6
De hear Boomgaardt: It is mar moai, dat de Kom-
misje by de stimming niis earst mar wer bineamd is
en dat net stimd wurde moast, neidat dit punt bihan-
nele is. Dat wol ik dus graech fan de hear Van der
Veen oernimme; wy sitte yn ider gefal wer in jier. Dêr
kinne wy as Kommisje tige mei yn oarder wêze.
Dizze diskusje biwiist wer, dat de strjitnammejowing
in delikate saek is. Frijwol nei elk biswier dat troch
riedsleden nei foaren brocht is, hawwe letter wer oare
riedsleden sein, dat hja dat biswier net dielden. En
hja gongen der seis tsjin yn.
Ik wol nou de punten lans gean, mei it risiko, dat
ik ien oerslach, mar ik leau, dat de gedachten düdliker
bipaeld wurde kinne troch strjitte, plein of brêge apart
to bihanneljen; ik bisykje dus de opmerkingen, dy't by
elk fan dizze nammen pleatst binne, to biantwurdzjen.
Dat is dan yn it foarste plak it „Vrijheidsplein".
De hear Tiekstra seit: It elemint „bifrijing" moast dêr
feitlik hwat mear sprekke. De hear Kingma fynt dy
namme to algemien.
De Kommisje hat ek praten oer de namme „Bevrij
dingsplein". Ik bigryp lykwols net, dat it wurd „vrij
heid" de hear Kingma net oansprekt; dit wurd haldt
folie mear yn as it wurd „bevrijding".
Hiele Nederlan en de hiele westerske wrald kenne it
bigryp „vrijheid" yn syn totaliteit. It wurd „bevrij
ding" hat lang dy sinfolle ynhald net en om dy reden
hawwe wy it wurd „vrijheid" yn syn folie bitsjutting,
hwer't it üs yn de bisêttingstiid om gyng en dat wy
sinfoller fine as it wurd „bevrijding", yn de namme,
dy't wy oan it plein jaen wolle, opnommen, hwant it
bigryp „vrijheid" komt tichter by dat plak en by it
momint fan 15 april 1945, hwer't wy oan tinke. Boppe-
dat leit „Vrijheidsplein" yn it spraekgebrük foar üs
gefoel ek noch efkes makliker as „Bevrijdingsplein".
Ik leau wol, dat ik üt namme fan de hiele Kommisje
sizze mei, dat wy miene fêsthalde to moatten oan it
ütstel „Vrijheidsplein". As de hear Kingma bang is,
dat aensen net ien wit, hwat dat bitsjut, dan kin ik
him sizze, dat wy B. en W. de suggesty dwaen wolle
it biheart n.l. net ta de kompetinsje fan de Kom
misje, mar ta dy fan it Kolleezje en miskien fan Iepen-
biere Wurken - om op it buordtsje ünder de strjit-
namme düdlik, mar hiel koart oan to jaen, dat it hjir
giet om de bifrijing op 15 april 1945. Der binne wol
mear strjitnammen, dy't in bipaeld ünderskrift hawwe.
Hwat de Prof. Gerbrandyweg bitreft, wy hawwe üs ek
öffrege, oft it ek wurde moast Prof. Mr. P. S. Ger
brandyweg of Pieter Sjoerds Gerbrandyweg. De lek-
tuer dy't wy sa foar en nei ek as kommisjeleden krige
hawwe, haldt lykwols hieltiten de ynstruksje of yn
elts gefal minoftomear de oanwizing yn: Hald de
strjitnammen koart en düdlik en lit dêr alle omballingen
by wei. Der wurdt ek sein: Jow oan pleinen en strjit-
ten gjin nammen hwer't sifers yn sitte; dit as ant-
wurd op de opmerking: neam it plein Plein 1945. Ut
praktyske oerwegings seit men hieltiten ek: slüt sa
ticht mooglik oan by it spraekgebrük. En nou seit
men yn it algemien yn Ljouwert: Troelstraweg. Dêrom
is de Kommisje dus mei opsetsin mei it ütstel: Prof.
Gerbrandyweg kommen. Mar dêr woene wy ek wer in
ünderskrift by hawwe om düdlik ütkomme to litten,
dat bidoeld is de eardere Minister-President Gerbrandy,
hwant der binne noch wol oare Gerbrandy's. Dat is
lykwols wol to forsieren. Men kin natuerlik net hielen
dal foarkomme, dat men in namme jowt, dy't ek
heart by noch lib jende persoanen. Der kin seis ek noch
wol wer ris in Prof. Mr. P. S. Gerbrandy komme, dus
troch de foarletters der by to setten, is men der ek
noch net. Wy soene der lykwols, as de Rie dat woe,
gjin inkeld biswier tsjin hawwe om der Prof. P. S.
Gerbrandyweg fan to meitsjen; it is net in prinsipiéle
kwesje. De Kommisje hat har der ek net iens drok oer
makke; hja woe de namme sa praktysk mooglik meit-
sje troch by it spraekgebrük oan to sluten. (De hear
Tiekstra (weth.Mar der is mar ien Prof. Mr. P. S.
Gerbrandy en dêr giet it om. Dat moat direkt en düdlik
blike.) Mar as dy wei yn it spraekgebrük sa net neamd
wurde sil en as it ünderskrift düdlik ütkomme lit hwa
bidoeld is, hat it gjin sin. Ik haw der lykwols gjin bi
swier tsjin, dat de foarletters der bij komme. Oer dizze
kwesje hoege wy net to debattearjen. As de Rie it mei
de hear Tiekstra iens is, dan moat dat aensen by de
stimming mar blike. It is, tinkt my, in saek fan de
Foarsitter om dy nammen stik foar stik yn stimming
to bringen; dêr sille wy gjin inkeld biswier tsjin meit
sje. Ik leau seis, dat it foar de düdlikheit fan de gong
fan saken better is. En as de namme Prof. Gerbrandy
weg öfstimd wurde sil, sille wy natuerlik mei in nij
ütstel komme. (De Voorzitter: Mijnheer Boomgaardt,
mag ik even antwoord van U hebben op mijn vraag,
of de familie hiermee in kennis is gesteld?) It wie üs
Kommisje net bikend, dat it nedich is de famylje hjir-
yn tofoaren to kennen. Ik wit noch, dat by it jaen fan in
namme fan ien fan'e leden fan it Keninklik Hüs üt de
Rie dy fraech ek steld is en dat doe antwurde is, dat
it net nedich wie tastimming to freegjen; men wie der
frij yn sa'n namme to brüken. Ik kin my ek foarstelle,
dat men by wize fan meidieling ien fan de famylje-
leden dêroer birjochtsje soe. Yn dit stadium lei it, foar
üs gefoel, net op üs wei om al yn't foar dy fraech to
stellen, hwant wy hiene gjin inkelde wissichheit, dat
dizze nammejowing trochgean soe. Stel, dat wy de
famylje Gerbrandy frege hiene, dat dy it goed foun
en dat de Rie it öfstimde. As sa'n fraech nedich is en
as it ütstel oannommen wurdt, dan sil dit yn amtlike
rounte, yn opdracht fan it Kolleezje, fierder regele
wurde moatte. Achtsje B. en W. dit nèt harren taek,
dan sil üs Kommisje op harren gesach of op gesach
fan'e Foarsitter har der graech mei bilêstigje.
De Voorzitter: Ik zou een voorstel van orde willen
doen. Nu blijkt, dat de familie hier niet in is gekend
en het College eenstemmig van mening is, dat dit wel
moet geschieden, zou ik willen voorstellen, conform de
suggestie van de heer K. de Jong, dit punt, behalve
wat de namen Verlaatsbrug en Ritsumastraat betreft,
aan te houden. Ook wat de andere namen betreft, is
er m.i. wel aanleiding voor de Commissie om de be
zwaren, die uit de Raad zijn gerezen, nog eens te over
wegen. Dat bespaart op het ogenblik een stemming,
waarvan ik vermoed, dat ze voor een aantal raads
leden en vermoedelijk ook voor de Commissie zelf min
der bevredigend zal zijn. Het zal voor de Commissie
het prettigste zijn, wanneer straks na het beraad deze
naamgeving zonder stemming over elk punt afzonder
lijk, tot stand komt.
De hear Boomgaardt: Ik leau wol, dat ik üt namme
fan 'e Kommisje sizze mei, dat wy dizze suggesty net
oernimme. Nei myn smaek kinne wy net earder ta
stimming oan 'e famylje Gerbrandy freegje óf-
sjoen fan 'e fraech, oft it nedich is, mar dat wol ik
graech oannimme foardat de Rie him yn dit forban
ütsprutsen hat.
Hwat de biswieren tsjin de forskillende nammen bi-
treft, ik hoopje, dat de Foarsitter my gelegenheit jaen
wol om to forfolgjen mei dêrop yn to gean.
De Voorzitter: Gaat U dan maar door, mijnheel'
Boomgaardt, maar dan na de pauze, want het is 9 uur
geweest. Ik schors dus de vergadering voor de koffie.
De Voorzitter: Ik heropen de vergadering. Het
woord is opnieuw aan de heer Boomgaardt.
De haar Boomgaardt: De Kommisje foar de strjit
nammejowing hat yn dizze pauze ek efkes gelegen
heit hawn foar Onderling birie. En hja hat bisletten
de suggesty, dy't fan inkelde kanten' dien is, dat it
gaedlik wie de namme fan Prof. Gerbrandy oan to
foljen mei de foarletters, oer to nimmen.
De Voorzitter: Ik hoop niet, dat u het onaangenaam
vindt, maar ik meen, dat het ook voor U prettiger is,
als ik nu meedeel, dat er een aantal voorstellen is bin
nengekomen. Misschien is het mogelijk, dat U zich
daarover dan ook even uitlaat. Dan is de Raad ook
bekend met wat hier ter tafel ligt:
a. een voorstel, ondertekend door de heren Ten Brug,
Spicknout, Heidinga en Tiekstra: „Ondergeteken
den stellen voor het verkeersplein in de Groninger
straatweg te noemen 15 april-plein.";
b. het amendement niet ter tafel van B. en W. ge
deponeerd van de Commissie zelf om de naam
Prof. Gerbrandyweg aan te vullen tot Prof. P. S.
Gerbrandyweg
c. een voorstel, ondertekend door de heren Heidinga,
Miedema en Mr. Keuning, om de naam Stephenson-
7
viaduct te doen vervallen en het viaduct geen naam
te geven. (Overigens zou er dat is een opmer
king van mijn kant een aanwijzing omtrent de
uitspraak van de naam Stephenson gegeven moe
ten worden. Het is tenslotte Engels.)
d. dit voorstel, ondertekend door de heren C. de Vries
en Heidinga: „Ondergetekenden stellen voor de
voorgestelde naam Aldlansbrêge te wijzigen in Pie
ter Stuyvesantbrug."
Deze voorstellen kunnen dus nu mede deel van de
beraadslagingen uitmaken.
Om nu nog even het punt van orde aan te roeren:
Ik zou willen voorstellen, dat de heer Boomgaardt,
die toch uit het beraad van de Commissie wel onge
veer haar gevoelens zal kennen, zich bij de beantwoor
ding van de verschillende punten uitlaat. En zou
het dan mogelijk zijn hier geen verdere discussie over
te voeren, en om er uit te komen, dan maar stuk voor
stuk over de namen a t.e.m. g te stemmen?
De Raad gaat hiermee akkoord.
De Voorzitter: Ik zou nu opnieuw aan de heer
Boomgaardt het woord willen geven.
De hear Boomgaardt: Ik woe op'e nij bigjinne by
it Vrijheidsplein. Wy hawwe mei opsetsin dizze namme
keazen en dy de foarkar jown boppe Bevrijdingsplein,
omdat it wurd „vrijheid" üteinliks in breder en sin
foller ynhald hat as „bevrijding". Nou is hjir de sug
gesty „15 april-plein" dien. As sadanich neat op tsjin
nei üs gefoel en ek in oantsjutting dy't by de Kom
misje lang yn'e bineaming west hat, mar dy't by ein-
bislüt op 'e eftergroun kommen is by de namme „Vrij
heidsplein". Men kin natuerlik freegje (it leit tige yn
it persoanlike, it subjektive, flak): Hwat is it moaiste?
Mar de skriuwer fan de Kommisje, de hear Jongbloed,
hat it advys jown: Lit safolle mooglik sifers wei üt
nammen, omdat sifers maklik bitizing jowe, as der
hüsnümers by komme. Dan moat men it Ingelske
systeem ek nochris folgje: de nümers foar de strjit
nammen. In adres kin byg. wurde: 15 15 april-plein!
En as it dan ek noch 5 heech is by flats, dy't dêr
dochs komme kinne, dan wurdt it noch slimmer. Dit
biswier hat dus de trochslach jown om dan mar de
namme Vrijheidsplein to kiezen. It is nei üs idé ge-
woan in kwesje fan: hoe fielt men dit oan? En yn it
gefoelslibben kin it ien de foarkar hawwe boppe it
oare. Troch stimming moat mar ütmakke wurde, hwer't
de Rie de foarkar oan jowt. En as de Foarsitter sa goed
wêze wol om de ütstellen stik foar stik yn stimming
to bringen, dat sjocht de Kommisje wol hwat de Rie
wol. Hja hat der dus biswier tsjin om it ütstel yn syn
gehiel werom to nimmen, hwant dan wit hja noch
neat. De Rie hat op tal fan punten tsjininoar ynpraet.
Dit siz ik net by wize fan krityk, allinnich dêrtroch
is it in toer om konklüzjes to lüken. Dat kin net oars
as troch in stimming. De Kommisje is wol ré, as de
stimming negatyf ütfalt, mei in nij ütstel te kommen.
Ik leau net, dat wy dêr spul om hoege to krijen.
De Kommisje advisearret, de namme 15 april-plein,
dy't by wize fan moasje ütsteld wurdt, net oan to
nimmen. Net om prinsipiéle, mar inkeld om praktyske
redenen. De Kommisje hat nou ienris it meast field
foar de namme Vrijheidsplein. Oaren kinne der oars
oer tinke, mar wy hanthavenje yn dat opsicht üs ütstel.
Wy hawwe krekt al ütsteld om fan de namme Prof.
Gerbrandyweg to meitsjen Prof. Mr. P. S. Gerbrandy
weg. En as it dus nedich is om de famylje tastimming
to freegjen, dan moat de Rie hjir ütsprekke, dat dit
„bihaldens goedfinen fan de famylje" is, mar dan liket
it my op de wei fan de ütfierende ynstansje, it deistich
bistjür fan de Gemeente, to lizzen om dat to forsoarg-
jen. Ik tink, dat de Rie foar dizze kear wol dit foar-
bihald akseptearje wol. Dat foarbihüld soe de Kom
misje net meitsje wolle by de nammen Stephenson en
Ritsuma stel, dat it ütstel oannommen wurdt. It liket
üs müntsewurk dy famyljes op to spoai*en. Nou hat
de hear Ritsuma al lang forneamd west, mar foar
Stephenson moat winliks presiis itselde jilde as foar
Gerbrandy. De famylje Gerbrandy lykwols kinne wy
birikke en mei de famylje Stephenson sil dat wol in
hiele toer wurde. Dy sit yn it bütelan. Ik tink, dat dy
famylje der nea hwat fan fornimme sil, as wy dy
namme hjir jowe. Ik wol graech de suggesty fan de
Foarsitter oernimme om, hwat de famylje Gerbrandy
oanbilanget, de ütspraek fan de Rie de biheining „bi
haldens goedkarring fan'e famylje" to jaen. Mar as it
Kolleezje folstean wol mei in meidieling oan de fa
mylje, dan is dat de Kommisje en ik nim oan ek de
Rie wol goed.
Fierders leit dêr it ütstel om it fiadukt gjin namme
to jaen. Dat is de Kommisje bést, allinne wy hawwe
it forsyk krige in ütstel to dwaen. Us réaksje hie wêze
kind: wy fiele der foar om it naemleas to litten, mar
sa hat üs réaksje net west: wy fielden der foar wol in
namme to jaen. As de Rie aensen dit ütstel öfstimt,
dan leau ik, dat de konklüzje wêze moat, dat de Kom
misje der dan bitreklik maklik öfkomt, hwant dan wol
de Rie blykber gjin namme. Ik wit net, yn hokker
folchoarder üs ütstel, resp. de moasje yn stimming
brocht wurde sil, mar as dizze moasje yn stimming
komt, dan is it mooglik üt to sprekken, dat it fiadukt
gjin namme hawwe sil.
De namme Stephenson is op mear as ien punt oan-
fallen, ek troch de hear Tiekstra, mar de hearen San-
tema en Kamstra geane der akkoart mei. Wy hawwe
ik wol it noch efkes herhelje it passend foun hjir
yn'e sfear fan'e ütfiners to bliuwen en dêrom like de
Kommisje de namme fan de ütfiner fan 'e lokomotyf
wol gaedlik, ünder foarbihald, dat dy namme bihoar-
lik brükber en skriuwber wêze soe. Wy hawwe dernei
ynformearre, hwant wy wisten wier net üt 'e holle, dat
it de hear Stephenson wie. It wie doe foar üs in gefal
dat krekt op'e grins fan düdlike herkenberheit en prak
tyske brükberheit lei. Mar wy hawwe miend, dat de
balans trochsloecli nei de positive kant en wy hawwe
dus dit ütstel dien om Stephenson to bineamen en wy
hanthavenje dy namme ek.
De moasje fan de hearen C. de Vries c.s. wol fan
de Aldlansbrêge Pieter Stuyvesantbrug meitsje. Dat is
in kwesje fan appresiaesje: wol men it oan dizze kant,
de stêdskant fan'e brêge, sykje, dan seit men: Pieter
Stuyvesantbrug; dy spilet dan tsjinoer dy brêge in
greatere rol as in eventuele Aldlansdyk. Mar men kin
it ek fan de oare kant bisjen en wy miene, dat it it
béste is om jin sa yn to stellen: Ut de stêd wei sjoen
leit efter dy brêge it Aldlan en dy namme is histoarysk;
dy bistiet dêr al ieuwen. Nou mei ik wol üt'e Kom
misje forklappe, dat wy it earst hawn hawwe oer Ald-
lansbrug. Mar dêr binne wy op werom kommen. Wy
seine: Lit üs nou ek sa flau net wêze om dêrfoar om-
lizzen to gean. Wy fine, dat it Aldlansbrêge wêze moat
en wy wolle de takomstige generaesjes ek net ünder-
skatte hwat bitreft it ütsprekken fan hwat frjemde
nammen. Nou wit men ek presiis, hoe't wy der oer
tinke. En boppedat, hwa wit hoe't de takomstige ünt-
jowing fan it Frysk yn Ljouwert wêze sil en oft de
kommende generaesjes üs dan noch net ris tankber
wêze sille, dat wy dizze Fryske namme hjir op dit
plak jown hawwe! Wy hawwe dy brêge ek sjoen yn
it ramt fan de üntsluting fan it Aldlan fan'e kant
fan Ljouwert en dêrom fine wy de namme Aldlans
brêge passend.
De Kommisje advisearret dus om dizze moasje net
oan to nimmen.
Oer de namme Aldlansdyk is in bytsje mear sein.
Wethalder Van der Schaaf fynt, dat dizze namme
gjin histoaryske oansluting hat, hwant, sa seit er, der
hat earder yn Ljouwert gjin Aldlansdyk bistien. Nou
hear ik hjir neist my sizzen, dat de Aldlansreed wol
bistien hat, dus yn sa fier soe der dochs noch wol in
histoaryske oansluting wêze. It wichtichste fyn ik dat
lykwols yn dat forban net. Wy witte allegearre, dat
it Aldlan dêr leit, mar nei üs smaek hoecht dêr hielen
dal gjin gelykweardige strjitte bineamd to wurden
tsjinoer de Nijlansdyk, in frij brede, lange dyk, dy't
frijwol it hiele Nijlan bistrykt. Oan de oare kant leit
in dyk, sünder mis fan in oar karakter, breder en bi-
hearrend by de rounwei, mar ek in dominearjende rol
spyljend yn it Aldlan. En dêrom fine wy de namme
Aldlansdyk dêr passend. En wy fiele der net foar om
dêr Aldlansleane fan to meitsjen. Dat „dyk" leit üs
allegearre makliker yn'e müle as leane. It past ek folie
better by hwat wy yn it algemien wend binne foar
it oantsjutten fan wegen ensfli. Der is neffens üs gjin
inkele reden, ek net it feit, dat dizze dyk in oar ka-