7 gebiet wegen komme oant de parkearplakken ta. Yn it gebiet moatte routes komme foar fytsers, rinners en as it noch opnommen wurde kin en réalisearre wur- de kin faeks ek foar ruters. De brêge moat in moog- likheit biede foar forfier fan ünderhaldsmasjines, mar net tagonkelik wêze foar partikulier autoforkear. Ek yn it kader fan de bisunigingen hat in biheindere brêge by us mear omtinken. In oar punt is de hichte fan de brêge. De sylboaten moatte foar mear fêste brêgen yn dat trajekt öftuge, mar motorboaten moatte dochs sünder muoite ünder de brêgen troch farre kinne. Wy soene de hichte fan de brêge graech hawwe wolle sa't dy fêststeld is troch Dep. Steaten yn Fryslan. In seis to bitsjinjen flapbrêge stuitet faeks op praktyske bi- swieren, mar soe ek in alternatyf wêze kinne. In oar punt is de oanlizplakken foar binammen de sylboaten. Us deskundigen op it silersmêd binne fan miening, dat der tüchsteigers komme moatte büten de haven sadat it manoevrearjen yn de haven net nedich is, binammen foar net to tüke silers; wy tinke hjir oan in greate smite jeugd en stêdslju yn hierboaten dy't it silen hjir leare en dêr tocht de hear Roorda van Eijsinga ek oan yn syn rede oer it totael-plan yn 1969. Dêrom is it winsklik, dat der op maklike wize oanlein wurde kin. Dan noch ien opmerking oer it bislüt sa't dat yn it riedsbrief stiet. Wy binne fan bitinken, dat dêr noch it ien en oar by moat. Hjir wurdt praet oer it dielplan F en dêr wurdt net yn opnommen de brêge as sadanich; wy soene dêr dus graech in oanfolling op hawwe wolle. Wy soene I fan it bislüt nei „overeenkomstig het bij dit besluit horende deelplan F" graech oanfolle hawwe mei: „en een fiets-loopbrug over de Wielhals naar deel plan G." Wy binne fan bitinken, dat it bislüt dan fol- slein is. As oan de boppesteande winsken foldien wurde kin, dan soene wy wol üs meiwurking oan Jou ütstel for- liene wolle. De hear Miedema: Ut namme fan in part fan üs fraksje soe ik wol in hwat oar bitooch halde wolle as de hear Van der Veen halden hat. Ik leau, dat, hwat hy sein hat, allegearre wol wichtich is en ik hie der miskien ek wol mei akkoart gean kinnen as ik foar de ütfiering fan it plan wie. As dit plan ütfierd wurde sil dan binne de opmerkingen fan de hear Van der- Veen wol just, mar ik haw myn soarch ik haw dat al earder sein yn dizze Ried oer de post ünderhald oangeande it Griene Stjergebiet. Persoanlik bin ik fan miening, sjoen üs bigreatingssituaesje, dat it net for- antwurde is dat wy it gebiet greater meitsje en dus de post ünderhald greater meitsje. Uteinliks hawwe wy dit hiele plan oannommen yn 1969. Doe wiene alle prognoases en alle foarspellingen dat Ljouwert in grea te stêd wurde soe; in stêd fan 120.000 ta 130.000 min- sken waerd doe neamd. Der wiene in diel minsken dy't dat leauden; der wie miskien ek gjin reden it net to leauwen. Yn dat kader waerd der ek in greate Griene Stjer oanlein. Ik leau, as wy ta de konklüzje komme, dat Ljouwert minder great wurdt, dat ek de Griene Stjer minder great wurde kin. Ik bin persoanlik fan miening, dat, hwat wy op it mominc hawwe oan re- kréaesjegebieten to'n easten fan de stêd, great genöch is foar üs stêd en dat it net forantwurde is om mear jild to ynfestearjen yn dizze sektor dan wy oant nou ta dien hawwe. Ik haw it idé mar dat kin ik net wier meitsje dat oare Griene Stjerren dy't troch de ryksoerheit pland binne net maklik fan 'e groun komme omt ek dy gemeenten biswieren sjogge en dat wy sadwaende de jilden dy't op de rijksbigreating foar dit wurk ütlutsen binne hwat ryklik krije. En dat mak- ket hjir de problemen ekstra great en dêr passé wy foar. Wy dogge in diel fan üs fraksje alteast hjir net oan mei. De heer P. D. van der Wal: Ik kan helemaal instem men met het verhaal dat de heer Van der Veen heeft gehouden. Wij zouden ook willen pleiten voor een ope ner en wat eenvoudiger en natuurlijker aanpak. En die brug om er maar even een punt uit te lichten kan natuurlijk niet. Ik herinner me nog, dat we in de Commissie van de Dienst voor Sport en Recreatie dat deelplan F kregen. Er stond een brug in; die brug was hoog genoeg, zeilboten moeten er soms voor af tuigen, maar akkoord. Je denkt dan aan een bruggetje in een natuurlijk landschap, vanzelfsprekend aange past. En dan kom je op de leeskamer en dan zie je in de stukken een brug waarvan je zou denken, dat die in het Deltaplan thuis hoort en zeker niet in een na tuurgebied als de Groene Ster moet komen; een brug van 72 meter lang, 10 meter breed, 2,75 meter hoog en dan rijbanen van 6 meter in het Groene Stergebied. Njee, dat gaat ons veel te ver. Dat ding moet dan ook nog even een kleine f 500.000,kosten. Stel dat we 95% subsidie krijgen, dan blijft er nog altijd f 25.000,— voor de Gemeente over. Daar kan je bijv. 25 keer een Rechtswinkel van betalen. Deze brug moet er dus ze ker niet komen. Wij zijn er wel voor om dit deelplan F uit te voeren, liefst zoals de heer Van der Veen heeft geschetst, maar daarna zullen we ons o.i. wel moeten bezinnen of de rest van het Groene Stergebied getem poriseerd dan wel in het geheel niet uitgevoerd moet worden. De heer Schaafsma: Die brug is voor ons ook een punt. Alleen wij zeggen: Als je deelplan F uitvoert, dan ben je met die brug eigenlijk al bezig aan een vol gende fase te denken. Waarom zullen wij die brug nu al aanleggen Wij hebben het op het ogenblik over het zuidelijk gedeelte van de Grote Wielen. Laat die brug voorlopig maar weg. Daar heeft op het ogenblik nie mand belang bij. We kunnen altijd nog zien wat we daar later gaan doen. Een brug van de afmetingen als ter inzage lag, kunnen we beter reserveren ergens in de stad waar we hem meer nodig zullen hebben. Hier zullen we in ieder geval kunnen volstaan met een klein krikkemikkerig gevalletje waar je een beetje sfeer uit krijgt. Zo'n betonnen geval moet het zeker niet zijn. Persoonlijk ben ik van mening, dat die brug op het ogenblik nog geen enkele zin heeft. Het deel plan F ten zuiden van de Grote Wielen is voorshands groot genoeg. Een ander punt is, dat U bovenaan pagina 3 zegt, dat de bouw van een havenpaviljoen voorshands ach terwege kan blijven. Dat kan wel zo zijn. Is er van Uw kant onderzocht of er particuliere ondernemingen zijn die iets zien in de bouw of een exploitatie van een paviljoen of restaurant of een motel of wat dan ook? Hebt U daar een onderzoek naar ingesteld? Zijn er particuliere ondernemingen geweest die hier iets in gezien hebben en U benaderd hebben? Ik kan mij per soonlijk n.l. geen betere plaats denken dan aan de zuid kant van de Grote Wielen om zoiets te bouwen. Als er aanmeldingen van particuliere zijde zijn geweest, kunt U ons dan in het algemeen meedelen waarom er dan toch in de raadsbrief staat, dat de bouw achter wege kan blijven ?y Natuurlijk kan dat, maar of het gewenst is, is een tweede. Ik dacht, dat het wel ge wenst was, dat er iets gebouwd zou worden. Ik ben n.l. bang, dat, als het plan straks in een verder sta dium is en het cultuur-technische deel is uitgevoerd, er dan voor een particulier een zo nauw keurslijf ont staat om te bouwen, dat er geen interessante moge lijkheden meer aanwezig zijn. De heer VisserV N.a.v. de opmerkingen van de heer Miedema over de exploitatielasten van dit project, zou ik U nog graag willen vragen of dit punt ook onder werp van bespreking geweest is met de Inspecteur van de Financiën van het Ministerie van Binnenlandse Za ken. Indien dit wel het geval geweest is, wanneer er dus gesproken is over een eventueel exploitatie subsi die, kunt U daar dan ook nadere mededelingen over doen De hear Tiekstra (weth.)Yn 1969 hawwe wy yn de Ried fan Ljouwert oannommen it basisplan Griene Stjer, Greate en Lytse Wielen by Ljouwert, sa't dêr- oer rapportearre wie troch de hear Roorda van Eijsin ga. Uteraerd is de üntjowing m.b.t. it ynsjoch yn de funksje fan dit gebiet fierder gien en der binne ek oare punten dy't dêrby noch in rol spylje; ik hoopje dy straks üt de doeken to dwaen. Ik soe de Ried earst ynformearje wolle oer de omstan- nichheden hweründer dit ütstel üntstien is. It is ntl. sa; i en dan gean ik even nei side 3 fan it riedsbrief en ik wiis op de fasearringen dy't dêr steans dy't in totael-som opleverje fan f 8.115.000,dat hwat ün der fase 1 neamd wurdt „gebied ten oosten van de aan- leggelegenheid f 983.000,op dat stuit al in projekt, in dielplan wie, dat troch C.R.M. subsidiabel forklearre is en hwer't wy wol 75% subsydzje foar krije koene. Dy omstannichheit hat reden west, dat der op 18 okto ber oerliz west hat mei Dep. Steaten d.w.s. mei de Deputearren fan Rekréaesje en fan Finansjes oer de fraech hoe't dit nou fierder moat en hwat wy nou yn dizze situaesje it béste dwaen kinne omdat men nochal biswier hie a. tsjin it feit, dat wy mar 75% krije yn de subsydzje-biskikking en b. tsjin it feit, dat it mar oer in part gong wylst dit eins in oanset is ta in totaelplan fan ünderdiel F. Wolnou, doe is yn oerliz mei Dep. Steaten dit ütstel üntstien, dit ütstel, dat dus as doel hat, dat dêrmei de hiele südoever fan de Greate Wielen oan de sné komt yn fjouwer fasen. De bidoeling hjirfan is, dat op dizze wize de prose- dure bigoun wurde kin dy liede kin ta in subsydzje- persintaezje fan 95 dat is de bidoeling fan Dep. Steaten. En ik tocht, dat it goed is, dat wy yn goed oerliz mei Dep. Steaten dizze saek op dizze wize by de Ried brocht hawwe yn plak fan dit partieel to dwaen. It twadde punt is en dan kom ik by de sköging fan de hear Van der Veen it punt fan de iepen bi- planting. Dat is in saek dy't wy bést yn de gaten halde kinne. It Gemeentebistjür fan Tietsjerksteradiel hat der ek in opmerking oer makke. It ynsjoch dat de Ried m.b.t. de biplanting jown hat is dus by de bi- plantingen bést mei to nimmen en op to heinen. In oar wichtich punt is, dat oarspronklik yn it basis plan de noardgrins fan dit plan wie it trasé fan de nije dyk nei Grins ta dy't de namme droech fan E 10. Nou't op it stuit de situaesje der sa by leit, dat wy net goed witte oft dy dyk der komt en alteast wol goed witte dat dy der foar it jier 2000 net komt, is der oerliz west mei it Gemeentebistjür fan Tietsjerksteradiel dat hat west op 1 novimber oer de fraech hoe't dit nou lanskiplik ynrjochte wurde moast as noardgrins fan dit plan omt wol düdlik is dat dy kunstmjittige noard grins fan de E 10 yn de earste heale ieuw net komt. Dat bitsjut, tocht ik, dat wy wol foar in lanskiplike bigrin- zing fan dit plan soargje moatte dy't past yn it karak- teristyk fan it lanskip sa't it der nou by leit. Dat hat noch wer fierdere komplikaesjes en dan kom ik by de brêge en by de paden en sa ntl. der is it ien en oar yn dat gebiet dwaende; der wurdt oan ruil- forkaveling dien en trochstrings hat dat fan aerd, dat men der nochal hwat oan foroaret en dêrby is ek de Kanterlansedyk yn diskusje west. It hat wol bliken dien, dat der priis op steld wurdt, dat dy Kanterlansedyk bliuwt sa't dy is; hwat der dan fierder ek foroare wur de moat. Dat kin wol mits der in nije fytsroute komt fan Gietsjerk nei Ljouwert ta; dan kinne de fytsers fan de Kanterlansedyk öfbliuwe. Dat soe bitsjutte kin ne, dat der dus wol in fytsroute makke wurdt troch it plan. Fierders hawwe wy sein: Soe der ea safolle universitair libben komme yn Ljouwert dat der in roei- baen komme moat, dan moat dy generaesje as it safier is dat mar oplosse. De konklüzje is, dat der dus gjin dyk troch it plan lein wurdt dy't de kapasiteit hat foar it forwurkjen fan autoforkear en dy't dêrtroch biwurkstelligje soe, dat der op 'e nij in slüproute üntstean soe fanöf Gietsjerk. De minsken moatte mei de auto dan mar oer Swarte- weisein. In oare konklüzje is, dat dêrmei de mjitte fan de brêge fuort yn diskusje is en dat wy nei myn bi tinken folstean kinne mei in brêge lykas wy ek yn de Lytse Wielen hawwe, ntl. in brêge dêr't ek in trekker oerhinne kin; dan is it wol genöch. Dat bitsjut, dat wy alles dat der ta liede kin dat der autoforkear troch it plan komt, keare sille en dat alles oanpast wurde sil by in oare funksje. It is wol düdlik, tocht ik, dat der dan in hiel oare brêge komt dan op de te keningen stiet, net sa breed, wol heger en m.ooglik wol sa lang, hwant as men omheech giet, moat men fansels wol in langere oanloop en öfloop hawwe, oars moat men to stuf traepje om der by op to kommen en knap yn- halde om der by del to kommen en as it glêd is dan glide jo maklik üt. De bidoeling is, dat it gebiet oer de Wielhals in iisbaen wurdt, in polderbaen, en dan moat men dêr wol tichte by komme kinne. Mar dat hoech net to bitsjutten, dat men dan oer de brêge moat mei de auto, men kin foar de brêge de auto wol stean litte. Dan wol ik der wol op wize, dat de hear Van dei- Veen in lyts misforsin yn it libben ropt; hy wol it riedsbislüt oanfolje. Mar ik mei my foroarlove de hear Van der Veen der op to wizen, dat ünder fase 4 de for- mulearring is: „speel- en zonneweide met weg en brug over de Wielhals". Dy brêge sit dus yn it totael bidrach fan f -846.000-,— dat wy freegje, mei de bitingsten dy't ik nou by dy brêge jow. Ik hoopje, dat de hear Van der Veen my op dit stuit folgje kin. It ienige, dat ik fan syn bitooch noch net biantwurde haw, binne de opmerkingen oer de tüchsteigers. Dat is in akkommodaesje dy't noch makke wurde moat neidat dizze plannen ré binne. Dan kinne wy by dy gelegen- heit bést nochris mei inoar prate oer de tüchsteigers. Ik tocht, dat dy yn detailplannen dy't wy ünder hannen hawn hawwe yn de tarissingskommisje der wol wienen. It is uteraerd maklik genöch om dy, mochten dy net yn de plannen sitte, noch oan to bringen as it safier is. It duorret mear as fjirtjin dagen foar't dit karwei fan goed 8 miljoen klear is; it duorret miskien wol fjouwer as fiif jier. Ik leau, wy moatte gewoan yn üs tinzen halde, dat, as dit ré is, dit in akkommodaesje wurdt dy't ek brükt wurde kin foar it doel hwer't it foar makke is. De hear Miedema hat syn bitingsten en foründer- stelt dan mar dat, as Ljouwert net sa hurd groeit, de Griene Stjer ek net sa hurd hoecht to groeijen. Wy binne fansels mei de Griene Stjer al oan it tempori- searjen. Dêr moat de Ried him wol fan biwust wêze. It is op 't stuit sa, dat, hwannear't de Ried dit kredyt oannimt, it dan wol ris op syn gaust twadde healjier 1974 wêze kin ear't wy mei de earste f 983.000,los binne. Dat bitsjut, dat it wurk yn de Lytse Wielen op 'e ein rint en dat it dus wolris wêze kin, dat der in oan- merklike fortraging üntstiet. Mar dat dogge wy dan ek wol yn de wittenskip, dat de wearde fan rekréaesje- gebieten, en seker salang 't wy gjin bensine mear krije kinne foar de auto, folie greater wurdt. Fierder hat dit Greate en Lytse Wielengebiet in regionale funksje as rekréaesjegebiet. It is net allinne foar Ljouwert bi- doeld mar it leit tichte by Ljouwert; de oanwêzichheit fan dy beide plassen wie fansels ek wichtich, it gebiet is der ek bisünder geskikt foar. Mar it is „een element van groot formaat" tsjinjende in folie greater gebiet dan allinne Ljouwert. En ek yn de tiid sjoen, leau ik. dat men de üntjowing fan de deirekréaesje flak by de greate stêdden ek yn de regio yn acht nimme moat en dan kin ik de hear Miedema wol sizze, dat, hwat de kapasiteit fan nou oangiet, wy dêr wier net fiif of tsien jier mei foarüt kinne hwant dan wadzje de deirekréan- ten strak de oanliz wol ündersteboppen. It gebiet is for- line simmer yntinsyf brükt. Hwannear't wy dizze saek, gemeentlik-hüshaldlik sjoen, goed ütbouwe kinne mei help fan it ryk, dat leau ik, dat Ljouwert goed wurk docht mei hjirmei troch to gean. De heer Van der Wal was het helemaal eens met de heer Van der Veen dus heb ik hem ook beantwoord; dat hoop ik tenminste. De heer Schaafsma heeft gesproken over het haven paviljoen. Ik kan hem meedelen, dat er reeds overleg is geweest met een mogelijke particuliere gegadigde voor de exploitatie van de accommodatie die er komen moet voor het aanleggen van boten zo zeg ik het maar voorzichtig. De heer Schaafsma zal met mij ook wel weten, dat de exploitatie van dit soort zaken nog niet zo eenvoudig is. Dat neemt niet weg, dat hij zich gevoeglijk kan houden aan het „voorshands achterwege laten" van dit onderdeel. Komt er n.l. een belangstel lende particulier die bereid is de investering zelf te doen dan kunnen we bij die gelegenheid dat best onder ogen zien uiteraard afhankelijk van de inzichten die de Raad dan bij die gelegenheid heeft. Wij zijn niet zo, dat wij bij voorbaat een particuliere exploitatie zouden afwijzen; het is wel zo, dat wij dat bij die ge legenheid onder ogen moeten zien. Dan zal wel blijken of men inderdaad de commerciële kant van deze zaak zo interessant acht, dat men het inderdaad zelf zou willen exploiteren. Dat merken we dan wel. De heer Visser heeft een opmerking gemaakt over het exploitatie-subsidie; ik weet niet of weth. De Jong daarop wil reageren. Uiteraard heeft dit project, dat een voortvloeisel is van een stuk beleid dat het Rijk zich voorstelt te voeren m.b.t. de openluchtrecreatie, onderdeel uitgemaakt van de besprekingen die met de

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1973 | | pagina 5