6 hündert meter en dór kin men natuerlik net mei in kloft masjines en mei in kloft folk op torjochte en ek troch mear uren, binammen dei-üren, de ljocht- üren to binutten (it is yn dizze tiid fan it jier noch lang ljocht en it wurdt geandevvei better) de kans, yn elts gefal mei de prikkel fan dizze premy fan f 410, seis noch beneden dy twahündert dagen to kommen. Wy hawwe der soms wol frappante foarbylden fan hawn, dat it by in goed organisearre wurk mei ynset fan in heap masjines en mei in flinke ütfierder efter it wurk echt folie hurder gong as B. en W. en de tsjinst it harren foarsteld hiene. Trije soarten motiven dus foar ütfiering oerdeis: it earste: de réele prikkel bistiet, dat it noch hurder kin as yn twahündert dagen; it twadde: de hinder foar de minsken is düdlik folie minder as yn in tiid, dat hja dy it minst brüke kinne en it tredde: it risiko foar de minsken, dy't it wurk ütfiere moatte, wurdt forlege. 4. Hwat binne de praktyske en de juridyske bi- swieren fan de bisiissing fan B. en W. B. en W. hawwe de direkteur fan Iepenbiere Wurken sein, dat hy de oannimmer meidiele koe, dat it wurk gund waerd. De oannimmer is dus ek op'e hichte fan it feit, dat de direkteur fan Iepenbiere Wurken oan B. en W. advisearre hat en dat B. en W. yntusken in gunstige bisiissing nommen hawwe. De ütfiering fan it wurk bart op basis fan de oanbisteging ünder a. mei in premy fan f 440,foar elke dei, dat de oan nimmer ünder dizze 300 dagen bliuwt. D.w.s., dat de oannimmer ta komme kin oan 200 dagen en dat fynt men krektlyk by oanbisteging ünder B. As de oannim mer der noch fierder ünder bliuwt, kostet it üs mear jild, mar doedestiids hat de hear Boomgaardt sein „Neat op tsjin; it mei mear kostje, hw&nt dan komt it wurk earder ré." Praktyske en juridyske biswieren binne der net. De bisiissing dy't B. en W. nommen hawwe, kin ienfaldich noch net ütfierd wurde, omdat B. en W. de hear Boom gaardt ek graech gunden, dat hy mei syn yntcrpel- laesje >n al syn rjochten stean koe. Alhoewol, ik moat him tajaen: B. en W. hiene it foech it wurk to gunnen en hiene dat foech brüke kinnen en soene dat ek dien hawwe, as hja it net goed achte hiene om alteast dizze ynterpellaesje efkes 6f to wachtsjen. Ik tocht, dat ik alles sa wiidweidich mooglik biant- wurde haw; ik hoopje düdlik en ek nei it sin. De Voorzitter: Is de heer Boomgaardt voldaan door de beantwoording van zijn vragen door Weth. Tiekstra namens het College? Wenst hij daar nog nader op in te gaan? De hear Boomgaardt: Ja, mynhcar de Foarsitter. De Voorzitter: Dan stel ik voor, dat de heer Boom gaardt eerst daartoe de gelegenheid krijgt. Daarna zouden andere raadsleden, als dezen daar behoefte aan zouden hebben, ook van hun mening kunnen doen blijken. De heer Vellenga: Ik heb begrepen, dat het niet op papier staat, maar, naar ik mij meen te herinneren, voerden de enkele keren, dat er na de oorlog in deze Raad een interpellatie is gehouden, in de tweede ronde eerst andere raadsleden dan de interp^llant het woord en nadat dan de interpellant gesproke had, werd voor de tweede keer geantwoord. Dit zou echter niet als een wet van Meden en Perzen willen voorschrijven. Als de heer Boomgaardt direct los wil, vind ik het ook best, want ik zal misschien schorsing vragen om met mijn fractie over deze zaak te praten. De Voorzitter: Hierover staat niets in het reglement van oi'de; ik heb dat nog even nagegaan. Ik heb zo juist met enkele wethouders overleg gepleegd. Het is misschien het gemakkelijkst principieel is het nauwelijks een verschil dat de heer Boomgaardt eerst reageert op wat de Wethouder heeft gezegd en dat daarna, al of niet na schorsing, andere leden van de Raad gelegenheid krijgen het hunne ervan te zeg gen. Daarna antwoordt Weth. Tiekstra in tweede in stantie. Gaat de Raad daarmee akkoord? De Raad stemt hiermee in. De hear Boomgaardt: Ik bin bliid, dat it Kolleezje antwurde hat op de f ragen dy't ik steld haw. Dy yn- formaesje is foar my wol kompleet. Mei de bisiissing dy't it Kolleezje nommen hat, bin ik it net iens en dêr wol ik ek graech myn argumintaesje foar jaen. Ik bin ek bliid, dat it Kolleezje de hannen noch frij hat, dat it dus juridysk net boun is tsjinoer de oannimmer, sa- dat wy hjir noch yn alle frijheit oer prate kinne en dat B. en W. de romte litte foar it mei-bislissen fan de Ried. Ik fyn dizze bisiissing net konsekwint tocht fan it Kolleezje, hwant de arguminten, dy't nou brükt wurde om it wurk net yn twa ploegen ütfiere to litten, wiene four de ynskriuwing bikend. Dan hie it ek gjin sin hawn om dizze ynskriuwing op twa manearen dwaen to litten. Ik fyn it wol in aerdige konstruksje om in premy to jaen, op groun hwerfan de oannimmer alle mooglik- heden hat sa gau mooglik klear to kommen, mar ik mien dochs, dat de Gemeente dêrmei de hiele kon struksje fan dit liontrakt mei de oannimmer los lit. Hja makket harsels cfhinklik. Ik ken de oannimmer net iens, dus yn it subjektive flak kin ik gjin forkearde dingen fan dy man sizze, mar hy kin dochs yn in bi- paelde situaesje komme, dat hy der gjin bilang by hat om to avensearjen, mar wol om to rekken en dan haw we wy as Gemeente gjin inkel forhael. Dan komt hy wol oan dy trijehündert dagen ta. It is in gunst fan syn kant; it moat him yn syn hiele wurkskema passé om fluch to wezen, mar hy ldn ek de oare kant üt- gean en dan hawwe wy neat to sizzen. Allinnich dan bihalde wy it bidrach fan de premy, dat yn ütsjoch steld is. Dan soe ik de saek folie leaver mar fêstlizze, mar nou is de fraech: Is dit bilangryk genöch? Yn prinsipe giet it miskien om hündert dagen mear of minder. Normael -- sa kin men sizze nimt dit wurk trijhündert dagen. De Wethalder seit: men taksearret in normael wurk jier op hünderttachtich dagen, dus dan komt it derop del, dat it wurk 12/3 jier duorret: in jier en 8 moanne. De kans sit der yn, as it yn twa pioegen ütfierd wurdt, dat fan dy tiid 7 moanne öf- geane. Dy tiidsfaktor fyn ik frij bilangryk, foaral as men dy sjocht yn it ljocht fan it priisforskil fan üt fiering yn ien of tv/a ploegen. Ik haw ek heard, dat men yn kringen fan deskundigen wier frappearre wie troch it geringe priisforskil; dat wie mar krekt efkes mear as 5%. En de tijdwinst is de muoite wol wurclich om der oer to praten. As tsjinoer dy tiidwinst mar in bidrach fan f 14.000,stiet oan meai'-kosten, dan siz ik: „Oanpakke, saeklik wêze; it net fan'e gunst fan de oannimmer óf hing je litte en opdracht jaen foar wur ken yn twa ploegen." Ik haw bigryp foar de argumin ten, dy't letter yn 'e rounte fan it Kolleezje omheech kommen binne, dy't yn de diskusje fan doe troch de Ried net brükt binne en dy't blykber ek net ünder eagen sjoen binne foardat de oanbisteging yn de krante kaem. Dat dy nou efternei opkomme fyn ik minsklik; dêr net fan. Men hat it nou oer it lawaei nachts. It sil der ek wol raer ütnaeije by tiden; dat nim ik daelks oan, mar men kin natuerlik mei twa ploegen sa wurkje, dat men de echte nachtüren fan 12 oant 6 der büten lit (hoewol de measte minsken wol efkes langer sliepe .as 6 üren; dat wol ik net üntstride.) De ploegen kinne wurkje fan 6 üre moarns oant deselde jouns 12 üre; en dan fyn ik dat net in great biswier. En nou moat men dus oan it ütbalansearjen. Hwat aclitet men nou it slimste: it lést dat de omwennenden krije troch it lawaei yn bipaelde rêstüren of sawn moanne langer yn'e modder sitte En fan dat léste hat in folie, folie greatere groep fan minsken lést as fan it earste. Ik wol it lést fan it lawaei net ünderskatte, mar ik fyn, dat men dat mar ündergean moat en dat wy it lef hawwe moatte om dat oan to doaren. Ik wit it natuerlik net, mar ik tink, dat de omwennenden, dit lést forgelyk- jende mei it lést fan sawn moanne langer mei in op- brutsen dyk to sitten, dochs as it minst slimme ak- septearje sille. Hwat it wurkjen mei kunstljocht oangiet, it biswier dêrfan wist men natuerlik al foardat men de oanbiste ging yn'e krante sette, mar as de oannimmer serieus yngiet op de ynskriuwing en sünder kanttekening op dy en dy bitingsten om yn twa ploegen to wurkjen, dan nim ik oan, dat dat biswier to ünderfangen is. Dêr bin ik dan net binaud foar. Oars soe de oannim mer it wol fortikje yn'e nacht mei twa ploegen yn

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1968 | | pagina 6