21 20 ten gjin biswier bistie tsjin de foroardering. It tiidstip 18.00 ure moast neffens de boargemaster net wi- zige wurde. De ried hat dêrnei us foorstel om der 21.00 ure fan to meitsjen by mearderheid fan stimmen forwurpen. Ik stel my foar dat de riedsleden leaud hawwe hwat de boargemaster sei. Ik lies nei dy tiid sa nou en dan dat in ried fan in omlizzende gemeente de fjurwurkforoardering bihannele hie. Dat wie foar my reden om de saek ris nei to rinnen. Ik haw ris ynformearre by de omlizzende gemeenten en dit wie it resultaet. Ferwerderadielop 16 juny yn de ried west, de ried hie nochali hwat biswier, troch b. en w. waerd it foarstel werom nommen foar neijer birie, der is noch gjin ütslutsel jown troch de ried; Ljouwerteradiel30 septimber yn de ried west, nochal hwat krityk, wol oannommen, mar - ik neam mei opsetsin de datums der by - nei't it hjir by us yn de ried west hie; it Bildt: 21 oktober yn de ried west, dus ek nei Ljouwert; Menameradiel19 augustus yn de ried west, dus foar Ljouwert; Baerde- radiel: in utstel fan de wurkgroep yn b. en w. oanhalden, noch net yn de ried west; Idaerderadiel moat noch mei in untwerp komme yn de ried; Frjentsjer: 7 oktober yn de ried west, dus nei Ljouwert; Frjentsjeradiel26 augustus yn de ried west, dus foar Ljouwert; Barradiel - en dat is dan de leste 26 oktober yn de ried west, dus ek wer nei Ljouwert. Gearfetsjend: Doe't op 13 septimber dizze saek yn de ried fan Ljouwert bihannele waerd hie de saek noch mar yn trije fan de njoggen gemeenten yn de ried west; yn ien fan dy trije gefallen hie de gemeenteried né sein. Yn de oare seis gemeenten hie de saek noch net iens yn de ried west; fan dy seis gefallen binne der trije dy11 nou yntusken wol ütslutsel jown hawwe. Dit alles jowt my hwat in raer gefoelIk haw it gefoel dat jo üs eins in bytsje by de noas hawn hawwe, mar miskien hat dat net sa west en dan soe ik jo graech de gelegenheit jaen wolle om der noch hwat mear fan to sizzen. Punt 53 giet oer in hiel oar Onderwerp. It giet der om dat yn it ramt fan de wurkleasheitsbistriding yn Ljouwert tydlik 4 minsken oannommen binne by de polysje. De eftergroun fan fraech 53 dy11 troch my steld is is hwat ik dizze simmer lies yn de krante - yn dit gefal N .R.C.-Handelsblad - en der skreaunen se dat der nochal hwat aksje west hie om jonge minsken to krijen by de forskillende polysje- buro's, mar dat it resultaet bidroefd wie. Der woerden in oantal foarbylden jown: Yn Apeldoorn hienen se 80 nammen troch krigen fan it arbeidsburo, üteinliks wienen der mar 2 oannommen; yn Den Flaech wienen der 11 minsken oannommen wylst men der 50 hawwe wollen hie; yn Amsterdam wie net ien ge- skikte kandidaet foun. Sa wienen der noch in pear foarbylden. Nou freegje ik my óf: Hoe siet it hjir yn Ljouwert, hoe hat de proseduere hjir west, hoefolle kandidaten binne der oant nou ta nei foaren kom men en is der noch forlet fan mear as dizze fjouwer dy't yntusken oannommen binne? De Foarsitter: Earst mar even hwat oer it punt dat ik jo by de noas hawn haw. Yn elts gefal is it sa dat ik dat net biwust dien haw. It is sa dat der yn it yntergemeentlik oerliz in besprek west hat - it inisiatyf kaem net fan üs - om to kommen ta in hwat mear gelikense regeling yn alle gemeenten dy't meidogge oan de Regio Ljouwert. Fan üs kant wie der net safolle bihoefte oan hwant wy hienen noch mar in pear jier lyn in nije foroardering fêststeld en dit gefal regele; der hienen wy net folie proble men mei. Ik hie der bigryp foar dat men komme woe ta in selde regeling yn alle gemeenten omt net goed bigrepen waerd - sa haw ik it doe ek yn de ried sein - dat jo, as jo oer de gemeentegrins gea- ne, fanóf in hiel oar tiidstip ploffe meije as oan dizze kant fan de gemeentegrins. Wy leauwe ek dat it> gelyk meitsjen fan de regeling yn de hiele Regio in goede saek is en dêrom hawwe wy ek sein dat wy ré binne der oan mei to wurkjen ta in regeling to kommen dêr't eltsenien it ridlik mei iens wêze kin. Der hat oerliz oer west en der is in konsept üt kommen dat foar it greatste part gelyk wie oan de Ljou- werter regeling en dat in düdlike gearhing hie mei in model-foroardering fan de V.N.G. De oare ge meenten hawwe harren der foar it greatste part by oansletten, mar der wienen in oantal punten hwer- yn op forsyk fan oare gemeenten wizigingen oanbrocht binne; under mear wie der it punt by dêr't jim- me fraksje oer fallen is. Der wie in unanimiteit yn de deistige bistjüren om to bisykjen dit troch alle rieden hinne to krijen. Ik haw hjir yn de ried ek it birop op jimme dien doe't jimme foarstelden op dat iene punt in foroaring oan to bringen: Minsken, doch dat net, hwant it komt sa yn alle rieden en wy sjitte it doel dêr't wy nei stribje wer foarby as eltse gemeenteried om op himsels goede redenen dochs noch wer details foroaret. Ik wit fansels net krekt mear hoe't ik it doe sein haw, mar ik haw in birop dien op de ried gjin foroaringen oan to bringen en de foroardering oan to nimmen sa't dy foarlein waerd omt it in kompromis wie dêr't alle gemeenten harren by oansletten hienen. Sa wie it ek yn it oerliz fan de deistige bistjüren nei foaren kommen. Ik wist ek dat op dat momint al in oantal rieden de foroardering oannommen hienen al wist ik net krekt hwer't al of net biswieren west hienen. Ik moat hjir noch wol by sizze dat ik yn it oerliz fan it deistich bistjür fan de Regio letter wol frege haw hoe't it yn oare gemeenten lei omt der yn de ried fan Ljouwert wol hwat biswieren nei foaren kaem wienen. Doe krige ik as antwurd: Der binne mear C.D.A.-fraksjes dy't wol hwat biswieren hawwe. Hwat is der yntusken bard. Alle gemeenten fan de Regio hawwe dizze foroardering sünder wizigingen oannommen op Baerderadiel nei. Dy gemeente - wy kinne neat óftwinge - wol de fjurwurkforoardering straks oanpasse yn syn A.P.V. Dy gemeente hat dizze foroardering dus net oernommen, hwant der wiene twa fan de trije leden fan it deistich bistjür dy't dit ütstel net oan de ried dwaen woenen. Wy hawwe der dizze middei noch oer praet yn it deistich bistjür fan de Regio; doe haw ik heard dat der noch ien ge meente is hwer't dizze saek noch yn de ried komme moat, mar ik wit net krekt(De hear Jansma: Ferwerderadiel, Idaerderadiel en Baerderadiel.) It hat yn alle gemeenterieden op twa nei yn bihanne- ling west. Baerderadiel docht it hielendal net en der is noch ien gemeente hwer't it noch yn de ried moat. (De heer Heere: In de stukken van de regioraad staat Idaarderadeel er nog bij genoemd.) Het kan zijn dat het die gemeente is; er is in ieder geval een gemeente waar de zaak aangehouden is. Het is dus zo dat 7 van de 9 gemeenten de verordening ongewijzigd hebben aangenomen. Ik heb in september in de raad toegezegd dat wij alle aandacht zullen schenken aan de naleving van de verordening en die toezegging kom ik ook na. Er is afgesproken dat er op 8 of 9 december overleg zal zijn van een aantal burgemeesters met de commandant van de rijkspolitie en de waarnemend commissaris van de Leeuwarder politie om na te gaan hoe de verordening geëffectueerd kan worden. Daarbij moeten ook de opmerkingen in acht genomen worden die door de heer C. de Jong zijn gemaakt. Ik heb in septem- ber toegezegd dat ik daar aandacht aan zal schenken en ik zal dat dus inbrengen in dat overleg. Er is nog een andere verordening op grond waarvan er wanneer er werkelijk overlast optreedt opgetreden kan worden. Ik heb u niet bewust bij de neus genomen; misschien zal ik dat een andere keer nog eens proberen. (De hear Jansma: Ik hoopje dat dat net nedich wêze sil.) Ik hoop dat ik nu duidelijk heb ge zegd hoe de zaak er voor staat. Dan noch it ien en oar oer de fraech fan de hear Jansma nei oanlieding fan punt 53. It is my bi- kend dat der op in bipaeld momint sinten biskikber wienen yn Den Haech om by de polysjekorpsen minsken oan to stellen dy't wurkleas wienen. Dêrby wie it de bidoeling - dat moat wol ynkalkulearre wurde as jo it resultaet bisjogge - dat dy minsken de kans krije soenen om foargoed by de polysje to kommen. Dat bitsjut dat der sterke remmen wienen by it oanlüken fan minsken hwant der moast ienige kans wêze dat dy minsken nei it jier dat de regeling jildich wie by de polysje bliuwe koenen. Wy haw we üs bést dien om dêr minsken foar to krijen. Yn sommige gemeenten is der neat fan kommen, yn som mige gemeenten hwat. Yn syn totael bisjoen is it resultaet tsjin fallen. Wy hawwe fjouwer minsken oanlüke kinnen dy't nou yn it ramt fan dy regeling assistearje op it polysjeburo. Foar safier't ik it wit is dat hjir yn in hiel goede gearwurking mei it arbeidsburo gien. (De hear Jansma: Myn fraech wie hoe folle oanmeldingen hjir eins foar kommen binne; dat hat miskien minder rjochtstreeks bilang by punt 53, mar wol by it bistriden fan de wurkleazens yn it algemien. Dêrom woe ik it hjir ek wol graech by oan- heakje, omt it spesiael hjir om giet.) Hjir yn Ljouwert, bidoele jo? (De hear Jansma: Ja, yn Ljouwert.) Nei't ik mien to witten binne der net iens oanmeldingen kommen, mar hat de polysje oerliz hawn mei it arbeidsburo. Om it hiel populair to sizzen: Men hat dêr de kaertebak trochroun om to sjen oft der ek jonges ynskreaun stienen dy't frege wurde koenen om dit wurk to dwaen. it is my net bikend oft der ek mar ien oanmelding kommen is, mar ik bin foarsichtich hwant ik wol jo net wer by de noas hawwe, as jo letter ta de üntdekking komme dat se der wol west hawwe dan moatte jo my dêr net op pakke; ik meitsje hwat dat oangiet it foarbihald dat it my net bikend is. Neffens my is de saek yn oerliz mei it arbeidsburo bihannele en binne der sa fjouwer minsken kommen. De hear Winkelman sil der noch ris nei fornimme. As it oars gien is dan krije jo dêr noch in tiIlefoantsje oer. Sille wy it sa ófprate? (De hear Jansma: Ja, dat is akkoart.) Wij zijn hiermee aan het einde van deze vergadering gekomen; ik dank u allemaal hartelijk voor uw medewerking. De eerste afdelingsvergadering is op een redelijk tijdstip afgelopen. De Voorzitter sluit, om 22.05 uur, de vergadering.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1976 | | pagina 11