j Op 8 maart 1962.
"Otr
41
Aanwezig: 36 leden.
Afwezig: In de middagvergadering de heer Ir. van
fealen Walter, in de avondvergadering de heer Taylor
parkins.
Voorzitter: de heer Mr. A. A. M. van der Meulen,
gemeester.
De Voorzitter: Ik heropen deze vergadering en stel
[kan de orde de herstemming over de motie, ingediend
Hoor mevrouw Ringenaldus-v. d. Wal en de heer
gSpiekhout.
I De motie wordt aangenomen met 19 tegen 17 stern
en. (Tegen stemden de heren Pols, K. J. de Jong,
:idinga, Balt, Taylor Parkins, Mr. van der Schaaf,
iTongbloed, Bosgraaf, Kamstra, Jellema, Mr. van der
yeen, Santema, Boomgaardt, mevr. Heijmeijer-Croon
[en de heren Engels, Dr. Hoekstra en Van der Heijde.)
Aan de orde is de begroting van het Openbaar
Slachthuis.
De hear Hartstra: It is net de earste kear, dat hjir
[oer de tastan fan it Slachthüs praten wurdt en wy
jbinne derfan oertsjüge, dat it gebou op it eagenblik
jneedsaeklik forbettere wurde moat. Der binne inkelde
poroaringen makke. De kantine is byg. forbettere en yn
nindere mjitte sil it koelhüs ek foldwaen oan de eas-
jken, mar yn it algemien kin men dochs sizze, dat it
iyn in aldermiserabelst alderwetske en ünhygiényske
;astan forkeart. De slachthüsromte kin men bislist
[drövich neame en men kin jin perfoarst net yntinke,
'dat in gemeente fan in allure as Ljouwert sa'n minne
(ynrjochting hat. Yn de ynstelling binne yntusken sa
foar en nei inkelde foroaringen oanbrocht, mar it
iheech nedige is efter bleaun. De detailhannel wurdt oan
[hannen en fuotten boun oan foarskriften foar in sa
hygiénysk mooglike bihanneling van it fleisk, mar it
Iskynt, dat it slachthüs dêr büten fait. Ljouwert wol
Igraech in forsoargingssintrum wurde foar de omkriten
>en leafst ek foar de fiere omkriten, mar lit üs der wol
om tinke, dat wy net in forsoargingssintrum wurde
[foar minder goede dingen.
De lieningsskuld fan it Slachthüs is fan 31 desimber
1958 ta 31 desimber 1962 oproun fan f 180.500,ta
f 263.185,de boekwearde fan 31 desimber 1958 ta
31 desimber 1962 fan f 178.586,ta rom f 260.000,
Dat sil rekkenkundich wel yn oarder wêze. Mar as
men de alderwetske gebouwen sjocht, dan twivelet
men wol oan de wurklike wearde. Derom binne wy it
ek net iens mei it andert fan B. en W., dat men de
winst, eartiids troch dit bidriuw makke, net reser-
vearre hat. Better hie it neffens my west, dat men
mei de winsten forsterke öflossing tapast hie.
En dan woe ik noch efkes wize op de slachthüs-
rjochten. Ik kin my eigentlik net bigripe, werom B.
en W. net earder en nou noch net kommen binne mei
in ütstel ta forheging fan de slachthüsrjochten om
dêrmei in sekere reserve to kweken. Ik fyn, dat men
dêr net mei wachtsje moat. Hwant as wy alris in bet-
tere ynrjochting krije, dan sille dy slachthüsrjochten
dochs nea sa heech wurde kinne, dat it bidriuw ren
dabel makke wurde kin. En dan soe ik ek noch efkes
de oandacht freegje wolle foar it praktyklokael fan de
slachtersfakskoalle; yn dy romte kin neffens my gjin
goed ünderwiis jown wurde. Dit alles is nou eigentlik
net in forwyt oan B. en W. allinnich; wy as Rie haw-
we ek alle jierren dizze bigreating goedkard. Ik hoop
je, dat èn B. en W. èn Rie mei de jonge direkteur
yn de neiste takomst fan it Slachthüs in hygiénysk
en nijmoaderich gehiel meitsje sille.
De hear Santema: As lid fan de kommisje hwerün-
der it lepenbiere Slachthüs ressortearret, haw ik mei
greate nocht heard nei hwat de hear Hartstra hjir nei
foaren brocht hat en ik kin my der ek fan herten by
oanslute. By it lézen fan de Mem.f.A. haw ik ünder it
antwurd fan B. en W. dan ek it folgjende pleatst:
O, o. (Laitsjen)
De hear Pols (weth.)De hear Hartstra hat forteld,
hoe't it Slachthüs derüt sjocht en dêr bin ik eigentlik
bliid om. Hy hat alteast noch ris sjoen, hoe't it dêr is,
hwant ik haw oer it algemien sa it gefoel, dat üs kom
misje fan bystan net gau nei it Slachthüs to krijen is.
Ik haw forline jier de hearen ütnoege ris mei my en üs
nije direkteur de saek to bisjen, mar der wie o sa'n
lyts bytsje bilangstelling. Nou is dat op himsels ek net
sa'n wünder; ik bin dêr ek net in greate held, mar men
moat der dan dochs ris hinne. Dat wy it graech oars
hawwe wolle, blykt üt it feit, dat de nije direkteur al
tige fier is mei de plannen. Ik hoopje, dat it ek net al to
lang mear duorret, dat wy dizze plannen yn 'e Rie krije,
al wol ik direkt wol efkes warskögje, dat it nochal hwat
sinten kostje sil, en dat de tiid, dat it Slachthüs sahwat
üt kin, dan foarby is.
De hear Hartstra seit, dat it dêr nou sa min ütsjocht.
Mar de minsken fan de tsjinst foar de folkssounens
komme der ek geregeld en dy hawwe wol ris in oan-
merking, mar fan alle kanten wurdt der war dien om
ien en oar dochs noch sa goed mooglik to dwaen, hwat de
folkssounens bitreft. Ik wol der lykwols direkt by
sizze, dat wy natuerlik graech stribje nei in modern
slachthüs.
De hear Hartstra seit fierder: Wurdt it nou net tiid,
dat wy de tariven ris hwat forheegje Nou kloppet dat
fansels net hielendal mei hwat er earst forteld hat.
Hwant hy wol hwat „forkeapje", dat der min en bi-
roerd ütsjocht en hy wol dan tagelyk mear jild heffe,
omdat hy ünthjitte wol, dat it yn de takomst better
wurdt. Der is in ütstel ta forheging fan de tariven yn
ta rissing, hwer't wy ynkoarten mei by de Rie komme
sille, mar dan moat ek de forbouwing yn it sicht
wêze.
Soe men earder reservearre moatten hawwe Ik
leau, dat dat altyd hiel lêstich is, foaral by in oerheits-
bidriuw. It iene bidriuw is natuerlik folie gefoeliger as
it oare. It Energybidriuw byg. hat, hwat de öfdieling
gas bitreft, praktysk gjin reserve en is dochs mei de
hiele ynstallaesje en de hiele technyske ynstelling folie
gefoeliger as it Slachthüs. Ik leau, dat wy, as wy yn
it Slachthüs aensen op'en nij ynvestearje moatte ik
wol it de hear Hartstra wol tasizze dat ek noch net
oer in al to lange tiid ófskriuwe moatte, hwant ek op
dit gebiet stiet de tiid net stil. En it is de fraech, oft
wy mei de moderne middels fan hjoed-de-dei nei in
tiidrek fan 25 jier noch in gemeentlik slachthüs nedich
hawwe. Dat binne allegearre dingen foar de takomst.
Foar it iene bidriuw moat men reservearje, mar foar
it oare bidriuw is it net sa nedich. Dêr is alles sa tech-
nysk net en dan kin men wol folstean mei dêrfoar ris
to lienen.
Nou is it ek wer sa, dat trochdat yn de 30 jier dat it
Slachthüs nou draeit, der net reservearre is, der op
dit momint gjin jild is, sadat it miskien yn de takomst
wol oars moat.
Hwat de slachtersfakskoalle bitreft, dy forbettering
wachtet eigentlik ek wol hwat op de forbouwing. Wy
hawwe al in pear kear in bisprekking hawn mei de
minsken fan dizze skoalle en ik leau wol, dat men
harren nei de forbouwing in better Onderdak jaen kin.
De hear Santema hat him by de wurden fan de
hear Hartstra oansluten, sadat dy hjirmei ek al in
antwurd krige hat.
Ta bislüt woe ik noch sizze, dat wy de léste jierren
de kantine, hwer't de minsken ek tahalde moatte,
dochs wurklik wol moai moderniverre hawwe en dat
wy de kantoarromten foar de direkteur, foar de kar-
masters en ek foar it administrative personiel, dy't ek
wol hiel slim „efterrounen", nou foar it greatste diel
klear hawwe. Wy sille lykwols yn de takomst noch
wol ris in birop op de Rie dwaen moatte om dêr ta in
ütwreiding to kommen, ek omdat wy der noch in nije
karmaster by krige hawwe.
De hear Hartstra: Neffens de Wethalder soe ik sein
hawwe, dat it in biroerd produkt wie, dat üt it Slacht
hüs komt, mar dat haw ik net sein. Ik haw allinnich
mar opmurken, dat it lêstich is om dêr in goed produkt
to halden, net om it dêr fandinne to krijen.
De hear Santema: Nei oanlieding noch fan hwat de
Wethalder sei dêr't ik him foar tankje, en ek foar
de tasizzing dy't hy dien hat moat ik dochs wol op-