20 it P.E.B.? Hoe is dizze konstruksje? Ik how dot net yn de stikken fine kinnen. Hiere wy dizze sintrale? Ik woe hjir graech dódlikheit oer hawwe. Yn it leste stik fan it riedsbrief stiet dat de eksploitaesjeresultaten fan de Frigas net neidielich biynfloede wurde.. Ik freegje my of hoe't men dat birikke wol. As ien fan de yn Frigas dielnimmende gebieten in part fan syn gebiet net oanslót op de Frigas en der dus gjin winst makke wurdt, dan tocht ik dat soks foar de omlizzende gemeenten in lytser winstsaldo wie as forwachte wurde koe. Hoe tinkt men dit op to lossen? Is der eat fan bikend hoe't de dielnimmende gemeenten hjir under steane? Dan wurdt der steld dat de gebrukers net mear hoege to biteljen as by de tradisionele foarsjen- nïngen. Dat wurdt, tocht my, in tige slim punt, hwant by it hjoeddeiske forbruk sil der in enoarm for- skil wêze tusken it forbruk fan de iene en it forbruk fan de oare. Ik freegje my óf hoe't men it wier meitsje sil dat in gebruker by it nije systeem net mear bitel Iet as by it aide systeem. Ik freegje my ek óf oft der net in biropsmooglikheit foar dizze minsken is, as it straks fier ut de han rint. Der wurde 1.500 wenningen yn it easten fan de stêd oansluten. Ik haw der yn de stikken nei socht, mar ik soe graech eksakt witte wolle om hokker wenningen dit giet. Ik soe ek graech witte wolle oft der wol kontakt west hat mei de eigners fan dizze wenningen en hoe't de réaksje west hat. Ek de hear Knol hat frege nei de finansiéle gefolgen foar dizze minsken. Ynvestearringen dy't faken koartlyn dien binne, wurde unrindabel op it momint dat men hjir op oansluten wurdt. Hokfoar regelingen binne dêrfoar nommen? Dan it buizenet. Hoe wurdt dat oanlein? Ik haw yn de stikken lezen dat men oan in stielen buize- net mei biskerming tinkt. Ik bin net sa op'e hichte mei de technyske kant, mar ik haw wol by de bi- hanheling fan it buizenet by Triotel heard dat der bipaelde risiko's oan forboun binne. Us underfining yn it easten fan de stêd - ik tink oan it Lekkumerein en dielen fan Bilgaard - by de oansluting fan dat gebiet op in sintrael tsjettelhus yn de flats mei in sintrael stielen buizenet nei de iengesinswen- ningen is dat yn de earste wiken dy stielen buizen yn 5 jier folslein to'n ein wienen. Men moat net forjitte dat wy stielen buizen yn sésan lizze. Ek al soe de oanliz optimael wêze, by de biskerming fan dizze buizen hoecht mar in lyts forsin makke to wurden dat troch de meast deskundige opsichter hast net op to merken is hwertroch de kans op greate swierrichheden net utsluten wurde kin. Hokfoar finansiéle regeling tinkt it kolleezje to nimmen foar binammen de biwenners fan de wenningwetwenningen? De kans dat de wenningwetwenningen oplevere wurde kinne mei in ynstallaesje foar elektrysk sieren is neffens my frij gering. Men mei net oannimme, sjoen de holding dy't it Minis- tearje fan Folkshósfêsting hjoed de dei oannimt, dat dizze ynstallaesje meinommen wurde kin yn de kurvepriis. De kans dat de minister tastiet dat de wenningbouforieningen it seis finansierje en it dan meinimme yn de birekkening fan de hier is ek net sa great. As wy rekkenje dat dizze ried ófpraet hat dat 40% fan de wenningen yn Camminghabuorren yn de wenningwetsektor lizze sil - dat bitsjut dus wenningen foar minsken mei in net al to greate beurs - en dat wy dizze minsken forplichtsje ta in ek- stra ynvestearring fan 1 .000,dan fyn ik dat in slimme saek. Ik sil net sizze dat soks net oplosber is, mar ik tocht wol dat it ridlik wie dat wy ear't wy in bislissing nimme witte hoe't dy regeling der utsjocht. Ik fyn it spitich dat dy regeling op dit stuit noch net oanwêzich is. By de hiele finansiéle opset wurdt steld dat wy in bydrage yniens hawwe moatte fan minimael 5 miljoen. Der wurdt ek steld dat de ekstra oanrinkosten en de kosten dy't untsteane as de gaspriis net op de forwachte priis komt mar leger bliuwt sadat de birekkening net slut foar rekken fan de minister komme. De totale ynvestearring per underdiel, de ófskriuwing fan dizze ynstallaesje en in heap fan dy dingen mear haw ik net fine kinnen. Dat heart wol to stean yn in goed eksploitaesje-oersjoch, om't wy dan witte hwer't wy oer prate. Ik fyn it mear as spitich dat ik soks net fine koe. Dit wie it rychje fragen dêr't ik graech in andert op hawwe woe. Ik soe dêr dus mei folstean kin ne, mar dizze problematyk kin men lykwols ek fanut in oare ynfalshoeke binaderje, ntl. dizze. Wy geane torjocht fan de mooglikheit üt dat de ryksoerheit subsydzje jaen wol foar ditsoarte fan dingen. Ik bin it mei de hear Knol iens dat it kolleezje in wurd fan tank takomt dat men dit undersocht hat. It bliuwt altiten de forantwurdlikheit foar it bitreffende gemeentebistjur as men dit subsydzje oan- freget. Dat leit fan gebiet ta gebiet tige forskillend. Wy sitte hjir yn Ljouwert yn in gebiet dêr't wy in frij sterke konkurrinsje hawwe mei ós butengebieten hwat de wenningbou oanbilanget. Dat is in gelok, hwant boargers moatte de frijheit hawwe om kieze to kinnen. Op basis fan de "Nota Wonen" hawwe provinsiale steaten de bislissing nommen dat Ljouwert sterker groeije moat. Op basis dêrfan probearret men ótwreidingsmoogl ikheden fan de butengemeenten stadichoan hwat efterót to skouwen. Op dit stuit is de bihoefte oan bouwen great, wolle wy de minsken de kommende jierren Onderdak bringe kinne. By dit foorstel binne nochal hwat punten dêr't net fan taksearre wurde kin hoe't dy ótfalle. Wy moatte bisunder lokkich wêze as de hiele biwenning fan Camminghabuorren mei ien of oardel jier opunthald dochs trochset, as dit foorstel akseptearre wurdt. Ik haw it idé dat de boargers in sterk ófwachtsjende holding oannimme sille. Men wol earst wol ris witte hwat men eksakt bitelje moat as men yn sa'n hus giet. 21 Men wol earst ris ófwachtsje hoe't dit funksionearret. Wy dogge dêr straks ynvestearringen, wy bouwe dêr huzen, wy wize de jilden ta, wy steane as gemeente boarch foar de lieningen. As dan bliken docht om hokfoar reden ek dat de biwenning fan dizze wenningen net giet sa't wy dat op groun fan goede sifers tocht hienen en dat dit wierskynlik ta to skriuwen is oan dit plan foar stedsforwaerming, dan koe de skea dy't dêrut fuort komt wol ris oanmerklik greater wurde as de skea dy't wy op dit momint by de minister opjowe. De winsk fan in protte boargers fan dizze stêd giet ót nei in plak buten Ljouwert, dat hat de léste jierren wol bliken dien. Troch maetregels fan it provinsiael bistjur dy't net allinne ik, mar ek de ried fan Ljouwert, underskriuw wurdt der sein dat Ljouwert groeije moat, Ljouwert moat de haedstêd fan Fryslan bliuwe. Nou sille wy op dizze hiele Ontwikkeling in ekstra druk lizze troch dit op basis fan sifers net maklik to bioardieljen foorstel. De hear Knol hat al sein dat der mar twa foarbylden yn Nederlan binne dêr't dit systeem draeit, der binne ek foarbylden dêr't it net draeit. Yn Utert hat men stedsforwaerming mei in ierdgasnet. (De heer Ten Brug (weth): In de binnenstad.) Yn Rotterdam hat men gjin ierdgasoansluting, mar yn dat gebiet is sa'n wenningneed dat ik meitsje my sterk dat de wenningen dêrre, ek al soenen jo dy sunder forwaerming oanlizze, noch forhierd wurde soenen. Ik leau dat dit net maetjowend is foar us. Wy sitte dudlik yn in konkurrinsje- posysje. Dêr komt noch by dat wy de léste 10 oant 15 jier hunderten wenningen boud hawwe dy't aIIe gearre oansluten binne op in sintrael tsjettelhus fanót in flat. Wy binne mei de Meenthe bigoun, wy binne mei Lekkumerein bigoun, men is nou yn Lekkumerein-east oan'e gong. Alle iengesinswenningen dy't oansluten wienen op in sintrael tsjettelhus binne untkoppele. Fifseis jier nei de bou binne der noch eigen sintrale forwaermingsynstallaesjes yn dy wenningen kommen. Dat wie tige nei it sin fan de biwenners. De inkele klachten dy't wy krigen hawwe kamen fan de hoekwenningen om't de mins ken dy't yn in hoekwenning wen je hwat mear stoke moatte en dus ek hwat mear bitelje moatte, wylst hja eartiids likefolle bitellen. Fierders wienen hja lykwols allegearre tige kontint mei in eigen ynstal laesje, hja seinen: Nou binne wy seis baes. Fan al dizze minsken wol it my net oan dat hja nou oan in oare buis hingjen geane. It is in tige ïdéalistyske opfetting om dêr fan ót to gean. Sjoen de greate skeal hwerop wy yn ós wenningbistan, nei yn it bigjin de wenten oansluten to hawwen op in sintrael tsjettelhus, al dy wenten wer untkoppele hawwe, haw ik greate soarch om dit aventur oan to gean. Ik wol net foarót rinne op de diskusje, hwant ik wol earst de antwurden ófwachtsje mar mei in diel fan myn fraksje bin ik wierskynlik tige op dit foorstel tsjin. Mevrouw Smit: Vanavond moeten wij een beslissing nemen over de vraag of wij in de nieuwe wijk Camminghaburen al dan niet stadsverwarming zullen gaan toepassen. Onze fractie heeft moeite met het nemen van deze beslissing. Wij zijn voorshands van mening dat wij de zaak niet voldoende kunnen overzien. Stadsverwarming wordt al langer toegepast in andere delen van het land, maar wij weten dat het niet overal een groot succes is gebleken, terwijl de condities in die andere delen van het land en in andere stadsgebieden waar stadsverwarming wordt toegepast vermoedelijk gunstiger zijn dan in een wijk als Camminghaburen, waar bovendien het wervend karakter steeds als hoofddoel is gezien. Om dat wervend karakter te behouden moeten wij geen belemmeringen inbrengen. Het risico bestaat dat de stadsverwarming met al de consequenties er van juist wel een barrière zal gaan worden. Het is spijtig dat het onderzoek zo laat is gestart - althans onze deelname in dat onderzoek - dat wij nu onder grote tijdsdruk een beslissing moeten forceren, terwijl niet bekend is of de voorwaarden waaronder die be slissing positief kan worden uitgevoerd vervuld zullen worden. Het was juister geweest deze beslissing te laten afhangen van het al dan niet vervullen van deze voorwaarden; door de tijdsdruk kan dit ech ter niet. Belangrijk is voor onze fractie de problematiek van de stadsverwarming in het algemeen te scheiden van de stadsverwarming in Camminghaburen. Een in onze ogen ook juist uitgangspunt van stadsverwarming is de mogelijkheid van energiebesparing. De zaak is echter nu gebaseerd op een interim-rapport en niet gefundeerd op uitgewerkte cijfers en gegevens, waarvan de toepasbaarheid op onze situatie vast te stellen is. Puntsgewijs heb ik gemeend een aantal vraagtekens te moeten plaatsen die eveneens niet in volgorde van belangrijkheid staan maar in een willekeurige volgorde. Wij zijn bevreesd dat de mobiliteit van de burger wordt beperkt, zowel van de burger die naar Camminghaburen toe wil als van de burger die van Camminghaburen naar een ander stadsdeel zou willen vertrekken. Er spreekt een vorm van collectivisme uit de plannen zoals die er nu liggen die het wervend karakter nadelig zou kunnen beïnvloeden. (De heer Van der Wal: Van de V.V.D.'ers.) Wat zijn de gevolgen van het toepassen van stadsverwarming en daarbij niet het aanleggen van een afzonderlijk aardgasnet voor eventueel aan te trekken industrie en dienstverlening? Wij hebben in de fractie het voorbeeld genoemd van de warme bakker die daar zou willen gaan zitten en die op gas zou willen stoken. Er is onvoldoende zekerheid voor de toekomstige bewoners, misschien wel uit technisch oogpunt maar niet gezien vanuit de gevoelsmatige kant van de zaak van de individuele bewoner, dat individueel zo veel warmte verkregen kan worden dat iedereen het naar zijn eigen nor-

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1978 | | pagina 11