m 3 r?< 2 Sub B. Deze rapporten worden voor kennisgeving aangeno men. Sub C. Dit verzoek wordt in handen van B. en W. gesteld om preadvies. De Voorzitter: Ik wil nog graag een aanvullende mededeling doen. Wij hebben de raadsleden een lijst toegezonden met de data van de raadsvergaderingen, welke in het volgende jaar gehouden zullen worden. Daar zal één vergadering aan toegevoegd moeten wor den, n.l. die op dinsdag 1 september. We zullen dus twee vergaderingen achterelkaar krijgen: één op 31 augustus en één op 1 september. We zullen dat nog schriftelijk bevestigen, maar U zult begrijpen, waarom deze nog tussengevoegd moet worden. De heer De Jong (secr.): Drie raadsleden hebben medegedeeld vanavond verhinderd te zijn en wel de heren Engels, Faber en Van der Laan. Punten 3 t.e.m. 8 (bijlagen nos. 414, 412, 407, 409, 408 en 396). Z.h.st. wordt besloten overeenkomstig de voorstellen van B. en W. Punt 9 (bijlage no. 403). De hear Tjerkstra: It is ryklik trije jier lyn it wie op 29 novimber 1966 dat de Ried in earder plan foar Goutum öfstimd hat. De Wethalder hat dat doe mei klam öfret, ü.o. stellende, dat it wol fiif oant tsien jier duorje soe eart wy wer in nij plan op tafel hiene. Ik haw him dat doe- destiids üntstriden en it docht my fansels deugd, dat it slagge is om yn de tiid fan trije jier ta in nij plan to kommen, dêr't ik dan by oantekenje, dat, hiene wy net in tiidrek sünder offisiéle foarsitter sünder boargemaster hawn, it faeks mooglik west hie der noch in jier koarter oer to dwaen. De kommisje ad hoe, ynsteld om üt de impasse to reitsjen, kaem n.l. foar it earst op 15 septimber 1967 byinoar, mei as taek to bisykjen om yn gearwurking mei de amtners fan de stéboukundige öfdieling fan lepenbiere Wurken op 'e nij in plan foar Goutum op to setten, derby rekken haldend mei de biswieren dy't yn 'e Ried, mar like- goed ek by de ynwenners fan Goutum, tsjin it eardere plan nei foaren brocht wiene. Ik wol fan dizze gele- genheit gebrük meitsje om to sizzen, dat dit oerliz in goed oerliz west hat. De wize hwerop dit fan 'e kant fan it is miskien gebrüklik, mar ik wol de nammen dochs neame de hearen Achterhof en Smit fan dy öfdieling fierd is, haw ik bisünder greate wur- dearring foar en dy wol ik hjir ek ütsprekke. Neidat de kommisje in tal ütgongspunten op tafel lein hie, binne de neamde funksionarissen mei trije alternative opsetten foar in plan foar Goutum kommen en üt in kombinaesje fan twa dêrfan is in fjirde alternatyf fuortkommen. En dér is de kar fan de kommisje op fallen. Dat plan is dus fierder ütwurke en it risseltaet leit joun foar üs. De wurkwize dy't folge is, achtsje ik bilangryk en fan wearde, omdat de kommisje ad hoe en dêrmei de Ried de gelegenheit jown is om alternativen to bisjen en op dy wize in bipaelde ynbring to hawwen by it meitsjen fan in nij plan. My tinkt dizze gong fan saken is better as hwan- near't men hommels foar in plan komt to stean en dan yn de ünplezierige situaesje komt to forkearen om ien fan beide: ,,ja of né" to sizzen en, hwat dat léste oanbilanget, dan mei alle gefolgen dêrfan. En fan dy gefolgen bin ik my wol tige biwust. Ik kom nou ta oan de fraech, oft hjir joun in plan op tafel leit, dat better en foar üs akseptabeler is as it eardere plan. Foar üs fraksje kin ik dér, mien ik, sünder mear ja op sizze. Ik sil dizze opfetting net ar- gumintearje mei in sköging fan it aide plan en it yn alle fasetten biljochtsjen fan it nije plan. Dat soe to- folle tiid kostje en it is ek net needsaeklik dat to dwaen; it aide plan kinne wy op it lést en it nije plan hat in goede en düdlike taljochting meikrigen, dêr't de bidoeling en de eigenskippen fan it plan foldwaende yn üt de doeken dien wurde. As motivearring fan üs ,,ja" soe ik in pear punten, dy't yn positive sin pleitsje foar it nije plan en dy't tagelyk punten fan krityk binne of wiene op it aide plan nei foaren bringe wolle. De folchoarder is dêrby willekeurich. It plan, dat joun foar üs leit, hat nei myn ynsjoch in oantreklike bi- grinzing en foarm, wylst dy yn it aide plan binam- men oan de südkant hwat willekeurichs en faeks hwat ünnatuerliks hiene. Yn it twadde plak is de üntjowing fan Goutum yn it greatere forban bisjoen dat wie doe net it gefal binammen en is neigien, hoe't dit doarp leit yn it gehiel fan de takomstige strukturen binammen fan de takomstige forkearsstruktuer dêromhinne. En dan is der ek in great forskil tusken it aide en it nije plan, hwat de bibouwingstichtens oanbilanget. Yn it aide plan wie in great en eigentlik ünmotivearre for skil tusken it sintrale diel, dêr't in hiel tichte bibouwing yn siet, en in bisünder romme bibouwing oan 'e ranne. Ik leau, dat de bibouwingstichtens hjir folie lykwichtiger oer it gehiel forparte is. Dan is der mear earmslach foar winkels en bisün- dere bibouwing as yn it aide plan. In bilangryk punt tsjin it aide plan wie ek, dat it hert, de terp mei de tsjerke derop, ünfoldwaende ta syn rjocht kommen wie; dêr wie ünfoldwaende rekken mei halden, omdat dêr bibouwing op en fuort omhinne projektearre wie; dat is yn it nije plan neilitten. Dan bliunwt de iisbaen op it aide plak bihalden en kin seis noch hwat greater wurde. In punt, dêr't ik miskien aensen wol efkes op werom kom by de biswierskriften, wie de foarige kear de winsk üt it doarp wei, dat ek it tsjerkhöf noch in bipaelde forgreatingsmooglikheit hawwe moast; dy is foun oan de noardkant fan it bisteande. It aide plan hie nochal it biswier fan it systeem fan wenhofkes en dat hat it nije plan net. Dat is fandat- oangeande oersichtliker, hat praktysk oeral troch- geande strjitten. Dan wie de foarige kear in winsk, dat der ek in kuijerpaed foar algemien gebrük by de Wurdumer feart lans komme moast; dêr is yn it nije plan ek rek ken mei halden. Fierders is tocht ik it timmerbidriuw Kimsma folslein oan syn trekken kommen; dat ünderfoun doe nochal hwat biswier en dan binne der ek, sy it biheinde, mooglikheden foar wettersport yn dit plan opnommen. En as in bisünder bilangryk aspekt wol ik neame, dat, sjoen fan de stêd öf, de iepen romte tusken it doarp en it Van Harinxmakanael by de opset dy't joun foar üs leit, hanthavene wurde kin, ek al mei omdat dy terreinen foar in part bistimd binne foar iisbaen en sportterrein. As ik goed ynljochte bin, dan wurde der yn Goutum al prikken yn it wurk steld om to kom men ta de opset fan in nij sportterrein. As men dêrmei by B. en W. komt, dan hoopje ik, dat hja dêr ek in goed ear fine sille. Ik wit, dat ik yn 'e opsomming net folslein bin. Mar ik woe dat ek net wêze en hjirmei fierder folstean, al wol ik op in pear ünderdielen dochs noch efkes yn- gean. It liket my lykwols ta, dat de taljochting sa goed is, dat men dêr eigentlik alles wol yn léze kin hwat it plan oan eigenskippen yn hat. De taljochting jowt my eigentlik oars gjin oanlie- ding ta opmerkingen to meitsjen as op bis. 8, dêr't it oerliz mei de provinsiale kommisje op it aljemint komt; ik hie wol wollen, dat wy, hwer't sprake is fan it bi- plantingsplan, in bytsje royaler üt 'e hoeke komme kinnen hiene. Der stiet n.l., dat oan in biplantings- plan, dêr't fierder wol yn positive sin oer praet wurdt, omtinken jown wurde kinne soe. Ik tocht eigentlik, dat it wêze moatten hie, dat wy der sünder mear omtin ken oan jaen moatte, omdat dat in bilangrike oan- gelegenheit is. Dan is it my opfallen, dat ien punt, dat dy kommisje nei foaren brocht hat, n.l. de ekono- myske ütf-ierberheit en dy opmerking wie torjoch- te net hielendal syn gerak krijt. Dat ünderwerp is wol yn 'e taljochting fan it plan seis opnommen, mar by de biantwurding fan it brief fan de kommisje hie it dochs ek wol neamd wurde mocht, tinkt my. De plankaert jowt my fierder gjin oanlieding ta it meitsjen fan opmerkingen bihalven dan miskien dizze, dat, hoewol der yn it westlik stik fan it plan in pear plakken binne, dêr't de bern boartsje kinne, dy boar- tersplakken yn it eastlike stik fan it plan hielendal üntbrekke. Ik soe nei oanlieding hjirfan it Kolleezje dochs wol freegje wolle om by de fiedere ütwurking fan it plan, as der noch mooglikheden foar binne, oan dit punt noch omtinken to jaen. Faeks kin hjir en dêr dochs foar de bern noch in hoekje foun wurde. Dan kom ik ta bislüt op de biswieren, dy't alle- gean e mei „ongegrond" ófwiisd wurde. Persoanlik haw ik tsjin dat wurd „ongegrond" altyd hwat in biswier, omdat men dêr twadderlei bitsjutting oan jaen kin. Ik wit wol, dat dit in administratyf-juridyske term is, mar sjoen fan de kant fan de adressanten is dat bi- gryp „ongegrond" natuerlik net wier; dy fiele de bi swieren meastal as „gegrond" en persoanlik hie ik dan ek folie leaver de ütdrukking hawn, dat wy der gewoan net oan tomjitte komme kinne. Mei de materiële ynhald fan de biantwurding fan de biswierskriften bin ik it yn greate linen wol iens. Ik woe twa oantekeningen meitsje. Yn it biswierskrift seis komt net sa hiel düdlik ta utering hwerom 't de hearen Span en Slauerhoff biswier hawwe tsjin de oanliz fan it tsjerkhöf; dy biswieren kinne wy miskien noch wol oanfiele, mar, as ik goed ynljochte bin, dan hawwe hja op de „hearing" dy't halden is, in alterna tyf nei foaren brocht. Hja hawwe it ütstel dien om dy ütwreiding net oan 'e noardkant fan it tsjerkhöf to finen mar oan de westkant. Der is harren doe sa binne de ynljochtingen tasein, dat hjir tominsten yn it preadvys noch omtinken oan jown wurde soe. En hja hawwe ta harren toloarstelling sjoen, dat dat net it gefal west hat. Ik neam it mar, omt ik aensen graech fan de Wethalder hearre wol, oft dy deselde miening ek hat. Ik leau net, dat ik by it neisjen fan de plankaert ta in oar idé kommen wie as nou; per soanlik hoopje ik, earlik sein, dat de ütwreiding fan it tsjerkhöf der hielendal net komme sil, net need saeklik wêze sil. Mar om dy nou oan de westkant to lizzen, dêr like my yn it totael fan dit plan dochs nochal hwat biswier tsjin to bistean. Nr. 3 fan dy- jingen, dy't biswieren yntsjinne hawwe, is de hear Smidt üt Wergea; dy hat dêr groun en in went. It is my bikend, dat hy eigentlik wol sa gau mooglik mei de Gemeente en neffens myn ynljochtings is him dat oant nou ta net slagge ta oerienstimming komme wolle soe oer de oername fan dy groun; hy hie dêr graech seis bouwe wollen, mar mooglikerwize kin hy yn it ramt fan syn ünderhanneling in oar gaed- lik plak yn Goutum foar in went krije. Fierders bin ik it mei de biantwurding fan de bi swierskriften wol iens. Ik leau, dat dit nije plan goede mooglikheden biedt, binammen as ik dan ek üt de müle fan guon Goutumers hear, dat sy it plan 60 a 70 pst. better fine as it eardere. Ik hoopje, dat B. en W. by steat binne en der ek alle war op dwaen sille om hwat nou op papier stiet sa gau mooglik ta in realiteit to bringen. De hear Miedema: Ut namme fan de trije kristlike fraksjes woe ik hjir in pear wurden sizze oer dit punt. Ik doch dat, omdat de foarsitter fan myn eigen fraksje yn 'e kommisje ad hoe siet en sei: „Ik haw der al sa'n bulte oer sein, dou meist it nou wolris dwaen." Wy binne bliid, dat dit plan nou foar üs leit; de hear Tjerkstra seit: „It hat hwat lang duorre, mar wy hiene earst ek net in boargemaster. Wy hawwe op in bipaeld momint tige enthousiast west; wy seine: „Jon- ges, it nije plan is der al.", mar letter foei it hwat öf, dat it sa lang duorre hie, wy wisten hast net iens, hwêr't it wie, en wy wiene soms hast bang, dat it hielendal wei waerd, mar it is wer boppe wetter kom men en wy binne nou joun dan safier, dat wy miskien us goedkarring der oan jaen kinne. Om in lang forhael koart to meitsjen soe ik my op in hiele bult punten by de hear Tjerkstra oanslute wol le. It is in goed plan en ik leau, dat der in soad moog likheden yn sitte. En hwat de biswierskriften oangiet, soe ik my wol efter it stanpunt fan de hear Tjerkstra stelle wolle. Der binne lykwols fan üs kant noch wol in pear op merkingen. En hwat my persoanlik heech leit dêr haw ik by de bigreatingsgearkomste fan dit jier al in pear wurden fan sein is de Goutumerdyk. De bi- trutsen Wethalder hat doe sein: „Litte wy de diskusje hjiroer ütstelle, oant wy it plan Goutum yn 'e Ried hawwe." Dat ik leau, as ik myn tiid net forsitte wol, dat it dan nou tiid wurdt der op 'e nij oer to bigjinnen. B. en W. sizze en de Kommisje foar de Romtlike Oardering fait it Kolleezje dêryn by „Wy moatte de forkearsstream büten it doarp halde; wy moatte wurkje oan de rounwei en dit moat in wendoarp wurde mei sa min mooglik forkear." Wy kinne dat ünder- skriuwe, mar dat haldt dochs yn tochten wy dat de bromfytsers, de fytsers ensfh., dy't üt it nije doarp Goutum strak nei de stêd wolle, de wei nimme troch it doarp fia de Goutumerdyk en de bisteande Van Harinxmabrêge. En as wy dan witte, dat dy Goutumer dyk nou al folslein bilêstige is foar in diel troch forkear dat rydt, mar greatendiels troch forkear dat stilstiet dat dêrneist noch in iepen rioel oanwêzich is, hwat hjoed-de-dei dochs eigentlik ek net mear to forkeapjen is, dan leau ik, dat it sin hawwe sil dy Goutumerdyk oan to pakken. En dan bin ik my bi wust, dat wy net stelle kinne, dat dit wurk takomme jier klear wêze moat, mar ik leau wol, dat wy stelle kinne: Dêr moatte op koarte termyn plannen foar mak ke wurde. It is hwat „griezelig" mar de Wethalder hat my dêrta twongen by it plan Goutum de Gou tumerdyk oan 'e oarder to stellen. Men kin dit in wêzentlik ünderdiel fan it plan neame. Mar dat soe ynhalde, dat de kosten fan dizze operaesje op it plan komme to drukken en ik leau, dat dat net reéel wêze soe. Nou soe de forbette- ring fan dy dyk ek nedich west hawwe, as der gjin sprake wie fan dit ütwreidingsplan, mar it komt nou efkes earder op üs ta. Ik soe dus graech de miening fan it Kolleezje oer dizze forbettering hearre wolle. Yn de stikken wurdt dy net neamd. Hoe sjocht men dit? Binnen hokker tiidsbistek tinke B. en W. dit réalisearje to kinnen? It twadde punt is it krematoarium. Dat is in wê zentlik ünderdiel fan dit plan. It stiet tominsten bin nen de grinzen dêrfan en doe't wy yn it bigjin fan it jier üs goedkarring oan de bou joegen, wie it ienige biswier it forkear. De stream fan forkear nei dit punt ta troch it doarp is in reéel biswier. It stanpunt fan it Kolleezje oer de bidoelingen fan Wettersteat om de dyk GoutumWergea öf to sluten foar alle forkear, as de provinsiale wei fan de Werpsterhoek nei de Him- riksein klear wêze sil, kin ik dan ek net folgje. lik soe dat ek om oare redenen bitreurje. As wy de Wer- geasterdyk yn stan halde koene, soene wy in bilang rike oanfier fan forkear üt it suden nei dit punt fia dy dyk liede kinne. Dit soe dan bilangryk minder lést yn it doarp foroarsaekje. Ik soe it Kolleezje dan ek earnstich yn oerweging jaen wolle om alles yn it wurk to stellen om in mooglikheit to finen, dat dizze dyk foar gewoane lükse auto's brükt wurde kin en ek biskikber bliuwt as tagong nei it krematoarium. As wy dat op dit momint net probearje, dan hoege wy it letter net mear to bisykjen, hwant dan soene wy to let wêze. It tredde punt: Ik freegje my öf, oft de bistim- mingen, dy't op de forskate dielen fan it plan lein binne, net al hwat al to folie présisearre binne. Dit plan wolle wy greatendiels foar de frije bou bistimme, mar dan moatte de minsken ek mooglikheden halde en switche kinne. Ik soe dan ek de winsk ütsprekke wolle, dat it Kolleezje en de amtners, dy't hjiroer to kedizen hawwe, de greatst mooglike frijheit dy't der noch yn sit, yn acht nimme sille. Der steane byg. yn it plan 16 wenningen foar minsken op jierren projek tearre. Neffens de telling by de enkête soe dat tal fol dwaende wêze. Nou stiet yn de taljochting, dat dit in „beëindigingsplan" is. As it klear is, dan bart der neat mear. Der komt in griensingel om en dan is dit de öfsletten südlike stêdswyk. Dat tal fan dy 16 wen ningen is öfstimd op de minsken, dy't der nou wenje, mar ik freegje my öf, oft dat genöch is foar „great- Goutum". It liket my to min. Sjogge B. en W. kans om noch in dusdanige wiziging yn it plan oan to brin gen, dat der inkelde kearen 16 wenten fan dit type komme. Ik leau, dat wy de biwenners dêr in deugd mei dwaen soene, miskien net op dit momint, mar al op it momint, dat it plan klear is. Nou in punt, dêr't de hear Tjerkstra ek al efkes op doeld hat. Dit is op it momint it iennichste doarp yn s1 iiN E H

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1969 | | pagina 2