ii* \i Bleekleanc cn Wybrand de Geeststrjitte en omkriten en it lizzcn fan de Camminghabrêge, fynt wis mei my, dat dizze saek wolris earnstich troch it Kolleezje bi- sjoen wurde mei, ek yn oerliz mei de tsjinsten. Wiken oan ien wei hawwe op it niisneamde punt twa of trije minsken oan it wurk west en der wiene in heap saken yn'e omkriten fan'e Bleekleane en de Bote fan Bolswert- strjitte, dy't in forskriklike lést hiene dei oan dei, om dat it forkear dér net troch koe. En dat hat moannen en moannen blokkearre west; der hawwe wiken en wi ken tusken sitten, dat der mar in hiel lyts bytsje oan dien waerd. Dit soart dingen moat yn de uterste fines ses pland wurde en men moat de finger oan de pols nalde, dat it ek bart, hwant it bilang, dat talleaze [minsken, in hiele bulte saken, it hiele forkear, de stêds- bussen, ensfh. derby hawwe, dat dit soart wurken sa jfluch mooglik oanpakt en ütfierd wurdt, is öfgryslik 'great. Ik leau, dat wy dat bislist net ünderskatte meije en ik bin in bytsje bang, dat dit net sterk gcnöch troch it Kolleezje oanfield wurdt Men kin tsjin it arbeidzjen yn twa pioegen wol soasiale biswieren ynbringe it is hwat in forfelende saek yn ploegen to arbeidzjen it nimt lykwols yn trochsneed ta, yn fabriken ek, mar as wy yn Djouwert sa i'oar en nei mei in ütsünderings- gefal sitte, moatte wy dit, leau ik, der op ta niinme. ik haw de yndruk en dat is ek hwat ik heard haw dat it wurkjen yn nachttsjinst by it oanlizzen fan'e forkearsljochten by de Julianaleane bisünder goed fol- dien hat, en dat men dêrtroch flugger klear koe as hwannear't men it inkeld oerdeis dien hie; men makke sa de üren produktiver. Men hie gjin lést fan forkear en fan minsken dy't der om hinne steane. Men kin trochavensearje en ik leau, dat it tige goed foldien hat. De kosten skine ek bést tafallen to wezen dér op dat punt. Nou soene B. en W. it oars bisykje kinne en dit wurk sa fluch mooglik ütfiere litte troch efter de ploech fan minsken dy't dêr oan arbeidet, tige oan to sitten om yn oerwurk it oantal wurkdagen to drukken. Dat wurdt yn dit forban ek earne sein. Mar ik haw dêr greate biswieren tsjin. Ik haw hjir in krante-artikeltsje mei de folgjende koppen dy't yn dit forban, tocht ik, al hiel düdlik binne. „Dwaze situatie in Zuid-Limburg". En de folgjende kop is: „Veel mijnwerkers werkloos; collega's moeten overwerken." As wy hjir bisykje soene it oantal dagen, dat arbeide wurde moat oan dit pro- jekt, lytser to krijen troch ien ploech oerwurk dwaen to litten, dan soe ik dat ütdruklik yn dizzc situaesje foi'keard achtsje! As wy yn twa ploegen arbeidzje, dogge wy as Gemeente ek mei oan it bistriden fan wurkleazens; dat bart wol mei it arbeidzjen litten yn ien ploech, mar dat bart sterker as wy wurkje litte yn twa ploegen; dêr kinne wy it, tocht ik, wol alle- gearre oer iens wêze. Ik wol dit noch efkes sizze: Yn myn brief haw ik wol oantsjut hwer't it my om gyng. Mar it hat net myn bidoeling west dit oan it adres fan de hear Vellenga - myn fragen „uitputtend" oan'e oarder to stellen. Wol woe ik de sfear, dêr't dizze saek yn spilet, oproppe. Nou kom ik ta de formulearring fan de fragen: 1. Hwat is de tiidwinst by twa ploegen? D.w.s.: forgelykjenderwize: hwat tiid giet mei ien ploech hinne en hwat tiid mei twa ploegen? 2. Hoe heech is de oannimmingssom by ien ploech en hoefolle is dj' mear, as yn twa ploegen arbeide wurdt? 3. Hwat wiene de motiven fan B. en W. om to bi- sluten it wurk mei ien ploech ütfiere to litten? 4. Kinne B. en W. praktysk en juridysk noch op harren bislissing werom komme? As fraech 4 bifestigjend biantwurde wurde soe d.w.s.: as B. en W. dus yn de situaesje forkeare, dat se praktysk en juridysk noch op harren bislissing hwer- om komme kinne dan soe de Ried oan de han fan de biantwurding fan it Kolleezje en de diskus je fan de Ried ta it foarmjen fan in miening komme kinne. En dan wurdt it, tinkt my, fansels wol düdlik, oft ik mei in moty komme moat ja of né. De hear Tielcstra (weth.): Ik leau, dat it foar de bi antwurding it béste is, dat ik my liald oan de fjouwer fragen dy't de hear Boomgaardt oan'e ein fan syn yn- terpellaesje steld hat. Ik kom dan fansels ek op'e yn- h&ld fan syn ynliedend bitooch. 1. It wurk fan it lizzen fan it haedrioel Sudergrêfts- wal en fan it bouwen fan de nije Potmargebrêge is oanbistege op basis fan twa bistekken: a. ütfiering yn normale wurktiden; b. ütfiering yn ploegetsjinst. Ut- nering ünder a. Cinder de bipaling fan: ütfiering yn trijehundert wurnbere dagen; Cmder b. ünder de bipa ling fan ütfiering yn twahündert wurkbere dagen. It is miskien nuttich, dat ik der efkes by fortel hwant dan hat men in oersjoch dat men foar de ütfiering fan wetterboukundige wurken ütgiet fan in statistysk oantal fan 180 wurkbere dagen per jier. Dit is dus netto, eksklusyf min waer, lyk as hjoed. It forskil yn ütfiering is dus 100 wurkbere dagen. It forskil yn yn- skriuwingssoin fan de leechste ynskriuwer tusken wur ken yn ien en yn twa ploegen is f 44.000,Dit komt del op in bidrach fan f 440,per dei. It wiene Veld huizen en Van I-Ioften to Haeriim foar a. f 844.000, en foar b. f 888.000,Nou kinne Jo it promille wol sahwat ütrckkei e. Dat bitsjut en dat is de earste konklüzje dy't rr -n hjirüt lüke kin dat ütfiering yn twa ploegen et liede kin, sa as men oerflakkich miskien forwachtsje soe, ta de helte fan de ütfierings- tiid; it is in tredde part. Dat is op himsels ek net sa ünlogysk, omdat: le de forskillende soarten wurk dy't by de ütfiering oan'e oarder binne, nochal üngelikens bmne. It greatste kerwei sit binammen yn it ré meitsjen fan it wurkterrein; ik tink dus mar efkes oan it ófbrekken fan de Potmargebrêge en it öfbrekken fan de aide walmuorren. Dy skouwo wol fan de fundear- ring óf, mar dêrom binne se noch wol deugdlik as men se öfbrekke wol. Foar sok soart fan wurk moat de oannimmer gebrük meitsje fan de s.n. lofthammer (pneumatyske hammer). Men kin der bikend mei wêze, dat dizze apparaten alderheislikst ellindich binne om oan to hearren. Dy't dêrby sitten hat, wit dat wol. 2. It giet om trijehündert strekkende meter wal- muorre en om in brêge, dy't, tocht ik, knap yn elkoar sit, alteast de brêge yn'e Bleekleane is knap öffallen hwat it öfbrekken oangiet. Dat is it net allinnich; der moat ek heid wurde sawol foar de brêge as foar de nije walmuorren. Boppedat moat it djiprioel yn in hou ten of in stielen daemwand ynheid wurde. Der moat dus hjir en dêr op betonnen, houten of stielen peallen of „planken" slein wurde mei in heimasjine. Dat is ek lüdroftich wurk. BCitendat leveret heiwurk noch risiko's op, by deiljocht, mar noch mear by kunstljoebt. It is net iens wierskynlik, dat de Arbeidsynspeksje >ar üt fiering fan it heiwurk by kunstljocht tastimming jaen soe. En it is ek wol düdlik, tocht ik, dat ek de ütfiering fan de oare wurken yn nachtüren in forhege risiko opleveret foar it persoaniel dat it wurk dwaen moat. Ik haw yn'e stêd west, hwer't de jongens yn sleuven fan 4lV2 a 5m djip yn de groun mei dy buizen sieten to wrotten en ik stel my foar, dat net elkenien dat risiko nimt. En as der by nacht hwat bart ünder ün- gunstige wurkomstannichheden, dan hawwe wy dêr ek de forantwurdlikheit foar. Nou mien ik, dat de hear Boomgaardt by de bihanneling fan dit ütstel doedes- tiids yn'e Ried nochal mei klam sein hat: „It moat sa hurd mooglik, al soe it de Gemeente hwat mear jild kostje." 3. Hokker motiven hawwe B. en W. foar harren bislissing hawn? It earste motyf, hwerbv ik de hear Boomgaardt seis in bytsje frijmoedich üt'e holle sitearje, is, dat wy pro- bearje wolle de oannimmer de moogiikheit to jaen troch de prikkel fan mear jild it noch hurder to dwaen. It twadde: Yn üren, dat men trochstrings mei de holle yn 'e kjessens leit, hat men in hekel oan in heap lawaei om jin hinne. En dit wurk jowt in heap lawaei. It tredde: De omstannichheit, dat hwannear wy dizze ütfiering forkicze soene, ek de Gemeente minstens mo reel forantwurdlik is foar it forhege risiko, dat dizze wurkütfiering mcibringt. Mar de aerdichheit is, tinkt my, binammen de om stannichheit, dat, hwannear't wy gund hiene op basis fan de bipaling „ütfiering yn twahündert wurkbere da gen", de moogiikheit, dat it noch hurder koe, ütsluten wie. En hwat forskynsel docht him hjir nou foar? De oannimmer hat by in goede organisacsje fan it wurk, by ynset fan mear materiael, mooglik ek by ynset fan mear minsken mar de hear Boomgaardt moet goed yn acht nimme it feit, dat dit net in oantal kilometers- wurk is, mar lyk as ik sein haw, wurk fan in trije-

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1968 | | pagina 5