2 Dit beroepschrift wordt in handen van B. en W. ge steld om preadvies. Punten 2 t.e.m. 7 (bijlagen nos. 150, 140, 155, 145, 138 en 139). Z.h.st. wordt besloten overeenkomstig de voorstellen van B. en W. Punt 8 (bijlage no. 157). De hear Boomgaardt: Ik tocht, dat it, as de Ge meente in pachter ófkeapje moast, forskil makke hok- ker leeftyd de pachter hie; dat men in pachter fan 26 jier in hegere skeaforgoeding jaen moast as ien fan 71. As dat sa is, soe der in biswier wêze kinne fan de kant fan de Gemeente om dizze yn-de-plak-stelling to hono- rearjen en dan woe ik dochs wol de kanttekening meit- sje, oft wy der wol forstannich oan dogge om sa flot- wei mei dit ütstel akkoart to gean. Wol haw ik de yndruk, dat dizze saek frij lang yn biwurking west hat, hwant it brief fan de hear Hotsma Sr., hweryn hy dit freget, is fan 22 july 1966, dus it is al in moai skoftke ünderweis. Dat fyn ik in bytsje frjemd. Ik haw wol ris heard, dat der in regeling mei de hear Hotsma Jr. yn de maek wie, dat dizze op de pleats fan Bakker koinme soe. Kin it dêr ek mei yn lorban stean? Ik libje nochal mei mei de boeren yn de omkriten fan Ljouwert. De yn-de-plak-stelling is my ek wol düdlik; dat is in wol algemien rjocht fan in aide hierder. Mar ik haw de Pachtwet nochris neisjoen en dêr stiet de folgjende bipaling: „De Pachtkamer kan de toewijzing van de vordering afhankelijk stellen van de vervulling van zodanige voorwaarden, als zij in het belang van de verpachter noodzakelijk oordeelt." Ik tocht dêrom, dat de Pachtwet it mooglik makke om in sadanige regeling to treffen, dat in forpachter gjin skea hoegde to hawwen, en dat de Gemeente biswier' meitsje koe tsjin it forsyk ta yn-de-plak-stelling. De pachter giet nei de Pachtkeamer en dan kin de saek bigjinne en de Gemeente soe foar har bilangen opkom- me kinne, foar safier dat mooglik wêze soe. Ik tocht, dat it foar de Gemeente in frij urginte saek wie om dizze groun yn gebrük to krijen en dêrom tomear freegje ik: Hwerom dy yn-de-plak-stelling? Men kin nou wol in jonge baes fan 26 jier op dy pleats sette, mar binnen hokker tiid sille wy dy groun nedich hawwe? Yn foarige sittingen is deroer praten, dat dizze polder op frij koarte termyn under in ütwreidingsplan brocht wurde soe; dêrom docht my dit ütstel ek psychologysk in bytsje frjemd oan. De hear Tiekstra (weth.): Op it eagenblik leit dizze pleats büten de ütwreidingsplannen, net yn it bistim- mingsplan. De soan fan de pachter hat rjocht op pachts- opfolging. Soe men nou mei de aide pachter in pacht- üntbiningsoerienkomst oangean, dan soe dat op itselde del komme, as hwannear't syn soan him nou opfolget, omdat by it birekkenjen fan de forgoeding fan it üt- pachtsjen fan de heit, rekken halden wurdt mei de pachtopfolgingsrjochten dy't de soan hat. En de ge dachte wie oarspronklik Bring Hotsma Jr. nei de pleats fan Bakker efter de Lange Njoggen yn deselde rjochten en honorearje dêr syn pachtopfolgingsrjoch ten. Dêr is lang oer praet: fan forline hjerst óf hawwe wy dêrmei ompield. Op it ein lykwols is it mar bleaun, sa't it wie; it seizoen wie ek al fier foardere en sa- dwaende wurdt dit ütstel nou dien, ek al, omdat it foar de Gemeente finansieel op itselde del komt. Dat bitsjut ek, dat wy, hwannear't wy bisykje en dat kin ek yndied ynkoarten wêze om dizze pleats dochs üt de pacht to nimmen, dan mei de hear Hotsma Jr. re geling treffe moatte. Mar dan hawwe wy dêr ek alle reden foar en dan kin de pleats ek noch eksploitearre wurde. Men hat dêr op dat stuit gjin skea fan, mar ik mei dêroan tafoegje, dat de Rie dan mei dizze saek natuerlik ek to meitsjen krijt. De hear Boomgaardt: It is wol düdlik. Ik haw in foründerstelling hawn, dy't yn dit gefal net blykt to jilden. Ik mei dan ek wol oannimme, dat Hotsma Jr. nou net yn de foründerstelling libbet: Nou hier ik. Hy wist dochs wol it is in psychologyske kwestje dat dit aensen foroarje moat. Der stiet noch neat swart op wyt en dat hoecht yn sekere sin net mar yn it flak fan persoanlike forhüldingen mei hy der dochs wol rekken mei halde, dat dit in kear op koarte termyn ophalde moatte sil. Dat sil ek wol bipraet wurde, nim ik oan, en dan is it foar my „Schluss". Z.h.st. wordt besloten overeenkomstig het voorstel van B. en W. runt 9 (bijlage no. 147). De heer Kingina: Ik wil er niet veel van zeggen, maar deze school is ook al eerder uitgebreid en net straatbeeld is totaal bedorven door deze verbouw. Er was laagbouw tussen de Opstandingskerk en „Het Knooppunt". En nu is dat geval op poten er voor ge bouwd. Dat is een verschrikkelijk lelijk gezicht. Ik be grijp niet, dat de Schoonheidscommissie dit goedgekeurd heeft. Er staat in de raadsbrief, dat de nieuwe uitbrei ding elders zal gebeuren, maar dat is men in een ander geval ook wel eens van plan geweest en toch kwam de noodruimte bij het gebouw tot stand. Ik hoop met, dat we deze school verder gaan bederven, hoewel dat bijna niet mogelijk is. Ik zou er meer voor gevoelen ergens anders een nieuwe school te bouwen. De heer Ten Brug (weth.)ik ben het met de heer Kingma eens, dat de situatie bij deze school niet fraaier is geworden door de uitbreiding met vier lokalen. Hoe dat met de uitbreiding van deze twee lokalen komt, is op het moment niet aan de orde. Aan de orde is de aanvrage ex art. 72 L.O.-wet. De school heeft nu in totaal 10 lokalen. Het aantal leerlingen maakt uit, dat er inderdaad nog twee lokalen bij moeten. Het auto matisme van de L.O.-wet brengt dan ook mee, dat een raadsbesluit moet worden genomen om medewerking te verlenen voor de uitbreiding van deze school met twee lokalen. T.a.v. de vraag, waar de nieuwe uitbreiding zal moeten komen, weet ik op het moment geen ver standig woord te zeggen, want dat zal apart bezien moeten worden. Als men boven op de overkapping van üe „bijgebouwde" villa nog twee lokalen zou bouwen, dan zyn we daar in de sfeer van art. 72 van de L.O.- wet helemaal niet bij betrokken, maar wel kunnen we esthetische bezwaren hebben en dan is het een kwestie van welstandstoezicht. De plaats voor de bouw zal een zaak van overleg zijn tussen schoolbestuur en Gemeen te; op het ogenblik is in de omgeving geen terrein voor twee lokalen beschikbaar. Z.h.st. wordt besloten overeenkomstig het voorstel van B. en W. Punten 10 en 11 (bijlagen nos. 152 en 151). Z.h.st. wordt besloten overeenkomstig de voorstellen van B. en W. Punt 12 (bijlage no. 153). De heer Kingina: In de stukken heb ik gezien, dat er twee scholen zijn, die een extraatje kregen, maar enkele kleinere en ik hoop eigenlijk, dat ik verkeerd vergeleken heb speciaal die in Lekkum, dat was wel de kleinste, hielden bijna niets over om te besteden als ze dat bedrag moesten terugbetalen. Hoe zit dat eigenlijk Komen die scholen nu erg in de verdrukking De heer Ten Brug (weth.): Het gaat bij dit besluit om vaststelling van het bedrag, dat de Gemeente omgerekend per lokaal en per kleuter voor die twee verschillende kostengroepen van het openbaar onder wijs in deze vijfjarige periode heeft besteed. Bekend is het bedrag, dat het Rijk voor deze onderdelen beschik baar heeft gesteld. De wet zegt, dat wat de Gemeente meer heeft uitgegeven voor de openbare school dan die twee rijksbijdragen, ook aan de schoolbesturen moet worden uitgekeerd. En deze afrekening geschiedt over een periode van vijf jaar. Het is immers, met het ver lenen van voorschotten, mogelijk, dat de bijzondere schoolbesturen een bepaald jaar te veel zouden krijgen en een ander jaar weer te weinig, iets wat met berekening over een grotere periode in de hier bedoelde tijd van vijf jaren zijn zelfs belangrijke aanschaffingen gedaan opgevangen kan worden. Ik geef toe, dat de school in Lekkum een behoorlijk bedrag moet terugbetalen. Dat zit hierin, dat in 1956, toen de 3 wet in werking trad en wij nog niet precies het bedrag kenden, dat per leerling van rijkswege zou worden uit gekeerd, een wat hoog voorschot aan Lekkum is be taald. Dat betekent niet, dat Lekkum minder krijgt dan de andere scholen. Lekkum krijgt ook precies het bedrag, dat de Gemeente meer heeft uitgegeven voor het openbaar onderwijs dan de rijksvergoeding bedraagt. Z.h.st. wordt besloten overeenkomstig het voorstel van B. en W. Punt 13 (bijlage no. 136). De hear Pietersen: Oer it generael kin üs fraksje wol akkoart gean mei de teneur fan it brief dat B. en W. by dit advys jown hawwe. Mar der binne in pear punten, dêr't wy neijer op yngean wolle. En wol yn it earste plak op it feit, dat fan de fjouwer doarpsskoal- len trije, sa't hjir stiet, de bern wol opheine yn 'e memme- tael, mar gjin twatalich ünderwiis jowe yn de sin fan de wet. En nou hawwe wy it gefoel, dat it better wie as men bisykje soe om wierliken mei goed opset twa talich ünderwiis to set to gean. Dan soe men freegje kinne oan de Wethalder fan Ünderwiis, oft dy de aldenkommisjes dêrop wize koe. Hwat sy dogge is yn üs eagen in hwat gefaerlike saek. Dat twatalich ün derwiis rnoat men net ünderskatte; it freget nochal hwat fan it persoaniel dat deroan wurket; dat moat bislist in goede training hawwe en moat ek efter him in ynstansje witte dy't him helpe kin. Nou hawwe wy yn Fryslan sa'n ynstansje en dat is it Pedagogysk Ad- fysburo. Wy soene it plezierich fine, as men dêr ris help frege. Fierders wurdt hjir sein: „Hoewel ons van de be hoefte bij de ouders aan een tweetalige school in deze dorpen niet is gebleken," Dochs hawwe wy it ge foel, dat men net wachtsje moat op de bihoefte dy de alden blike litte. De alden winskje goed ünderwiis en it is spitich men soe sizze kinne: tragysk dat it hiele probleem fan it twatalich ünderwiis yn de sfear kommen is fan pro of kontra Fryske Biweging. Dat hat der lykwols neat mei to meitsjen. It is fol- slein in technyske fraech, hoe't men de bern it bést ünderwiis jaen kin en yn sa'n gefal soe men ek net wachtsje moatte op de alden. dy't in kear komme soene to freegjen, hwant dan soe it wolris hwat oan de lette kant wêze kinne foar de bern. Wy fine yn üs fraksje, dat it fan bilang is, dat dy bern sa goed mooglik ün derwiis krije en dat is yn dit gefal foar in bern, dat tige twatalich is en dat is op al üs doarpen sa it twatalige systeem. Dan moat men ek fierder derom tinke, dat it net in kwestje wurdt fan in stimming, dy't op sa'n aldenjoun halden wurdt as der ris in des kundige oan it wurd west hat. By stimmingen krije wy ek wer to meitsjen mei it tragyske, dat der winliken net stimd wurdt foar goed ünderwiis, mar pro of kon tra it hiele Fryske probleem. En nochris, it is in fol- slein technyske kwestje. Dan bliuwt der noch in tredde puntsje oer. As ik it goed sjoen haw, dan hawwe B. en W. yn it biried gebrük makke fan in pear mooglikheden dy't de wet jowt. En wol yn it earste plak de mooglikheit dy't yn art. 3 stiet: „Daar waar naast de Nederlandse taal de Friese taal of de streektaal in levend gebruik is, kan het leerplan bepalen, dat ten hoogste tot in het derde leerjaar de Friese taal of de streektaal mede als voertaal bij het onderwijs wordt gebezigd." Dat is hwer't praet wurdt oer de twatalige skoalle. Fierders wurdt yn it brief praet oer in twadde moog likheit, n.l. it fak Frysk fakultatyf yn to fieren yn de skoallen yn Ljouwert. „Daaraan kunnen de vak ken in de artikelen, onder r en w vermeld (w is Frysk), worden toegevoegd." It liket üs ta, dat B. en W. in tredde mooglikheit net sjoen hawwe en dat is de al- alde mooglikheit fan de wetswiziging-Slotemaker de Bruine. Dat is art. II, ünder 3: „Daar waar naast de Nederlandse taal de Friese taal of de streektaal in levend gebruik is, kan onder lezen en Nederlandse taal enige kennis van de Friese taal of van de streektaal begrepen zijn." Wy woene wol hawwe, dat B. en W. bisochten de skoallen binammen yn Ljouwert ris hwat waerm to meitsjen foar dizze mooglikheit. It hat in foardiel, hwant as men it fak fakultatyf yn- fiere soe, sa't it ek sein wurdt yn it riedsbrief, dan moat de ünderwizer en ünderwizeres yn it bisit wêze fan de legere akte Frysk. As men it docht, sa't it yn art. II, ünder 3, stiet, is der fan in akte gjin sprake. Dan kin elke ünderwizer it dwaen. Ek by dizze moog likheit moet ik wer wize op de kans, dy't der is om bigelieding to krijen fan itselde Pedagogysk Advys- buro. Ik wit net, oft ien fan de gemeentlike Ljouwerter skoallen oansluten is by dit buro; it kostet tsien goune jiers, mar dan krijt men dus op in tige praktyske manear alle help, dy't men hjir nedich hat. Ik soe sizze: It brief hat de geast fan in hwat hoedene leaf- desforklearring. Ik soe leaver wolle, dat it hwat min der platoanysk wie en dat men ek de skoallen yn dit opsicht in bytsje oanpuonne koe en sizze woe Hjir binne mooglikheden en as it byg. sa ütkomme soe, dat frege waerd om oan üs legere skoallen yn de heech- ste klassen art. II, ünder 3, to forwêzentlikjen en dêr- foar in ekstra kredytsje to jaen foar lêsboekjes, dan hoopje wy, dat Jimme dan ek in bytsje royael wêze soene. De hear Klomp: Ek neffens üs fraksje is it ünder wiis yn it Frysk to wichtich om dit agindapunt mei in hammerslach of to dwaen. Wy binne bliid, dat B. en W. posityf tsjin it Frysk oer steane. Dochs sil der mear barre moatte. Oer de twatalige skoallen kin ik wol koart wêze; dy sille wol ta de doarpen biheind wurde moatte. Ek wy hoopje, dat it ündersyk, dat yn Himpens, Lekkum en Wurdum dien wurde sil, net al- linnich bistean sil üt it freegjen oan de alden, oft hja foar of tsjin binne, mar dat der foarof ek gelegen- heit jown wurdt om de alden foar to ljochtsjen oer it foar en tsjin fan twatalich ünderwiis. De wet lykwols skriuwt sokke ündersiken net foar. B. en W. hawwe it foech om in skoalle yn in twatalige om to setten. Hja hoege net to wachtsjen oant der in flinke mear- derheit foar is. Mei dy flinke mearderheit lizze B. en W. har seis neffens üs to folie oan bannen. Nou eat oer it Frysk ünderwiis yn de heechste klas sen. Ut de redaksje fan it préadvys haw ik opmakke, dat de regeling-Cals bidoeld wurdt; dy haldt yn dat is niis ek al sein dat it Frysk dan as fak-w op it learplan set wurde kin. Dat soks noch oan gjin ien skoalle bart of bard is, is tige spitich. It is ommers in forriking foar it bern, as it ek leart Frysk to lézen en to forstean. Dêr sille wy it allegearre wol oer iens wêze. Mar ek hjir lizze B. en W. har wer tige oan bannen, hwant se sizze: De greate mearderheit fan de alden moat it seis winskje. Mei it fak hannearbeit giet it hiel oars. Dêr oer stiet yn it learplan: „Aan de daarvoor door B. en W. aan te wijzen scholen of klassen kan bovendien onderwijs worden gegeven in handen arbeid." En is it ünderwiis yn it Frysk foar de Ljou werter bern, dat ek diel ütmakket fan de Fryske folks- mienskip, minder wichtich as hanne-arbeid It a.r. gemeenteprogram seit: „Mei it twatalich karakter fan üs gewest moat by it ünderwiis rekken halden wurde." Oare partijen dat hawwe wy niis ek al heard steane ek op dat stanpunt. Mar dan moat ik konklu- dearje, dat wy meiinoar oant nou ta in tige meager resultaet bihelle hawwe: Allinne ien twatalige skoalle yn Goutum en fierders wurdt der neat oan Frysk ünderwiis dien. (De heer Heidinga: Van Goutum be gint de Victorie!) Sa is it. Is dit net in bidroefd lyts bytsje en dat foar in gemeente, hwer't it sechste part fan de Fryske bifolking wennet? Men moat jin deroer bisauwe. Nou binne dêr redenen foar oan to wizen en de wichtiehste is, dat mar 8 fan de 129 learkrêften de akte Frysk bisitte. Hjir sil hwat oan dien wurde moatte. Yn dit forban sille wy by it bigjin bigjinne moatte en dêrmei bidoel ik de bineamingen. Soene B. en W. by it oproppen fan sollisitanten net formelde kinne: „Kennis fan it Frysk is winsklik" Dan wurdt der neist de honoarearring wer in positive bydrage le- vere om it oars en better to krijen. Fierders soe it in goed ding wêze om sa gau mooglik it Frysk as fak op it learplan to krijen fan dy skoallen, dêr't wol learkrêften binne mei de akte Frysk. En wat de regeling neffens de wet-Slotemaker de Bruine oangiet, kin ik my hielendal oanslute by hwat de hear Pietersen sein hat. Dan kin it sünder akte. En dan binne der noch gans mooglikheden. De heer Do Leeuw: Is er t.a.v. de scholen voor l.o. in de gehele gemeente wel eens een enquête gehouden naar de voertaal thuis? Wij hebben n.l. een ogenblik

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1967 | | pagina 2