--ttr
12
13
it oanbiedingsbrief krige men in tige gunstige yndruk;
B. en W. woenen us fan har kant deryn foarljochtsje
en us bikend meitsje mei de gunstige perspektiven foar
it takomstige bistean fan de gemeente Ljouwert. Ik
siz mei opset de „gemeente" Ljouwert, omdat hjir by
de algemiene biskögingen troch mear as ien fraksje-
foarsitter allinnich mar sprutsen is oer de „stêd"
Ljouwert en wy hawwe noch altyd to bitinken, dat
wy ek in plattelansdiel der by hawwe. As ik dizze
memory fan antwurd dan skögje mei, komt it my foar,
dat it kolleezje fan B. en W., nei us earst yn it oan
biedingsbrief royael ynljochte to hawwen, him nou as
in stikelbaerch opröllet en us de stikels foarhaldt. Om-
mers, wy treffe yn dizze mem.f.a. sa faek in ünbi-
fredigjend of hielendal gjin antwurd oan. En dat kin
men dochs de Rie neffens my net oandwaen. As der
mei in inkeld sintsje sein wurdt: „Wij zijn het er niet
mee eens" en neat mear, op in fraech fan ien fan de
riedsleden, dan is dat neffens my ünfoldwaende. En ik
soe dan hast sizze, dat de égards tsjinoer de Rie troch
B. en W. yn dizzen wol hwat mear achtslein wurde
mochten. It komt my ek foar, dat men yn de antwur-
den faek de toan biharket fan ien man. Ik wit net fan
hwa de formulearring is fan dizze antwurden, mar it
foei my sa op, dat in hiele bulte fan dizze antwurden
presiis yn deselde geast binne. Ik tocht, dat elke Wet-
halder foar de portefeuille, dy't hy biheart, ek it ant
wurd gearstalde. Miskien forsin ik my hjiryn en ik
soe dêr dan ek wol hiel graech acnsten in antwurd op
hawwe wolle. Sa is dus dizze mem.f.a. my net tafallen.
Ik wol oan de han fan inkelde punten fan dizze
mem.f.a. noch in opmerking meitsje. En dan wol alder-
earst n.o.f. itjinge dat skreaun is oer de nije fémerk.
Der binne nochal hwat riedsleden dy't der in swiere
mütse oer op hawwe, omdat wy üs dêrmei in geweldige
finansiéle lést op de skouders lein hawwe. En dat is
net to üntstriden, mar lit üs dochs by al de biswieren
dy't tsjin dizze swiere lésten oanfierd wurde kinne,
bitinke, dat dizze nije fémerk yn 'e takomst ien fan de
bisitekaertsjes fan Ljouwert wurde sil. En dat dizze
fémerk fier ütgean sil boppe üs gemeentlik bilang en
miskien ek wol boppe it provinsiael bilang en mooglik
seis in nasionale bitsjutting hawwe sil, lyk as de hear
Van der Veen ek al seit. Op dat punt slüt ik my fan her
ten by him oan, as hy seit, dat wy foar it „bestuiveren"
fan dizze saek sünder mis ek in birop dwaen moatte
op oare fünsen as dy fan de Gemeente allinnich. Fier-
ders soe ik opmerke wolle, dat men by it tal wenten
dat hjirre yn 'e stêd en ek op it plattelan boud wurdt,
yn it bisünder dan wol yn it stêdsdiel, wol rekken
halde moat mei de al fierder geande üntjowing fan de
yndustrialisaesje yn de stêd. Wy sille op dit stik fan
saken oer de hiele stêd in soarte fan sprieding hawwe
moatte. En as dan troch B. en W. ütsteld wurdt yn it
westen fan de stêd iengesinswenningen to meitsjen, dan
soe ik sizze: net allinnich dêr yn it westen, mar ek op
oare plakken. De situaesje is op it eagenblik n.l. al sa,
dat in great diel fan de liedende figuren op it gebiet
fan yndustry en hannel en ek fan it ünderwiis yn it
Huzumer diel gjin plak fine kinne om to wenjen. Wy
moatte op 'en dür ek yn it Nijlan en miskien ek yn it
ütwreidingsplan it Aldlan der op ta, dat der yn dy
plannen sa folie mooglik iengesinswenningen komme,
dy't oan dat kriterium foldogge. Hwant dêrmei krije
wy, as wy sa trochgean soenen, lyk as B. en W. dan
to'n earsten ütstelle, net in soune fordieling oer it hiele
stêdsdiel fan üs Gemeente. Oangeande dy bütenlanske
yndustryen dy't hjar hjir fêstigje, is, neffens de bi-
rjochten, noch net safolle perspektyf, soe ik hast wol
sizze. Wy witte lykwols, dat dizze saek noch yn it
stadium fan üntjowing is. Dus wy wachtsje mei bi-
langstelling öf, oft yndied dizze dingen op 'en dür
effektuearre wurde sille.
En dan oer de ütwreidingsplannen en yn it bisünder
oer it ütwreidingsplan 't Aldlan. It is noch nea oan
üs bikend, hwannear't dat ris foar üs dellein wurde sil.
Ik haw earne yn de mem.f.a. lézen, dat it wêze sil
yn 'e rin fan 1962 en dat is natuerlik wol in soarte fan
datearring, mar ik mien, dat wy by in foarige bi-
greating ek al in tasizzing fan B. en W. krigen hawwe,
dat it wêze soe yn 'e rin fan 1961. Wy soene hjir op
dit stik fan saken dus ek al wer efteroan komme. Yn
forbün dêrmei wurdt byg. op it eagenblik al de heechst
needsaeklike forbettering fan it Oostergoplein yn it
suden fan üs Gemeente opkeard, en wurdt op de fraech,
hwannear as it plein oan 'e Grinzerstrjitwei (dat ek
sa nedich makke wurde moat), klear komt, antwurcie,
dat dizze saek noch altyd yn ündersyk is. Wy meije
dêr lykwols net mear mei wachtsje, hwant dat Oostc -
goplein, sa't it nou hjoed-de-dei is, is in great gefaer
foar it forkear. Der binne al ytlike botsingen foar-
kommen en der wienen ek al inkelde swier forwounen.
Dat moat nedich ophalde en dat mei net opkeard wu -
de oant einlik bikend is, hoe't it definitive ütwreiding -
plan fan it Aldlan is.
Fierders haw ik yn de seksje frege, oft üt it stiftsjen
fan in tunnel by de Julianastrjitte öflaet wurde moat,
dat it definitive stanpunt fan B. en W. is, dat it n t
mooglik wêze sil de spoarlyn fan Grins om de stéd
hinne to lieden. Dêr krij ik as antwurd op: „Ons belt d
terzake berust op deze overtuiging". Ik hie sa hiel
graech wollen, dat dizze fraech hwat wiidweidiger bi-
antwurde wie, hwant nou haw ik op myn beurt oa.s
gjin bihoefte as dêrop to sizzen: Soa.
En fierders freegje ik my óf, hwerom B. en W. net
op de fraech fan in oar lid oer it Fliet en oft dêr „scheep
vaart naar de daar gevestigde bedrijven", is, ja of në,
anderje. Ik wit net, hwat de reden dêrfan west ha
Ik kin it allinnich mar gisje; miskien wol men dêr
dan aensten ek wol in antwurd op jaen.
Hwat de sanearring fan de binnenstêd bitreft, bini e
wy fol forwachting nei de fierdere ynljochtingen dy't
B. en W. üs op dat stik fan saken jaen sille. En dan
diele inkelde leden mei, dat hja bliid binne, dat it foi-
wêzentliken fan it plan foar in nije Prins Hendrik-
brêge wer neistribbe wurde sil en sy freegje om de
forbreding fan de Prins Hendrikstrjitte dêr dan daliks
op folgje to litten. Dan krije wy wer as üntnochterjena
antwurd fan B. en W. dêrop, dat de saek fan de eigen
dommen dy't oankocht wurde moatte, noch net regele
is en dat de finansiéle gefolgen dêrfan ek noch net
regele binne. En dan binne wy noch wer like fier as
foarige jierren. Ik soe hiel graech wolle, dat üs ek yn
dizzen noch hwat positiver dingen meidield waerder
Fierders is der oer de forkearssituaesje op it Stasion. -
plein en op it Suderplein en oer de yndieling fan t
aide fémerkterrein ek wer in antwurd, dat my eigeni-
lik mar min foldocht en dat is ek wer sa kategoarysk:
„Deze zaak is nog in studie". En dêr kin men dan ek
mar wer ien koart antwurd op sizze: „Lang, hear
(Laitsjen) Inkelde leden binne der spitich oer, dat noch
net ris in kear yn ütsicht steld wurdt, dat de wei nei
de Froskepölle en yn forban dêrmei ek it twadde diel
fan de Froskepólle ütfierd wurde sille, omdat dat öf-
hinklik is fan de arbeidskrêften fan de s.n. „aanvul
lende werken". Dêr hawwe B. en W. net op antwurde
en ik wit net, hwerom hja dat net dien hawwe. Under
nr. 25 fan bis. 10 lês ik: „Verscheidene leden drongen
aan op spoedige aanleg van de toegangsweg naar
Froskepölle en wezen op het onlangs ingekomen ver
zoek van belanghebbenden, dat om preadvies in hai -
den van het College is gesteld". Ek yn dit stik fan
saken gjin antwurd.
En dan moat ik noch op it antwurd fan de dêrop
folgjende fraech: „Wij plegen bij dergelijke zaken de
tekeningen aan U voor te leggen". (Dat bitreft dan de
wei, dy't nei de Froskepölle tarinne sil) dizze krity'c
hearre litte: Net better as ik wit, is der foar inkelde
jierren troch de hear P. Hornstra, ien fan de mannen
fan it adres, dy't dizze wei sa graech ta stan kommen
seagen, in tekening by it adres makke en dy is oan
inkelde fan üs riedsleden tastjürd, ik stel my foar ek
wol oan B. en W. Der is dus in tekening fan en kin
men dy nou altiten sa mar lizze litte? It hie yn alle
gefallen in moaije gelegenheit west om üs yn de
mem.f.a. 1962 oer dizze saek ris hwat better yn to
ljochtsjen.
In hiel typysk antwurd yn dizze mem.f.a. fyn ik it
folgjende: (It giet oer de ütwreidingsplannen en der
is in lid, dy't de oandacht fêstiget op it „instellen van
commissies te Delft en te Amsterdam, die het parkeer -
probleem moeten bestuderen". Dit lid bipleitet: „Hel
instellen van een dergelijke commissie in onze ge
meente".) „Aan een dergelijke commissie bestaat in
onze gemeente naar onze mening geen behoefte." Ik
kin it net helpe, mar dêr kin ik ek mar wer in hiel
koart kategoarysk antwurd op jaen: Hoe bistiet it?
(Laitsjen) Hwant, om nou net de gek der mei to
hawwen, wol ik yn folie earnst opmerke, dat de for
kearssituaesje yn it stêdsdiel fan üs gemeente op it
(eagenblik sa is, dat wy faken mei de hannen yn it
hier sitte. En dan sjoch ik net yn, dat sa'n kommisje
•jiet fruchtber wurk dwaen koe.
Der is in lid, dat frege hat om in oersjoch fan de yn
it Nijlan foar wenningbou noch biskikbere terreinen,
Inei der op oanjown it tal en it type fan de wenningen,
dy't op elk terrein noch stifte wurde kinne. It stik
léit by de oare stikken dy't ynsjoen wurde kinne. Yn
-;dat stik wurdt oars net in oanwizing jown as foar
Iflatbou en bungalows, omdat de iengesinswenten, yn
totael miskien op it eagenblik yn ütfiering, noch mar
?30 bidrage. Dat is dochs wol in hiel minym bytsje.
Oer it ütwreidingsplan foar it Aldlan haw ik myn
opmerking al makke en jitris woe ik der op oanstean,
dat, hwannear't der fan fierdere ütwreidingsplannen
sprake is, it lytse plakje Swichum der ek foar yn
Oanmerking komt, likegoed as hokker oar doarp yn
plattelansdiel ek. Wy moatte foaral oppasse, dat
vy de skyn net op üs lade, dat de doarpen efteroan
komme. En dat soe men üt dizze memory dan wolris
öfliede kinne.
Fierders soe ik by fraech 5 op bis. 16 „woningbouw"
dit noch opmerke wolle: N.o.f. de opmerking fan in
kelde leden, dy't seinen, dat sy it spitich founen, dat
■der gjin ekstra eksploitaesje-bydrage foar de 176 wen-
iningen yn it plan-Bijenhof takend wie, en har fraech,
j oft der al in antwurd üntfongen is op it forsyk oan de
■Minister fan Folkshüsfêsting en Bounijverheit om mei-
Idieling fan de grounen, hwerop de öfwizende bislissing
[fundearre wie, antwurdzje B. en W., dat dat antwurd
noch net üntfongen is. Dizze saek seagen wy dochs
wol as fan tige great bilang en dêrom is nou myn
Ifraech: Is dat antwurd dan nou al kommen? En dan
j mei ik dat foaral freegje yn forban mei hwat de Mi
nister yn de léste dagen sein hat oer de „keuzeplannen".
Der binne guon, dy twivelje oan de urginsje fan de
bou fan in nij sikehüs. En dan foaral foar in sa biheind
tal bedden as hwerop rekkene wurdt. En het antwurd
fan B. en W. is ek wer hiel kategoarysk: „Wij delen
deze twijfel niet". Ik soe wolris witte wolle, hwerop
B. en W. dit basearje. Persoanlik bitwivelje en bi-
treurje ik dit wol en ik mien ek ditselde lüd yn üs
fraksje biharke to hawwen.
Fierders is der in lid, dat frege, oft der ek plannen
binne foar in twatalige skoalle yn de stêd Ljouwert.
Dêr wurdt op antwurde, dat „dergelijke plannen niet
bestaan". Moat ik dêrüt léze, dat dizze plannen by
B. en W. net bisteane? En as dat sa is, hwerom nimme
B. en W. dan net it inisiatyf hjirta? Hja koenen har
j yn forbining stelle mei de sintrale alderkommisje by-
gelyks.
It plak, hwer't de sporthal boud wurde moat, is ek
ien fan de bilangrykste dingen foar üs stêd. Yn de
léste tiid wurdt dêr in bult oer skreaun en der skynt
in tige greate bilangstelling foar to bistean. Ek de
hear Van der Veen doelde der al op. En it soe my tige
oanstean, as wy ek fan B. en W. oer dizze kwesje
hwat to hearren krije soenen.
Dit binne sa inkelde opmerkingen, dy't ik makke
haw n.o.f. de stüdzje fan dizze memory fan antwurd.
Ik soe nou de skyn by Jimme wekt hawwe kinne,
dat ik mear krityk haw as wurdearring, mar, lyk as
alle sprekkers foar my it ek al sein hawwe, by ein-
bislüt en yn greate linen hawwe wy as fraksje dochs
i wol wurdearring foar it wurk, dat B. en W. ek yn dit
1 forroune bigreatingsjier foar üs gemeente dien hawwe.
Wy binne üs derfan biwust, dat it in üntsachlik swiere
taek is en wy binne nou as gemeente yndied oanlanne
I yn in oar tiidrek as it tiidrek dat der foar lei. Ien fan
i de sprekkers hat seis it wurd brükt, dat wy doe efter-
oan kamen. Ik leau net, dat dat nou mear it gefal is.
De oandacht fan in folie greater omkrite as tofoaren
is op üs gemeente fêstige. En lit üs ek yn de takomst
yn dizze wittenskip fierder gean. En lit üs der foaral
om tinke, dat üs stêd èn üs plattelansdiel ta bloei
komme. Dat plattelansdiel moatte wy foaral net for-
jitte, hwant it sil aensten ek foar üs forense-ynstitüt
ider kear fan greater bilang wurde.
As de hear Van der Veen seit, dat de rekréaesje yn
dizze kontreien net foldocht oan normale easken, dan
bin ik dat net mei him iens. Hwant it greidelanskip
fynt ek noch by hünderten minsken biwündering en
wurdearring. En foar safier as dy greidelanskippen
de lju net foldogge, lizze hjir net sa fier öf ek noch
wol mooglikheden, hwer't hja fan profitearje kinne.
De kwesje fan it forfier is net mear lyk as it
eartiids wie. It forfier is folie makliker to regeljen;
it autopark nimt idere kear ta en it sil yn de takomst
noch idere kear oanwinne. Oan't sa fier sille wy dus it
direkte forlet net sa fiele as wy dat earder fielden.
Wol wol ik der op oanstean en ik sprek hjir ek nam-
mens üs fraksje dat wy de punten dy't wy spesiael
oanwiisd hawwe foar de rekréaesje, lyk as de Froske
pölle en it plan fan de Lytse Wielen, yn de neibye
takomst bisykje to realisearjen. Der sil sünder mis
jild tsjinoan smiten wurde moatte. Wy kinne dêr net
oan üntkomme, tinkende oan dy minsken dy't ge-
nietsje wolle fan in moai stik natuer, lyk as dat oan-
lein wurdt op de Froskepölle en lyk as wy dat sjoen
hawwe op de tekening fan de Lytse Wielen. Der binne
plannen en ik hoopje, dat B. en W. dizze saek sa gau
mooglik ta ütfiering bringe.
En fierders is ek üs winsk, dat B. en W. by it dei-
stich bistjür fan üs Gemeente de krêft en de lieding
fan üs Hear ünderfine meije, ta heil fan de Gemeente.
De heer Klijnstra: Ik heb mij eigenlijk afgevraagd:
Is het nog wel noodzakelijk, dat men als eenling deze
algemene beschouwingen zo achteraan gaat houden.
Als men deze op schrift had gesteld, dan zou men on
willekeurig heel wat moeten schrappen om niet steeds
in herhaling te vallen. Ik heb echter gehoord, dat
deze algemene beschouwingen dienen om een algemeen
politiek inzicht te geven in het gemeentebeleid en
daarom meen ik hier ook niet aan te kunnen ontkomen.
De heer Van der Veen heeft gezegd, dat een aantal
raadsleden landspolitieke gebeurtenissen hebben be
sproken, maar daaraan heeft hij zichzelf ook schuldig
gemaakt. Ik wilde de woorden politieke „gebeurtenis
sen" echter wijzigen in politieke „wensen". Naar ik
meen, is het Nederlandse gemeenterecht wel sterk ver
ouderd. Dat treedt vooral duidelijk aan de dag bij de
grotere gemeenten. Artikel 152 van de Grondwet:
„Aan het hoofd van de Gemeente staat de Raad", is
zo langzamerhand een schone fictie geworden. Men
mag, naar ik meen, niet stellen, dat het gemeenterecht,
ondanks de vele wijzigingen, die in de loop der jaren
zijn aangebracht, bij is. Fundamentele structuurwijzi
gingen en een radicale democratisering zijn nodig om
te geraken tot een gemeenterecht, dat niet alleen in de
ogen van de socialisten, maar ook in die van de niet-
socialisten genade kan vinden. Als gevolg van de al
genoemde ondergeschiktheid aan de centrale regeling
wordt niet alleen de plaatselijke autonomie in gevaar
gebracht, maar dreigt zelfs de democratie ernstig te
worden aangetast. De steeds groter wordende centra
lisering bevordert ook de bureaucratie. Een oplossing
van het eerste probleem betekent financiële onafhan
kelijkheid van de gemeenten, doch beslist niet door uit
breiding van het belastingstelsel. Een hogere bijdrage
uit de rijksmiddelen zou hier de oplossing moeten bren
gen. Belastingen zullen eerder moeten worden inge
krompen, terwijl de tarieven van de openbare nutsbe
drijven niet verhoogd mogen worden. Vervolgens ben
ik van mening, dat het deskundige element in de plaat
selijke besturen ruimere plaats behoort te krijgen.
Uit het voorgaande moet o.a. duidelijk zijn gewor
den, dat het besturen van gemeenten door middel van
algemene maatregelen van bestuur, dus in feite door
een centrale regering, in vele gevallen door de Minis
ters, door de Minister van Binnenlandse Zaken, nog
scherper: door de ambtenaren van zijn Ministerie, ten
stelligste door ons wordt afgewezen. Het zou tevens
wenselijk zijn, dunkt mij, te komen tot een verandering
in de wijze van benoeming en verkiezing en tot her
ziening van de bevoegdheden van Burgemeester en
Wethouders, door
a. het kiezen van een gemeenteraad naar plaatselijke
behoefte
b. het kiezen van Wethouders door de Raad, waarbij
men echter niet gebonden dient te zijn aan de keuze
uit de leden van de Raad, en
c. het kiezen van een Burgemeester door de ingezete
nen, desnoods door de Raad, terwijl de kandidaat zelf
geen ingezetene van de Gemeente behoeft te zijn.