it konsultaesjeburo. Mar hat dêr ek in bisprekking mei de wethalder oer west? Ik mien lézen to hawwen, dat it bistjür fan de N.S.V.H. en dat fan de Stifting itselde is, mar as de wethalder seit, dat it bistjür fan de stifting kea- zen wurdt üt it bistjür fan de N.S.V.H., dan wol ik ek dat oannimme, mar dan bliuwt dy ban in ider gefal dochs hiel düdlik bistean en dêr komt dan dochs noch as düdlike faktor by, dat ütdruklik fêstlein is, dat de idéen fan de foriening tapassing fine moatte yn de buro's fan de stifting; dat bliuwt dan myn bi- swier. Tsjin it bitooch fan de hear Vellenga haw ik it bi- swier, dat hy to folie rélativearje wol. De Wethalder seit seis, dat de teach-in üt 'e han roun, mar it giet my to maklik dat mar to aksep- tearjen. De heer VellengaIk kan in alle duidelijkheid aan het adres van de heer Rijpma zeggen, dat ik in mijn hart volkomen anders denk dan hij veronder stelt. Ik geloof, dat wij ons op dit punt los moeten maken van een heel stuk traditioneel denken, waar bij ik niet ontken dat natuurlijk op dit terrein be paalde normen blijven gelden die voor een deel tijd gebonden zijn en voor een deel niet. Als ik zie welke figuur tot directeur van dit bureau is benoemd en als ik denk aan een gesprek, dat ik met een gerefor meerd man uit Arnhem had, die voorzitter is van de afdeling N.V.S.H. in zijn stad ik noem dat maar als voorbeelden om duidelijk te maken, dat het niet typisch een geval is van normloze mensen maar dat tal van mensen, zowel humanisten als christenen, het grote nut van deze Vereniging inzien dan geloof ik, dat het fout zou zijn om te zeer af te gaan op de samenvatting van de uitzending, die voor de T.V. is gegeven. Ik geef toe, dat er misschien een zekere zelfverzekerde toon aanwezig was bij de Presidente, maar daar wil ik mij niet op blindstaren. Ik geloof dat de wethouder van zijn kant rustig en zakelijk ge argumenteerd heeft geantwoord. Toch zou het mis schien zin kunnen hebben, omdat men in een demo cratische gemeenteraad recht moet doen aan alle bezwaren die zijn geuit, dat toch een bepaald gesprek plaats vindt, niet om sancties uit te oefenen maar om duidelijk te zeggen, dat in de Gemeente raad zekere bezwaren naar voren zijn gekomen. De heer Ten Brug (weth.): N.a.v. wat de heer Boomgaardt zegt antwoord ik uit de stukken gelezen te hebben, wat ik ook in eerste instantie heb gezegd, dat er een organisatorische scheiding is. Betreffen de de opmerking van de heer Engels over de „be ruchte" teach-in op zichzelf, merk ik op, dat alle faits et gestes van de N.V.S.H. niet zonder meer voor rekening van het College worden genomen, ook door mij persoonlijk niet, maar ik dacht dat het bij dit voorstel heel duidelijk ging om het werk van het consultatiebureau en ik heb begrepen dat wij het daar ook wel met elkaar over eens zijn. Ik ben, en ik dacht het College ook, wel bereid om iets van de sfeer die ik hier in de Raad proef van wat vooral de heer Rijpma heeft gezegd, door te geven aan de bevoegde instanties. Ik kan U alleen zeggen, dat ik onlangs nog een gesprek heb gehad met de heer Sirag, tot voor kort leider van dit consultatiebureau, die mij heeft verklaard ook wel bezwaren te hebben inzake het optreden op sommige punten van de Ver eniging. Ook in sommige kringen van de Vereniging leeft dit dus wel. De hear Tjerkstra: Juster is der oer saken fan romtlike oardering praet; ik sil der omwille fan de tiid net wer oer bigjinne, hoewol de oanstriid frij great is. Oer ien bipaeld punt wol ik it noch wol graech ef- kes hawwe. Dat is oer it bistimmingsplan-Goutum en wol oer datjinge hwat op bis. 24 fan it Oanbie- dingsbrief en op bis. 25 fan de mem.f.a. stiet. Yn it Oanbiedingsbrief stiet, dat it Kolleezje ta de kon- klüzje kommen is, dat it foar it üntwerpen fan in nij plan-Goutum net winsklik is in stedeboukundige to freegjen, dy't underfilling hat mei it meitsjen fan in doarpsplan. Dêr folgje dan in tal arguminten op, dy't mei de basis foar dy konklüzje foarmje. Dy komme derop del, dat Goutum in oar karakter krije moat as mannich oar doarp. Dêr kin ik noch wol yn meigean; mei „karakter" sil hjir bidoeld wêze „funk- sje" en ik jow graech ta, dat de funksje fan Goutum fanwegen it deun tsjin de stêd oanlizzen in oaren ien is as byg. dy fan Wommels, mar it oarsaeklik forban tusken de konstatearring fan dy oare funksje en de earderneamde konklüzje üntgiet my folslein. Lykwols, de oare funksje is net de iennichste reden, hwant oan it oanwizen fan in aparte stedeboukundige, sa lês ik yn it Oanbiedingsbrief, sitte ek noch in protte konsekwinsjes. Hokker wurdt net üt 'e doeken dien; ik swij dêr dus fierder ek mar oer, hoewol ik der wol nijsgjirrich nei bin. Ien en oar hat foar it Kolleezje oanlieding west de direkteur fan Iepen- biere Wurken opdracht to jaen, nei to gean, oft it mooglik is oan de doedestiids yn de Rie neamde bi- swieren tomjitte to kommen mei hanthavening fan de opset fan it plan. Hokker opset is hjir nou bidoeld? Is it de finansiéle, de eksploitaesje-opset, dan sit der foar in oare stedeboukundige opset noch wol romte yn dy opdracht. Ik twivelje der lykwols oan as dat wol de bidoeling is. Ik hear it aenst wol. Is it lyk wols de stedeboukundige opset, dy't hanthavene wur de moat, dan liket my dat in poepetoer en de opdracht in ünmoogliken ien ta, hwant der binne yndertiid sa'n 20 a 30 biswieren, opmerkingen en suggestys nei foaren brocht. Ut it Oanbiedingsbrief docht net bliken, hwat der barre moatte soe, as de direkteur fan Iepenbiere Wurken ris ta de konklüzje komme mocht, dat syn opdracht yndied ünmooglik is. Ik wit net, oft der al in konklüzje is; sa ja, dan bin ik der tige nijsgjirrich nei dy to hearren. De saek wurdt der foar my net düdliker op, as ik yn de mem.f.a. lês fan in „eventueel herzien plan, als in de Aanbiedingsbrief bedoeld". Hwat bidoelt it Kolleezje nou krekt mei „eventueel herzien"? Haldt dat yn, dat it plan faeks ek net hersjoen wurde kin en dat itselde plan as dat for line jier novimber hjir bi- praet is, üt 'e bus komme kin? Hwat bitsjut yn dit forban „een plan als in de Aanbiedingsbrief be doeld"? Ik lês, dat it de bidoeling is dizze saek yn de Kom- misje foar de Iepenbiere Wurken to bipraten; dêr hie ik al hwat fan grütsjen heard. Op himsels kin ik it dêr wol mei iens wêze, mar ik soe it dochs tige op priis stelle yn it forlingde fan hwat der hjir sein is oer kommisjewurk dat der in modus foun wurde koe, om op syn minst ek dy fraksjes dy't gjin fortsjintwurdiging yn dy kommisje ha, op it goe de tiidstip by dat oerliz yn to skeakeljen, sadat de Rie yn syn totaliteit bihoarlik ynljochte is, as de saek wer oan de oarder komt. Noch in fraech. Der stiet yn de mem. f.a. sa aer- dich: „Indien de Raad er nu reeds op zou staan, dat advies wordt gevraagd van een deskundige op het gebied van het ontwerpen van dorpsplannen, zullen wij hiertoe overgaan." Dat is in frij positive tasiz- zing, mar ik bin der nijsgjirrich nei to witten, as de Rie it net nou freegje sil, hwannear't hy it neffens it Kolleezje dan noch wol dwaen kinne soe. Ta bislüt dit: It plan-Goutum rekket foar myn ge- foel hwat yn in ympasse en dat moat net. De kom- mentaren, dy't yn dit Oanbiedingsbrief en de mem. f.a. fan de kant fan it Kolleezje jown binne, meitsje de saek ek net helderder en ik soe graech wolle, dat ik aensen in düdlike ütliz krige, hoe't it mei dit plan stiet; koartsein, hwat it Kolleezje yn it bisünder de bitrutsen wethalder fan doel is to dwaen. De heer Rijpma: Aangezien de vragen die de heer Tjerkstra stelt ook voor een belangrijk deel de vra gen zijn van de fractie van de C.H.U., zie ik het ant woord van de Wethouder met belangstelling tege moet, gezien ook het feit, dat er voor het uitkomen van deze m.v.a. een kort gesprek is geweest tussen de Commissie van openbare werken en de betrokken Wethouder en dat de terminologie die in de m.v.a. gebruikt wordt de indruk maakt in een eerder sta 23 dium geformuleerd te zijn. Mocht de formulering van later tijdstip zijn dan ben ik des te nieuwsgie riger naar de antwoorden die de Wethouder zal ge ven aan het adres van de heer Tjerkstra. De hear Tiekstra (weth.): Ik kin de hear Tjerk stra antwurdzje, dat B. en W. konfrontearre binne mei in ütspraek fan de Gemeenterie, hwerüt foar harren in kategoaryske biliedslyn to distillearjen foei. Ik wol dy ütspraek üt dy gearkomste fan 30 no vimber noch wol efkes oanhelje: „De Rie fan de gemeente Ljouwert, by elkoar yn de gearkomste fan 29 novimber 1966, stelt üt, B. en W. to forsykjen: a. it bistimmingsplan-Goutum werom to nimmen op groun fan de biswieren, suggestys en winsken, dy't by de bihanneling yn de Rie nei foaren kommen binne". Dat is op himsels düdlik, hwant dat stiet alle- gearre folledich yn it forslach; b. it plan jitris yn stüdzje to nimmen". Dat wie de ütspraek dy't de Rie dien hat ünder foar- bihald uteraerd, dat B. en W. foar harren seis wolris ef kes sjen moasten, hoe't alles der by lei en dat yn in tiid, dat hja sieten mei it feit, dat de bigreating uteraerd ek syn bislach krije moast. Dat hat laet ta in yntern biried: Hoe komme wy hj iermei fierder? De Rie sil him wis noch wol yn it sin bringe kinne, dat ik nochal mei klam sein haw, dat it net-fêststellen fan in plan, sa't it foarlein is, ünmeiber fortragingen foroarsaekje kin en fierders ek, dat by de definitive ütfiering fan sa'n plan uteraerd oanpassingen a 11 y d oan de oarder komme kinne. Nou wit ik wol dat, as üt it birie fan B. en W. foroaring fuortkomme soe, de Rie derby bitrutsen wurde soe. Mar it hinget hielendal óf fan it ynsjoch, dat B. en W. op sa'n stuit omtrint in saek hawwe, en ik kin my dus ek bést foarstelle, dat de Rie seit: Wy wolle der fan to foaren, as it kin, by wêze; dat is in folslein ridlik forlangen. B. en W. sitte altyd yn dy situaesje, dat hja eigentlik witte moatte, hokker biliedslyn de Rie harren omtrint in plan oanjowt. Dat hat de swierrichheit en ek it hwat dizenige yn de situaesje west, hwermei ik dan dejingen dy't dizze ütspraek ta stan brocht hawwe, net in forwyt meit sje wol. Ik kin my bést foarstelle, dat men, as yn de Rie op in bipaeld eagenblik in ütspraek ta stan komt, dêr in great part fan de Rie efter krije wol. Der haw ik alle bigryp foar, mar B. en W. moatte mei it wurk trochgean. Nou haw ik altyd fan bitinken west en dat haw ik by dy gelegenheit faker as ien kear sein dat it mooglik wêze moast, in oantal winsken en forlangens sa't dy ütsprutsen binne, mei hantha vening fan de opset fan it plan, yn in foroare plan op to nimmen. Dat hat ek foar it Kolleezje de reden west om dy formulearring yn it Oanbiedingsbrief to hantearjen. Ik siz mei opset „in oantal winsken en forlangens", hwant as de mearderheit fan de Rie ka- tegoarysk en düdlik fan miening is, dat der in fol slein oar en nij plan komme moast, dan hie dizze meidieling fan B. en W. gjin sin hawn. Mar dat koe üt de ütspraek, sa't de Rie dy dien hat net helle wurde. Uteraerd hechte B. en W. deroan sa gau mooglik in plan to krijen foar Goutum, hwant it proses yn Goutum giet syn gong. Fandêr dus de ütspraek yn it Oanbiedingsbrief: „met handhaving van de hoofd- opzet van het plan." Yn it seksjerapport is hjiroan noch ienige oandacht skonken, mar dêrmei is men uteraerd net üt de ympasse kommen. Dat is fol slein düdlik. En wy woene wol, dat der in düdlike ütspraek üt de Rie komme soe. Ik leau, dat de gear komste fan hjoed dyjinge is, hweryn in eventuele üt spraek troch de Rie dien wurde kin. Wy hawwe dus yn de mem.f.a. dellein, dat, as de Rie derop stiet, wy der ta oergean sille in deskundige in düdlike en kategoaryske opdracht to jaen. De wurden „een eventueel herzien plan" slaen net op de eventualiteit fan it oanbringen fan foroaringen yn it plan, sa't it yn de Rie west hat, mar slacht derop, dat, as de Rie ta in ütspraek komt as yn de léste alinea stiet, dan de mooglikheid natuerlik oanwêzich is, dat der, mei oan de han fan it advys fan sa'n deskundige, in n ij plan komt. B. en W. binne yn de folchoarder fan harren tinken ütgongen en bliuwe ütgean fan it plan, sa't it in haedsaek opset wie. Ik leau, dat der tusken de hear Tjerkstra en üs heechstens in nuanse-forskeel is oer de funksje fan Goutum. Wy binne it der natuerlik oer iens, dat Goutum net hielendal in selsstannich doarp is. De funksje fan Goutum kin biheinder wêze, omdat hja i'oar in great part de wentefunksje is foar harren, dy't tichteby de stêd en dochs büten wenje wolle (globael formulearre). It kin nea de funksje fan in kompleet selsstannich doarp hawwe. De ütdrukking „met handhaving van de hoofdopzet van het plan" hat natuerlik forskate kanten. De planologyske kant is fansels in kwestje fan yndieling, fan it oanjaen fan de typen fan bibouwing ensfh. Mar keihurd bliuwt ek foar üs de réalisearberheit (dat wol dus yn feite sizze de finansiéle grounslach) fan sa'n plan. Dat is ek in kant fan de saek. De wurden „handhaving van de hoofdopzet van het plan" kinne op beide ele- minten, op beide aspekten bitrekking hawwe. Nou stelt de hear Tjerkstra de fraech, hwat dei- barre moat, hwannear't de direkteur fan Iepenbiere Wurken ta de konklüzje komme soe, dat de opdracht, lyk as dy hjir jown is, net ütfierber is. Ik kin al- linnich mar sizze: Oant heden ta is dy direkteur net ta dy konklüzje kommen. It is seis oars. De direk teur (stedeboukundige öfdieling) is fan bitinken, dat it wol mooglik is oan de biswieren ensfh. tomjitte to kommen „met handhaving van de hoofdopzet van het plan". Mar der moatte tofoaren goed oerliz en in goede tarissing wêze; oars is it net ütsluten, dat, as it plan op deselde manear as it yn novimber yn de Rie west hat, wer yn de Rie komme soe, wer for- skil fan miening opleverje sil. Dat hoecht net yn to halden, dat de Rie op'e nij ta in ütspraek komme moat. It giet der dus om, dat der fan to foaren yn it ramt fan hwat der al oer sein is en dan kom ik wer tichter by de hear Tjerkstra goed oerliz wêze sil binammen tusken Rie en B. en W. Hwant Rie en B. en W. binne it der wol oer iens, dat der sa gau mooglik in goed plan foar Goutum komme moat. Hoe earder dat it gefal is, hoe better foar Goutum. Wy kinne de situaesje yn it doarp en om- kriten net lang fuortbistean litte en mei de aide re gelingen fierder wurkje om de saek sa'n bytsje, lyk as dat yn de forroune jierren it gefal west hat, op to heinen. Hwat de ynhald fan dat goede plan foar Goutum wêze sil, dêroer kin altyd noch forskeel fan miening bistean. Ik haw juster en miskien hjoed noch wolris sein, dat ek it Kolleezje deroan hecht, dat oan de taris sing foar ütwreidingsplannen yn in sa folledich moog lik foar-oerliz mei de Rie wurke wurdt. En dizze organisaesje moat binammen ek sa folslein moog lik syn bislach krije kinne by de bihanneling fan de romroftige Kommisjesnota (hwer't wy nou dochs óf- gryslike ticht oan ta binne), opdat dit soarte fan ünbifredigjende situaesjes net wer foar komme kin, hwat dan ek de ütslach fan it birie wêze mei. It kin dus ek blike dat hinget óf fan de mjitte, hweryn oerienstimming (of forskeel fan miening) bistiet oer hwat yn it Oanbiedingsbrief of de mem.f.a. sein is dat de Rie aenst wol in kompleet nij plan foar him hat. De Voorzitter: Ik zou het wel op prijs stellen, ge let op wat ik intussen allemaal over dit probleem heb gehoord, dat de Raad zich vandaag bijzonder duidelijk uitspreekt, want anders komen we nooit verder. We zijn op het ogenblik intern bezig en bin nenkort komen we daarmee in de Commissie voor Openbare Werken, dan bij het College en daarna bij de Raad terug. De andere weg is, als U daar geen vertrouwen in heeft en meent, dat toch een des kundige ingeschakeld moet worden, dat de Raad zich hier vandaag over moet uitspreken. Dan weten wij waar wij aan toe zijn en dan weet het College ook duidelijk of wij er in dit stadium een deskundige bij moeten halen. De Raad zou zich dus op dit mo ment tot de kwestie al of niet een deskundige, kun nen beperken.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1967 | | pagina 12