10 in pear wurden yn it ear blaze, sa fan: Skögje efkes foar my. nan dogge se dat ek. Mar hoe t men ek ta it einnsseitaet komt, ltsij swiersettich of mei de losse nan saogjend, der wurdt op 't lést in aei lein, bytmen in wynaei. Seis bin ik fan de groep skogers, uy't nwat stinnenoe wei en net frijhwat gestm en gekrunmenear ta it risseltaet komme. De agrarysk ynsteide SKOger hat it oer in aei, de dichterlike skoger praet oer de ta- komst, oer in utopia. IMou bin ik der wis fan dat sokke forhalen, dy't wy hjir hjoed halde, lis as Friezen wol lizze. Yn Grinslan binne se folie koarter om 'e hoeke. Dêr hammeret de foarsitter gewoan of as de fraksjefoarsitter it- aei net kwyt kin. „Opskaiten" ropt er dan. Allinnich dêrom soe ik yn Grins nea yn 'e polityk gean wolle. It skog- jende aerd wie de oanlieding foar Eeltsje Boates Fol- kertsma om to sprekken fan: „Fryslan is altyd swier, mar bernet nea". Mar dit hwat distansje nimmen fan it wurk en der sa fan üt in hoekje wei nei to kueren, dat is it bigjin fan in dichterlik libben. It is gjin wün- der dat wy hjir yn Fryslan safolle dichters en skriu- wers roun to stappen hawwe. It uteret him ek yn it op rym setten fan de skóging fan in jierforslach en ik hie eins tocht dat de hear Heidinga hjoed op rym syn stik brocht hie. Dat is my hwat öffallen. (De hear Heidinga: Takomme jier!) Dat rike gefoelslibben, dat mear nei binnen rjochte is as nei büten, bringt in iytse oantrün mei om it wurk oan to pakken. Hollan- ners forslite üs dan foar hwat stadich. Ik haw dat eartiids gauris meimakke op de folkshegeskoalle yn Bakkefean. Wy hiene dêr dan jouns lezingen oer aller hande Onderwerpen fansels en de oare moarns wie der in praktysk wurk. Ik wit wol, wy moasten doe heide oanmeitsje. Hoe bistiet it dat ik my der ea foar liene litten haw, ik bin der noch frustrearre troch, sil ik jimme fortelle. As it dan in nijsgjirrieh Onderwerp wie, dan wiene wy Friezen gau ré om de lodde yn de groun to stekken en it öfbrutsen petear fan de foarige joun wer op to nimmen. Mar de Grinzers, ja dy hiene jo doe ek al, röpen fuortdalik: „Opskaiten". Ik foun dat doe ek al heechst ünplezierich, om mar net in oar swier- laden wurd to brüken. Sjoch, dat nei binnen libjen en dat net yn dieden om to setten, dat makket de Fryske minske hwat disharmonysk. Hy libbet hwat yn ün- frede mei de wrald om him hinne, hat faken nocht oan ünnocht. Dizze halding foar de dingen oer, bringt mei dat de bislütfoarming foar de Fries net maklik is. Ek al omt er in great ethysk noarmbisef hat. Jimme fiele wol, dit forhaeltsje is hwat men neamt funksjoneel. Jimme tochten dat jim hjoed in foardracht krigen fan: „Voordracht voor een heer, afdeling luim". Funksjoneel, sei ik, wie dizze ynlieding. It min bi stuten nimme kinnen is hjir ek oan 'e oarder fan 'e dei. Wy prate ek lang oer in direkteur fan de Stêdsont- wikkeling en dan komt der ynienen in oaren lit 'e bus. Wy prate ek lang oer de binnenstêd en dan wurdt it lekker hiel hwat oars as it Kolleezje yn 'e holle hie. En hwat hawwe wy it mannich kear hawn dat it Kol leezje de koppen by elkoar stekke moast efter de tafel, it punt fan 'e agenda öffiere moast of nei it skoft taskouwe om noch hwat wetter yn 'e wyn to dwaen, om op sa'n manier in driigjende nederlaech to ünt- kommen. Ja, dizze Ried is in kostlik plak om it minsk like dwaen en litten to observearjen, to skógjen. Ik haw, doe't ik my oan it skógjen sette justerjoun, de tiidwurden „schouwen" en „beschouwen" cfkes op- socht yn myn aid etymologysk wurdboek fan Dr. Van Wijk. Sa'n wurdboek giet de woartels fan it wurd nei, hoe komt it yn de tael. Fansels komt men fuortynienen werom op it aide West-Fryske tiidwurd: skowia. (Ik moat der by sizze, doe't it Frysk taelkundich de lange broek al oan hie, lei it Nederlansk noch yn 'e ruften.) Doe wie it mar in lyts stapke om by it Gothyske wurd to kommen, ien fan de aldste Germaenske talen en fierder nei it aide Noarsk ensfh. It die my bliken dat skógjen hat to meitsjen mei in spegel. Yn de spegel sjen, mooglik yn de takomst sjen en seis koe men in forbining lizze mei de dichter, de sjenner, de profeet. Dat wie foar my de folsleine bifêstiging dat algemiene skögingen jitte hwat mear binne as op de bigreating om to kögjen. Ik tocht by my sels: lit ik dat nou mar net dwaen, lit ik mysels de spegel ris foar halde. Nou fait it net ta om yn sa'n aeifolle seal allinne jinsels yn 't fizier to krijen. It each sjocht altyd fan him óf en ik hie de mannen fan de C.C.P.-fraksje tagelyk yn 't fizier. De „mannenbroeders", hwat nau en hwat stiif yn it stimmige pak, dêr njonken it rike Roomske libben, hwat rommer yn it pak en hwat liniger yn 'e rêch en yn 'e tael en dêrtusken de mannen fan de C.H.U. mei de bistraffende, bilearende of warskög- jende finger omheech. Wier, wier, ik moat sizze, ik postuerde dêr hwat nuver tusken. Foaral doe't ik har mülen iepen gean seach en hearde hwat hja seine. De stêd moat gjin museum wurde, fong ik op, wy moatte de bilizzers dy't groun keapje wolle oan it Van Harinxmakanael net öfstegerje mei dat kuijer- paed foar harren doarren to lizzen. Mar omdat hja aliegearre tagelyk praten en troch elkoar raesden, fong ik jitte hwat brokstikken op fan parkeargaraezjes, trochbraek, tanginten, Fliet tichtsmite, passyf oankeap- bilied en ik tocht ynienen: dêr bidoele hja fansels mei dy lange jammer sünder ein dêr by de Borniastrjitte en ik hearde de fraksjefoarsitter jitte sizzen: „De stad wordt op zo'n manier onregeerbaar, mijnheer de Voorzitter. Wij moeten op een eenmaal genomen be sluit niet terugkomen en geen welzijn zonder welvaart." Ik tocht: it ekonomyske, it jildlike spiiet in greate rol by harren bislütfoarming. En ynienen grypte ik yn de kast en dêr pakte ik it bikende boek üt fan Max Weber üt 1904 it is in Dütske ütjefte „Dej protestantse ethyk en de geest van het kapitalisme", mei de groun- gedachte: üt it Kalvinistyske bigjinsel folget dat de minske him fan alle ierdske idelheden öfsidich halde moat; hy moat sober libje, mar him net öfsünderje fan 'e wrald (dat docht er ek net). Troch dizze sobe- rens heapje de oerbliuwende fruchten fan syn wurk har ryklik op en dy kinne dan wer tsjinje ta in nije ekonomyske groei. Sa skept op it lést in biskate idé in biskate maetskippijfoarm. Ik hearde ek jitte for- skillende mülen sizzen, doe't ik yn 'e spegel seach: „Dat is niet haalbaar". Né, tocht ik, foar de sport op snein en de stipe oan Cambuur hawwe hja, sij it grom- meljend en skombekjend, de holle ek al bügd. En ik tocht, hoe soe it aenst mei de gewestfoarming gean? Hwant it binne faek beammen mei twadderlei fruch ten. De beam yn Den Haech draecht faek oare fruch ten as de beam hjir yn Fryslan, mar ik bin bliid dat wy ienriedich ek de gewestfoarming ófwize. Ik haw de spegel doe mar 90 graden omdraeid en dêr krige ik de mannen fan it P.A.K. yn it each. Ik moat sizze, hwat losser yn it pak as eartiids en as ik it goed bigre pen haw, yn 'e takomst jitte losser. Dat kin in los- bannige of leaver in lospakkige situaesje wurde straks. Wonderlik genóch, of net sa botte wonderlik, hwant der binne gjin twa koppen gelyk, wiene de koppen üngelyk, de lüden dy't ik notearre wiene al gelyk. Fliet tichtsmite, notearre ik, Bilgaardbouwers, notear re ik, gewestfoarming, de driigjende finger oan 'e Greuns, seach ik yn myn gedachten de forbaernings- oven bidoel ik passyf oankeapbilied. Ik tocht by my sels, hwat sil dat aktive oankeapbilied dan ynhalde. Mar ik merkbiet ek dat it ienstimmige P.A.K.-koar stadich hwat mear koloratuer krige. It waerd ek hwat mearstimmiger en de kar fan de lieten waerd ek hwat oars. Eartiids wiene it lieten as: „Het lied van de hamer" en „Het lied van de beul", „Hoe hoger hoe liever" (dat hawwe hja in protte yn 'e binnenstêd songen), „Breken en bouwen", „Bedankt lieve Tiek- stra", „Ode aan De Nieuwe Tijd" en soartgelikense. Nou hearde ik al lieten as: „Myn moeke waer in Fliet- ster", „Achter de gouden bol daar is 't zo fijn" en in bikende protestsong „Hannen af fan de Kaei". Der waerd al sein: it P.A.K. is op de forsierderstoer. Ik leau dat hja mear de trant en it repertoir oannommen hawwe fan de „Straatzangers" eartiids. My tinkt in hiele foarütgong. Ik haw nou twa groepearringen üt dizze Ried yn de spegel sjen litten en hja hawwe bei den harren stimpel set op de üntwikkeling fan Ljou- wert. Hja hawwe beiden tocht dat hja de foarütgong tsjinnen, mar de nou libjende generaesje sil sizze dat se it forkeard dien hawwe. Hwerom is de skiednis roun sa as dy roun is? Hiene groepearringen as F.N.P. en Axies fyftjin jier lyn in kans hawn om oars to bouwen of om oars foar it forkear oer to stean of om oars foar it sintralisme fan Den Haech oer to stean? Ik bitwi- felje dat. De histoarikus leit wol alle mooglikheden, dy't yn elke situaesje opsletten lizze, bleat, mar strib- bet der nei düdlik to meitsjen hwerom krekt dy iene 11 moog'likheit wurklikheit waerd. Yn dy tiid tocht men sa en yn dy tiid kamen lju nei foaren dy't dy gedachten foarm. en stal jaen woene. Hwa't doe praet hie oer de restauraesje fan 'e Kelders of it iepen halden fan it Fliet of it bouwen fan iengesinswenten of it sparjen ian de Bonifatiustoer as dy doe op 'e nominaesje stien hie om öfbrutsen to wurden -, hie foar de wi- mge doar kommen. Likegoed as Hitier nou in bilach- like figuer west hie, of Napoleon. Dat optimisme en dat leauwen en bouwen oan de foarütgong is hwat in dizenige saek. Ik neam it de wet fan de tsjinfallende foarütgong of de wet ta it bihald fan de ellinde. Hwat men wint oan technysk-materiéle foarsjenningen, for- liest men wer oan minsklike en tradisionele wearden. De „Gesellschaft" komt yn it plak fan de „Gemein- schaft" sei Tönnies. De mienskip hat it plak romje moatten foar it selskip, foar de samling losse yn- dividuen. It wie in ütspraek fan Tönnies yn 1887, as ik it goed haw. De direkte en waermminsklike bining wurdt forfongen troch it yndirekte en koel-saeklike kontakt. Hjir yn dizze Ried merke wy hwat fan dizze tsjinstellingen as mannen fan Axies en as mannen nou ja, mannen, in mantsje fan F.N.P. hjir de sa- ken dy't harren nei óan it hert lizze binaderje fan har kant. By Axies is dit foaral, liket my sa ta, in gene- raesjeforskil tusken harren en de Ried. By de F.N.P. is it in algemien mentaliteitsforskil dat by alderen en jongeren beide foarkomt. Karl Mannheim praet hjir fan in „Polar-Erlebnis" en hy bidoelt dêrmei in mien- skiplik djip bilibjen fan in bipaeld barren; dat kin dus in Kalkar-affaire wêze, dat kin wêze atoomdriging, oarlochsdriging of it toloar gean fan tradisionele wear den en gean samar troch. In protte minsken, aldere minsken foaral, seit dat neat mear. Dy binne al foar- programmearre. Mar by de jongerein üntstiet in nij libbensbisef. Mar ek dan fait dizze jongerein werom op tinkers dy't foarhinne in hwat isolearre posysje ynnamen tusken harren tiidgenoaten. Dizze idéeen dy't hjir troch lytse partijen fjouwer jier oan de oarder steld binne en fan harren kant binadere binne, sille yn de takomst in greate en in greatere rol spylje. Ik bin bliid hwat ik sapas al sein haw dat de P.v.d.A. mei har idéen it roer al hwat omsmiten hat, mar hja sille yn de takomst noch folie mear bystjüre moatte, wolle hja de jongerein bliuwend boeije. Der komt my noch in fraech yn it sin dy't ien fan de krantemannen fjouwer jier lyn stelde oan de Boar- gemaster hoe't hy tocht oer de lytse partijen yn de Ried en syn antwurd wie: „Het zal wel wat moeilijker worden". Nou, dat is it ek wol wurden. Ik leau wy meije ek wol ris eigenwiis wêze; dat binne wy net al to folie de lytse partijen hawwe de Ljouwerter bin nenstêd rédden. (De hear Heidinga: Hwat in lef!) Dat sil ik even taljochtsje. De fraksje fan de P.v.d.A. hat in moty yntsjinne dy't sadanich opsteld wie dat de lytse partijen harren fiat dêroan jaen koene. Allinnich troch de help fan de lytse partijen kinne de twa greate blokken ta in mearderheit komme en ik bin noch bliid dat de skiednis roun is sa't dy roun is en sa't dy rinne moast. Ik leau dat allinnich dêrom de lytse partijen ek wol in tinkstien fortsjinne hawwe yn 'e muorre fan it Stêdhüs. Mar de idéenwrald fan de F.N.P. en ik wit ek wol foar in part fan Axies is net alderwetsk, né, dy is progressyf, dy slüt oan by de idéenwrald fan de opstellers fan de „Blueprint for survival", de 33 Britse gelearden, dy't eins de konsekwinsjes fan it rapport fan de Klub fan Rome oerbrocht hawwe yn in brükber rapport; dêr stiet yn hoe't it minskdom eins oerlibje kin. Der binne fjouwer kaeijen foar, dy't dizze „blue print" oanjowt. De earste kaei, dêr't wy üs oan hélde moatte, is it stabilisearjen fan de bifolking. De twadde kaei is: wêz sunich op de grounstoffen en win dy wer werom. De tredde kaei is: forsteur de eko- systemen net. De fjirde kaei is: desintralisearje dêr't mar to desintralisearjen fait. It forsterket de demo- kraty en it krijt nou in nije dimensy, in nije öfmjit- ting, it sparret energy en ek yn de lytse hüshalding, om mei Thorbecke to praten, kinne wy eat fan dizze idéen tapasse. Se rinne by einbislüt üt op it wolwêzen fan de minsken. Mar wy kinne mear dwaen. Wy kinne, om konkreet to bliuwen, yn dizze stêd de aide hüzen opkeapje en dy foar in goune oerdwaen oan jongelju dy't binnen de fjouwer jier dat hüs sadanich opknappe dat it fol- docht oan üe easken dy t der oan stem wurde meije. Dit is gjin idé dat ik seis ütfoun haw, it is algemien yn gebruk yn Amerika. Wy kinne hwat minder foar- skriuwend wêze op allerhande gebiet, byg. op it ge- biet fan it bouwen. Wy kinne it mear syrcje yn bak- stien en hout yn plak fan yn it deade beton en it asfalt. Wy kinne de boargerij mear bihelje yn it ünderhald fan parken en plantsoenen. Wy kinne it wurk wer tichter by de minsken bringe; foaral nou't de tredde produksje-sektor -de sektor fan de tsjinsten mear en mear ynfloed krijt. Wy soene de hüzen foar aide minsken bouwe kinne yn de wiken dy't fier fan it forkear óflizze. Wy soene yn de wenwiken, dêr't oant nou ta de auto altyd in bilangryk plak ynnommen hat, de auto keare kinne. Wy soene drompels oanlizze kinne by de yngong fan dizze wiken. Ik mei jimme oanriede to lézen yn de Haagse Post in artikel oer hoe't men dat yn Delft oplost hat. Oant nou ta hat de auto altyd frij en ünbiheind yn dy nije wiken wêze kinnen. Dat kin wol oars. Wy soene mear oandacht jaen kinne oan de kuijer- en fytspaden. Koartsein, wy soene yn in legere forsnelling oerskeakelje moatte, in hwat sim peler manier fan libjen. Leger bitsjut in nul-groei, sa as wy dat miskien it takomme jier meimeitsje sille, mar heger, as it giet om minskliker forlialdingen. Ek yn gemeentlik forban kin dêr wol hwat oan dien wur de. Miskien leit dêr in opdracht foar de lytse partijen, dy't net boun binne oan algemien hearskjende en faek forstikkende partij-opfettingen. Hja wurkje mear oan de basis fan 'e maetskippij, miskien hwat idéalistysk en miskien hwat utopistysk, mar- ek noch altyd haw we it de ienlingen west en de lytse groepearringen dy't mei har gedachtewrald de wrald in oare wei opstjürd hawwe. De Voorzitter schorst, om 15.50 uur, de vergadering voor de theepauze. De Voorzitter heropent, om 16.15 uur, de vergade ring. De heer Wiersma heeft inmiddels de vergadering verlaten. De heer Meijerhoï: De begroting 1974 is de laatste in de serie begrotingen welke de Raad in deze zit tingsperiode behandelt. Een goed moment om even een terugblik te werpen op de financiële ontwikke lingen. De eerste begroting welke de Raad in zijn hui dige samenstelling heeft behandeld, was die van het jaar 1971. Het jaar 1971 was al een paar maanden oud toen de begroting werd aanvaard met een tekort van 1,5 miljoen. Door een beroep te doen op de saldi- reserve en aan te nemen dat de Gemeente op nieuwe inkomsten mocht rekenen, werd de begroting formeel sluitend gemaakt. In de laatstgehouden raadsvergade ring hebben we het resultaat van 1971 kunnen ver nemen, n.l. een nadelig saldo van 2 miljoen. De be grotingsbehandeling van 1972 met een nadelig saldo van twee en een kwart miljoen stond in het licht hoewel beter gesproken kan worden van duisternis van art. 12 van de Financiële Verhoudingswet 1960. Om een beroep te kunnen doen op een z.g. aanvullende bijdrage moesten koortsachtige activiteiten ontwik keld worden om de begroting m.b.t. 1973 vóór 1 januari van dat jaar bij G.S. aan te bieden en tevens om de rekeningen t.e.m. 1970 vast te stellen. De begroting van 1973 wees in eerste instantie een tekort aan van 4,8 miljoen. Voor het jaar 1974 zien we nu een tekort van 10,6 miljoen. De tekorten zijn met enorme spron gen toegenomen, ondanks het gevoerde ongewijzigde beleid, wat daar dan ook onder verstaan mag worden. Hierbij moeten we echter niet uit het oog verliezen dat de opzet voor de begroting 1974 anders is geweest dan die van de voorgaande jaren. In de voorgaande jaren werd de becijfering gemaakt aan de hand van de gegevens, bekend op het moment van samenstelling der begroting, meestal gegevens van april voorafgaan de aan het begrotingsjaar. Voor 1974 is echter uitge gaan van het te verwachten loon- en prijsniveau in 1974. Vergelijken we de cijfers over de 4 jaren, zoals op dit moment bekend, dan zien we in 1971 een te kort van 2 miljoen, voor 1972 een verwacht tekort van

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1973 | | pagina 15