8 hetgeen het in het afgelopen jaar heeft gedaan, en ik hoop, dat de Burgemeester en de Wethouders kracht en gezondheid zullen ontvangen en hun werklust zullen behouden om ook in het komende jaar onder Gods on misbare zegen al datgene wat nodig is voor de gemeente Leeuwarden te doen. En dat in samenwerking met de Raad. De hear Santema: As men de stikken fan de bigrea- ting 1963 lezen en bistudearre hat, üntkomt jin ünwil- lekeurich in sucht fan forlichting: Ik wol earlik wêze, mar ik sjoch eins altyd tsjin 'e bihanneling fan dizze matearje oan: It is sa'n machtich stik wurk en de pro- blematyk is sa great. It fjild is sa wiid en soms sa ünoersichtlik. Hwat in swiere taek hawwe de leden fan it Deistich Bistjür dan net. Men soe sizze: hoe kinne se it mei har ploechje dwaen, de Foarsitter, de Wethalders, de Siktaris. Al den dei timmer je se oan'e wei en it publyk is net mijen mei syn opmerkingen en krityk. Ek de Rie haldt ornaris syn miening net foar him. Sawol publyk as Rie hawwe dêr it folste rjocht ta. Hwêr't dizze wierheit üntstriden wurdt, doocht it net mei de demokraty. Nou kin de ynhald en de toan fan de krityk wakker üngelyk wêze: opbouwend, bi- gripend, wrang, sür, om ris inkelde foarmen to nea- men. Ik mien eilaes fêststelle to moatten, dat de ün- gunstige eleminten „wrang en sür", fan'e kant fan it publyk, lyk as se üs tsjin komme yn'e ynstjürde stikken, to faek foarkomme en dat de opbouwende en bigripende wize fan sjen to folie üntbrekt. It hat dan soms de skyn, dat men de pinne nimt, om oan B. en W. en ek wol it hiele Gemeentebistjür in stik fenyn kwyt to wollen. It hat wol ris de skyn, dat men krityk wol om de krityk, en dat men B. en W. en Rie as in Kolleezje bisköget, dat der fan ütgiet it forkearde foar de Gemeente to wollen. Dat seis haedartikels yn'e parse dizze teneur hawwe, is omsto spitiger. Hwat soe it foar it Gemeentebistjür fan Ljouwert in üneindich stik plesieriger wurkjen wêze, as der tusken parse en gemeentlike oerheit mear bigryp bistie oer dy swiere forantwurdlike taek, dy't hja beide op har skouders nommen hawwe, de iene foarljochtsjend, de oare bistjürend. Der liket oan'e public relation hwat to mankearjen, hwant men mei net oannimme, dat üs kiezers de riedsleden keazen hawwe, om, as hja se ienkear keazen hawwe, op in ünfatsoenlike manear üt to meitsjen. Is it kontakt mei harren, sadré't de for- kiezingen west hawwe, üt of likernoch üt? De kies- forienings soene der yn it earste plak foar riede moat- te. Mar de taek fan'e parse, dy't ienkear yn'e trije wi- ken soargje moat foar in goed en krekt forslach fan'e riedssittingen, is net minder great. Eilaes moat men fêststelle, dat de romte, dy't it forslach fan'e sitting yn'e kolommen fan'e krante krijt, bytiden lytser is as it hacdartikel en de romte foar ynstjürde stikken. De bilangstelling fan it publyk op'e tribune hat wol ris minder west en dat soe in oanwizing wêze kinne, dat der dochs noch wol kiezers binne, dy't mear witte wolle fan it wurk en de ütfiering dêrfan, dêr't hja har óffurdigen mei bilêstige hawwe. B. en W. moatte har iderkear wer op'e nij biriede op it stik fan goede forhaldingen tusken publyk en parse en alles bisykje, dat wij ta suvere forhaldingen yn'e trant fan it bigryp, dat de oerheit der is, „it folk to'n goede", komme. Ut it foargeande mei blike, dat üs fraksje fan bi- tinken is, dat de taek fan B. en W. net maklik is. Hwat in wünder ek, as men it wurkfjild fan'e Ge meente Ljouwert oersjocht. In kearn, dy't fan óf- komst en oarsprong al kearn wie. In sintrum, dat in great efterlan hat. In middelpunt fan agrarysk Frys- lan en in forsoargingsstêd foar in wide omkrite. In knooppunt fan wegen, to wetter en to lan (mei in for- kearsfraechstik foar de binnenstêd, dat de Rie griis hier bisoarget). Graech hie 'k der ek noch in forkears- wei troch de loft by neamd, mar eilaes is dizze wei sünt 1945 opheven. It bliuwt in ünbifredigjende sitewaesje, dat it boargerlike loftforkear, mei sa'n fleanfjild by de doar, foar de gemeente Ljouwert öfsletten is. Oars, wy bitsjügje üs wurdearring foar de oplos singen dy't B. en W. neistribje op it stik fan it for- kear om'e stêd. Wy neamc hjir it projekt fan'e roun- wegen, hwêr yn'e rin fan dit bigreatingsjier de Julia- naleane mei de Heliconwei troch it fiadukt oer it em placement forboun wêze sil, al hat it oanlizzen fan it fiadukt seis troch it stadige wurkjen fan'e N.S. üs reden ta argewaesje jown. Fierders sjogge wy mei blydskip, dat ek de südeastlike rounwei troch it Ald- lan in steat fan wurding is, en wy miene heard to hawwen, dat ek dit tracé yn'e rin fan 1963 noch klear wêze kin, hwat foar de yndustryen yn it easten in üt- komst bitsjutte sil. Net allinne nammers foar de yn dustryen, mar ek foar it forkear de bitreklik nauwe Skrüns en Greftswal en fierdere strjitten lans, sil it in forbettering wêze. Dat de noardlike rounwei ek ün- der hannen is, docht üs deugd. Wy sitte lykwols noch wol hwat yn noed, as wy tinke oan de oanslutingen fan de Julianaleane mei de südeastlike rounwei en fan'e noardlike mei de noardeastlike, tomear om't wy fan bitinken binne, dat de beide forkearspleinen ré wêze moatte, as de roimwegen iepen steld binne. In radi- kale oplossing, mei tunnels of fiadukten is foar dizze beide punten perfoast needsaeklik, sjoen de yntinsi- teit fan it forkear fan dizze beide ynfalswegen, in yn- tinsiteit, dy't yn'e takomst wis noch fordübele of for- trijedübele wurde sil. Wy leauwe wol oan in forlichting fan it forkear nei it stedssintrum, as de rounwegen in feit wêze sille. Dat de Skrans mei de oerwei syn problemen net mear stelle sil, as alles klear is, weagje wy to bitwiveljen. Yn dit forban sil it struktuerplan foar de binnenstêd aensens ek bisjoen wurde moatte. De rounwegen sille skylk in spektakulaire bydrage bitsjutte ta it oansjen fan it stêdlike part fan'e ge meente. Yn dit forban soene wy der op oanstean wolle, dat it strjittenbistan likegoed as de wegen büten üt, har gerak krije, hwant dêr is hjir en dêr wol hwat op to knappen. It die üs bipaeld goed yn'e memoarje fan antwurd op side 47 to lézen, dat it B. en W. foarkomt, dat de post „onderhoud straten" yn forban mei de skea fan'e winter „waarschijnlijk" forhege wurde moat. De steller fan dizze opmerking yn'e seksje hie it hwat sterker sein: hy achte it needsaeklik. In raer obstakel op'e wei nei de binnenstêd bliuwt de oerwei yn'e Skrans. It wurdt dêr geandewei mear in chaos. De tiden, dy't it forkear dêr wachtsje moat, binammen it autoforkear, dat soms oan't fier yn'e Forlingde Skrans op stiet, dije üt ta ytlike minuten. It is in ünsoune polityk, dat dizze saek iderkear wer op'e lange baen skoud wurdt. Yn'e seksjes hat dit pro bleem uteraerd ek wer oan'e oarder west en der wie ien opmerker, dy't op forbreding fan'e oerwei by it Suderplein oanstie, troch in hüs, dêrre steande, óf to brekken. Dat dit lykwols dè oplossing is, sil dizze fre- ger fêst net bidoele. Mei dy achte mei-leden fan'e Rie, dy't miene, dat, as der in tunnel komt yn'e projek- tearde wei OostergopleinKanaelstrjitte, in tunnel by it Suderplein mooglik net mear nedich wêze sil, bin ik it net iens: le omdat it noch tiden duorje kin, foardat dy wei der komt; 2e omdat it forkear yntusken oer dy oerwei noch yn twa- of trijefald tanommen wêze sil, sadat de chaos yn deselde forhalding greater wurde sil. In mooglike (hwat in dizich wurd yn dizzen) forhe- ging fan'e spoardyk is noch mar yn stüdzje, sizze B. en W. op side 20. Dan binne wy noch fier fan hüs. As de N.S. hwat yn dizze stüdzje hat en ek, as hja hwat ütfierd, witte wy sa njonkenlytsen wol, dat Ljouwert praktysk lést komt. Binne dan de kosten foar in need- foarsjenning foar fuotgongers en fytsers yn de foarm, lylc as dy ütsteld waerd yn'e seksjes, n.l. in houten brêge oer de rails, dan to heech? Ut it andert fan B. en W. wurdt men net gewaer, hoe heech dy kosten binne: faeks in oanwizing, dat B. en W. net fan in flugge oplossing fan dit probleem oertsjüge binne en miene mei in simpele opmerking de riedsleden lofre den stelle to kinnen? Dat ik dizze matearje foar de safolste kear yn in bigreatingssitting oan'e oarder stel en elke kear wer konstatearje moat, dat der neat of sahwat neat oan dien wurdt, yn alle gefallen, dat it neat opsjit, is in fortrietlike saek. De oerwei yn'e Skrans is en bliuwt in wichtich forkearspunt, ek as der aensen yn 'e binnenstêd eventueel foroaring komt. Hy leit ommers yn in wei, dy't rjochtstreeks nei it hert fan'e binnenstêd fiert. It swiere forkear nei de yndustryen yn it easten en westen sil der oer net al 9 to lange tiid gjin gebrük mear fan hoege to meitsjen, mar it lichtere en lytse forkear dat ek enoarm yn yn- tinsiteit tanimt, sil de Skrans en de oerwei lans gean, hwant syn doel leit yn'e binnenstêd. De yndustrialisaesje giet it net mear sa goed mei as yn'e earste jierren, doe't Ljouwert kearn wie. Dat muoit üs like folie as B. en W. Wy biskikke ommers, tank sy it krewearjen fan it Gemeentebistjür yn'e léste tsien jier, oer in fikse opperflakte yndustryter- rein en ien en oar is ta stan kommen mei greate finan- sjele offers. De ynljochtingen, dy't wy krigen oer even tuele nije festigingen, wiene net bipaeld fleurich. It kin him net lizze oan'e terreinen en har outillaezje. Dy binne boppe alle lof forheven, treflik. Wy helpe B. en W. hoopjen, dat „de tendens naar een gezonde ont wikkeling in de richting van uitbouw van de industriële sector in de komende jaren zich in versterkte mate zal voortzetten", al binne wy net sünder twivel. Wol wie üs fraksje fan bitinken, dat de bisteande yndustry en alle mooglike help hawwe moatte, as hja byg. üt- wreidzje wolle, of yn in oar opsicht har bidriuw mear efficient meitsje. It ynlizzen fan pendeltsjinsten nei bipaelde yndustryterreinen foar it forfier fan wurk- nimmers nei de fabriken kin neffens üs net ta stan komme as troch in hertlik oparbeidzjen fan B. en W. mei de direksjes fan dy yndustryen. Ien fan'e meast needsaeklike middels om in gunstich yndustryklimaet to bifoarderjen is wenningbou. Hoewol wy rekken halde moatte mei in frij greate kategory wurknimmers, dy't priis stelle op in went op in doarp (de foarbylden lizze ek yn üs yndustryen foar it gripen!) en it der foar oer hawwe, alle wurkdagen op en del to reizgjen, moatte dochs in great tal folkswenningen biskikber wêze foar dyjingeh, dy't yn it plak, dêr't hja arbeidzje, ek wenje wolle. In lytsere groep, lieding jaend, perso- niel moat lykwols ek har gerak hawwe. It mei net foarkomme, dat captains of industry by mooglike fes- tiging, dit as in argumint tsjin festiging brüke soene. Oars, de folkshüsfesting is noch altyd in probleem fan enoarme omfang yn üs gemeente. De üntsplitsing fan duplekswenningen is dêrom noch net op gong, al jowt it plan fan de 50 duplekswenningen fan 'e wenningstifting „.Leeuwarden-Leeuwarderadeel" dan de boarger moed en ütsjoch op fleuriger tiden. Hoewol, it is noch net fierder as by de Minister. Plesierich wen- jen is it likemin, as men by in oar yn 'e hüs wennet. It sifer dat B. en W. der oer yn it oanbiedingsbrief pu- blisearren (s. 17) hat üs de grize oer de grauwe jage. Yn in jier tiid riist dit sifer fan 381 nei 675! Yndied: Wy binne it mei B. en W. iens, dat it wenningtokoart dêr de oarsaek fan is. Wit men yn De Haech wol, hwan- near't de wenningneed oer wêze sil Men hat yn dizzen wol ris in jiertal heard, mar as it safier wie, wjersprie- ken de feiten it. Wy krije wol ris de yndruk üt 'e for- dielkaei, dat it noarden syn bihoefte oan wenten net bifredige wurdt. De ütwreidingsplannen sille, romtlik bisjoen, yn de bihoefte fan wenningen en oare bouwur- ken, yn 'e earstkommende jierren foarsjen kinne. Mar dan moat it net lang mear duorje, dat ek it Aldlan- plan de studear- en tekenkeamer forlit en de Rie ünder eagen komt. Wy krije de yndruk, dat B. en W. har, hwat de südlike grins fan it stêdlike diel fan de ge meente oanbilanget, fêstlein hat op it Van Harinxma- kanael. Foar de oare dielen is de grins, sa't it üs foar komt ek al oan jown. Stel lykwols ris, dat it sifer fan 130.000 ynwenners, neamd yn in üs taskikte prognose, oertroffen wurdt, binne dan dy ütwreidingsterreinen foldwaende om sa'n bifolkingstanimming op to fangen? En witte B. en W. al, as hja it hjirfoar neamde ünt- kennend bianderje moatte, hwêr't de folgjenae ütwrei- dingsgebieten socht wurde moatte? Mei dy leden, dy't opmurken, dat foar de bineaming Lekkumerend, better Lekkumerein keazen wurde kin en foar Bilgaard bet ter Bilgaerd (yn 'e memoarje s. 10 is de r der ütrekke, mar dy moat der wol yn, hwant „aerd" giet werom op „werd") binne wy it iens. Nou de ütwreidingsplannen, realisearre wurde op it gebiet büten de wallen en hast allegearre in Fryske namme krije, soene wy ek de bineaming Westein dêr noch oan ta dwaen wolle. De doarpen kin men noch nea fan sizze. dat se har lokkich fiele ünder it régym fan 'e haedstêd, hwat ek gjin niget is, hwant sfear en bihoefte forskille faek to folie. It bliuwt heechstwierskynlik ek yn 'e takomst sa. It bliuwt in fortrietlike saek, dat it rekréaesjegebiet de Froskepölle, hoewol it earste diel praktysk al klear is, noch nea oansluten is. Wy, dy't yn 'e neiste omkrite fan 'e stêd sa'n bytsje rekréaesje hawwe, kinne dochs net in park foar de fügeltsjes en müzen allinne der hinne lizze litte. Hat de mole alris draeid? Kinne de rieds leden ünder lieding fan 'e Foarsitter der net ris far- rende hinne, om to sjen, hoe moai it is? Ik tink noch mei plesier oan it plantsjen fan 'e earste beam, troch Jo, as ik it goed haw. Mar hoefolle jierren is dat ek wer lyn? Ik sei hjirfoar, dat it stel rounwegen mei fiadukt, brêgen, pleinen en faeks ek noch wol ris tunnels, skylk in goede yndruk jaen sil fan hoe't it Ljouwerter Ge meentebistjür it forkear oan 'e périfery oplost hat. Like spektakulair sille wêze de nije Fémerk-hallen, dy't yn dit bigreatingsjier foltöge en iepene wurde sille. Jitris wol ik forklearje, dat dizze moderne, fan visy tsjügjende, gebouwen myn greate wurdearring hawwe, al bin ik my hiel klear biwust, dat wy üs budget der slim mei biswierre hawwe. Dizze ynrjochting is net allinne foar Ljouwert réprésintatyf, mar foar hiel noardlik Nederlan en yn dit forban hat it alle reden om ek de Fryske provinsiale oerheit om in bydrage to freegjen. Mei greate bilangstelling sjogge wy nei de Frisiana üt, dy't ien en oar noch ris ekstra klam jaen sil. It bistjürlike terrein fan üs gemeente is great, ik siz it jitris. Eilaes is 't net mooglik yn dit eagenblik meardere gebieten oer to sjen, al sille se net minder wichtich wêze. Wy binne B. en W. yntusken tige tank- ber foar it treflik, oersichtlik oanbiedingsbrief en hiene graech wollen, dat de memoarje dêr neffens west hie. Dy is wier to koart en hiel faek is it andert sa, dat de freger noch like wiis is as to foaren. Mar ien opmerking moat hjir noch pleatst wurde: Hoe moat it forklearre wurde, dat sünt maeije 1962 „voor geen enkel object op het terrein van de scholen bouw een rijksgoedkeuring is afgegeven"? Leit dat allinne oan 'e ryksoerheit De Wethalder fan Under- wiis forklearre by de iepening fan 'e Ulo yn it Nijlan, dat it Ryk de hiele skoallebou ophold, in miening dy't letter- de ynspekteur, de hear Elzinga, net alhiel diele koe. As men it artikeltsje yn 'e „Leeuwarder Gemeen schap" (in goed périodyk) oer de fordieling fan 'e bi- dragen fan 'e bigreating 1963 lézen hat, dan wit men ek, dat de skriuwer dêr in sirkcl by tekene hie, for- dield yn segminten. It wie opfallend, dat Finansjes en ünderwiis dêr de greatste fan wiene. Nou de fraech: Komt de bihearder fan de beide swiere portefeuilles Finansjes en Ünderwiis ek yn tiidneed en kin er dêr om net dy krêft en energy jaen (dy't er oars wol graech wol, dat nimmc wy foar 100 pst. oan) dy't byg. de ünderwiisportefeuille nedich hat? Wis, der is ünder- wilens wer in bouforgunning foar de L.T.S. yn 't Nij lan delkommen. Tankber stelle wy dat fêst. Mar aen sen is it maeije en dan is 't in jier forlyn. In dynamyske gemeente, sa't wy ek graech üs gemeente biskogje, kin sa'n trainearring net gedoge. Yn de wittenskip, dat al üs krewearjen foar de groei en de bloei fan 'e gemeente Ljouwert net dije sil sün der de seine fan de Hear en mei de winsk, dat it B. en W en Rie jown wêze mei yn goede koördmaesje yn it al figearjende bigreatingsjier to arbeidzjen oan dizze drege, mar dochs ek moaije opdracht, woe ik hjirmei eindigje. De Voorzitter: Het is nu half vier en ik stel voor de vergadering een ogenblik te schorsen voor het drinken van een kopje thee en daarna verder te gaan. De heer Klijnstra: Ik vraag me elk jaar weer af: Heeft het, als men de laatste of een der laatste spre kers is, wel zin algemene beschouwingen te houden? Het kan haast niet anders dan dat de verschillende sprekers die vóór mij zijn geweest, mij noodzaken ver schillende dingen die ik had willen aanroeren, achter wege te laten. Misschien is het echter wel juist hier en daar nog even op terug te komen. Ik denk daarbij aan de wo ningbouw, de volkshuisvesting, de stadsuitbreiding, het nieuwe structuurplan, de scholenbouw, het gymnas tiekonderwijs enz. Het zijn allemaal zaken, waarover

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1963 | | pagina 5