn de omlizzende gemeenten hawwe de twa datums (snein 24 en snein 31 desimber) ek oan de oarder west. Ljouwert hat it ferromme fan moarns 9 oere oant jüns 6 oere. De winkellju yn Ljouwerteradiel kinne lykwols ek libje mei tiden fan 11 oant 5. Hy lést de moasje foar. Moasje oangeande it ferromjen fan de winkeltiden op de snein foar de beide Krystdagen en de snein op Aldjiersdei 2017 De ried fan Ljouwerteradiel byinoaryn de gearkomste fan tongersdei 19 oktober 2017, Yn berie nimmend dat: 24 en 31 desimber 2017 op in snein falie en dat de winkels op dizze dagen allinnich mar iepen wêze meie fan 12.00 -17.00 oere; dizze dagen de drokste dagen fan it jier binne foar ündernimmers; de léste kear dat 24 en 31 desimber op in snein foei wie yn 2006; de ried fan Ljouwert op 9 oktober dit jier it beslut nommen hat om dizze beide dagen de winkeliepeningsstelling foar de winkellju yn Ljouwert te ferromjen mei it moarnsskoft; Fersiket it Kolleezje: om snein 24 en 31 desimber de winkeliepeningsstelling yn Ljouwerteradiel te ferromjen yn 11.00-18.00 oere. En giet oer ta de oarder fan de dei Undertekene op 19 oktober 2017 troch: FNP-fraksie Folkert Dykstra Jan Willem Tuininga De foarsitter: Hij geeft voor de discussie eerst het woord aan wethouder Van der Meulen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2017 | | pagina 11