fan myn biswieren tsjin it hiele saekje hjir oan de oarder stel; dat kin ek noch binnen fiif menuten. Tsjin it ForkearsstruktuerpIan bisteane der fan myn kant forskate biswieren. Dizze biswieren jilde net de utgongspunten fan it buro Dwars, Heederik en Verhey. Der binne in fjouwertal ütgongspunten: de binnenstêd moat birikber bliuwe en moat syn wearde halde - sa'n bytsje populair sein moat ik sizze it pa-'tikuliere cutoforkear moat werom krongen wurde, de skieding fan de forskillende forkearssoar- ten moat trochset wurde en de binnenstêd moat gjin oerlest hawwe fan it trochgeande forkear. Dy fjouwer utgongspunten binne ridlike utgongspunten en der kin ik my ek folslein efter stelle. De binnenstêd moat birikber bliuwe, dat is in ding dat seker is. Dêrom bin ik ek fan bitinken dat de haedwegen de bisteande struktuer fan de stêd net oantaeste meije. It trochbrekken troch de Van Swietenstrjitte nei de Willem Lodewijkstrjitte docht dat wol. De Eastergowei yn süd-noard-rjochting docht dat ek. Dêrom haw ik altiten foar in radiael-wegesysteem west, dat fan de stedsfordie' .vei - rounwei yn üs spraekgebruk - liedt nei it sintrum fan'e stêd. Oan de ein fan dy radiaelwei fynt de automobilist in parkeargelegenheit of in parkeargaraezje buten de stedsgrêften. Dat hat altiten myn ütgongspunt west. De rounwei dêr't elke stêd fan kwizekwansje greatsk op wêze koe, moat troch in dudlike biwizering oanjaen yn hokker part fan de binnenstêd men wêze moat. Troch bajonetten kin de reizger ta in biwuste kar brocht wurde. It leit ek foar de han dat de ynfalswegen ut Grins, Hams, Stiens en Hearrenfean forbiningen hawwe moatte, de saneamde tanginten. Dat binne yn it Forkears- struktuerplan net de minste underdielen. Ik leau, de reizger dy11 fierder wol as de parkeargelegen heit moat troch in lussesysteem werom fierd wurde, ut de binnenstêd wei, nei de rounwei ta. Der binne en bliuwe fan dy ynfalswegen lyk as it Fliet en de Tesselschadestrjitte dy11 ek foar it forkear yn de stêd tsjinstber bliuwe kinne. Ik fyn in protte fan de idéen dy11 ik altiten forkundige haw werom yn it paIternatyf plan en dêrom fyn ik dat dit rapport in hiel goed utgongspunt is foar de forkearsor- wikkeling yn Ljouwert. Oergeande ta de noardtangint haw ik teld dat der 28 biswieren tsjin ynbrocht binne. De biswie ren binne foar in part fan psychologyske aerd, de barrièrewurking tusken Lekkum en Snakkerbuorren Foar in part binne dy fan lanskiplike aerd, in naturgebiet noardlik fan Bilgaard wurdt trochsnijd en it leit foar de han dat sokke dingen der swier ynwage yn in tiid dat de minsken harren stees mear biwust wurde hwat it miljeu oanbilanget. Dat de biswieren net troch it kolleezje akseptearre wurde, koe men fan tinken wol hawwe, hwant it skynt dat dy noardtangint ien fan de kardinale punten üt it hiele Forkearsstruktuerplan is. Dy tsjinnet eins om it forkear dat fan it fleanfjild komt, dat ut it westen komt en dat nei it easten ta moat nei Camminghabuorren, ofwïkkelje to kinnen. Ik kin dêr net oer oardielje, ik nim oan dat dy yndied in wichtich tal auto's forwurkje kin. It is lykwols de frcech oft men sa rigoureus to wurk gean moat en de hiele noardtangint oanlizze moat. Der wurdt in düdlike fingerwizing jown yn ien fan de biswierskriften, ntl. liz it westlik part fan dy noardtan gint wol oan en lit it fierdere forkear him ofwikkelje lans de Dammeloane ensfh. Ek in idé dat wy, doe't wy it rapport oer de basiswei iepenbier makken, altiten foarstien hawwe: meitsje de kapasi- teit fan dy rounwei greater. It kolleezje seit dat dy barrièrewurking fari de noardtangint wol hwat tafalt, der bliuwe undertrochgongen genoch, hwant de Dokkumer !e moat krust wurde. Dat is nou krekt in hiel wichtich punt. De Dokkumer Ie is de wichtichste farwei fan Ljouwert nei de Lauwers- mar. Wol men it forkear dêr net al to folie bihinderje, dan sil men dêr in brêge meitsje moatte dy't op syn minst dochs in 10 meter boppe Frysk simmerpeil lizze moat. Sa'n bult yn it lanskip is, soe ik wol sizze, in nije tafoech oan it tokoart dwaen oan lanskiplike wearden. Men kin fansels ek in brêge op 2? meter boppe Frysk simmerpeil oanlizze, mar dan sit it forksar natuerlik elk ogenblik yn'e knoop. Ik leau dat wy yn de rapporten net folie gewaer wurde oer de hichte fan de brege en hoe't men him dat foarstelt. Der komt in krusing en dêrmei is it ofroun, mar it skilt natuerlik al hiel hwat as men wit hoe't dy krusing der utsjocht. (De hear Klomp: In wipbrege.) Der binne safolle wipbregen, fan flapbrêge ta moderne wipbrêge. It sil wol in wipbrêge wurde moatte en gjin draeibrêge, hwant jo binne in farrensman, dus jo witte ek dat der to min romte foar is. De fingerwizing dy't ien fan de yntsjinners fan biswieren nei foaren bringt, ntl. liz it westlik part oan oant de Piter Je 11 es Troelstra- wei en lit it forkear him ofwikkelje lans de Dammeloane, is in alternatyf dat wurdich is bisjoen to wurden. Sa bin ik nei in lytse algemiene skoging dochs torjochte kommen op it punt fan de noardtangint, hwer ik noch oan fêstknoopje wol de westtangint. Tsjin dizze dyk is leau'k net ien biswierskrift yn brocht. It liket my in needsaek om earst dy westtangint of to wikkel jen; de hear Buising hat dit ek nei foaren brocht. Jow hwat de utfiering oanbilanget de foarkar oan de westtangint, dan kin men al titen nochris sjen hoe't it fierder rinne sil. Ik fyn de moasje fan de P.v.d.A. in goede moasje dy't wurdich is stipe to wurden. De hear Miedema: Ik haw op dit momint bihoefte om in lytse opmerking to meitsjen nei oanlieding fan de moasje dy't de hear Van der Wal yn'e mande mei de hear Singelsma yntsjinne hat. Hy stelt dêr- 9 by dat Ljouwert in stêd is om to bifytsen en dat de birikberheit fan de stêd foar de auto yn it Forkears struktuerplan to folie oandacht krijt. Hy freget yn de moasje dat alle doelstellingen ta harren rjocht komme moatte. Dit is in moasje dêr't oer praet is yn in algemiene skoging en nou't wy meiinoar foun hawwe dat dy wêze moast, kinne wy ek net om dy moasje hinne. Ik haw der ek neat gjin biswier tsjin en ik leau dat it goed is as wy de moasje by dit underdiel ofhannelje. Alhoewol't dat jou saek is, mynhear de foarsitter, soe ik der op dit momint yn earste ynstansje wol in opmerking oer meitsje wolle. Yn it foarste plak seit de hear Van der Wal: Ljouwert is in stêd om to bifytsen. (De heer P.D. van der Wal: Nee, dat stelt het bureau Dwars, Heederik en Verhey. Toen het bureau DHV zijn rapport hier kwam presenteren zei men dat Leeuwarden in eerste instantie een stad is om te befietsen. Dat zeg ik dus niet, dat zeggen onze duurbetaalde deskundigen.) Mar dou bist it der mei iens? (De heer P.D. van der Wal: Ja, natuurlijk.) Ik bin it der net mei iens en dêrom helje ik it oan; sa hawwe wy beide hwat. As wy allinne praetten foar de Ljouwerters, dan wie ik it der ek mei iens. Wy moatte lyk wols by dit hiele plan twa dingen net üt- it each forlieze. Wy prate oer Ljouwert as de stêd Ljouwert mar tagelyk as de haedstêd fan Fryslan. Der binne in hiele protte minsken dy't üt in wide rounte om de stêd wei komme, ja, üt hiel Fryslan wei dy't Ljouwert hawwe as harren keapsintrum en as kulturiel sintrum. Dan docht de stelling fan DHV, dy't oernommen is fan de hear Van der Wal, dat Ljouwert in stêd is om to bifytsen it net. Dizze ried hat bisluten ta in parkeargaraezje op it Saeilan, ta in Grienewei mei parkeargelegenheit by de Aldehou. Ik leau net dat dit mear in wichtich punt hoecht to wêzen hwant dy binnenstêd is al birikber. As strak üs parkeargaraezje op it Saeilan klear is, dan kin ek de man fan buten syn auto op rinofstan fan it sintrum bringe. Ik bin it dan folslein mei de hear Singelsma iens as hy seit dat de binnenstêd seker birikber wêze moat. It die my trouwens goed dat hy dat sei. Al mei al hawwe wy gjin inkele bihoefte oan dizze moasje, hwant wy fine it in goe de saek dat de binnenstêd birikber bliuwt. Dat is noch hwat oars as dat jo yn it winkelsintrum lest fan dy auto hawwe moatte; dit binne twa tige forskil lende dingen mar dy komme by de ütwurking fan de totaliteit wol oan'e oarder. Dan noch ien léste opmerking yn dizze ynstansje oer de twudde moasje fan de hear Van der Wal. Dy is foar my folslein unbigryplik. Foar inkele moannen, by de bihanneling fan de plannen fcn Cam minghabuorren, sei de fraksje fan Axies dat der op 70 meter fan de rykswei eins gjin wenningen stean kinne en dat op dy 70 meter net sokke foarsjenningen nommen wurde kinne dat de ludshinder oanfurdber is foar iengesinswenningen. Nou freget de fraksje fan Axies oan it kolleezje om de oer- lêst ta in minimum to biheinen as de flats strak op fiif meter fan in fjouwerbaensdyk steane. Ik siz dan: Men kin alles wol freegje mar jo moatte ek ridlik bliuwe. Us fraksje is fan bitinken dat de oer- lêst fan in f jouwerbaensdyk mei oan ien kant flats allinne al op it punt fan de ludshinder net oan furdber is. Op dat punt is dizze moasje foar üs ek net to oanfurdzjen. De heer Rijpma (weth.): Het is het beste wanneer ik eerst een paar algemene opmerkingen maak; die zul Ien kort zijn. Ik meen dat het plan zoals het hier op onze tafels ligt een realistisch plan is. Het gaat er van uit dat er autogebruik is en zal blijven. Het gaat er echter ook vanuit dat het voor vele stadsgeno ten, wanneer er veiliger en duidelijker gemarkeerde fietsroutes komen, aantrekkelijker zal worden om de fiets weer ter hand te nemen. Daarvoor zijn in het plan allerlei voorzieningen getroffen, er is gewerkt aan een verschuiving van het autoverkeer naar routes die meer aanvaardbaar zijn dan op dit moment het geval is. Een verschuiving van gemotoriseerd verkeer naar andere routes maakt be staande routes vrij die vaak door een aantrekkelijke bebouwing gaan - ik denk aan de Schrans -, waardoor wellicht een groot aantal mensen de fiets weer ter hand zal nemen; ik neem aan dat het weer nog een rol blijft spelen. Er zijn in dit plan een aantal speciale voorzieningen opgenomen t.b.v. het fietsverkeer. In de binnenstad zijn voorzieningen aanbevolen voor het voetgangersverkeer. Het is naar mijn mening dus een plan dat zijn uitgangspunten probeert waar te maken, ook in zijn uit voering. Ik dacht niet dat met het alternatief plan dat op onze tafels gelegd werd in feite veel aan de kwaliteit van het plan van DHV werd toegevoegd. Uiteraard kan men op sommige punten nog een brug of een voetgangersstraatje aanbevelen en men kan hier en daar wat accenten verleggen. Het is in onze samenleving nu eenmaal zo dat er niet één oplossing is die voor alles deugt, maar dat er keuzes zijn. De een legt de accenten bij die keuze wat anders dan een ander en daardoor ontstaat er voorkeur voor het ene of het andere. Het plan gaat heel duidelijk uit van mogelijkheden om alleen dat verkeer in de binnenstad te krijgen dat er ook werkelijk moet zijn. Ook in de opvangvoorzieningen van het parkeren gaat het plan duidelijk uit van het feit dat het verkeer niet verder in de stad moet doordringen dan strikt noodzakelijk is. De heer Buising zegt dat er nog geen parkeernota is. Wel, die is nog niet aan de raad aangeboden, maar er is toch al een duidelijk plan ontwikkeld dat aangeeft hoe het parkeren in de binnenstad de eerstkomende vijf

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1978 | | pagina 5