wenten dy't neffens myn skatting altyd wol op sa'n heale ton komme sille. Ik freegje my dêrom of, oft hjir net in pear dingen meiinoar yn striid binne. Ik kin my foarstelle, dat men der wol hwat foar oer hat om buten to wenjen, mar oft men der nou f 50.000, foar oer hawwe sil? Letter sil men ta de konklüzje komme, dat men dér yn in tichtbiboud stik sit, dat fan eftergevel nei eftergevel pieatslik mar 16 m is en dat dêr mar hiel lytse eftertunen binne, dy't boppedat ek noch biskade wurde troch garaezjes, dy't der tus- kenyn plakt binne en dy't it gehiel noch in binauder aspekt jowe. Men kin jin óffreegje sa as altyd by in stêd en ek by in doarp Moatte wy stribje nei in lichte of nei in sterke differinsiaesje yn de opbou fan de bifolking? En dan haw ik it each op in differin siaesje nei ynkommen, nei wolfeartsnivo. Wy moatte der foaral foar soargje, tinkt my, dat wy it doarp ün- gefear yn syn gearstalling fan hjoed-de-dei fuortbi- stean litte kinne en dat wy der net in al to swier stik fan greate en djüre bungalows en in ek noch wer djüre frijsteande bibouwing yn it sintrum fan it plan oan ta heakje. Dit binne lykwols mar fragen, dy't ik stel. Büten de bungalows en it sintrale part yn it su- den bliuwe der neffens it tal wenten, dat opjown is, noch sa'n lytse 200 oan rigelebou oer. Ik freegje my of, oft dy 200 der wol yn sitte, hwant dan komt men op in frij smelle gevelbreedte en ik haw yn de foar- skriften lézen, dat dy 6 m wêze moat. Ik tocht, dat it yn 'e buert fan 'e 150 of 160 siet. Yn dat forban soe ik üt namme fan üs fraksje freegje wolle, hoe't it stiet mei de kansen fan wenningwetbou yn dit plan. It is net allinnich in winsk fan üs kant, mar wy achtsje it ek in twingende needsaek, dat ek oan wenningwet bou bihoarlike mooglikheden yn dit doarp oanwêzich wêze sille. En wol om in pear redenen: Wy binne bang, dat, as der allinnich mar bitreklik djüre keapwenten of wenten mei in öfgryslik hege hier binne, in part fan de eigen ynwenners, dy't foar in diel yn in wen- ningbistan sitte, dat net al to bést is (men sjocht dat yn alle doarpen yn Fryslan), net oan bar komme sil. Wenningwetbou achtsje wy yn it algemien fan bi- lang, mar binammen ek hjirre, omdat wy miene, dat de bifolking oars hwat to iensidich fan gearstalling wêze sil. It liket üs fierder ta, dat it ek foar wurk- nimmers yn Ljouwert in plezierige mooglikheit wêze kin om yn Goutum wenje to kinnen. It sintrum fan it plan is op himsels net ünaerdich fan opset, mar ik haw wol in pear opmerkingen dêr- oer. Ik wit wol, dat de middenstan sterk yn biweging is, mar dochs liket it üs ta, dat it lytse rigeltsje win kels foar de deistige foarsjenning wolris hwat to min wêze koe foar in totael ynwennertal fan 2000 en dêr moat men dochs op rekkenje, as men der 367 wenten by bout en yn it each haldt, dat Goutum nou rom 600 ynwenners hat. Hjir is wol plak ornearre foar bisündere gebouwen, mar wy freegje üs óf, oft der foar skoallen wol ge- nóch plak is. By in ynwennertal fan 2000 kin men der fan ütgean, dat men njonken in iepenbiere legere ek in bisündere legere skoalle hawwe moat. Is wol in twadde skoalle yn dit plan opnommen? Wy twivelje der in bytsje oan, oft dêr wol genöch plak foar is. Men kin sizzeDe aid skoalle is ek oanjown as bisünder gebou; dy bliuwt der wol stean, mar ik leau net, dat dat in goed ütgongspunt is. Wy soene de skoalle dy't dêr sa flak by dat tsjerkhöf stiet, hwat ek by bigraf- fenis ensfh. tige syn biswieren hat, graech nei in oar plak hawwe wolle, noch öfsjoen fan it feit, dat dy boutechnysk net mear fan sa'n béste kwaliteit is. Hjir mis ik wer it greate gehiel: Hwat komt hjir noch fier der omhinne troch ütbou oan de südkant fan Djouwert Hwant men kin ek sizze: Ien seisklassige skoalle fan hokker rjochting dan ek, is wol genöch; wy fine foar in folsleine legere skoalle fan in oare rjochting wol plak yn ien fan de oare wen-ienheden. Hoe hat men dit tocht? It sintrum fan it plan liket üs wol aerdich fan opset ta; as ik ien ding graech misse woe, dan binne dat de wentsjes oan de noardwestside fan de tsjerke. Ik kin my foarstelle, dat men dy stean litten hat; se binne noch fan in frij goede kwaliteit; ik hie lokwyls earne en dat hie miskien op dit plak kinnen graech in stik grien hawwe wollen yn it hert fan dit plan, dat byg. in boartersplak wêze kinnen hie, hwant soks misse wy dochs wol hjiryn. De moderne tiid hat yn safier wol tige it omtinken krige, dat men frijhwat garaez jes yn it plan delset hat. Der stiet: „garageboxen". Ik haw my öffrege: hwat foar dingen binne dat? Binne dat nou boksen dêr't garaezjes yn moatte of garaez jes, dêr't boksen yn moatte? Ik woe it mar halde op autoboksen of garaezjes. It is plezierich, dat men dy yn it algemien tocht hat as in kombinaesje by in bi- paeld groepke fan wenten. Frjemd fyn ik it, dat dat oan de noardkant by de bungalows net trochset is; dêr hat elk wer syn eigen garaezje. Ik tocht, dat soks swierrichheden joech. Strak sille der ek minsken wêze dy't de garaezje yn it gehiel fan de bungalows op- nimme wolle. Dêr jowe de bistimmingsfoarskriften ek de mooglikheit ta en ik achtsje dat een folie aksepta- beler oplossing as dizze aparte garaezjes. Aensen om- mers sil da iene him hjir hawwe wolle en de oare dêr. Opfallend is fierder, dat men tige konsekwint kea- zen hat foar in systeem fan hofkes. Der binne talie- dende strjitsjes en dy einigje praktysk oeral yn dy hofkes. Is dit wol in goede kar In tal minsken sille dat wenjen wol plezierich fine, mar oaren sille har op dizze manear net sa bot mear opnommen fiele yn it biweech en it gedoch fan alledei; dy wolle graech hwat forkear sjen. It giet hjir mar om doarpsforkear, dus dat hoecht foar nimmen in great biswier to wêzen. Troch dat hofkesysteem sil de kommunikaesje yn it doarp ek wol hwat yn it gedrang komme en ik soe yn elts gefal pleitsje wolle, as dit plan sa trochgiet, foar kuijerpaden. Yn dat opsicht haw ik ek noch bi- paeld in winsk, hwat de Wurdumerfeart oangiet. Dêr grinzgje allegearre bungalows oan en dat is op him sels prachtich, mar hie it nou net moai west foar de Goutumers yn it miene, dat men har de mooglikheit jown hie, om fia in kuijerpaed dêr ek lans to kinnen? Oer de foarskriften haw ik ek noch in pear opmer kingen. Yn art. 4 (oer iengesinshuzen), sub 4, stiet, dat de skuorkes by de wenten mar 8 m-' wêze meije. Ik fyn dat in bihyplike mjitte. In frij great tal mins ken ommers hat ien of oare hobby, meije thüs graech ris hwat prutse; dat moat dan yn sa'n tige biheinde romte barre. As it mooglik wêze soe, soe ik graech dy mjitte hwat opfierd hawwe, byg. oant 12 m-'. Yn art. 10 stiet ünder a, dat it forbean is „om af te graven tot een diepte van meer dan 1 m boven F.Z.P.". Ik leau, dat dit in bytsje bitizing jaen kin. Bidoeld sil wêze, dat men net djipper gean mei as ta 1 m boppe F.Z.P. In redaksjewiziging is faeks wol op syn plak. Dan woe ik noch efkes de biswierskriften by lans. G. Veenstra en J. Stienstra hawwe biswier, dat har ütsicht bilemmere wurde sil en dat de situaesje flak by de aide tsjerke en toer minder moai wurde sil. B. en W. anderje, „dat de toekomstige situering van de onderhavige woning gunstig is te noemen, wanneer bedacht wordt, dat de afstand tussen de achtergevels van deze woningen en die van de te bouwen eenge zinshuizen resp. 20 m en 40 m zal bedragen." Dat mei op himsels wier wêze, ik achtsje dy 20 m net iens sa'n geweldich royale mjitte, tominsten net yn forgeliking mei de tsjintwurdige situaesje. Ik soe der dêrom foar pleitsje wolle, dit plan-ünderdiel op 'e nij to bisjen. Mis kien kin men dan ek noch hwat mear oerhalde fan it aide stikje terp. Ik woe hjir noch oan ta heakje, dat ien fan dizze beide en ik nim oan, dat it Buorren 15 wêze sil de tagong ek allinnich mar oan de foar- side hat en dêr wurdt nou in wenningblok foar set. Dan kin men sizze: Dat is wol oars to regeljen, mar ik fyn it dochs wol in biswier. Ik woe dêrom graech, dat de boustrook op 'e hoeke efkes südlik fan de tsjerke, yn oansluting op it boublok dêr't de winkels yn projektearre binne, op 'e nij bisjoen waerd. Ut de biswierskriften blykt, dat yn it doarp de winsk libbet om de singel de Buorren, sa't it, mien ik, offisieel hjit hwat mear yn syn hear en fear to biwarjen. Ik wit net, oft dat mooglik is, mar ik soe graech yn oerweging jaen wolle dat punt nochris to bisjen. Men kin hjir tsjin yn lizze, dat it forkear der lans moat en dat men dêrom in breedte fan 7 m ha moat, mei 2 m oan wjerssiden. Kin de dyk dy't nei Teams en Himpens rint, net lans de noardkant fan it plan lutsen wurde en op ien of oare manear oansluten wurde op de provin- siale wei? Biswierskrift nr. 3 is fan in tal minsken, dy't oan de eastkant fan de tsjerke wenje. Sy sizze: Wy wurde der net better fan, as dit plan ütfierd wurde sil. Ik kin der yn komme. Oan de oare kant kin ik bigripe, dat B. en W. yn har antwurd skriuwe: Der is net oan to üntkommen, dat wy by dit nije plan dochs in part fan har tunen hawwe moatte. Dat nimt net wei, dat ik graech woe, dat ek dat plan-ünderdiel nochris op 'e nij bisjoen wurdt. It wol my dochs foarkomme, dat der faeks noch wol in krüm mear mei dy biswieren rekken halde wurde koe as dien is. Binammen bin ik it net iens mei it kon- sept-antwurd fan B. en W. op it biswierskrift fan de hear Kimsma. Dy hat in timmerbidriuw yn dit plak. Ik lês: „Overwegende t.a.v. de bezwaren van Kimsma, dat de afstand van het meest zuidelijke punt van zijn werkplaats tot de geprojecteerde garageboxen plm. 4 m bedraagt, waardoor ook grote vrachtwagens vol doende ruimte houden om het achterterrein van zijn bedrijf te bereiken; dat aan het aangevoerde bezwaar, dat de te bouwen garageboxen een uitbreiding van zijn bedrijf in de weg staan, voorbij kan worden gegaan, omdat meer dan een bescheiden uitbreiding van dit bedrijf in deze woonbuurt uit stedebouwkundig oog punt onaanvaardbaar is te achten." Ik wit net, hoe great de ütwreiding dy't de hear Kimsma him foar- stelt is; in feit is, dat dêr in timmerbidriuw stiet en my tinkt, dat dit de nedige romte halde moat. Ik bin it der net mei iens, dat dy romte opoffere wurdt oan in tal „garaezjeboksen" en dêrom freegje ik: Wol dy hoeke dêr nochris bisjen en lit dan sa'n bidriuw dat in bipaelde funksje yn it doarp hat, noch hwat mear oan syn trekken komme as it gefal wêze soe by ütfiering fan dit plan. Der stiet ek noch, „dat voorts met de belangen van reclamant bij aankoop of onteigening van een gedeelte van zijn perceel voldoende rekening kan worden gehouden". Hweroan de hearen dat „kan worden gehouden" üntliene, is my op dit stuit net alhiel düdlik. As dizze man dêr graech sitten bliuwe wol mei de mooglikheden dy't er dêr hat, dan leau ik, dat men dat sa net stelle kin. Dat sil dan allinnich finansieel wêze, mar dy kant praet ik net oer. Dizze man seit: Ik haw biswier, dat dy garaezje dêr komt. En dat kin ik my skoan yntinke. Der binne ek biswieren tsjin de wizigingen yn it byld fan de aid singel. Ik woe dochs noch ris tige yn it omtinken jaen, oft it net mooglik is fia in oare struk- turearring fan dit plan de singel mear yn syn wearde to litten as by it nou foarlizzende ütstel. In opmerking yn dit kader is, dat „met name het open karakter van de gedachte randbebouwing in het plan duidelijk ac centueert, dat het plan voorziet in een landelijke woon kern bij een stedelijk gebied." Dat is natuerlik bitrek lik, sjoen it feit, dat yn dizze selde kearn in hiel tichte bibouwing foarkomt. De biswierskriften fan it bistjür fan Doarpsbilang hannelje oer it doarpshüs en de iisbaen. It doarpshüs rint fuortendaliks gjin gefaer; dat bin ik my wol biwust. It stiet fan datoangeande op in frij gaedlik plak, op in grienstrook yn dit plan, it sil net daelks fuort hoege. Dochs woe ik yn dizze gearkomste graech fêstlizze, dat wy it tige op priis stelle, dat by de fuortgong dy't der miskien strak by de réalisaesje fan dit plan wêze sil, troch it Gemeentebistjür alle meiwurking jown wurde sil oan it bistjür fan „Dorps belang Goutum" en de „Stichting voor Sociaal en Cul tureel Werk te Goutum" om ta it oprjochtsjen fan in nij doarpshüs to kommen. Dêrby moat ek net üt it each forlern wurde, dat de doarpsmienskip yn it bi- steande doarpshüs al hiel hwat yn de rin fan de jier- ren ynvestearre hat. Mei de iisbaen, dy't yn dit en ek yn de oare biswier skriften neamd wurdt, is men wiis yn Goutum. En ik kin my dat yntinke. De kombinaesje „iisbaen-doarps- hüs" is ek finansieel, tominsten as it winter is, bi- paeld net min. Dochs leau ik net, dat de iisbaen op'en dür yn it sintrum fan in plak as Goutum to hanthaven- jen is. Mar oan de oare kant hie ik graech sjoen, dat yn in greatere omfieming direkt al socht wie nei- en in plak oanjown waerd foar in iisbaen. Nou tinkt men: Wy moatte mar öfwachtsje, oft wy wer in nijen ien krije kinne. Us fraksje achtet it needsaeklik, dat it Kolleezje him op koarte termyn biriedt oer it plak foar in nije iisbaen yn Goutum. Der is ek noch in biswierskrift fan de tsjerkfalden dy't oansteane op de forgreating fan it tsjerkhöf. B. en W. achtsje dat minder winsklik en wy kinne dat wol bigripe. Oan de oare kant soene wy wolle, dat nochris bisjoen waerd, oft de mooglikheit der yn sit. Wy binne it der wol mei iens, dat in tsjerkhöf net mear sa goed past yn in wenbibouwing fan hjoed-de- dei. Mar dy bigraefpleats is der nou ienris en üs tocht, dat foar in forgreating miskien noch in mooglikheit oan de westkant fan it tsjintwurdige tsjerkhöf is. Dan lit men it gegeven, dat dochs wol moai is mei de beam- merige om de tsjerke hinne, safolle mooglik yntakt en dan soe men dus de aide skoalle op dat plak forfalle litte moatte. Soe der dan net in sekere öfrouning fan it tsjerkhöf yn sitte Oan de oare kant binne wy it mei B. en W. iens, dat wy yn dizze tyd, hweryn ek de kremaesje mear it omtinken kriget en mear oan- furdige wurdt, net nei in al to greate omfang fan it tsjerkhöf ta moatte. Yn de wet stiet, dat de Rie oer de fêststelling fan it plan trije moanne neidat de „tervisieligging" öfroun is, bislisse moat. Dat is net bard; dêrom hie de Rie op dat momint neffens my wol in fordagingsbislüt nimme moatten. Ik soe dus aensen wol graech witte wolle, hwerom dat net bard is. Mooglik fanwegen de nijich- heit fan de foarskriften fan de Wet Romtlike Oarde- ring? Ik lês yn de mem. fan taljochting, dat de Rie dêrmei syn foech ta de fêststelling net forliest, mar dochs hiene wy it tiidskoft, dat wy nou oer de termyn hinne binne, bikoartsje kinnen. Wy fine fierder, dat wy wier to koart de tiid hiene mar in wike om in forantwurde oardiel oer dit plan to jaen. Wy soene it tige op priis stelle en faeks is it foar de biantwurding ek wol noflik, mar dat is myn saek net dat wy de bislissing oer dit plan yn de folgjende gearkomste nimme koene. De Voorzitter schorst de vergadering voor de koffie pauze. De Voorzitter heropent de vergadering. De heer Rijprna: Bij de beoordeling van dit bestem mingsplan voor het nieuwe dorp Goutum ben ik er van uitgegaan, dat dit een landelijk dorp moet blijven. M.i. is de enige mogelijkheid om deze landelijkheid te be reiken: de eengezinsbouw en speciaal de vrijstaande eengezinsbouw een vrij royale kans te geven. Doet men dit niet, dan ben ik bang, dat zo'n dorp dan al heel gauw gaat lijken op een niet geslaagde buitenwijk van een grote stad, zoals wij die overal in den lande in vor men van grote gelijkmatigheid aantreffen. En ik kan mij voorstellen, dat, als men dus niet tot blokkenbouw kan komen, omdat men een zekere openheid en een zekere dorpsheid prefereert, er dan niet een al te grote vrijheid is in de situering en in de verhouding van de verschillende typen woningen. In dit plan zijn 100 bungalows. Ik neem aan, dat wie een bungalow wil bouwen, dat wel uit eigen middelen zal moeten bekostigen. Ik weet niet, hoe dat staat met de vrijstaande woningen. Bij de vrijstaande eengezins woningen heb ik een vraagteken gezet en mijzelf af gevraagd: Is dit nog een categorie die in de premie- bouw kan vallen Of moeten die woningen ook uit eigen middelen worden betaald? Ik heb een stille hoop, dat dit plan zodanig opgezet is, dat deze categorie nog met een zekere overheidssteun tot stand zal kunnen komen. En bij het beoordelen van de groep blokken bouw ben ik er van uitgegaan, dat in ieder geval een vrij groot gedeelte hiervan in de woningwetsector ge bouwd zou kunnen worden. Als dit niet het geval is, dan krijgt het dorp wel een zeer eenzijdige structuur. Ligt het, zoals ik veronderstel, n.l. dat er 100 bunga lows zijn, te betalen uit eigen middelen, 75 woningen grotendeels te betalen uit eigen middelen, en 200 wo ningen, waaraan de overheid een belangrijke bijdrage kan geven, dan begint de samenstelling van de bevol king enigszins evenwichtig te worden. Aan de andere kant wordt het, gezien de tegenwoordige bevolking, toch wel een hele toer om van dit dorp een gemeen schap te maken. De belangen van de bevolkingsgroe pen die hier een woonplaats zouden vinden, zouden wel eens vrij sterk uitelkaar kunnen lopen. Hier ligt m.i. een bijzondere taak voor de vereniging Dorpsbelang,

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1966 | | pagina 4