\6 vrss efkes fol bouwe kinne. Ik wol dat düdlik meitsje mei it foarbyld fan dy 1675 wenningen dy't wy net bouwe kinne neffens it skema dat wy opset hawwe. Dat giet om 550 wenningen yn Westeinde (der steane yn it skema foar Westeinde 995 wenningen). It ütwreidings- plan foar Westeinde is noch net klear. Stel nou ris, dat wy takomme jier mei bouwen bigjinne kinne. Dan is der al ien fan de trije jier om. Dan soene wy yn 1972 en 1973 as ik it skema fan de hear Miedema folgje soe; dy suggerearret dat dêr eins wol folie mear boud wurde kin dêr 1500 wenningen bouwe moatte. Dat liket my net reéel. Wy sizze: As wy yn it skema opnimme, dat wy yn de earste trije jier 975 wenningen yn Westeinde bouwe sille, dan halde wy üs net min. De 550 dy't der dan oerbliuwe, kinne of net-subsidiearre wenningen wurde of moatte foar in bilangryk part yn 1974 boud wurde. Deagewoan omt wy net earder klear binne mei de plannen. It selde probleem spilet yn Ald lan-west. Yn üs plannen hawwe wy 325 wenningen opnommen. It mei de hear Miedema bikend wêze, dat dat plan foaral foar net-subsidiearre wenningen bistimd wie. Miskien is it mooglik, dat Aldlan-west nou flot fan stapel komt en dan soene dêr 475 wenningen boud wurde kinne yn de kommende trije jierren (fan it earste jier binne al trije moanne om). Wy moatte ek noch üs uterste bést dwaen dêr in bigjin to meitsjen. Dat sil net sa maklik wêze. Ik sjoch noch net, dat hjir mear boud wurde sille as 325, mar it kin wêze, dat der forromming komt, omt de oannimmers ta de konkiüzje komme, dat hja miskien better oerstappe kinne nei de subsidiearre sektor, as hja harren oarspronklike plan to bouwen yn de net-subsidiearre net nei komme kinne. Dat soe der yn sitte kinne. Dêr hawwe wy 325 wenningen foar pland en dat is in hiele soad foar in wyk dêr't earst allinne net-subsidiearre wenningen komme soene. Mear koene wy ek al net dwaen yn oktober fan forline jier, wittende hwat dizze oannimmers woene. Wy hawwe mei harren plannen düdlik rekken halden. De hear Miedema wit ek wol hoefier it is mei Aldlan-oost. Dêr kinne wy dit jier noch gjin huzen bouwe. As wy dêr takomme jier bi gjinne kinne mei bouwen der moatte totael 1600 wenningen boud wurde dan fyn ik it al in hiele op- jefte dêr yn twa jier 1100 wenningen to bouwen yn de subsidiearre sektor. Mear doare wy net oan, ek al omt it net mooglik is dat gebiet yn ien kear fol to bouwen. De terreinen moatte geskikt makke wurde, der moatte wegen komme ensfh. en dat freget nochal hwat. Yn Goutum hawwe wy 250 huzen pland, 150 noch net. De groun is noch net allegearre eigendom fan'e gemeente. Rekken haldend mei de stan fan saken mei de ütwreidingsplannen hawwe wy in skema opsteld. Wy sille meiinoar bisykje moatte de saek foarinoar to krijen. De hear Miedema mei my dan optimistysk neame, ik moat ek noch sjen, dat wy üs oan dit skema halde kinne, mar wy sille dêr üs uterste bést foar dwaen. Nou freget de hear Miedema oft wy de wenningen dy't wy yn de kommende trije jier net klear krije oerboeke meije nei 1974. Oant nou ta hawwe wy „volumes" tawiisd krige, dy't sterk boun wiene oan in bipaeld jier. Wy moasten nou, oan de han fan de kapasiteiten dy't wy hawwe, en de stan fan saken mei de ütwreidingsplannen, in skema opstelle foar trije jier en dat moat dan réalisearre wurde. Ik leau net dat oerboeking binnen dy trije jier swierrichheden oplever- je sil, just omt it om in „meerjaren-beleid" giet. Mar wy moatte sjen dit skema yn dy trije jier of to wurkjen. Komt dat net klear, dan moatte wy bisykje dy efter- stan yn de jierren dêrnei yn to heljen. En dêr sitte wy dan mei. Yn it program, dat oktober 1970 opsteld is, binne foar Lekkumerend 248 wenningen foar minsken op jierren opnommen. Sa't it nou liket mei it nijste plan kinne der gjin 248, mar 148 komme. Dat binne al 100 minder dan hwer't wy fan üt gien binne. Dat is de earste strop al. Der kinne noch mear fan dat soarte stroppen yn sitte. It is mar de fraech oft Werkmanslust dit jier klear komt; ik moat dat noch sjen. Wy lüke der hurd genöch oan, mar wy hawwe ek to meitsjen mei de opdrachtjowers, mei de architekten, mei de stéboukundige tsjinst. De gemeente kin wol koördi- nearje, mar is seis net opdrachtjower. Wy binne fan to folie oare ynstansjes ófhinklik. It gebou dat de N.C.H.B. sette sil, stiet ek op it program foar 1971. En hjirby is it ek wer de fraech oft dat dit jier yndied wêze sil. De forantwurdlikheit dêrfoar leit yn it foarste plak by de N.C.H.B. Hja moatte de plannen op'e tiid klear hawwe. Wy wolle wol graech. It terrein is biskik- ber. Wy kinne faek net mar dwaen hwat wy wolle, of wy soene seis alles bouwe moatte. En dat is net it gefal. De ütfiering fan de plannen leit yn hannen fan de wenningbouforieningen en de bilizzers en wy wolle harren graech de romte jaen. De hear Miedema fynt wol, dat wy in skema opsteld hawwe, dat sa üngefear üt to fier en is, mar hy is eins fan miening, dat wy ütgean moasten fan hwat der komme moat. Dat soe ik ek wol graech wolle. Koene wy mear bouwe, dan soene wy dat ek wol dwaen. Mar wy moasten yn oktober 1970 opjaen hwat wy reéel bouwe koene op groun fan de gegevens dy't der doe wiene oangeande ütwreidingsplannen ensfh. En dat barde op in momint, dat wy it hwat ófwitte litten hawwe; dat wit de hear Miedema seis wol. En dan kinne Jo wol in greate broek oanlüke en sizze: Wy sette der mar mear op as wy ridlikerwiis réalisearje kinne, mar dat hawwe wy net dien. Wy hawwe it program sa opset, dat wy it ütfiere kinne as wy alle wyn mei hawwe. As der mear koe, soe dat moai wêze, mar my tinkt, dat wy hjir de hannen al fol oan hawwe. En dêr giet it krekt om. By üs libbet it langstme om mear to bou wen ek wol, mar alderhanne dingen hawwe üs hwat tsjin sitten; de oarsaken kin de hear Miedema like goed as ik. De hear Miedema hat noch hwat oars sein, ek yn de ófdielingsgearkomste. Hy hat sein: de groei fan Ljouwert is hjirmei muoid. Wy groeije net as it sa troch giet. Ik soe dan dochs dizze sifers op tafel lizze wolle. Ik haw ris neigean litten hoe great de wenningbisetting yn trochsneed wie op 1 jannewaris 1964 en op 1 jannewaris 1971. En as Jo dy twa sifers neist inoar lizze, sjogge Jo dit frjemde forskynsel, dat yn sawn jier tiid dy wenningbisetting efterütroun is fan 3,57 nei 3,04. Dat bitsjut, dat, as wy dat yn forhalding sjogge mei it oantal wenningen (dat wie yn 1964 23.968 en yn 1971 29.127, dus in formeardering fan it wenningbisit mei 5649), fan de 5649 dy't der nei 1964 bykaem binne net minder as 4338 fuortgien binne oan dizze forleging fan de wenningbisetting. Der binne dus 1311 oerbleaun. En dan tocht ik en dat nim ik him net kwea óf dat de hear Miedema to folie ütgiet fan de gedachte, dat de üttinning fan de wenningbisetting yn dit tempo fierder giet. En dat is noch mar de fraech. (De hear Miedema: Dy sifers wiene üs net bikend; dêr koene wy dus net op réagearje en wy koene dy dus ek net forwurkje. Ik bin bliid, dat Jo de sifers nou neame. Jo koene net fan üs forwachtsje dat wy dy yn üs bitooch biloeken, hwant dit komt nou pas nei foaren.) Ik haw dit argumint wol oanfierd, doe't de hear Miedema yn de ófdielingsgearkomste stelde en dat wie nochal in positive stelling fan him dat der 1000 wenningen yn't jier boud wurde moasten en dat wy dan noch net in wenning winne soene. Doe haw ik sein: Dit is in stelling fan de hear Miedema dy't noch net biwiisd is. Dêr is net yn forwurke de rol fan de wenningbisetting. Ik haw Jo fan dy wenningbisetting dus nou de sifers jown. Ik nim it de hear Miedema hielendal net kwea óf dat hy krityk hat. Wy binne allegearre bigien mei it lot fan Ljouwert. Ik wol noch efkes werom komme op de sifers oangeande de wenning bisetting; 78V& pst. fan de wenningwetbou (fan 1964 óf) is brükt foar formindering fan de bisetting per wenning. Stadichoan wurdt dy bisetting lytser, mar dat haldt ien kear op. Ik tocht dat wy op in bipaeld momint sizze koene: Nou moatte wy der foar soargje, dat wy net under in bisetting fan byg. 3,04 per wenning komme. Dat soe bitsjutte kinne, dat wy dan wol in moai stik wenningbou foar de groei fan Ljouwert bi- stimme kinne. De stelling: As wy 1000 wenningen per jier bouwe, komme wy net in stap foarüt, koe dan wolris net mear opgean. Miskien kinne wy dan sizze: Alles hwat wy mear bouwe as 600 is in bydrage ta de groei fan Ljouwert. De wenningbisetting kin noch wol ris hwat sakje, mar it sil grif net mear sa fluch gean as oant nou ta. Yn Bilgaerd is de wenningbisetting trochinoar 3,08; noch heger dus as de bisetting per wenning rekkene foar de hiele stêd. Ik leau, dat it net sa min liket as wy it nivo fan nou hanthavenje kinne. Yn it rapport fan de Stichting Provinciaal Opbouw- orgaan Friesland wurdt derop wiisd, dat wy binammen stribje moatte nei it bouwen fan greatere wenningen, omt de huzen faek to lyts binne foar minsken mei gesinnen; dy hawwe to min romte. Yn it struktuer- rapport sil dizze saek wol wer oan de oarder komme. Der sil yn de takomst mear en mear nei bihoefte boud wurde moatte. En dan kin it bést wêze, dat wy net ünder in bisetting per wenning fan 3 hoege to kommen. Yn de groei fan Ljouwert kin wolris mear faesje sitte as de hear Miedema yn syn Onderstellingen mooglik achtet. Ik bin bliid, dat de hear Miedema net fierder yngien is op de finansieringsproblemen. Gemeente en wenning bouforieningen dogge harren uterste bést de finan- siering sa oan to pakken, dat de wenningbou yn Ljouwert goede ütkomsten jaen sil. It soe moai wêze, as wy bislute koene mear ien- gesinswenningen to setten foar minsken op jierren. Ik fiel dêr seis ek folie foar. Ik haw mei minsken fan de wenningbouforienings nei de Jouwer west om in kom- pleks huzen foar minsken op jierren to bisjen, ek al om harren sjen to litten hwat wy foar Ljouwert yn de takomst winskje. Ik wol wier wol sok soarte huzen hjir bouwe. Mar de hear Miedema wit krekt like goed as ik, dat it yn it ramt fan de romtlike oardering net sa maklik is dy saek finansieel roun to krijen. Wy wurde tsjin üs sin dreaun nei heechbou. Binammen yn de nije plannen stribje wy nei de bou fan mear iengesins- wenningen; wy wolle sa mooglik net mear as 30 pst. heechbou. Mar de swierrichheit is, dat dat persintaezje heger wurdt as de finansiële resultaten oangeande de grounpriis nei foaren komme. Dat wie ek wer it gefal yn Aldlan-west. Yn earsten binne wy ütgien fan in forhalding heechbou - leechbou fan 30 - 70, mar wy sitte nou al wer boppe de 40 pst. heechbou, om de üt fiering fan it plan finansieel mooglik to meitsjen. Wy wolle wol oars, mar mei it each op'e sinten kin it net; de hierprizen moatte ek passé yn de Ljouwerter for- haldings. Ik wol de hear Miedema wol tasizze, dat ik der nei stribje sil, hwer't dat mooglik is, iengesins- wenningen foar minsken op jierren to bouwen. Wy sille hjir noch ris wer oer prate mei de wenningbou forienings. It kin bést wêze, dat hja ek sizze: Wy wolle wol, mar ekonomysk is it net mooglik. Mar wy sille üs bilied dêrop wol ynstelle moatte; wy sille rek ken halde moatte mei de hiele üntjowing op dit gebiet. Wy moatte, mei üs skema foar eagen, bouwe hwat wy bouwe kinne; miskien moatte wy dêrby wolris hwat skouwe. As wy yn de iene sektor net bouwe kinne, mar yn in oare wol, dan moatte wy üs plannen hwat wizigje kinne, sadat de greatst mooglike kans bistiet it kwan tum dat üs foar eagen stiet, to heljen. De heer Van Haaren heeft een pleidooi gehouden voor het niet aan de bestemming onttrekken van woningen. Dat het een moeilijk probleem is, is wel gebleken uit de discussies die we daarover zojuist hebben gevoerd. Wij proberen echt wel de huizen voor bewoning te behouden, maar misschien doen we er, volgens de heer Van Haaren, niet voldoende aan. Wij moeten woningbeleid, saneringsbeleid en krotoprui- mingsbeleid op elkaar afstemmen en het is wel eens moeilijk een grens vast te stellen. Het is een probleem waar wij voortdurend mee worstelen; het gaat ons echt niet voorbij. De Voorzitter schorst, om 17.40 uur, de vergadering.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1971 | | pagina 9