8 skiphuzen fan 5,50 m boppe peil wol hwat heech. Ik haw my öffrege, hokker séskippen men dér yn dwaen wol. Yn de taljoehting op de foarskriften stiet in pear kear „navolgende". Nou komt de taljoehting yn it stik nèi de foarskriften. Ien fan beide: of men skrast „navolgende" derüt, of men forwikselet it efkes yn 'e ban. De léste sin is foar my hwat kryptysk. Der stiet: „De verdere in art. 4 opgenomen bepalingen verhinde ren, dat het karakter van het gebied in dat geval zal worden aangetast en de bedoelde bestemming van klei nere, minder omvangrijke industrie wordt gerealiseerd" Ik tocht, dat dat léste oarsom, wêze moast. Dy bipaling forhinderet, tocht ik, net, dat it plan neffens de bi- doeling réalisearre wurdt; der soe stean moatte: „niet wordt gerealiseerd". Miskien wol men dat nochris nei- gean. Dan it plan en de plankaert. It hiele plan wurdt bipaeld troch de wetters dy't der om hinne rinne; fier der yn it noarden troch de spoarline en yn it suden troch it gebiet Froskepólle. In bilangryk struktuerele- mint is it trasé fan de eastlike tangintwei. Westlik dêrfan hat men in rekréative „zone" tocht mei hwat lytsere yndustry en oan de eastkant de greatere yn- dustryen. Dat men it by dizze greate struktuerlinen litten hat, fyn ik it fortsjinstlike fan it plan. Der steane noch wol hwat wegen op en hwat haedwettergongen, mar men is net to folie yn détail gien en ik leau, dat dat goed is. Men hat nou de kans om as bipaelde saken oan de oarder binne, ien en oar neffens de bihoefte noch to regeljen en to bipalen. Men neamt it yn de taljoehting ek in „grootmazig plan". Ik fyn ek, dat der üt de foarskriften in geast fan net al to strakkens en krektens sprekt, mar in opset hwermei wy noch ris hwat switche kinne. Myn fraksje is minder to sprekken oer it feit, dat yn de südwestlike hoeke fan it plan sportterreinen komme, ornearre foar it takomstige Aldlan. Wy fine, dat dizze terreinen eksintrysk lizze. Wis, men kin der komme fia de nije brêge strak oer de Greuns, mar dat is dochs net in tige béste forbining. Ik sjoch wol oankommen, dat it takomstige greate krüspunt (east like tangintweinije Greunswei) de birikberheit fan dizze terreinen net sa hiele bést meitsje sil. Der komme sil noch wol gean, mar der wer wei sil dochs fia in omwei moatte. Nou waerd der by it birie yn de kom- misje destiids sein, dat dizze terreinen faeks ek tsjinje koene as sportterreinen foar de bidriuwen. Dy opmer king haw ik yn de taljoehting net werom foun en ik freegje my öf oft dat nou net mear de bidoeling wêze soe. It liket my ta, dat der destiids by de planning fan it trasé fan de gaslieding foar in great part al rekken halden is mei it trasé fan 'e eastlike tangintwei. Mar krekt by it krüspunt is dat net it gefal. It rint fol- slein under it krüspunt troch en ik freegje my óf oft dy lieding strak ek nochris forlein wurde moat. As men dat nou noch net wit, hoech ik ek gjin antwurd; dat sille wy dan letter wol sjen. De kaert moat op it stik fan gaslieding ek noch hwat korreksje foardat dy foar hegere goedkarring fuortgiet. Der is in stik üt- spatten; dat is in tekentechnysk flaterke. Dan is der noch in biswierskrift ynkommen fan ien fan de boeren dêrre. Ik haw my der al hwat oer for- wündere, dat it net fan de eigener kommen is. Miskien is it ek wol fan de eigener, mar hat de boer it yn- tsjinne. Ik bin it iens mei de fisy dy't B. en W. yn it préadvys jowe op it biswierskrift. Ik soe wol witte wolle hwat yn it biswierskrift bidoeld wêze kin mei „de weifelende houding" by de grounoankeapen troch it Grounbidriuw. It brief fan de Spoarwegen is gjin biswierskrift, mar men stiet der op oan safolle mooglik romte to jaen oan de bilangen fan it iepenbier forfier. Ik woe my dér graech by oanslute en der by it Kolleezje op oanstean, dat dat ek barre sil. Hwant al bin ik der fan oertsjüge, dat wy üs blikken hynders fuort noch net op stal sette wy sille der miskien wolris in skjinne motor yn dwaen op 'en dür sil it iepenbiere forfier relatyf en abslüt dochs wer mear yn de bi- langstelling komme. Ik soe graech wolle, dat oan it punt fan it iepenbiere forfier yn kombinaesje mei it plan-„Camminghaburen" foldwaende omtinken jown wurdt. Op in pear lytse korreksjes nei, dy't ik al neamd haw en dy't miskien noch oanbrocht wurde kinne, ear't it plan fierder giet, kin myn fraksje it wol mei ien en oar iens wêze. Wy sprekke dêrby de winsk üt, dat it bydrage mei ta in fierdere goede üntjowing fan üs Gemeente. De Voorzitter schorst de vergadering om 21.05 uur voor de eerste koffiepauze. De Voorzitter heropent de vergadering om 21.20 uur. De hear Miedema: Ik wol bigjinne it Kolleezje lok to winskjen mei it klearkommen fan dit bistimmings- plan. Jo witte, dat wy wol graech noch hurder woene, mar wy binne bliid, dat dit birikt is. Wy hoopje, dat it fierder in flotte fuortsetting hawwe mei. Wy hawwe net folie opmerkingen; sa fier wy sjen kinne, liket it der tige op. Der binne wol inkele détails, byg. de üntsluting fan 'e Froskepólle, mar dér krije wy it op 'en dür noch wol oer. Der bliuwt dan noch ien punt en dat giet net sa sear om de kaert en it plan, mar om de groun-„ver- werving". Ik wol dér graech in pear dingen fan sizze, omdat it hjir nei myn bitinken net sa maklik leit. It hinget ek gear mei it biswierskrift dat de hear Mie dema ynbrocht hat. It is wier wol bigryplik fan dizze man. De hear Tjerkstra frege him óf oft de eigener der eins net efter siet, mar ik leau bislist, dat de pachter it biswierskrift seis yntsjinne hat. Om üs stanpunt düdlik to meitsjen moat ik efkes werom gean nei de tiid, foar't wy as Gemeente groun bigounen to keapjen yn dit gebiet. It hat altiten in eilan west. Nou makket men hjoed-de-dei yn 'e lanbou frij rom gebrük fan ütbisteegjen fan wurk oan leanbidriuwen. Dêrta wiene de minsken fan it eilan nea by steat. Hja hawwe harren meiinoar rédde moatten en dat koe ek bést. Hja hiene seis wurktugen oanskaft en ien fan de boeren wie ek smid. Hja rédden harren folslein seis. Oant de Gemeente kaem en sei: „Allegearre ta ,(o tsjinst, mar wy moatte de groun brüke". De Gemeente hat doe forskillende pleatsen oankocht en eigeners en pachters skeaforgoeding jown. Sa binne de measte boeren fuoitgien, de smid ek. Der binne noch twa oer, nl. de pachter fan Kingma's Bank en de pachter fan de famylje Verkouteren. Dy minsken hawwe it troch dizze üntjowing tige swier krige. Hja moatte harren op dizze greate spullen hielendal seis rédde en dat kin bislist net. De hear Miedema hat in biswierskrift yn tsjinne, omdat er him óffreget: „Hoe lang moat ik hjir yn dizze omstannichheden noch boer bliuwe?" Nou is dit net sa'n great punt, mar dat kin de hear Mie dema miskien net witte. Yn de foarige riedsgearkom- ste is troch it Kolleezje sein, dat Kingma's Bank wol ré is de pleats to forkeapjen. As it Kolleezje tasizze wol dat efter dy oankeap de nedige faesje set wurde sil, meije wy hoopje en forwachtsje, dat dizze swier- richheit oplost wurde sil. Lêstiger leit it mei de pleats fan de famylje Verkouteren. Dizze famylje - de Wet halder hat dat yn de foarige riedsgearkomste al sein - wol net forkeapje. Hja stjüre oan op Onteigening. Dér komt by, dat de groun foar twatredde part leit yn it bistimmingsplan „Himrik"; dan leit der in stik yn it plan „Camminghaburen" en in oar stik yn it plan „It Kealledykje". As wy nou mei ünteigenjen bigjinne, rinne wy greate kans, dat wy tsjin dizze famylje twa ünteigeningsprosedures fiere moatte. Ik bin my dat wol biwust. Hja hawwe al in advokaet oanlutsen en dizze sil wol advisearje it spul yn twaën to spyljen. As hja de Gemeente de foet dwêrs sette wolle, krije wy me' de earste prosedure net mear as twatredde. De res. moat dan letter noch. Ik bin it mei de Wethalder iens, dat dit in réeel biswier is. Oan de oare kant is it sa, dat de pachter fan de famylje, troch üs dwaen, yn greate swierrichheden sit en ik leau, dat it moreel ne forantwurde is en stel in ünteigeningsprosedure tsjin de famylje Verkouteren noch langer üt. Dan bringe wy in boarger fan üs Gemeente yn noch greater swier richheden. Der spilet noch in oar, ik leau, wichtiger punt me. De pleatsen binne, mien ik, rom twa jier lyn troch Sotterdamske Kommisje taksearre op forkeapwearde. Doe is ek de ynkommensskea fan de pachter taksearre en wol nei it ynkommen fan de léste trije jier (1965, 1966 en 1967). As wy nou op de léste ünteigening wachtsje, dy yn Camminghaburen wierskynlik, dan kin it noch wol trije jier duorje foar 't wy dy prose- dare oanspanne kinne. De taksaesje is dan 6 jier aid. Wy moatte der rekken mei halde, dat in rjochter dan syn ütspraek net docht op groun fan de boekjierren 1965, 1966 en 1967. Hy sil in nije taksaesje freegje. Dan forliest dizze pachter, dy't syn bidriuw nou bi langryk ynkoarte hat omdat er it wurk net neikomme toe en praktysk gjin winst mear makke, ek noch in part fan de forgoeding fan syn ynkommenskea. Wolle wy moreel forantwurde wêze, dan moatte wy bisykje op dit momint ta ünteigening to kommen. It giet dan miskien mar om twatredde part, mar wy kinne sa de pachter in stik yn 'e mjitte komme. Fan twatredde part fan de forgoeding fan syn ynkommenskea is hy dan wis. Hy kin syn bidriuw dan fuortsette mei de middels, dy't hy op it eilan hat. Hy haldt in tredde part fan syn groun oer en dat is wol to dwaen. Wy kinne dizze man net sitte litte mei syn 35 hektare lan. Ik soe fan de Wethalder graech hearre wolle, oft hy op koarte termyn bisykje wol ta oerienstimming to kommen mei Kingma's Bank, sadat foar pachter Miedema de swierrichheden oplost wurde kinne. Fier der woe ik witte, oft hy ré is binnen de koartst moog- like tiid in ünteigeningsprosedure to bigjinnen tsjin ie famylje Verkouteren. Ik haw alle lof foar de wize fan groun-,,verwerven" troch de Gemeente. Ik leau, dat dat tige goed bart en it bringt gjin problemen mei. Mar yn dit spésiale ge fal leit it dochs wol tige lêstich. Dêrom freegje ik iêrfoar it greatst mooglike omtinken fan it Kolleezje. Ik haw noch ien fraech. Yn 'e foarige riedsgearkom ste is it bislüt nommen, dat in diel fan 'e Himrik op- spuite wurde sil. It sil him wol oan my lizze, mar it is my doe net düdlik wurden hokker diel. Is it moog lik, dat de Wethalder dit oan de han fan de plankaert oantsjutte kin? De hear Tiekstra (weth.): Ik wol bigjinne mei de hearen Tjerkstra en Miedema to tankjen foar harren wurdearjende wurden foar it foar üs lizzende plan. It like de hear Tjerkstra goed it plan yn to passen yn in struktuerplan. Ik wiis him der op, dat, al wie lat alhiei net wetlik, der in jier of hwat lyn in struk tuerplan fan de gemeente Ljouwert west hat. It wie allinne in biliedsstik en Dep. Steaten hawwe dér ken nis fan nommen. Ik bin it mei de hear Tjerkstra iens, lat wy yn it ramt fan de jildende wetjowing, dus nei it yn wurking treden fan de Wet Romtlike Oardering, in nij struktuerplan meitsje moatte; dan soe de totael- opset fan 'e forskillende bistimmingen him better bi- oardielje litte. Ik wol folstean mei to sizzen, dat nou wol blykt, dat sawol yn it aide as yn it nije plan de situearring fan de yndustryterreinen op de Himrik leselde bleaun is. De hear Tjerkstra hat in stikmannich opmerkingen makke, dy't ik, foar safier sy bitrekking hawwe op Mergeskikte korreksjes, graech fan him op papier iiawwe wol. Dat is, sjoen de prosedure, it meast gaed- ük; wy kinne net wachtsje op it momint dat it rieds- forslach biskikber is, hwant de wetlike prosedure moat nou ienkear trochgean. De hear Tjerkstra hat it hawn oer de ünderbrekking yn it trasé fan de ierdgaslieding (op 'e tekening). Op le tekening, dy't heart by it troch de Ried fêststelde plan, is dizze apart ynkleurd. It technysk biswier fan le hear Tjerkstra slacht allinnich op de net-kleurde tekening. De hear Tjerkstra hat gelyk, dat wy, wolle wy op tiid genöch yndustryterrein biskikber hawwe, lan wol hwat avesearje moatte. Wy hawwe net sa'n soad mear en it is allinne to hoopjen, dat wy noch gau troch it léste lytse bytsje hinne komme. It is tige wichtich, dat wy sa gau mooglik meiwur- king krije foar it oanlizzen fan de üntslutingsdyk fan it Aldlan en de brêge mei opritten, hwant, as wy dizze foarsjenningen net hawwe, dan kinne wy der noch iet komme. Ik hoopje wol, dat it yn 1971 üt de sub- sidiearringsmoune komt. Der is nochal hwat haest by it spul, tocht ik. Bistjürlike haest dan alteast, hwant bistjürlike haest duorret altiten noch in pear jier. In brêge leit men ek net yn fjirtjin dagen. Fierder in inkele opmerking oer it hastich bihan- neljen fan bistimmingsplannen. It like üs it gaedlikste, dit plan, ek om't it, sa't de hear Tjerkstra al sein hat, in ienfaldige, düdlike struktuer hat, to bihanneljen yn de aide Ried. It wie sa fier ré, dat wy it yn prosedure bringe koene. As der gjin biswierskrift west hie, dan hie it noch folie makliker west. Nou is der ien biswier skrift kommen en ik haw alles dien om dêroan sa goed moogiik rjocht to dwaen. Ik hoopje, dat wy by folg- jende gelegenheden, ek mei help fan de kommisje üt de Ried, mear omtinken jaen kinne oan biswierskrif- ten, lyk as wy dien hawwe by it plan Goutum. Ik bin it mei de hear Tjerkstra iens, dat it biswier yn dit gefal minder great wie. Men kin yndied better sprekke fan bütentangint as fan middentangint. It is my net alhiel düdlik, hoe't dat middentangint der yn kommen is, hwant ik sjoch ek net sa gau hwer't de bütentangint dan komme moat. De kapasiteit fan de jachthaven is fêststeld nei sa goed mooglike ynformaesje fan it bistjür fan de Nije Ljouwerter Jachthaven. Wy hechtsje der nochal oan, dat de minsken, dy't yn Ljouwert wenje, harren boat tichte by fine kinne, ek al omdat der oan boaten, krekt as oan auto's, nochal ris hwat „sleutele" wurde moat. Dan noch in inkele opmerking oer it fiadukt. Men moat yndied by dit soarte fan forkearsfoarsjenningen goed rekken halde mei de lüdshinder, dy't dizze mei- bringe kinne. De béste oplossing om dy op to fangen is it oanbringen fan in sa goed mooglike biplanting. By in fiadukt leit dat wol hwat lêstich; op beton wolle min beammen groeije. It rekréaesjegebiet Froskepólle sil sa ynrjochte wurde moatte, dat lüdshinder sa min mooglik lést foroarsaket. De tagongswei nei de Froskepólle stiet net op de tekening. Yn de romten, dy't der foar forkearsfoar sjenningen binne, is it wol mooglik dy forbining to meitsjen; oars soe ik net witte, hoe't men der komme moast. It bitsjut, dat wy de üntsluting fine moatte yn de bistimmingen sa't dy op it plan oanjown binne. Ris in kear mei de pont is wol aerdich, mar it moat net to faek barre en boppedat sille der tüzenen rekré- anten hinne wolle. Hwat it rioelwetter fan dit gebiet oangiet, dér is rekken mei halden by it rüzjen fan de kapasiteit fan de bisteande ynstallaesje. Der is in bipaelde kapasi teit fan ynwenners-equivalinten oan tarekkene en yn dy skatting is ek de Himrik opnommen, dus dat sit wol goed. Alhoewol op dit momint natuerlik gjin wiis wurd sein wurde kin oer de fraech, hokker yndustryen der komme en hoefolle dy oan óffalwetter produsearje sille. It wie dus in kwestje fan rüzjen op groun fan statistyske „gegevens". It is wol spitich, dat de sportfoarsjenningen, binam- men de foarsjenningen foar de organisearre sportbi- oefening, büten it Aldlan torjochte kommen binne. Mar dér kin men noch wol op werom komme (de hear Tjerkstra spitigernóch net), as it plan Aldlan bihan- nele wurdt. Ik wol der allinne op wize, dat dit nochal in greate oerflakte is en soe men de sportfoarsjen ningen ek noch yn it Aldlan ünderbringe wolle, dan giet dat fan de bibouwing fan it Aldlan óf. Oer it al- gemien binne de foarsjenningen foar de organisearre sportbioefening aerdich knap birikber, mar nou kom me se foar it earst oan de oare kant fan in frij hege brêge to lizzen. Kin it net oars, dan moatte wy it sa akseptearje. Wy moatte sjen yn it plan Aldlan en dan tink ik efkes oan de foarsjenning dy't ré mak ke wurdt op basis fan wintergebrük as iisbaen en simmergebrük foar sportbioefening ien en oar sa goed mooglik op to heinen. Mei it brief fan de Spoarwegen wurdt by it plan Camminghaburen rekken halden. Dit brief is winliks mear in kompletearring fan de stikken. It iepenbiere forfier moat nou ienris, ek foar dizze takomstige wen- wyk regele wurde. De hear Miedema hat mei rjocht de problematyk oan- tsjut, dy't mei de „verwerving" fan eigendom yn sok- soarte fan gebieten oan de oarder komt; binammen spylje dêrby de bilangen fan de pachters. Ik bin der wol wiis mei, dat hy syn foldwaning ütsprekt oer de wize hwerop wy oer't algemien mei de bilangen fan de pachters rekken halde. Ik hie graech joun noch, as

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1970 | | pagina 5