7 Der stiet yn de memory fan antwurd, dat wy alle- gearre der op ta moatte om koarte algemiene biskó- gingen to halden. Hwerom dat eigentlik is, bigryp ik noch nea, mar earne is der hwat yn my, dat my der dochs wol hwat foar fiele lit. Sommige sprekkers ik haw it efkes „timed" hawwe yn elk gefal wol in heal üre oan it wurd west en hwat hja seine, wie ek wol tige de muoite wurdich. Sy hawwe de tiid net forgriemd. Oer it algemien mei ik hjirre dus wol kle- mensje freegje, as myn speech miskien hwat langer ütfoel as men fan my forwachte. Wy hawwe hjir to dwaen mei de bilangen fan de gemeente Ljouwert en yn de mem.f.a., it oanbiedingsbrief en de bigreating fyn ik ünderskeidene dingen dy't ik dochs wol de muoite wurdich fyn om hjir efkes te memorearjen. Wy libje oan it bigjin fan in bilangryk bigreatingsjier. Jo, mynhear de Foarsitter, geane yn dit jier óf. En de Rie giet ek yn syn gehiel óf en der moat wer stimd wurde. Dat is in perspektyf dat üs eigentlik sa'n bytsje yn it ljocht set en dat üs biwearingen miskien hwat hoedener wêze lit as hwannear't wy byg. midden yn in sittingsperioade sieten. Yn elk gefal, dit hawwe wy wol foar eagen hawn, doe't wy der oer tochten, hwat wy hjir to sizzen hiene. Dat de problematyk fan de fraechstikken fan Ljou wert troch B. en W. net yn in soarte fan skema gear- fette wurde kin, dat in urginsje foar de forskillende fraechpunten jowt, dêr bin ik it net mei iens. Der kin wöl fan in hielebult fraechstikken in urginsjelist op- steld wurde. Byg. it hiel gefaerlike krüspunt, dat dri- get to üntstean by it Oostergoplein, in trefpunt op it eagenblik fan fjouwer bilangrike wegen, hwer't oant nou ta noch net folie üngelokken bard binne, mar dy't dêr yn de takomst sunder mis pleats fine sille. Is it net in urgint fraechstik dat sa gau mooglik oplost wurde moat? Is it net urgint om byg. it gas safier to forsekerjen, dat wy net wer yn de nésten komme, lyk as wy lésten meimakke hawwe en hwer't wy foarbyl- den fan hawwe yn doarpen yn Fryslan dy't noch folie slimmer wiene? Fierder fine wy it fortrjitlik, dat it mei it nije sike- hüs en it forpleechhüs sa stadich eint. Ik haw my ek óffrege, hwerom it kredyt foar it pleatsen fan de bol- gashalder, dat ek yn forban stie mei de gastawizing oan de Edisonstrjitte, noch net goedkard is. Wy haw we dat yn de Rie dien yn it bigjin fan novimber en nou binne wy hast krysttiid. Moat ik nou oannimme, dat dat kredyt dochs noch net tastien is? Kin dat nou net efkes fêststeld wurde troch Deputearren? Hwat meije de oarsaken hjirfan wêze Der is IV2 miljoen tafoege oan de reserve; dy is nou 3 miljoen. Der wurdt wol warsköge, dat wy net op tafallers rekkenje moatte, mar, foar safier as ik my de léste gemeenterekkens herinnerje kin, hat der noch altyd in oerskot west, alteast sleat de bigreating dochs noch wer. Is it dan in wünder, dat wy suver op ta fallers rekkenje? Fierders wiis ik dan, krekt as de hear De Jong, op de enoarme winst fan de Ljochtbidriuwen: f 1.285.000, hwat de raming yn de primitive bigreating oertrof mei mar efkes in goed heal miljoen. Is by dizze stan fan saken forheegjen fan de strjittebilêsting en it hef fen fan in rioelbilêsting wol needsaeklik? Op de ien of oare manear moat der dochs in foarm foar foun wurde, dat dit net hoecht. De rioelbilêsting dy't oan- kundige wurdt en dy't f 650.000,opbringe moat, soe dan ek sa ynbard wurde, dat byg. eigener en biwenner twa oanslaggen krije sille. Dat liket üs in seldsum ün- binlike saek en hwannear't de tiid der is om oer it yn- fieren fan dizze bilêsting to praten, dan sille wy fan. wegen komme moatte om B. en W. fan dit heilleaze plan óf to bringen. Fierders bin ik it net mei B. en W. iens, hwannear't hja sizze, dat yn it bütenlan de foarm „Hollande" folie mear oansprekt as Pays Bas. Wy moatte oppasse, dat wy yn dit stik fan saken üs seis net weismite. De greate ynfloed dy't fan de rannestêd ek op de büten- gewesten ütgiet, is op himsels al great genóch en wy hoege der sikerwier as gemeentebistjür net oan mei to helpen om dit noch to forsterkjen, ek net yn de folders fan üs reklame. Ik kin ek net enthousiast wêze foar dy Rotter- damske kommisje, dy't de ünteigeningsforgoeding re- gelje sil. Is it nou wier ünmooglik dat mei bihelp fan üs eigen persoaniel fêst to stellen? Moatte wy Rotter dam der nou wer by ynskeakelje De Reinigings- en Untsmettingstsjinst moat soargje, dat de stêd skjin en suver bliuwt. Dat binne de twa foarnaemste dingen dy't dizze ynstelling to dwaen hat en dy't it neffens üs ek wol wurdich binne, dat men net presiis altiten ütkomme sil mei de kosten fan dat alles. Fierders fine wy it hiel spitich, dat it der mei üs fuotbalfjilden mar frij dizenich foarstiet. De ympasse dêr't wy yn rekke binne troch it anneksearjen fan bipaelde fuotbalfjilden foar bouterreinen of foar it oanlizzen fan strjitten, hat üs in greate strop oplevere en it sil foar üs in hiele toer wêze dit tokoart wer yn to rinnen. En hwat eint de bou fan de sporthal ek in bytsje! As it ynrjochtsjen fan de aide fémerk as parkearter- rein dêr büten stiet, lyk as B. en W. forklearje yn de memory, hwerom jowe hja üs dan net as wiere reden op, dat de bou fan dizze sporthal dochs sa gau mooglik ta stan komme moat. Wy fiele der ek it measte foar, dat de sporthal alderearst klear wêze moat, omdat it moetingspunt en it represintaesjepunt foar Ljouwert en foar hiel Fryslan oer eigentlik noch needsaekliker is as de spelhallen, hoe fortsjinstlik en hoe moai as wy dy oars ek fine. Dat de drafbaen fan 'e baen is, is dochs wol in hiel drövige saek. Hjir jowt it gemeentebistjür in tradysje wei, dy't yn alle gefallen de léste twa ieuwen al yn Ljouwert bistien hat. En der wurdt ek hielendal gjin ütsicht jown, dat dy op 'en dür der dochs noch wol komt. Us as fraksje spyt it tige, mar wy winskje der net yn to birêsten en wy wolle hiel graech, dat B. en W. noch plannen meitsje om it to foroarjen. Wy achtsje it plak fan it nije gemeentlike tohüs fan minsken op jierren op it terrein fan de Spanjaerds. leane en Westerstrjitte gaedliker as yn Bilgaerd, om dat it Rengerspark sa moai tichteby is. Foaral mei it each op de alden fan dagen liket üs dit needsaeklik. It diel fan it ütwreidingsplan 't Aldlan, fuort bi- easten it Oostergoplein foarmt noch in punt fan stüdzje, sizze B. en W. Mar by hwa is dat punt yn stüdzje? Noch by de stêddeboukundige tsjinst of al by B. en W. Ik soe dat wol hiel graech witte wolle. En wy moatte der dan ek om tinke, dat de doarpen, seis it lytse Swichum, net efteroan komme mei it bikendmeitsjen fan har ütwreidingsplan. Foar Swichum skynt men dit net nedich to achtsjen, omdat it miskien to lyts is, mar lit üs oppasse, dat wy dit lytse doarpke, dat dochs noch it karakter hat fan in aide terpdelset- ting, net foar de tiid skeine litte troch der mar huzen sette to litten dy't it gehiel bidjerre. Wy hawwe eigentliks ek üs frede en üs rêst net mei de gong fan saken hwat de wenningbou oanbi- langet. Der skynt in soarte fan kontroverse to wêzen tusken de semi-yndustriéle bou en de tradisjonele me- thoade. Ik leau net, tat it goed foar Ljouwert is, dat wy dizze kontroverse tusken groepen fan riedsleden en B. en W. bistean litte. Dêrom moatte wy der mei el- koar nei stribje dizze saek yn it kommende bigreatings jier safolle mooglik oan kant to krijen. Fan de rekréaesje soe men ek noch hiel hwat sizze kinne. De Froskepólle bliuwt byg. yn de modder styk- jen. En dat is in ellindige saek. foaral nou't de oanliz fan de wei dy't der oarspronklik fanüt it easten pland is, net trochgean kin, omdat der foroaringen kommen binne dy't B. en W. net konkreet neame. Noch altiten kin mar in hiel lyts part fan de Ljouwerter bifolking gebrük meitsje fan dit prachtige rekréaesjeoard, dat mei it jier moaijer wurdt. De restauraesje fan de Aldehou wurdt in hiel djüre saek. En yn de seksjes is seis praet oer in forbining fan it kariljon dat noch altiten opslein leit yn de kel ders fan it stêdhüs. Ik mei miskien op dit momint noch wol ris efkes yn it sin bringe it bilangrike rap port dat ütgongen is fan de Jeugdgemeenterie en dat al datearre is fan febrewaris 1964. Dat rapport hawwe de leden fan de Jeugdgemeenterie ek oan de leden fan üs Rie tastjürd en dat is ek by B. en W. kommen, mar ik hie sa graech wollen, dat B. en W. yn dizzen nou ris mei in plan kommen wiene. Persoanlik fiel ik der net folie foar, dat dit klokkespul aensen yn de Aldehou komme sil, hwant ik leau net, dat dizze toer it op 'en dür ütstean kin, dat dy fleurige klokjes dêr boppe yn beijerje, tomear omdat de greate klok it hjoed eigentlik soms al to bot makket. Mar wy moatte der üs yn elk gefal wol op bisinne, dat wy op it eagen. blik yn in tiid libje, dat de pecunaria foar de gemeente Ljouwert hwat rommer ta metten binne as oars en fan dy gelegenheit moatte wy ek gebrük meitsje om byg. wer ris in aparte toer sette to litten as forfanging fan de s.n. St. Jacobstoer, om dan earne fan in sintrael plak üt de fleurige klanken fan de klokken wer oer de gemeente Ljouwert üt to struijen. Ik freegje foar dit punt bisünder omtinken. Litte wy üs dan ek ris ophelje oan it prachtige wurk dat de Jeugdgemeente rie yn dizzen dien hat. Ik bin it net iens mei it Kolleezje, dat Ljouwert gjin plak wêze soe, om in twatalige skoalle to stiftsjen. Ik kin my eigentlik net foarstelle, dat se dat earn- stich miene, tomear net, omdat wy oer de romte van aktehalders biskikke en ek omdat hjir hünderten al- den binne, dy't dat foar har bern bigeare. Fierders fine wy de tastan fan it wittenskiplik ün- derwiis yn Ljouwert ek ünbifredigjend. Wy slute üs yn dizzen hiel graech by de hear De Jong oan. De stadige groei fan Ljouwert forgelike by Snits docht üs ek net deugd. Wy meitsje üs dêr hwat ünge. rêst oer. En wy soene wol ris witte wolle hwat dêr de reden fan wie. It fleanfjild is in punt, dat de Gemeente dochs wol yn it bisünder rekket. De hear Van der Veen hat der niis ek al oer sprutsen. Wy as riedsleden hawwe alle- gearre as taek üs stêd leefber to meitsjen en leefber to halden. Wy dogge dat troch foarsjenningen to tref fen op alle mooglike gebiet. Wy wolle byg. rêst yn de binnenstêd hawwe foar It winkeljende publyk, mar dêrfoaroer is it lawaei yn de loft in oanklacht tsjin de biskaving. In warbere mienskip kin en mei net ta- stean, dat in militair fleanfjild by en tusken bifol- kingskonsintraesjes fan mear as 100.000 sielen yn folie gebrük is. Hwat dogge B. en W. om it fleanfjild sa hurd mooglik by de stêd wei to krijen? Dogge hja ek mei oan de gearkomsten fan de doarpen yn Mename- radiel en Ljouwerteradiel It gefaer dêr't wy altyd oan bleat steane, moat in reden wêze om geregeld by it Departemint foar de doar to lizzen en to easkjen, dat de basis hjir wei moat, om myn part nei de Noard- poal of noch leaver nearne hinne, hwant hwer't it ek to lanne komt, dêr is it in lést. It gejank fan de mo toaren is wol sa'n skrik foar de hiele stêd by dei en by nacht, foaral as de wyn heech is en it oer de hiele stêd komt, hwat it slimste „burengerucht" oertreft. Hwannear't immen „burengerucht" makket, dan komt hy yn oanreitsing mei ien of oare foroardening en op 'e bon. Mar it lawaei dat in fleanfjild hjir by de stêd Ljouwert makket, is noch tüzen kear sa slim. En dat kin allegearre mar, sünder dat der hwat oan to dwaen liket to wêzen. De brommers mei iepen knal. potten fan de noazems wurde efternei sitten, mar hjir kinne de knallen by it trochbrekken fan de lüds. barrière sünder straf troch ien of oare jeugdige f leaner sa mar ta stan brocht wurde, hwer't hünderten aide wyfkes en tüzenen lytse berntsjes iderkear wer fan skrikke. En dit allegearre is noch it slimste net, mar hwannear't it aensen ris oarloch wurde soe en der falie atoombommen op üs gemeente, omdat it flean fjild sa tichte by de stêd leit, is it fleanfjild yn ien sucht wei. En soe de stêd dan itselde net ündergean? Dit binne dingen dy't sa njonkenlytsen by jin de rapen wol ris gear meitsje en men wurdt der soms mankelyk fan, dat der neat oan to dwaen liket to wêzen. It jowt neat, waerd der fan to foaren al tsjin my sein, dastou der oer praetste, hwant dit is net in saek fan de gemeente Ljouwert, it is net iens in saek fan de Pro- vinsje en net iens in saek fan Nederlan, de oarsaek leit yn Parys. Mar dochs, wy as demokraten hawwe de plicht en ek alle rjocht om to protestearjen tsjin dat üntsettende lawaei dat it fleanfjild üs oandocht. Net ien stêd yn Nederlan hat it sa tichte by as Ljouwert. It muoit my, dat ik dit op dit stuit sizze moat, mar it kin net oars. De heer Klijnstra: Ik wilde beginnen met een korte verklaring. Ruim zeven jaar geleden heb ik in deze Raad de eed in het Fries afgelegd. Nadien heb ik mij hier niet van de Friese taal bediend. Dat is eigenlijk tegen mijn zin gebeurd, maar enkele leden van de toenmalige Raad zeiden mij destijds, niet of zeer moei lijk de Friese taal te kunnen volgen. Daarom heb ik toen gemeend, mij van de Nederlandse taal te moeten bedienen, die wij allemaal verstaan. Maar ik denk Fries en ik spreek ook meestal Fries en voor de taal die men van moeders schoot af heeft geleerd, behoeft men zich niet te schamen. En aangezien het in deze Raad is toegestaan ons te bedienen van de Friese taal, zal ik het dan vanaf dit ogenblik willen doen. Ek üs fraksje hat lof foar de gearstaller fan dizze bigreating. Nou moatte wy üs de fraech stelle, oft wy nou yndied allegearre sa bliid mei in slutende bigrea ting binne. Wy witte, dat it, hwannear't dy net slutend wêze soe, hast net oer to kommen üngemakken jaen soe by „G.S." It gemeente-apparaet koe dan net bi- hoarlik wurkje. Miskien is it hwat ündogensk op to merken, dat dizze bigreating slutend is, omdat der al tyd wurken lizzen bleaun binne, dy't net yn ütfiering nommen binne. Wy achtsje de ütkearing üt it gemeentefüns to leech. As ik my net forsin, dan jowt it in forheging oan fan 4,7% en nou't de amtnerleanen mei 5% omheech geane en allegearre oare saken mei noch in greater persintaezje, dan is it wol tige oan de lege kant. It nasjonale ynkommen giet omheech. En de oerheit, ek de gemeentlike, krijt der sines fan. Nou kin men fan oerheitswegen mei dat jild twa kanten üt: Men kin it brüke foar algemiene foarsjenningen en ek yn de yn- dividuele konsumpsjesfear. Ik mien, dat dit léste yn üs lan foar in great part it gefal west hat. En nou is der gjin jild genóch foar de algemiene foarsjennin gen en dêrom hawwe ek de gemeenten it rjocht krigen bilêstingen en heffingen yn to fieren. Hjir binne wy pür op tsjin, yn it foarste plak, omdat yn dizze hef fingen gjin foldwaende progressy oanwêzich is. Wy hiene leaver wollen, dat de ynkomsten- en formogens. bilêsting net nei ünderen gien wiene. Mar ek yn dit gefal is Jan-mei-de-pet de segaer. Yn üs gemeente is in diel fan de heffingen noch mar yn it foarütsicht steld, mar dat bitsjut allinnich mar ütstel fan ekse- kuesje. Wy hawwe yn de krante léze kinnen yn in hiel great stik dat it hjir mei de wenningbou net sa goed giet en dat de Provinsje tusken de 250 en 300 wenningen weromnommen hat. Ik haw hjir yn it oan biedingsbrief neat fan léze kinnen en ek net yn oare stikken. De Wethalder sil der strak wol hwat fan sizze wolle. Ik freechje my dit wol óf: As de oannim- mers fan it bouwen ófsjogge, moat de Gemeente dan seis mar net bouwe en probearje goede wenningen to bringen? Faeks noch foar minder jild as forskate oan- nimmers it nou dogge? Dat it bouwen ek net hurd ge nóch giet, binne wy wol meielkoar iens. Der moatte mear, bettere en goedkeapere wenten komme en nou freget men jin óf, hwer't nou de skuld leit. Mi nister Bogaers, d.w.s. de oerheit allinnich, meije wy de skuld net yn de skuon skouwe. Forskate faktoaren spylje hjir in rol: de oerheit, it publyk, de architek- ten, de bouwers en ek de arbeiders, dy't de bou for. soargje. Ik mien, dat der ek by har, as ik sa om my hinne sjoch, wol ris hwat mear ambysje wêze koe. Ik freechje my óf, oft der op dit momint net mear oan research dien wurde moat. Wy hawwe hjir yn üs lan twa wetterboukundige laboratoria: ien yn de Noard- eastpolder en ien yn Delft. Us folk fielt him stees mear feilich efter de sédiken. Is it dan net heech tiid, dat ek op it mêd fan de wenningbou in wenningbou-laborato rium oprjochte wurdt Ik bin fan miening, dat dan faeks tsjin in lege priis in bettere wenning boud wurde kin. Fan it opskouwen fan de wenningen komt eigentlik neat of sahwat neat to lanne. Ik mien, dat dit fan gemeentewegen mear stipe wurde moat. Wy moatte der dochs hwat op fine, dat de minsken dy't it hwat better dwaen kinne in eardere wethalder wennet seis yn in wenningwetwenning yn wenningen mei hwat hegere hier torjochte komme. Wy kinne fan ünderen óf bigjinne, mar op it eagenblik bart der neat. De bi- treffende wethalder, de hear Pols, seit: As de minsken üt in iengesinswenning komme, dan hawwe se oars gjin kar as in flat en dêr bitankje de measten foar. Dat kin ik my bést foarstelle; ik bin my tige biwust, dat it in üntsachlik slim probleem is.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1965 | | pagina 4