--ttr 12 13 it oanbiedingsbrief krige men in tige gunstige yndruk; B. en W. woenen us fan har kant deryn foarljochtsje en us bikend meitsje mei de gunstige perspektiven foar it takomstige bistean fan de gemeente Ljouwert. Ik siz mei opset de „gemeente" Ljouwert, omdat hjir by de algemiene biskögingen troch mear as ien fraksje- foarsitter allinnich mar sprutsen is oer de „stêd" Ljouwert en wy hawwe noch altyd to bitinken, dat wy ek in plattelansdiel der by hawwe. As ik dizze memory fan antwurd dan skögje mei, komt it my foar, dat it kolleezje fan B. en W., nei us earst yn it oan biedingsbrief royael ynljochte to hawwen, him nou as in stikelbaerch opröllet en us de stikels foarhaldt. Om- mers, wy treffe yn dizze mem.f.a. sa faek in ünbi- fredigjend of hielendal gjin antwurd oan. En dat kin men dochs de Rie neffens my net oandwaen. As der mei in inkeld sintsje sein wurdt: „Wij zijn het er niet mee eens" en neat mear, op in fraech fan ien fan de riedsleden, dan is dat neffens my ünfoldwaende. En ik soe dan hast sizze, dat de égards tsjinoer de Rie troch B. en W. yn dizzen wol hwat mear achtslein wurde mochten. It komt my ek foar, dat men yn de antwur- den faek de toan biharket fan ien man. Ik wit net fan hwa de formulearring is fan dizze antwurden, mar it foei my sa op, dat in hiele bulte fan dizze antwurden presiis yn deselde geast binne. Ik tocht, dat elke Wet- halder foar de portefeuille, dy't hy biheart, ek it ant wurd gearstalde. Miskien forsin ik my hjiryn en ik soe dêr dan ek wol hiel graech acnsten in antwurd op hawwe wolle. Sa is dus dizze mem.f.a. my net tafallen. Ik wol oan de han fan inkelde punten fan dizze mem.f.a. noch in opmerking meitsje. En dan wol alder- earst n.o.f. itjinge dat skreaun is oer de nije fémerk. Der binne nochal hwat riedsleden dy't der in swiere mütse oer op hawwe, omdat wy üs dêrmei in geweldige finansiéle lést op de skouders lein hawwe. En dat is net to üntstriden, mar lit üs dochs by al de biswieren dy't tsjin dizze swiere lésten oanfierd wurde kinne, bitinke, dat dizze nije fémerk yn 'e takomst ien fan de bisitekaertsjes fan Ljouwert wurde sil. En dat dizze fémerk fier ütgean sil boppe üs gemeentlik bilang en miskien ek wol boppe it provinsiael bilang en mooglik seis in nasionale bitsjutting hawwe sil, lyk as de hear Van der Veen ek al seit. Op dat punt slüt ik my fan her ten by him oan, as hy seit, dat wy foar it „bestuiveren" fan dizze saek sünder mis ek in birop dwaen moatte op oare fünsen as dy fan de Gemeente allinnich. Fier- ders soe ik opmerke wolle, dat men by it tal wenten dat hjirre yn 'e stêd en ek op it plattelan boud wurdt, yn it bisünder dan wol yn it stêdsdiel, wol rekken halde moat mei de al fierder geande üntjowing fan de yndustrialisaesje yn de stêd. Wy sille op dit stik fan saken oer de hiele stêd in soarte fan sprieding hawwe moatte. En as dan troch B. en W. ütsteld wurdt yn it westen fan de stêd iengesinswenningen to meitsjen, dan soe ik sizze: net allinnich dêr yn it westen, mar ek op oare plakken. De situaesje is op it eagenblik n.l. al sa, dat in great diel fan de liedende figuren op it gebiet fan yndustry en hannel en ek fan it ünderwiis yn it Huzumer diel gjin plak fine kinne om to wenjen. Wy moatte op 'en dür ek yn it Nijlan en miskien ek yn it ütwreidingsplan it Aldlan der op ta, dat der yn dy plannen sa folie mooglik iengesinswenningen komme, dy't oan dat kriterium foldogge. Hwant dêrmei krije wy, as wy sa trochgean soenen, lyk as B. en W. dan to'n earsten ütstelle, net in soune fordieling oer it hiele stêdsdiel fan üs Gemeente. Oangeande dy bütenlanske yndustryen dy't hjar hjir fêstigje, is, neffens de bi- rjochten, noch net safolle perspektyf, soe ik hast wol sizze. Wy witte lykwols, dat dizze saek noch yn it stadium fan üntjowing is. Dus wy wachtsje mei bi- langstelling öf, oft yndied dizze dingen op 'en dür effektuearre wurde sille. En dan oer de ütwreidingsplannen en yn it bisünder oer it ütwreidingsplan 't Aldlan. It is noch nea oan üs bikend, hwannear't dat ris foar üs dellein wurde sil. Ik haw earne yn de mem.f.a. lézen, dat it wêze sil yn 'e rin fan 1962 en dat is natuerlik wol in soarte fan datearring, mar ik mien, dat wy by in foarige bi- greating ek al in tasizzing fan B. en W. krigen hawwe, dat it wêze soe yn 'e rin fan 1961. Wy soene hjir op dit stik fan saken dus ek al wer efteroan komme. Yn forbün dêrmei wurdt byg. op it eagenblik al de heechst needsaeklike forbettering fan it Oostergoplein yn it suden fan üs Gemeente opkeard, en wurdt op de fraech, hwannear as it plein oan 'e Grinzerstrjitwei (dat ek sa nedich makke wurde moat), klear komt, antwurcie, dat dizze saek noch altyd yn ündersyk is. Wy meije dêr lykwols net mear mei wachtsje, hwant dat Oostc - goplein, sa't it nou hjoed-de-dei is, is in great gefaer foar it forkear. Der binne al ytlike botsingen foar- kommen en der wienen ek al inkelde swier forwounen. Dat moat nedich ophalde en dat mei net opkeard wu - de oant einlik bikend is, hoe't it definitive ütwreiding - plan fan it Aldlan is. Fierders haw ik yn de seksje frege, oft üt it stiftsjen fan in tunnel by de Julianastrjitte öflaet wurde moat, dat it definitive stanpunt fan B. en W. is, dat it n t mooglik wêze sil de spoarlyn fan Grins om de stéd hinne to lieden. Dêr krij ik as antwurd op: „Ons belt d terzake berust op deze overtuiging". Ik hie sa hiel graech wollen, dat dizze fraech hwat wiidweidiger bi- antwurde wie, hwant nou haw ik op myn beurt oa.s gjin bihoefte as dêrop to sizzen: Soa. En fierders freegje ik my óf, hwerom B. en W. net op de fraech fan in oar lid oer it Fliet en oft dêr „scheep vaart naar de daar gevestigde bedrijven", is, ja of në, anderje. Ik wit net, hwat de reden dêrfan west ha Ik kin it allinnich mar gisje; miskien wol men dêr dan aensten ek wol in antwurd op jaen. Hwat de sanearring fan de binnenstêd bitreft, bini e wy fol forwachting nei de fierdere ynljochtingen dy't B. en W. üs op dat stik fan saken jaen sille. En dan diele inkelde leden mei, dat hja bliid binne, dat it foi- wêzentliken fan it plan foar in nije Prins Hendrik- brêge wer neistribbe wurde sil en sy freegje om de forbreding fan de Prins Hendrikstrjitte dêr dan daliks op folgje to litten. Dan krije wy wer as üntnochterjena antwurd fan B. en W. dêrop, dat de saek fan de eigen dommen dy't oankocht wurde moatte, noch net regele is en dat de finansiéle gefolgen dêrfan ek noch net regele binne. En dan binne wy noch wer like fier as foarige jierren. Ik soe hiel graech wolle, dat üs ek yn dizzen noch hwat positiver dingen meidield waerder Fierders is der oer de forkearssituaesje op it Stasion. - plein en op it Suderplein en oer de yndieling fan t aide fémerkterrein ek wer in antwurd, dat my eigeni- lik mar min foldocht en dat is ek wer sa kategoarysk: „Deze zaak is nog in studie". En dêr kin men dan ek mar wer ien koart antwurd op sizze: „Lang, hear (Laitsjen) Inkelde leden binne der spitich oer, dat noch net ris in kear yn ütsicht steld wurdt, dat de wei nei de Froskepölle en yn forban dêrmei ek it twadde diel fan de Froskepólle ütfierd wurde sille, omdat dat öf- hinklik is fan de arbeidskrêften fan de s.n. „aanvul lende werken". Dêr hawwe B. en W. net op antwurde en ik wit net, hwerom hja dat net dien hawwe. Under nr. 25 fan bis. 10 lês ik: „Verscheidene leden drongen aan op spoedige aanleg van de toegangsweg naar Froskepölle en wezen op het onlangs ingekomen ver zoek van belanghebbenden, dat om preadvies in hai - den van het College is gesteld". Ek yn dit stik fan saken gjin antwurd. En dan moat ik noch op it antwurd fan de dêrop folgjende fraech: „Wij plegen bij dergelijke zaken de tekeningen aan U voor te leggen". (Dat bitreft dan de wei, dy't nei de Froskepölle tarinne sil) dizze krity'c hearre litte: Net better as ik wit, is der foar inkelde jierren troch de hear P. Hornstra, ien fan de mannen fan it adres, dy't dizze wei sa graech ta stan kommen seagen, in tekening by it adres makke en dy is oan inkelde fan üs riedsleden tastjürd, ik stel my foar ek wol oan B. en W. Der is dus in tekening fan en kin men dy nou altiten sa mar lizze litte? It hie yn alle gefallen in moaije gelegenheit west om üs yn de mem.f.a. 1962 oer dizze saek ris hwat better yn to ljochtsjen. In hiel typysk antwurd yn dizze mem.f.a. fyn ik it folgjende: (It giet oer de ütwreidingsplannen en der is in lid, dy't de oandacht fêstiget op it „instellen van commissies te Delft en te Amsterdam, die het parkeer - probleem moeten bestuderen". Dit lid bipleitet: „Hel instellen van een dergelijke commissie in onze ge meente".) „Aan een dergelijke commissie bestaat in onze gemeente naar onze mening geen behoefte." Ik kin it net helpe, mar dêr kin ik ek mar wer in hiel koart kategoarysk antwurd op jaen: Hoe bistiet it? (Laitsjen) Hwant, om nou net de gek der mei to hawwen, wol ik yn folie earnst opmerke, dat de for kearssituaesje yn it stêdsdiel fan üs gemeente op it (eagenblik sa is, dat wy faken mei de hannen yn it hier sitte. En dan sjoch ik net yn, dat sa'n kommisje •jiet fruchtber wurk dwaen koe. Der is in lid, dat frege hat om in oersjoch fan de yn it Nijlan foar wenningbou noch biskikbere terreinen, Inei der op oanjown it tal en it type fan de wenningen, dy't op elk terrein noch stifte wurde kinne. It stik léit by de oare stikken dy't ynsjoen wurde kinne. Yn -;dat stik wurdt oars net in oanwizing jown as foar Iflatbou en bungalows, omdat de iengesinswenten, yn totael miskien op it eagenblik yn ütfiering, noch mar ?30 bidrage. Dat is dochs wol in hiel minym bytsje. Oer it ütwreidingsplan foar it Aldlan haw ik myn opmerking al makke en jitris woe ik der op oanstean, dat, hwannear't der fan fierdere ütwreidingsplannen sprake is, it lytse plakje Swichum der ek foar yn Oanmerking komt, likegoed as hokker oar doarp yn plattelansdiel ek. Wy moatte foaral oppasse, dat vy de skyn net op üs lade, dat de doarpen efteroan komme. En dat soe men üt dizze memory dan wolris öfliede kinne. Fierders soe ik by fraech 5 op bis. 16 „woningbouw" dit noch opmerke wolle: N.o.f. de opmerking fan in kelde leden, dy't seinen, dat sy it spitich founen, dat ■der gjin ekstra eksploitaesje-bydrage foar de 176 wen- iningen yn it plan-Bijenhof takend wie, en har fraech, j oft der al in antwurd üntfongen is op it forsyk oan de ■Minister fan Folkshüsfêsting en Bounijverheit om mei- Idieling fan de grounen, hwerop de öfwizende bislissing [fundearre wie, antwurdzje B. en W., dat dat antwurd noch net üntfongen is. Dizze saek seagen wy dochs wol as fan tige great bilang en dêrom is nou myn Ifraech: Is dat antwurd dan nou al kommen? En dan j mei ik dat foaral freegje yn forban mei hwat de Mi nister yn de léste dagen sein hat oer de „keuzeplannen". Der binne guon, dy twivelje oan de urginsje fan de bou fan in nij sikehüs. En dan foaral foar in sa biheind tal bedden as hwerop rekkene wurdt. En het antwurd fan B. en W. is ek wer hiel kategoarysk: „Wij delen deze twijfel niet". Ik soe wolris witte wolle, hwerop B. en W. dit basearje. Persoanlik bitwivelje en bi- treurje ik dit wol en ik mien ek ditselde lüd yn üs fraksje biharke to hawwen. Fierders is der in lid, dat frege, oft der ek plannen binne foar in twatalige skoalle yn de stêd Ljouwert. Dêr wurdt op antwurde, dat „dergelijke plannen niet bestaan". Moat ik dêrüt léze, dat dizze plannen by B. en W. net bisteane? En as dat sa is, hwerom nimme B. en W. dan net it inisiatyf hjirta? Hja koenen har j yn forbining stelle mei de sintrale alderkommisje by- gelyks. It plak, hwer't de sporthal boud wurde moat, is ek ien fan de bilangrykste dingen foar üs stêd. Yn de léste tiid wurdt dêr in bult oer skreaun en der skynt in tige greate bilangstelling foar to bistean. Ek de hear Van der Veen doelde der al op. En it soe my tige oanstean, as wy ek fan B. en W. oer dizze kwesje hwat to hearren krije soenen. Dit binne sa inkelde opmerkingen, dy't ik makke haw n.o.f. de stüdzje fan dizze memory fan antwurd. Ik soe nou de skyn by Jimme wekt hawwe kinne, dat ik mear krityk haw as wurdearring, mar, lyk as alle sprekkers foar my it ek al sein hawwe, by ein- bislüt en yn greate linen hawwe wy as fraksje dochs i wol wurdearring foar it wurk, dat B. en W. ek yn dit 1 forroune bigreatingsjier foar üs gemeente dien hawwe. Wy binne üs derfan biwust, dat it in üntsachlik swiere taek is en wy binne nou as gemeente yndied oanlanne I yn in oar tiidrek as it tiidrek dat der foar lei. Ien fan i de sprekkers hat seis it wurd brükt, dat wy doe efter- oan kamen. Ik leau net, dat dat nou mear it gefal is. De oandacht fan in folie greater omkrite as tofoaren is op üs gemeente fêstige. En lit üs ek yn de takomst yn dizze wittenskip fierder gean. En lit üs der foaral om tinke, dat üs stêd èn üs plattelansdiel ta bloei komme. Dat plattelansdiel moatte wy foaral net for- jitte, hwant it sil aensten ek foar üs forense-ynstitüt ider kear fan greater bilang wurde. As de hear Van der Veen seit, dat de rekréaesje yn dizze kontreien net foldocht oan normale easken, dan bin ik dat net mei him iens. Hwant it greidelanskip fynt ek noch by hünderten minsken biwündering en wurdearring. En foar safier as dy greidelanskippen de lju net foldogge, lizze hjir net sa fier öf ek noch wol mooglikheden, hwer't hja fan profitearje kinne. De kwesje fan it forfier is net mear lyk as it eartiids wie. It forfier is folie makliker to regeljen; it autopark nimt idere kear ta en it sil yn de takomst noch idere kear oanwinne. Oan't sa fier sille wy dus it direkte forlet net sa fiele as wy dat earder fielden. Wol wol ik der op oanstean en ik sprek hjir ek nam- mens üs fraksje dat wy de punten dy't wy spesiael oanwiisd hawwe foar de rekréaesje, lyk as de Froske pölle en it plan fan de Lytse Wielen, yn de neibye takomst bisykje to realisearjen. Der sil sünder mis jild tsjinoan smiten wurde moatte. Wy kinne dêr net oan üntkomme, tinkende oan dy minsken dy't ge- nietsje wolle fan in moai stik natuer, lyk as dat oan- lein wurdt op de Froskepölle en lyk as wy dat sjoen hawwe op de tekening fan de Lytse Wielen. Der binne plannen en ik hoopje, dat B. en W. dizze saek sa gau mooglik ta ütfiering bringe. En fierders is ek üs winsk, dat B. en W. by it dei- stich bistjür fan üs Gemeente de krêft en de lieding fan üs Hear ünderfine meije, ta heil fan de Gemeente. De heer Klijnstra: Ik heb mij eigenlijk afgevraagd: Is het nog wel noodzakelijk, dat men als eenling deze algemene beschouwingen zo achteraan gaat houden. Als men deze op schrift had gesteld, dan zou men on willekeurig heel wat moeten schrappen om niet steeds in herhaling te vallen. Ik heb echter gehoord, dat deze algemene beschouwingen dienen om een algemeen politiek inzicht te geven in het gemeentebeleid en daarom meen ik hier ook niet aan te kunnen ontkomen. De heer Van der Veen heeft gezegd, dat een aantal raadsleden landspolitieke gebeurtenissen hebben be sproken, maar daaraan heeft hij zichzelf ook schuldig gemaakt. Ik wilde de woorden politieke „gebeurtenis sen" echter wijzigen in politieke „wensen". Naar ik meen, is het Nederlandse gemeenterecht wel sterk ver ouderd. Dat treedt vooral duidelijk aan de dag bij de grotere gemeenten. Artikel 152 van de Grondwet: „Aan het hoofd van de Gemeente staat de Raad", is zo langzamerhand een schone fictie geworden. Men mag, naar ik meen, niet stellen, dat het gemeenterecht, ondanks de vele wijzigingen, die in de loop der jaren zijn aangebracht, bij is. Fundamentele structuurwijzi gingen en een radicale democratisering zijn nodig om te geraken tot een gemeenterecht, dat niet alleen in de ogen van de socialisten, maar ook in die van de niet- socialisten genade kan vinden. Als gevolg van de al genoemde ondergeschiktheid aan de centrale regeling wordt niet alleen de plaatselijke autonomie in gevaar gebracht, maar dreigt zelfs de democratie ernstig te worden aangetast. De steeds groter wordende centra lisering bevordert ook de bureaucratie. Een oplossing van het eerste probleem betekent financiële onafhan kelijkheid van de gemeenten, doch beslist niet door uit breiding van het belastingstelsel. Een hogere bijdrage uit de rijksmiddelen zou hier de oplossing moeten bren gen. Belastingen zullen eerder moeten worden inge krompen, terwijl de tarieven van de openbare nutsbe drijven niet verhoogd mogen worden. Vervolgens ben ik van mening, dat het deskundige element in de plaat selijke besturen ruimere plaats behoort te krijgen. Uit het voorgaande moet o.a. duidelijk zijn gewor den, dat het besturen van gemeenten door middel van algemene maatregelen van bestuur, dus in feite door een centrale regering, in vele gevallen door de Minis ters, door de Minister van Binnenlandse Zaken, nog scherper: door de ambtenaren van zijn Ministerie, ten stelligste door ons wordt afgewezen. Het zou tevens wenselijk zijn, dunkt mij, te komen tot een verandering in de wijze van benoeming en verkiezing en tot her ziening van de bevoegdheden van Burgemeester en Wethouders, door a. het kiezen van een gemeenteraad naar plaatselijke behoefte b. het kiezen van Wethouders door de Raad, waarbij men echter niet gebonden dient te zijn aan de keuze uit de leden van de Raad, en c. het kiezen van een Burgemeester door de ingezete nen, desnoods door de Raad, terwijl de kandidaat zelf geen ingezetene van de Gemeente behoeft te zijn.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1962 | | pagina 7