36 37 Par. 13 en 14, Middelbaar en Hoger onderwijs. De hear Van der Meer soe efkes oanslute wolle by beide fragen üt it seksjeforslach, mar eigentlik binne it hjir gjin fragen en dat is krekt syn biswier tsjin it seksjeforslach. Hy wol yn it midden litte, hoe't hy him presiis ütdrukt hat hy wit it net krekt mear mar hy mient, dat hy frege hat: wol it kolleezje ris ünder- siikje, oft it mooglik is, hjir in jounlyceum to krijen En syn twadde fraech wie, oft it kolleezje ündersiikje wol, oft it mooglik is de lessen to jaen, dy't spr. neamd hat; nou foldocht it antwurd him net hielendal. Spr. bigjint by it jounlyceum. ,,De behoefte hieraan is tot op heden niet gebleken". Spr. hat frege: „Wol it kolleezje ündersiikjeDat is dus mear aktyf. Hy is op it idé kommen oan de han fan it twadde rapport fan de Commissie voor de productieve werkgelegenheid. Dat seit op bis. 8 oer saken op ünderwiisgebiet: „Wij denken aan de lagere Daltonschool, aan de Dalton- H.B.S., het lyceum, het avondlyceum en een gemeente lijke kweekschool voor kleuteronderwijzeressen". Spr. syn spesiale oandacht is fallen op it jounlyceum, omdat yn Ljouwert en omkriten forskate jongelju, dy't oer- deis hwat fortsjinje moatte, jouns op dizze manear in middelbere oplieding krije kinne. Spr. soe graech wolle, dat der noch ris in ündersiik nei ynsteld waerd. De hear Stobbe hat riet by de gearstalling fan it rapport west, alhoewol't hy yn de kommisje sit, mar miskien is it de hear Pols, dy't der ek yn sit, mooglik, om it kol leezje to sizzen, hoe't men yn de kommisje dêroer tinkt: oft san jounlyceum winsklik is of net. It liket spr. yn alle gefallen mei it each op de sintrumfunksje fan de stêd gaedlik ta, der oandacht oan to jaen. Der binne oare stedden, dy't op alle moogiike gebiet Ljouwert neiby en miskien foarby komme. Spr. tinkt allinnich mar oan Dokkum en Boalsert. It twadde punt bitreft it jaen fan Bibelünderrjocht yn de leechste twa klassen fan middelbere skoallen en it gymnasium en kultuerskiednis fan it Kristendom yn de hegere klassen. Spr. soe wolle, dat it kolleezje dit neijer ündersocht en net öfwachtet, oft der ek bliken fan bilangstelling komme. Men soe seis freegje kinne: hwannear binne dy bliken fan bilangstelling great ge- nöch om dy saek neijer to bisjen? Dizze ünderwiis- ynstellingen binne fan de gemeente en men soe dus sizze kinne: de gemeente jowt it ünderwiis, dat hja nedich of winsklik achtet. It sprekt fansels as in boek, dat men gjin ünderwiis jowt, as de learkrêften der net foar fiele; dan nimt men gjin ynitiatyf om bipaelde lessen to jaen. Mar dizze learkrêften hoege net bipaeld üt ünderwiisrounten to wêzen, dy kinne likegoed fan in oare kant komme. Yn dit forban soe spr. de oan dacht freegje wolle foar it haedartikel yn de Ljouwerter krante fan 19 Septimber. Dêryn wurdt it gefal fan Haerlim bisprutsen. Dér is dizze saek regele, sa as spr. it graech hawwe wolle soe. Men moat dus goed bigripe, dat it de bidoeling is om de learlingen feitenkennis üt de Bibel by to bringen en net om fragelearen of exegese to jaen, om harren yn elts gefal ek de Nederlanske kultuer better bigripe to litten er ek wol de büten- lanske, hwant ünderskate kunstuteringen yn de musyk, de skilderkunst en oare byldzjende kunsten kin men net bigripe sünder mei bipaelde feiten en forhalen üt de Bibel op de hichte to wêzen. De ynfloed fan it Kris tendom op de skiednis en foaral op de kultuerskiednis is wol sa, dat immen, dy't in bihoarlike üntwikkeling hat, dêrfan witte moat. Spr. wol beide fragen noch ris tige yn it omtinken fan B. en W. bringe en freegje, oft hja op de gewoane wei in ündersiik ynstelle wolle. De heer Pols kan naar aanleiding van de opmerking van de heer Van der Meer over het rapport van de Commissie voor de productieve werkgelegenheid mee delen, dat deze commissie Leeuwarden heeft vergeleken met andere steden van dezelfde grootte en daarbij is gebleken, dat wat daar soms is, hier ontbreekt en om gekeerd, dat Leeuwarden sommige onderwijsinrich tingen heeft, die andere steden niet hebben. De com missie heeft alleen de aandacht willen vestigen op be paalde inrichtingen van onderwijs, die elders, in soort gelijke steden, voorkomen en in Leeuwarden ook heel nuttig zouden kunnen zijn, om daarmede de autoriteiten een zekere hint te geven, deze zaak eens te bekijken en te onderzoeken, of dergelijke inrichtingen hier even tueel zouden kunnen of moeten worden ingesteld. Indien mogelijk, zou het voor de stad van groot be lang kunnen zijn. De heer Beeksma is ook van mening, dat het ten zeerste gewenst is, dat de jongelui in de jaren van 1420 jaar enig inzicht wordt bijgebracht in de geeste lijke stromingen, die de mensen beroeren, in de eerste plaats in ons land. De heer Van der Meer sprak over het Christendom en de cultuurgeschiedenis daa rvan. Spr. meent, dat, wanneer onderricht wordt gegeven over de geestelijke stromingen, daar het Humanisme ook bijhoort. Mocht het dus komen tot lesgeven in cultuur geschiedenis e.d., dan kan men zich naar zijn mening niet bepalen tot Bijbelkennis en geschiedenis van het Christendom, maar dan zal men daaronder ook het Humanisme moeten begrijpen. Indien onder de leraren geen krachten zijn, die dat kunnen, zijn er wel andere mensen, die daartoe wel in staat zijn en zouden kunnen worden ingeschakeld. De hear J. K. Dijkstra (weth.) seit, dat de hear Van der Meer der op oanstiet, dat it gemeentebistjür fan Ljouwert in aktivere halding oannimme sil oangeande de kwesje fan it jounlyceum en fan de fakken, dy't hy tafoegje wol oan it middelber ünderwiis. Spr. ha.t nou ryklik 22 jier yn Ljouwert wenne en altyd tige bilang stelling hawn foar alles hwat gearhinget mei ünderwiis, mei stüdzje, mei opliedingen en hwat dêrby heart en yn al dy tiid is yn gjin inkelde rounte, dêr't hy yn for- keard hat, earder de oandacht féstige wurden op it manko, dat der yn Ljouwert gjin jounlyceum is. Dat, as it al bard is, dan hat hy altyd büten dy rounten west. En dat moat great tafal west hawwe. Spr. is wol wend om to hearen. Dat yn Ljouwert wol forskaet is fan ünderwiisynrjochtingen, blykt hjir wol üt, dat der is it ynstitüt fan de leargongen fan de Fryske Akademy, dy't oare provinsjes Ljouwert forgunne. Dêrop geane mear as 130 minsken, dy't leare foar talen, skiednis, ensfh. Men kin gjin fak neame, of men kin der yn op- laet wurde. Ljouwert hat foar jongelju, dy't jouns leare wolle, de 5-jierrige kursus fan de Middelbare Handels avondschool en foar dy jongelju, dy't net safier gean wolle, de 3-jierrige kursus fan de Middelbare Han delsavondschool en fierders is der it Instituut voor Ar beidersontwikkeling. De hear Van der Meer hat ek de plakken Dokkum en Boalsert der by neamd. Spr. leaut, dat hy dêrmei sizze woe, dat dy Ljouwert, de Fryske haedstêd, yn forskate opsichten foarüt binne. Dat kin wêze, mar spr. leaut, dat Ljouwert op it stik fan ünderwiis in fikse reed yn it foar leit. Spr. ken Dokkum moai goed. Hy hat in great part fan syn libben dêr trochbrocht. Hy gunt Dokkum wol hwat goeds, maar Ljouwert soe hiel hwat oer jaen kinne, oan't Dokkum like folie en like goed ünderwiis hat as Ljouwert. En as men yn it reed like neitinkt, is de namme Boalsert sahwat as in mythe, dy't, goed bisjoen, mear bylket as dat it yn wier- heit is. Sadré as spr. bliken docht, dat hjir de jongerein, dy't studearje wol, de gelegenheid dêrta net hawwe soe en dan holpen wurde koe mei in jounlyceum, wol hy graech it kolleezje sa fier bringe, dat it meigiet om ta oprjochting to kommen, mar lyk as spr. sein hat, oan't distiid ta hat it gjin bliken dien, dat der forlet, lit stean fan driuwend forlet, fan wêze soe. Hwat kennis fan de Bibel en fan it humanisme oan- giet, spr. leaut net to oerdriuwen, as hy mient, dat dy beide fakken yn de normale lessen sil it dan net al to systematysk wêze wol oan bar komme. Spr. kin him net foarstelle, dat men neat oan Bibelkennis dwaen sil, as men byg. de stikken fan Vondel en folie oare stikken üt de literatuer mei de klas bihannelet. Dat- selde jildt ek foar it humanisme. Sil dat net by litera tuer yn nominaesje komme, dan grif wol by skiednis. Dat nimt net wei, dat it stiet ek yn de mem. f. a. sadré it blike mocht, dat hjir de nedige bilangstelling bistiet by de lesjowers (de rektor, de direkteur of direktrise of ien of mear leararen) of alderkommisje (oannommen, dat dy der wêze sil), B. en W. graech ré binne om de saek fan alle kanten to bisjen en har foar- ljochtsje to littenhja sille net bigjinne mei né to sizzen of oan de skouders to lüken. Mar B. en W. fiele der net foar, insidenteel, op in stuit, in brief ütgean to litten oan skoallen mei de opdracht om daelks of mei yngong fan in neijer to bipalen datum dizze ünderwerpen as fak op it lesroaster to setten. Der moat forlet wêze, de bihoefte fan de bern oan in bipaelde ynrjochting fan ünderwiis moat blike. De lesjowers moatte spr. twivelet der net oan, dat hja dat ynsjoch hawwe as hja yn it roaster in manko üntdekke, har ta B. en W. rjochtsje en dan sille hja by B. en W. grif in iepen ear fine. De hear Van der Meer hat Dokkum en Boalsert neamd, net sasear om de sitewaesje op ünderwiisgebiet, mar mear om de aktiviteit, dy't dy stedden, foar safier men dat hjir yn Ljouwert sjen kin, opbringe. En as hja op ien gebiet aktyf binne, sille hja it sünder twivel op oar gebiet ek wêze. Spr. is yn elts gefal bliid, dat B. en W. har oandacht op dit ünderwerp halde sille. Hwat dy lessen oan de middelbere skoallen oangiet, neffens it kranteforslach, dat spr. earder sitearre, is de site waesje yn Haerlim sa, dat it sa maklik net giet om dy fakken by oare lessen goed genöch to ünderrjochtsjen. Yn Haerlim it it seis sa, dat in jonge dümny syn amt dellein hat en folslein learaer oan middelbere skoallen wurden is. Dat bitsjuttet in folslein amt as learaer. Spr. leaut, dat it net sa hiel maklik óf to dwaen is. Hy is yn elts gefal bliid, dat de wethalder sei, dat ek hjir- oan de nedige oandacht jown wurde sil. Allinnich wach- tet hy de bilangstelling óf en dat blykt ek üt it andert yn de mem. f. a. Hy hat nou al sein, dat dy komme moat fan de learkrêften en safolle is spr. dus wizer wurden. De heer W. C. Dijkstra zegt, dat het college t.a.v. een avondlyceum moeilijk gebrek aan activiteit kan worden verweten. Spr. moge bij wijze van aanvulling op het geen de wethouder heeft gezegd hier in het midden brengen, dat hij in de periode, dat hij het genoegen had wethouder te zijn het was in 1947 een opdracht van het college heeft uitgevoerd om de belangstelling voor een dergelijk avondlyceum eens te peilen onder de bevolking. De daarbij opgedane ervaring echter was van dien aard, dat van de plannen ten enenmale moest worden afgezien. Nadat hieromtrent besprekingen wa ren gevoerd met leerkrachten uit het middelbaar on derwijs, oproepen geplaatst en vergaderingen gehouden, meldden zich 5 belangstellenden aan, van wie 4 nadere inlichtingen vroegen, alvorens zich als leerling te mel den. En toen die 4 hoorden, dat ze zich voor de gehele duur van de cursus moesten verbinden, verklaarden ze, dat ze die energie over vrij lange tijd het is ook een zware opgave niet konden opbrengen. Zo zat men ten slotte met het povere resultaat van 1 leerling. Dat was in 1947 en als het vandaag de dag veel gunstiger ligt, zou het spr. zeer verwonderen. Hij heeft dit te berde willen brengen, omdat hij niet zou willen, dat de indruk gewekt wordt, dat hieraan geen aandacht was geschonken. De heer J. K. Dijkstra (weth.) had hetzelfde willen opmerken, aangezien zijn rechterbuurman hem dezelfde informatie gaf die de heer W. C. Dijkstra zo welwillend was te verstrekken. De Voorzitter doet mededeling van het bericht van de heer F. T. Dijkstra, dat hij wegens ziekte verhinderd is om deze vergadering bij te wonen, een bericht, dat in de loop van de dag is binnengekomen. Voorts heeft de heer Dijkstra spr. gevraagd om aan de raad voor te lezen de verklaring, die hij t.a.v. de begroting 1954 had willen afleggen. Spr. meent, dat dit wel zo ongebruike lijk is, dat hij tot zijn spijt de raad deze verklaring zal moeten onthouden. De gemeentebegroting 1954 wordt overeenkomstig het voorstel van B. en W. vastgesteld. Punten 3 en 4 (bijl. nos. 214 en 203). Z.h.st. wordt besloten overeenkomstig de voorstellen van B. en W. Hierna sluit de Voorzitter de vergadering.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1953 | | pagina 79