24 hoofdstad bent recht hebt op een dubbelbaans verbinding naar wat dan ook. Wij hebben recht op een dubbelbaans verbinding met het westen en midden van het land omdat de afstanden overbrugd moeten worden. Omdat wij de kilometerafstand niet kunnen verkleinen zullen wij het in tijd moeten kunnen overbruggen. De aanlokkelijkheid van Friesland kan alleen maar op die manier voor de economie van belang zijn als je dubbelbaans wegen maakt opdat je een vlotte verbinding hebt met het westen. De hear Singelsma: Doe't ik forline jier dizze nota yn'e hus krige haw ik wol efkes glimke, hwant as men de nota opslacht dan sjocht men op de titelpagina de namme Friesland-FryslanEn dat docht my tinken oan de earste bigreatingssitting fan de steaten doe't ik sawn moasjes yntsjinne; de earste gyng oer it forpleatsen fan it fleanfjild fan Ljouwert en de léste oer it foroarjen fan de namme Fries land yn Fryslan. Ik sjoch jitte de eardere kommissaris fortwifeljend de hannen omheech stekken nei 6 moasjes en my oansjend freegjend: "Heeft mijnheer Singelsma nog een motie in petto?" Ik koe de goe de man gerest stelle en ik dielde him it heuchlike feit mei dat syn tinzen goed wiene en dat ik jitte in moasje yn petto hie om de namme Friesland to foroarjen yn Fryslan. Dy moasje waerd ek ofstimd fan- seis, net omt dy moasje net goed wie(De hear Ten Hoeve: Uteraerd net.) mar omt hy ijt de forkearde hoeke kaem. Hwant eltse fraksjefoarsitter fielt altyd de gleone eagen yn'e rêch fan syn ef- terban. (De hear De Vries (wefh.): Jo net?) (Laitsjen) Né, ik luk my der yn elts gefal neat fan oan. Ik stean hjir as frij man sunder lést en opdracht fan dejingen dy't my keazen hawwe. (De hear Ten Hoeve: Frijbutser.) Ik sjoch nou - net ta myn forwundering, hwant ik wist it wol - dat net ien oan- stjit nommen hat oan dizze foroaring, oan dizze dubele bineaming. Hwat doe in utopy wie is nou réa- liteit. Dér kom ik aensen noch op werom. Nou it twadde feit. Menwitdat it "Leitmotiv" fandit musykstik is: De minsken nei de stêd en de foarsjenningen ek. En omt de lju dat net wolle, meije hja dan ek yn de doarpen wenje dy't mooglik hwat groeije meije; dat binne de sintrumdoarpenSa yn al syn rugens en unfolsleinens is dit sahwat de gedachtegong fan de opstellers. De earste twa lannelike nota's giene fan de sjenswize dt: Allegearre nei de stêd. Ik soe der hast by sizze "ja gesellich". Dat hat de hear Ten Hoeve sapas net sein, mar dat siz ik wol yn de trant fan de eardere opstellers. Men hat stêdden en wiken boud sa heech as de bou- kraen rikte fan in ienfoarmigens en in ientoanigens dat men it net foar mooglik halde soe en dat hat makke dat de minsken de stêd forlieten en harren yn de butendoarpen nei wenjen setten. Dat hjit dan mei in moai wurd "suburbanisaesje"De twadde nota folget dy gedachtegong en seit: Nou as jimme dan dochs buten wenje wolle, alé dan mar, mar dan bymekoar. Dat hjit dan de bundele dékonsintraesje De earste twa nota's biskogen de minsken as balen strie dêr't men mar mei omtouterje koe, de tredde nota op kommende wei doart it net mear oan om de minsken as fabryksbol Ien oer de toonbank to skou- wen. Yn de tiid fan de earste twa nota's hie men it plan om 15% fan de lannelike bifolking nei it noarden to forpleatsen; dat is in seisde part, dat is 3 miljoen minsken. Dat wie de tiid daf Ljouwert in stêd wurde moast fan 150.000 ynwenners en hwa't it oandoarste om oan sokke harsenskimen to twifel- jen dy stelde him negatyf op en dy seach de dingen troch in konservative brilNou, dat wiene foaral foar in politikus fansels slimme oantigingen. Dat wie de tiid dat de bistjurders mei hynsteëagen de ta- komst seagen, hwant sa as jo witte mynhear de foarsitter, jo komme ek fan it boerelan(Lait sjen), seit men dat hynders de dingen sjogge yn in forgreatsjend en yn in fortekenjend perspektyf. Dat kloppet biologysk net mar it is wol folkswiisheit. Wy hawwe lokkigernoch wer leard, wy sjogge de dingen wer hwat normaler, hwat minskliker. Hwat wisten sokke Haechske buro- en technokraten op it lést fan minsken of? Allinne ditfe, it wiene telbere dingen. It wurd fan Galilei* wie harren hillich. Dy sei: Wy moatte mjitte hwat mjitber is en mjitber meitsje hwat jitte net mjitber is. Dat in tael, in kultuer, aerd, seden, gewoonten, lanskip der under strupten, dat sei harren neat hwant dat wiene gjin telbere en weachbere dingen. Wy witte nou wol - en dat jildt ek foar us - dat wy ek net sa mar 10.000 Hagenezen oerpleatse kinne nei it noarden. In tredde feit dt de nota tsjinnet him oan, en it is ien fan de utgongspunten fan dizze nota, it binen fan de eigen bifolking troch natuerlike groei. Natuerlike groei is it forskil tussen berte en stjerte En dy natuerlike groei wurdt lytser. Dat is in goede saek. De natuerlike groei wurdt lytser omt oan de iene kant it tal hüshaldingen mei twa en trije bern hoe langer hoe lytser wurdt - dat is in goede saek - en oan de oare kant - en dat is in forkearde saek - omt de stjerte tanimt troch long- en hertsykten. Yn de kommende 30 jier, to rekken jen fan 1972 of, sil men wurk en huzen bouwe moatte foar 62.400 minsken. Dêr moatte huzen foar komme en dat is in taek fan de oerheden. (De hear Heidinga:. Né, foar de bouwers.) Dat is in biliedskwestje. (De hear Ten Brug (weth.): Dêrom prate jo der net oer.) Ik hie hjir al in opmerking stean: De hear Ten Brug ynterrumpearret. (Laitsjen) Ik haw der noch in pear fan dy gedachtestreekjes delset; ik hie him al mist, ik tocht, hwer soe hy wêze, mar gelokkich, hy oppenear- ret him. (De hear Ten Hoeve: Ik tocht dat jo der by sette soene "hinget my yn'e bek" en net "ynterrum pearret", hwant dat is gjin geef Frysk wurd.) Dy wurden bruk ik net. It soe fansels it moaiste wêze as it wurk ticht by de minsken wie sa as yn de tiid fan it ambacht. Doe wie de boer de trendsetter en de ambachtsman profitearre dêrfan. Mar de ambachtsman is forfongen troch de yndustry en dy hat him kon- sintrearre yn de stêd en de greatere plakken. En it oerheitsbilied is der op rjochteom dêr ek de huzen del to setten, ticht by it wurk. En dêr kin men ek de foarsjenningen konsintrearje. In logyske gong fan saken soe men sizze kinne. Men biheint op dy wize it forkear fan en nei it wurk. Dat is ien visy. Mar der is ek in oare visy en dy seit: Yn Fryslan binne 85 lytse doarpen of kearnen fan lytse doarpen dy't deun bymekoar lizze, doarpen dy't net oan de 700 ynwenners takomme, in magysk getal. Dat binne de ofhinklike doarpen. Mar der binne ek noch 85 doarpen dy't fariearje fan 700 oant 1 .500 minsken; dat binne ek ofhinklike doarpen. As men nou fan dizze beide typen doarpen de earste groep opfizelet ta 700 dan sil men dus huzen bouwe moatte foar 28.000 ynwenners en as men de twadde groep fan 85 doarpen opfizelet ta 1 .500 ynwenners dan soe men jitris 26.000 minsken dêr wenje litte kinne. Dan sitte wy op in getal fan 54.000 ynwenners en komme wy ticht by it getal fan 62.400 dêr't wy huzen foar bouwe moatte oan it jier 1992 ta. Mar dat haldt yn dat de stêdden net al to folie mear groeije kin ne- En om it wenforkear yn stokken to halden sil men fansels it iepenbier forfier stimulearje moatte. En om de wurkgelegenheit to sprieden sil men in oar kearnebilied folgje moatte. Ta beide is de oerheit net ré op dit stuit. Ek dizze nota giet 61 fan "produktiviteitsverbetering, rentabiliteitsverbetering, schaalvergroting" en dat soarte fan saken, mar hwa't dêr fan ijtgiet komt torjochte by it greatste en it allergreatsteDe nota seit: "Deze processen roepen als het ware een schaalvergroting in ruimtelijk op zicht op en deze processen zijn slechts in beperkte mate in omgekeerde richting te beïnvloeden." Dat soe dus ynhalde dat de romtlike oardering allinne mar by steat is maetskiplike en ekonomyske proces sen to folgjen en bisykje yn goede banen to lieden of, yn myn opfetting, yn minder goede banen. Mar it liket my ta dat de romtlike oardering ek biwust bipaelde untjowingen oanjowt en utset. Yn "De Rider' it orgaen fan it Opbou-orgaen, haw ik dizze miening wiidweidich utien set. In harsenskym, sil man- nich bistjurder sizze. Och, dat wie dy kwestje fan Friesland-Fryslan ek al en nou is it wurklikheit. Utopyen fan hjoed, sei ik sapas al, binne réaliteiten fan moarn. Mar nou de ynspraek. In noedlik undernimmen fansels, hwant wol ynspraek sin hawwe dan moatte de bistjurders net allinne nota nimme fan de mieningen, mar hja moatte as dêr oanlieding ta is ek ré wêze om harren bilied om to bugen, hwant oars wurdt de ynspraek in greate en kostbere forlakkerij en is it in skynfortoaning. De provinsiale oerheit sit tusken twa fjurren yn, in ryksoerheit dy't utgiet fan safolle mooglik de bundele dékonsintraesje en de bifolking - ik mei dat yn alle biskiedenheit sizze - dy't it stanpunt fan de F-N.P. folget. Hwant hwat is ynspraek? De koördinators fan de ynspraekprose- duere sizze: Troch direkte kommunikaesje ynfloed utoefenje op it bilied en de bisldtfoarming. Ik haw de forantwurdlike deputearre frege: Stel dat de ynspraek fan de bifolking fan gefolgen hawwe soe dat it bilied ombugd wurde moat, dogge jimme dat dan ek? En as dat dan yngiet tsjin it bilied fan de ryks oerheit? Syn andert wieWy sil Ie dêrut de gefolgen luke moatte, mar wy si I Ie wol goede arguminten op tafel lizze moatte om de ryksoerheit to oertsjugjen. Wolle dus al dy wurden dy't ek troch de ryks oerheit étsprutsen binne oer ynspraek wearde hawwe dan kin men oan de winsken fan de Fryske bifol king net foarby gean. Hoe hat de ynspraek west? Ik haw hjir de helte fan de ynspraekantwurden mei- nommen, in pear poun ynspraek, de oare pear poun leit thés, hwant ik tocht: Jimme sil Ie se ek wol hawwe. Der is dan in gearfetting by yn it giele boekje. Der hawwe 238 ynspraekgroepen meidien, 149 kamen ut doarpen fan minder as 1 .500 ynwenners, ut Ljouwert hawwe mar 13 groepen meidien, hwer- fan noch 5 groepen ut de doarpen. Men kin sizze De meast bidrige doarpen hawwe harren it fu 1st oppe- nearre en de bining mei dat eigen doarp is great. Hwat greater de stêd blykber hwat minder niget om aktyf mei to dwaen. En yn dy doarpen fan under de 1 .500 ynwenners wennet in fjirde part fan de Frys ke bifolking. It giet net oan om alle 26 fragen hjir ut de doeken to dwaen. Der is in gearfetting by, elk fan dy 26 fragen wurdt hifke, net yn persinten, sa't ik it graech woe hwant dan hie it byld noch folie dddliker west, mar yn termen as: "de grote meerderheid, een kleine meerderheid, een minderheid ensfhIk haw fraech 8 der dtpikt. Fraech 8 is sa: De nota wol de nije wenten safolle mooglik bouwe yn de plakken dêr't it measte wurk is. Dêr hawwe 233 ynspraekgroepen op andere. It resultaet wie: 39 groepen wiene it dêrmei iens en 194 groepen seine: Wy wolle wenje hwer't wy wolle, wy wolle de lytse doarpen in kans jaen. Dat is: 83% fan de ynspraekgroepen pleitet foar it lytse en it al IerIytste doarp, 83%. It plattelan mei net fierder untfolke wurde, wie it meast foarkommende antwurd. (De Foar sitter: Fan de minsken dy't heard binne.) Elk hie de gelegenheit. (De Foarsitter: Ik konstatearje ek al linne mar.) Jawis, dan hiene de minsken yn hiel Fryslan harren mar better oppenearje moatten, hja hawwe alle kans hawn, hja hawwe allegearre in ynspraekkrante krige; dêr moatte wy op to seil gean, dêr binne jo it dochs mei iens. Wy prate hjir oer konkrete en taestbere resultaten. Hwat seit Ljouwert hjir fan? Ljouwert hat in pear net by inoar passende redens, tocht ik sa. De iene wol nei de lofterkant fan de feart en de oare nei de rjochterkant; dy lofterkant hat mooglik net iens it measte to meitsjen mei it politike lofts en rjochts, miskien in bytsje. (De hear Ten Brug (weth.): Dus dan geane wy yn de

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1976 | | pagina 13