2 Benoemd worden mevr. Bearda Bakker-Stuiveling, met 28 stemmen en de heer De Boer, met 29 stemmen (mevr. Hepkema-Meijboom 2 stemmen en de heer Van Eijck van Heslinga 1 stem). Punt 7. De aanbeveling van het college van curatoren luidt als volgt: 1. ir. J. J. M. Vegter, alhier; 2. C. W. A. Wiemer, alhier. Benoemd wordt de heer Vegter, met 27 stemmen (de heer Wiemer 3 stemmen). De heren Becherer en Pols vormden het stembureau. Punten 8, 9, 10, 11 en 12 (bijl. nos. 8, 9, 7, 2 en 6). Z.h.st. wordt besloten overeenkomstig de voorstellen van B. en W. Pimt 13 (bijl. no. 305/'56). Der is op it eagenblik, sa bigjint de hear Santema, in uterst wichtich punt oan 'e oarder. Der sil joun yn in lyts skoftke tiid in foroaring oanbrocht wurde yn in ieuwen-en-ieuwenalde steatsrjochtelike tastan. De grin- zen fan in doarpsterritorium sille foroare wurde, hjir, om't der op it territorium in nij doarp ta stan kommen is, dêr, om't der in kanael groeven is, dat, byg. hwat Himpens oanbilanget, oanlieding jowt ta gebietsüt- wreiding en, hwat Goutum bitreft, ta gebietsforlytsing. Doarpsgrinzen binne aid; hwat it gebiet, dat de rie joun yn bihanneling hat, oangiet, miskien wol mear as tüzen jier aid. Spr. mient dit fêststelle to kinnen op groun fan it feit, dat al de doarpen, dy't yn it rieds- brief neamd wurde, terpdoarpen binne, dy't fynsten opleveren üt de earste ieuwen fan üs jiertelling. Doe't de Middelsé yn 'e 11e en 12e ieu troch diken oan bannen lein waerd en dêrnei mei troch de drege help fan de kleasterlingen op Barhüs de ripe kwelders fan 'e Mid delsé yn kultuer brocht waerden, is yn 'e 13e en miskien noch yn 'e 14e ieu it Nijlan üntstien, dat nou as it Wurdumer Nijlan en it Gouturner Nijlan bikend stiet. De grinzen fan Wurdum en Goutum, dy't yn earsten oan 'e Middelsé ta rounen, binne nei de yndiking en ynpoldering fan dy sé nei it westen forlein en tabrocht oan in leech dykje, dat krekt yn it midden fan de aide sé oanlein waerd en tagelyk de skieding wie tusken twa histoaryske Fryske distrikten: Eastergoa en Wes- tergoa; it wie mei it Fryske wurd Swetta grins) bineamd. Letter is by dat dykje lans de feart de Swette groeven. Dy grinzen binne mar net sa willekeurich fêststeld. De biwenners fan san doarpsterritorium hiene wol ien en oar yn to bringen. De boeren fan it doarp stiene der op, dat har hiele sate en lannen binnen de doarps grinzen foelen. Doe wie in pleats trochstrings in oan- iensluten kabel lan. Sa rounen byg. de pleatsen fan de aide delsetting Techum under Goutum allegearre oan it Alddjip ta, wylst dy fan Barhüs ünder Wurdum der ek foar in part oan grinzgen. De pleatsen op it Nijl&n lizze dat üt nei de Swette ta. De Himpenser pleatsen hawwe as mienskiplike grins de Nauwe Greons en it Langdeel. En sa soe spr. mear gefallen neame kinne, dat de üteinen fan de pleatsen tagelyk de doarpsgrinzen wurden binne. Yn dit forban sil it düdlik wêze, dat men by it meitsjen fan nije doarpsgrinzen net yn alle ge fallen in streek op 'e kaert sette kin, al is dy streek dan tafallich ek in spoardyk. Hwat it takennen fan doarpsgrinzen oan Wytgaerd oanbilanget, yn bigjinsel fiele spr. c.s. der alles foar. It plak is de facto alhiel in selsstannich doarp. It fol- docht sünt in pear ieuwen al oan de kriteria, dy't men oan in doarp stelle kin: seis as men Wytgaerd de kriteria oanlizze woe, dy't it aldfryske rjocht (de 24 lünrjochten!) neamt, n.l.: „Dit is en therp, deer kynd- kerstingha sint, ende lykfellinga, eta trim after tin gum", dan foldocht Wytgaerd der hjoed-de-dei folslein oan. Ommers, der stiet in tsjerke, hwer't de dope bi- tsjinne wurde kin en der leit in tsjerkhöf, hwer't de deaden bigroeven wurde kinne. En, soe men der by sizze kinne, der wenje boeren, boargers, nearingdwaen- den, hantwurkslju, allegearre bifolkingsünderdielen, dy't meiinoar ien mienskip foarmje. De namme fan dizze delsetting is sünt de midsieuwen al bikend. De aldste foarm, dy't spr. foun, is fan 1485, hwer't sprake is fan „Wytghardera nijland". Hy sjocht yn dizze nam me ien fan de „erd-stamme", dy't faken tobek geane op in terp-namme. Nou hat der by Wytgaerd yndied, fuort binoarden de tsjerke, gans in terp lein, hwat wol ris it üldste biwenningssintrom fan it doarp wêze kin nen hat en miskien hat dy terp oanlieding jown ta de foarming fan 'e doarpsnamme. Letter skynt dizze del setting opnommen to wêzen yn de doarpsmienskip fan Wurdum. De hearskippen en haedlingen, dêr't Wurdum forskate en dan faek lju fan ynfloed fan hie, sille harres der wol ta dien hawwe. Seis de namme Wytgaerder nijlan fordwynt en it wurdt Wurdumer nijlan. Pas nei de gelykbirjochtiging fan de R.K. tsjerke bigjint it wer to foroarjen. Symptoom foar de halding fan 'e Roamske Wytgaerders yn 1779 is byg., dat hja fan de tsjerkfaden fan Wurdum bigeare, dat har for- stoarne pastoar Petrus Pivé yn 'e Wurdumer tsjerke bigroeven wurdt, hwat ek tastien wurdt. Spr. fynt it altyd in riedling, dat dit doarp noch nea de status fan in offisjeel doarp hie of dat dy status it yn 'e rin fan 'e histoarje noch nea takend is. Spr. hat der mear as ien kear by de bihanneling fan 'e bigreating syn for- wündering oer ütsprutsen. Omsto blider is hy, dat üt it doarp seis nou it forsyk kommen is Wytgaerd sels stannich to forklearjen. Wünderlik docht it him yn it riedsbrief oan, dat B. en W. it net nedich fine „over te gaan tot een officiële erkenning van Wijtgaard als dorp, aangezien het bestaan van dit dorp ook officieel voldoende vaststaat". Spr. soe freegje wolle: Hwer blykt dat „officieel vaststaan" dan üt? En hokker sin hat it dan, as it doarp net offisjeel erkend wurdt, syn grinzen as bisteand doarp by bislüt fan 'e gemeenterie fêst to stellen? As der in doarpsterritorium by bislüt fan 'e rie fêststeld wurdt, krekt asdat it ek bart by Goutum, Himpens, Tearns en Swichum, dan haldt soks yn, dat de kearn fan it nije territorium Wytgaerd ek offisjeel fêststeld wurde moat. Yn de rige fan de offisjeel er kende doarpen docht troch it skeppen fan in nij doarps- gebiet in nij doarp syn yntré. Hwerom soe it nije doarp minder rjochten hawwe moatte as de bisteande? Fierders docht spr. it ütstel it doarp tonei Wytgaerd en net Wijtgaard to neamen, op groun fan syn aldste foarm, de folksütspraek en de winsk fan 'e doarps- biwenners seis. De grins fan Wytgaerd en Wurdum, lyk as foarsteld is troch B. en W., foldocht spr. net; de rie sil it al witte fan 'e foarige kear. Ut hwat spr. doe en niis sein hat, sil dat ek bigryplik wêze. Spr. kin it mei it ütstel fan Doarpsbilang fan Wurdum, sa't it by de stikken leit, wol iens wêze. It buorskip Barhüs moat net by Wur dum wei. De struktuer fan de pleatsen forset him dêr- tsjin, hwant, waerd it ütstel fan B. en W. yn dizze foarm oannommen, dan krige men it rare gefal, dat it boerehüs en miskien in stikje lan ünder it iene en it oare lan ünder it oare doarp kaem to lizzen. In cri-de- coeur as fan ien fan 'e biwenners fan Barhüs, de hear Hokwerda, moat folslein earnstich nommen wurde. It gemeentebistjür mei net histoaryske bannen forbrekke, tominsten as der oare en bettere oplossingen to finen binne. Tsjerklik is it greatste diel fan Barhüs op Wur dum oriëntearre en hwerom soe it dan boargerlik oars moatte, al wer, as der in bettere oplossing foar is? It liket spr. üt reden fan histoaryske oerwegingen ek net goed ta, dat it aide doarp Wurdum safolle groungebiet forlieze soe, dat it lytser waerd as it nije doarp, dat dochs eigentlik in plant op Wurdumer groun is. Yn it riedsbrief komt oer de grins tusken Wytgaerd en Wurdum noch in eigenaerdige opmerking foar. As men it oer de kaert fan Eekhoff hat 1850), dan stiet dêr, dat dy kaert „geen aanwijzingen" oer de grins tusken de beide doarpen jowt en der binne „voor zover wij hebben kunnen nagaan, ook overigens geen gegevens beschikbaar". San opmerking tsjüget fan in tokoart oan histoaryske kennis. Der hat ommers nea in grins west! De rie sil him joun fêststelle! Der komt yn it brief ek in passaezje foar fan dizze ynhald: aan de straten en wegen zullen namen worden toegekend". En dan: zoveel mogelijk" nammen leafst! In prachtich idé! Mar hawwe B. en W. har al ris oer dy nammen biret? Hwer't de Fryske 3 Akademy har ünbifredigjend advys oer de doarpsgrins- kwestje biëingjet en fierder gean sil oer de namme- jowing hawwe B. en W. it brief ynienen ófkapt en stiet de rie folslein yn 'e mist. Spr. wit wol, dat de rie oer nammejowing gjin foech hat, mar foaral yn in momint as ditte, fielt men it ünbifredigjende, dat soks büten de rie omgiet. Hwannear is dizze tastan üntstien? Spr. bidoelt: hwannear is it foech oan B. en W. jown oer lizze nammen to bislissen? By de earstfolgjende seksje- gearkomste hopet spr. mei in plan to kommen, dat for oaring bringt yn dit stik ünmounichheit fan 'e rie. Hwat de oare doarpsgrinswizigingen oanbilanget, dêr kin spr. it wol lyk by fine. Hy freget him lykwols yn dit forban al öf, hoe't it nou stiet mei de oare doarpen fan 'e gemeente Ljouwert. Komme dy ek hast ris oan bod? De kwestje Huzum byg. ynteressearret spr. bi- sünder en dit noch altyd bisteande doarp hat ek syn doarpsterritorium. Trochdat dit yn de léste jierren ek roch it gemeentebistjür totael üt it each forlern wurdt, is it heech tiid, dat de rie him ek ris oer dizze saek ütsprekke kin. It greate misforstan, dat sünt 29 de- simber 1943 Huzum as doarp -f territorium ophalden hat to bistean, moat nedich üt 'e wei. As léste opmerking oangeande dit punt fan 'e wurk- list neamt spr. noch syn great biswier tsjin de ta- Ijochting fan B. en W. De portefeuille mei de stikken bifette neat fan it bisprek, dat ien fan 'e amtners fan 'e gemeente hawn hat mei de bistjüren fan 'e foriening boarpsbilang. Pas nei it ütstel foun men in skriuwen fan Wurdum, mar dat wie fan hiel resinte datum. Dizze saek is al in goed jier oan 'e gong. Men soe suver tinke, by it üntbrekken fan de stikken, dy't gongen oer de foiienings fan Doarpsbilang, dat der in portefeuille op 'e rin rekke is. De kaert, dêr't de nije grinzen op oanbrocht binne, is, nettsjinsteande spr. syn forsiik fan 'e foarige kear, it iennichst eksimplear bleaun. Spr. hat doe - dat moat hy der by sizze in negatyf andert krige, mar hy hie dochs wol forwachtsje meijen, dat B. en W. it forsiik fan in riedslid ris yn oertinking nommen hiene, om de rie, hwat dat oanbilanget, better yn to ljochtsjen. De rie forrjochtet joun in died foar it forum fan Historia. Dêrom, sa seit spr., stjür nei it fêststellen fan dy grins in drukte kaert fan 'e nije sitewaesje oan alle leden fan 'e rie en oan alle haden fan 'e skoallen yn it plattelansdiel fan 'e gemeente. Joun sille alle ynwenners fan it ülde südlike trimdiel fan Ljouwerteradiel yn tinzen by dizze riedsgearkomste wêze. Lit it bislüt sa ütfalle, dat de ban, dy't de stêd mei it plattelansdiel sünt de biruchte 29 desimber 1943 forbynt, net slapper wurdt as dat er al is. De hear Hartstra kin, omdat de hear Santema al in wiidweidich histoarysk oersjoch jown hat, wol koart wêze. Spr. wol oannimme, dat minsken, dy't net berne binne yn in doarp en foaral minsken, dy't net op- groeid binne yn in doarpsmienskip, harren net for- boun fiele mei de rike histoarje, dêroan forboun, en harren net bigripe kinne, dat der san droktme makke wurdt oer foar harren san simpel ütstel. Spr. is net by machte dat gefoel fan forbounens oan groun en minsken en histoarje üt to drukken, en hy sil it ek net probearje, mar hy freget fan B. en W. en de riedsleden bigryp foar oaren, dy't dat gefoel wol hawwe. En dan kin it net oars, dat it forsiik fan 30 minsken om by Wurdum bliuwe to meijen B. en W. net ünforskillich wêze kin. Foar safier spr. ynljochte is, soe Wytgaerd neat tsjin de troch Doarpsbilang Wurdum ütstelde grinsregeling hawwe. Dêrby komt noch, dat it ünmoog- lik to bigripen is, hwerom it administratyf makliker wêze soe, dat it stik Wurdum oan 'e westkant fan 'e spoarbaen by Wytgaerd komt. As men de kaert foar jin haldt, kin men jin net yntinke, dat it iennich for- skeel ütmakket, oft it by Wurdum dan wol by Wyt gaerd komt. De heren Venema, Santema en ünderskreaune tsjinje in ütstel by de rie yn om it plan fan B. en W. to wizigjen yn dizze sin: „Ondergetekenden stellen voor het voorstel van B. en W. in zake vaststelling grenzen dorpen Goutum, Hempens, Teems, Swichum, Wirdum en Wijtgaard al dus te wijzigen: De grenzen van de dorpen Goutum, Hempens, Teerns en Swichum vast te stellen als op de bij het besluit behorende topografische kaart is aangegeven, eveneens de grenzen tussen de dorpen voornoemd en het dorp Wirdum, de grens tussen Wirdum en Wijtgaard zal aldus worden vastgesteld: vanaf de grens gemeente Idaarderadeel langs de spoorbaan tot de overweg nabij Wirdum, langs de Marwirderweg naar de rijksstraat weg, recht over de straatweg, langs de Nieuwlandsdijk tot de Zwette." As B. en W. dit ütstel oernimme koene, soe it gans makliker wêze. De Voorzitter zou, voordat hij vraagt, of nog meer raadsleden het woord verlangen, de raad dit willen zeggen: B. en W. hebben het voorstel ontvangen, dat zo juist door de heer Hartstra is voorgelezen. Nu lijkt het spr. wenselijk, om, ter verheldering van de discussie, aan de heer Hartstra en zijn mede-ondertekenaren een verduidelijking van zijn voorstel te vragen. Er staat: „De grenzen van de dorpen Goutum, Hempens, Teerns en Swichum vast te stellen als op de bij het besluit (bedoeld is „concept-besluit") behorende topografische kaart is aangegeven". Verder: „de grens tussen Wir dum en Wijtgaard zal aldus worden vastgesteld: van af de grens gemeente Idaarderadeel langs de spoorbaan tot de overweg nabij Wirdum, langs de Marwirderweg naar de rijksstraatweg, recht over de straatweg, langs de Nieuwlandsdijk tot de Zwette". Wat bedoelen nu de drie heren met „langs de Marwirderweg naar de rijks straatweg en langs de Nieuwlandsdijk" Waar wen sen zij nu precies de grens gelegd te hebben? Denkbaar zou zijn in de as van de weg, maar ook op een bepaalde afstand naar de ene of de andere kant van die as. Mis schien kan een van de heren, in de eerste plaats de heer Hartstra, die het voorstel heeft ingediend, dit ver duidelijken. De hear Hartstra: Lans de wei. De heer Van der Veen: Het moet historisch verant woord zijn! De hear Hartstra: Mei ynsluten fan de Marwirder- wei en de Nijlansdyk. De Voorzitter zegt, dat een grens ten slotte in wezen een denkbeeldige lijn is, die over een bepaald gebied loopt. De vraag is duswaar wil men die lijn trekken Spr. heeft reeds gezegd, dat het denkbaar is, dat dit op verschillende wijzen kan plaats hebben. Als men formuleert „langs de weg", dan is het denkbaar door de as, door de berm of langs de grens van de weg. Spr. vraagt alleen maar verduidelijking van het voorstel, omdat het vragen oproept. De hear Hartstra: De wei kin der yn bitrutsen wurde. De Voorzitter: Als men zegt de grens langs de weg te willen hebben, dan bedoelt men daarmee, dat het gebied aan de ene kant van de weg Wijtgaard en dat aan de andere kant Wirdum is, maar spr. wil alleen graag weten, waar men precies de grens wil hebben en anders niet. De hear Hartstra: Men kin de hiele wei nimme. De Voorzitter: Die kan men niet nemen. De weg heeft een bepaalde breedte en een grens heeft geen breedte. Dat is eenvoudig een denkbeeldige lijn. De hear Hartstra: Men kin de westlike kant fan 'e wei nimme. De Voorzitter: Wat niet kan! Maar spr. wil graag weten, wat de heren voorstellen. De hear Santema soe, as de hear Hartstra it net wol, de fraech fan 'e Foarsitter yn dizze sin biant- wurdzje wolle, dat de „denkbeeldige lijn" fan 'e grins op 100 m öfstan fan 'e wei komt oan 'e kant fan Wyt gaerd. De Voorzitter: Wil dat zeggen 100 m uit de as, uit de berm of vanaf de grens van de weg? De hear Santema: Ut 'e as.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1957 | | pagina 2