6 7 aid is Ik fyn it wol in bytsje frjemd, dat men dizze minsken samar ynienen, trochdat Ljouwerteradiel it kontrakt opseit, der yn oare sektoren fan'e tsjinst tus- kenskouwe kin, sunder dat it in reden jowt de bigreating to forleegjen en sünder dat der fakatures üntstien binne. En as der fakatures west hiene, dan hie der in salaris- post nei ünderen moatten. Dêr woe ik dochs wol yn- formaesje oer hawwe. De hear Van der Schaaf (weth.)De hear Santema giet der mei akkoart, dat wy foar de bisteande ta- stan in knipperljocht ynstelle sille, en oer it oare dat hy sein hat, kinne wy wol koart wêze. De forkears- situaesje dêr is us bikend. Ik knipperljocht is net sa- sear in forkearsljocht, dat it forkear stoppet, mar it is mear om to warskögjen; it hat dus in oare wurking as in read en in grien ljocht. Dat is de hear Santema, tocht my, ek wol bikend. De kwestje is, dat de kabels dy't hjir foar de oanliz fan dizze ynstallaezje lein binne, letter ek brükt wurde kinne foar in ynstallaesje, dy't him oars gedraecht en wy binne der mei de hear Santema op bigien, dat wy oangeande dit plein as dat ienkear as plein oanlein is; sa kin it nou noch net hjitte stribje moatte nei in oplossing, dy't it for kear sa feilich mooglik makket, hwerby dat wol ik der wol by sizze in krusing op üngelyk niveau ek yn it omtinken komt. De hear Pols (weth.): De hear Boomgaardt hat ef- kes it fraechstik oansnien fan de klant, dy't op seker momint in oare wei siket en de Gemeente bitanket foar de forskillende tsjinsten, dy't hja him al jierren bi- wiisd hat. Nou is dizze relaesje ta stan kommen by de oerdracht fan in stik fan Ljouwerteradiel oan Ljou- wert. Ik kin wol sizze, dat dizze tsjinstforliening altyd ta folle tofredenheit wurke hat, mar Ljouwerteradiel koe goedkeaper, omdat Ljouwert net mei, hwat It Bildt wol mei. Dy mei hjir of dêr yn'e buert wol hwat del- smite; dat fynt nimmen slim, de krante ek net, mar as Ljouwert soks docht, dan is it mis. En nou wurde wy djürder en foar Ljouwerteradiel wurdt it dus ek djürder en dan bitanket Ljouwerteradiel. Wy hawwe der wol efkes nei ynformearre, mar wy hiene eigentlik hielendal gjin bihoefte om druk üt to oefenjen om dizze klant to bihalden, hwant it wie foar üs ek net in saek, hwer't wy sa botte wiis mei wêze koene. Ik bin der eigentlik wol bliid mei, dat de hear Boomgaardt üntdutsen hat, dat it riedsbrief net hielendal kloppet. De Wethalders krije de riedsbrieven yn'e regel pas, as de eksimplaren foar de riedsleden al de doar üt binne. By de R.O.D. dat is hjir ek wol bikend bistiet al in hiele tiid in frij greate ünderbisetting. By it opheljen fan de tonnen en fan de jiske-amers moat arbeide wurde neffens de tsjinstregeling, mar by de strjittefeijtsjinst sit de swierrichheit. Men kin strjitte- feije mei tsien man, mar ek mei trije en men kin de strjitten fjouwer kear feije, mar ek ien kear. As der sprake is fan ünderbisetting, dan is it altyd by de strjittefeijtsjinst, dy't „het kind van de rekening" is. En dat sjogge wy ek wol ris oan de stêd en wy soene dat graech oars hawwe wolle, mar it personiel is der net foar. As wy de feijmasjines krije, hwer't de Rie jild foar ütlutsen hat, dan kinne wy dêr fjouwer minsken mei bisparje. dy't lykwols earne oars by de tsjinst mei gemak wer ynset wurde kinne. Dan hawwe wy de kans, dat wy takomme simmer mei de fakansjes hwat trochdraeije kinne. Ik hoopje, dat wy dizze masjines gau oanskaffe meije. Dat der fjouwer man frij komme bitsjut dus, dat der fan de lést fan f 63.000,it frij greate bidrach fan f 40.000,(feijtsjinst) öfgiet en dat der dus noch in strop fan f 23.000,oerbliuwt. Wy hawwe lykwols net öflutsen in bidrach foar de weinen, hwant dy kosten kin men net maklik üt it gehiel lichte. Mar de strop is dus foar üs Gemeente bislist net sa great. Allinnich, wy sille noch hwat langer dwaen moatte mei in wein, dy't wy miskien forline jier net kocht hawwe soene, as wy witten hiene, dat Ljouwerteradiel it kontrakt op- sizze soe. Mar dêr hat Ljouwerteradiel gjin rekken mei halden. Nou kin ik der noch wol by sizze, dat it ek in kwestje fan boekhaldkunde is, hoe't men de bidragen presiis yn'e tsjinst boeket. De Voorzitter: Ik wil van mijn kant even reageren alleen uit overweging, dat wie zwijgt, geacht zou kunnen worden toe te stemmen op de opmerking van de heer Boomgaardt, dat de gemeente Leeuwar- deradeel verplichtingen zou hebben aan de gemeente Leeuwarden, omdat men, zoals hij zich uitdrukte, zo'n mooi gemeentehuis van ons heeft gekregen. De heer Boomgaardt is ook wel met het feit bekend, dat de kwestie van de bijdrage van de gemeente Leeuwarden in de bouwkosten van het nieuwe gemeentehuis van Leeuwarderadeel een onderdeel is van de regelingen in de grenswijzigingsbeschikking. We moeten dus be paald niet stellen, dat de gemeente Leeuwarden nu de gemeente Leeuwarderadeel in dit opzicht iets cadeau doet. Wij komen eenvoudig een van de verplichtingen na, die de grenswijzigingsbeschikking op ons heeft gelegd. De hear Boomgaardt: Hwat ik sein haw fan it ge- meentehüs wie in soart tuskensin, dy't ik efkes foar de aerdichheit sei, sünder dat it nou fierdere strekking hawwe soe. Ik haw noch in opmerking en in fraech. Yn it foarste plak is it nei myn gefoel dochs in bytsje frjemd, dat op it niveau fan twa buorgemeenten in frij yngripende saek sa mar öfdien wurdt: opsizze, punt. Dan moat ik foar my sizze, dat men as gemeenten yn dizze saek elkoar dochs hwat binei komme moast. Dat hoecht om my hielendal net op it flak fan de boarge- masters, mar dat kinne de haden fan de tsjinsten ek dwaen en eventueel de wethalders (Laitsjen). Dit is om dat efkes rjocht to setten mar in willekeurige groepearring, mar my tinkt, dat it forkear tusken de gemeenten oer dizze saken net sa wêze moat, dat de iene de oare minoftomear samar efkes foar in fait accompli stelt. In bidriuw, dat jierrenlang in bilang- rike sakerelaesje mei in oar bidriuw ünderhalden hat, sil ek sizze: ik kom it bidriuw op de ien of oare manear hwat binei om to warskógjen en to sprekken oer bi- paelde konsekwinsjes dy't it opsizzen fan in oerienkomst hat. En foar de ünderlinge goede forhaldingen is it, tinkt my, ek nedich, dat men dit bipraet, foardat men formeel en offisjeel ta opsizzing oergiet. Myn fraech oan it adres fan de hear Pols is dizze: As der in ünderbisetting is by de R.O.D. yn Ljouwert, nimt men dan gjin post op de bigreating dêrfoar op? Hwant dan giet men blykber al fan de foründerstelling üt, dat men de fakatures dochs net biset. De hear Pols (weth.): Op it earste diel fan it bi- tooch fan de hear Boomgaardt kin ik antwurdzje: Dat witte wy dan ek mar wer, mar eigentlik is dizze re laesje tusken beide gemeenten ek wol in lyts bytsje „gedwongen". Doe't Ljouwert de gemeente Ljouwer teradiel foar in great diel oernaem, hat men foar de Reiniging ek in oplossing fine moatten; oars hie Ljou werteradiel in hiel nije reinigingstsjinst opbouwe moat ten en men hat sein: Dog Jimme dat mar. Ik leau, dat it forkear fan de gemeenten ünder elkoar tige goed wie, hwant de Rie wit ek, dat it noch net sa lang lyn is, dat mei somlike oare gemeenten, ü.o. Ljouwertera diel, in mienskiplike fleiskarringstjinst opset is. Dêr- troch hawwe wy miskien de gemeenten It Bildt en Ljouwerteradiel nauwer mei elkoar yn kontakt brocht, hwant wy hawwe nochal hwat mei elkoar om'e tafel sitten en dan is der miskien letter ek noch wolris oer oare dingen as de mienskiplike fleiskarringstjinst praet. Op in seker momint krigen wy in briefke fan Ljou werteradiel, mei de meidieling, dat men üs net mear nedich wie. Ik leau dus, dat it mear oan dy partij leit as oan üs, dat it kontrakt opsein is. Soene wy dan sizze moatte: Dêr moatte wy ris hinne en freegje ris, hoe't dat sit? De ynformaesje, dy't wy krigen hawwe hwant wy hawwe yndied ynformearre wie: Jimme binne fierstento djür. Dat halde net yn, dat, as wy mei de priis nei ünderen wollen hiene, der dan to praten west hie, hwant doe't wy it birjocht krigen, wie de saek al roun. Der is sein: Mei 1 jannewaris binne wy Jimme net mear nedich; wy hawwe üs al oars rédden. Dan is der fierder ek net folie mear to praten. Dat dit nou yn it forkear tusken gemeenten wol hielen dal goed is, leau ik net. Mar it leit neffens my net oan üs. Hwat de ünderbisetting fan de tsjinst bitreft, men moat op'e bigreating natuerlik wol op'e salarispost in bidrach foar dy fjouwer man opfiere, ek as men it jild net ütjowt, hwant as dizze fjouwer man der wer by komme, dan jowt men it wol üt. Soms krijt de R.O.D. der wer ris in pear man by, mar as dy inkelde wiken oan it feijen binne, dan halde se ek wer op. It is wier- lik net maklik om dy tsjinst draeije to litten. Men moat dus de folledige bisetting opnimme yn'e bigreating. As men de minsken net hat, dan haldt men it jild yn'e büse, mar krije wy se der wer by, dan kinne wy it ütjaen. Ik hoopje, dat it sa düdlik is. Z.h.st. wordt besloten overeenkomstig het voorstel van B. en W. Hierna sluit de Voorzitter de vergadering.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1964 | | pagina 4