7 12 Ai? stelle. Wy moatte, as wy in bifolkingsfordieling neistribje wolle, üs wol réalisearje dat, as wy sa goed mooglik oan dizze winsken tomjitte komme wolle, alle stêdden efterüt moatte. As it it effekt jaen sil dat men wol, dan moatte yn wezen de stêdden fordield wurde oer it plattelan. Ik leau net dat soks in goede saek wêze sil. Ik kin my dus hwat dat oanbilanget foar in hiel great part fine yn de opmerkings dy't de hear Geerts oer dit punt makke hat. Op dit momint hawwe wy de taek om it Ljouwertpr stanpunt to formulearjenIk kom nou by punt 27 dat giet oer de Nota Utgongspunten foar de Romtlike Oardering en de Wenningbou yn de Regio Ljouwert. Yn dizze nota wurdt sein: "Een evenwichtige ontwikkeling binnen de regio, spreiding van de bevolking, de overschotten naar Leeuwarden. Dat heart allegearre net sa min. Wy kinne it der foar in great part wol mei iens wêze. Op ien rigel yn it riedsbrief soe ik de klam lizze wolle. It is net dat hwat yn dizze sin stiet net wier is, mar op side 2 fan it riedsbrief, fjirde rigel fan boppen, stiet: "De teruggang van de bevolking is voornamelijk het gevolg geweest van een suburbanisatie vanuit Leeuwarden naar gemeenten rondom Leeuwarden." Dat is wier, allinne, it wurdt hjir steld as kin men der neat oan dwaen. It hie fansels noch düdliker west en hie sein dat it in gefolch wie fan in forkeard wenningboubiIied fan de gemeente Ljouwert. Dan wist eltsenien hwer't wy it oer hie- nen. Op dit momint is it lykwols in bytsje irréeel. Dizze ried hat by de Ontwikkeling fan Cammingha- buorren düdlik sein dat wy nei in oar wenningboubilied moatte: wy moatte wervjend bouwe en wy moatte alle minsken dy't fuort wolle yn rommere mjitte tomjitte komme. Wy binne ophalden mei it bouwen fan flats, de oantallen wenningen yn de frije sektor en preemjesektor binne tige forgreate. Forline jier hawwe wy dit bigjin makke, it is op dit stuit noch yn ütfiering en wy kinne net forwach- tsjedat de gefolgen hjirfan al dudlik yn it forrin fan de bifolking to sjen binne. De earste huzen moai te ommers noch oplevere wurde. Doe't de ried forline jier dizze bislissing nommen hat, hat de ried in wichtige bislissing nommen. It is nou üs taek om op dy wei troch to gean. Yn de nota wurdt ek sein dat de buergemeenten in kwantitative wenningbou plege moatte en foar de "moeilijke groepen" wenningen bouwe moatte. As men soks heart, dan is dat in dudlik stanpunt; it is tige ridlik, mar oft it réaliteit wurde kin, dêr twifelje ik oan. Wy hawwe in enkête hawn oer de ien- en twapersoanshüshaldens. Wy witte dat it om greate oan tallen giet en dat it hiel yn it algemien giet om lju dy't mar in bytsje hier bitelje kinne. Wy sille it foar in great part yn de nijbou sykje moatte, as wy dit oplosse wolle. Wy moatte üs net foorstel Ie dat dizze groep minsken de kosten fan in nijbouwenning yn de buitengemeenten en dêrby de kosten fan it forfier fan en nei harren wurk drage kinne. As wy dizze groep helpe wolle, dan is dat in taek dy't yn wurklikheit oan üs as sintrumplak taskoud wurdt. Dy taek sille wy oannimme moatte. De top fan dy groep is finansieel by steat om yn in ni jbouwenning yn de buitengemeenten wenjen to gean en de lésten fan it hinne en wer reizgjen to dragen. Dy top is lykwols lyts. Tagelyk is it ek de groep dêr't wy it maklikst in oplossing foar fine kinne. Dizze ütspraken, mei de béste bidoelingen dien, losse it probleem net op. As wy as sintrumplak fan Fryslan prate oer wenningbou, dan moatte wy üs réali searje dat op sa'n sintrum studinten en in soad wurkjende jongerein ta komme. Men sjocht dat yn al le greatere plakken en de oplossingen sille foar in hiel great part troch de sintrumgemeenten foun wurde moatte. De greatere gemeenten sille ré wêze moatte om yn harren bilied dêr oandacht oan to jaen. Dit like hast al op in bihanneling fan de Nota Wenningboubilied, mar ien en oar lei hiel ticht byinoar. Dan de posysje fan Ljouwert as haedstêd en groeistêd. Ik kom dan nou wer werom op de Nota Ai ternativen sa't dy oan üs foarleit. Op side 3 stiet in alinea dy't bigjint mei de sin: "In dit verband willen wij nader ingaan op de spreiding van de bevolking en de woningbouw over de provincie." Dêrnei komt de folgjende rigel: "Wij wijzen deze evenredige groei voor Leeuwarden dan ook af. In Leeuwarden zal een versnelde groei moeten plaatsvinden. Ik haw der myn twifels oer oft it op diz ze, hwat foarse, manier sein wurde moat. De werklikheit is dat Ljouwert binnen Fryslan hiel düd- lik foarop rint mei de besetting per wenning, yn negative sin dan. Ik nim oan dat de gearstailers fan de Nota Alternativen dat ek hiel goed witten hawwe. Ljouwert sit mei in oantal fan mear as 3.000 minsken dy't in went sykje yn de sektor ien- en twapersoanshüshaldens en moat foar in hiel great part dêrfan ir. oplossing sykje. Tagelyk moatte wy de koerts dy't wy forline jier gien binne - mear bouwe yn ae preemje- en frije sektor - de earstkommende jierren oanhalde. Justerjoun hat ek noch bliken dien dat foar in 40 kavels yn de frije sektor mear as 300 gadingmakkers wienen. As men it oer evenre dige groei hat, dan praet men yn de Nota Alternativen net oer oantallen wenten mar oer ynwenners. Dat is yn wêzen it punt. Dit is foar Ljouwert allinne mar gunstich. As wy de Nota Alternativen der by pakke, dan docht bliken dat Ljouwert yn alternatyf 1, sjoen de "bevolkingsrichtgetallen per ge meente voor 1995", neffens de prognoase yn 1995 op 97.000 ynwenners sitte sil. Dat is in groei fan 800 minsken, wylst Ljouwert ek to krijen hat mei in weromrinnen fan de besetting per wenning en me it sykjen fan in oplossing foar de ien- en twapersoanshüshaldens. Sille wy dy taekstelling oannimme, dan sitte wy op in bou-aktiviteit neffens de groeistêdnoarmAs it kolleezje dan seit: 'Wij wijzen de- zfe evenredige groei voor Leeuwarden dan ook af", om't it it to min fynt, dan hat it kolleezje safier gelyk dat wy de earste fiif jier fan de fyftjin jier in ekstra kwantum fannede binne om de problema- tyk dêr't wy op dit stuit keihurd foar pleatst wurde op to lossen en dat wy it dêr yn de léste tsien jier wol mei dwaen kinne. De totale noarm - yn 1995 groeid ta 97.000 ynwenners - haldt in taekstelling yn dy't foar Ljouwert tige réeel en ek tige oanfurdber is. Dan fyn ik in sin as: "Wij wijzen deze even redige groei voor Leeuwarden dan ook af" efkes to foars. Ut namme fan myn fraksje soe ik dan ek foarstelle wolle om dizze iene sin üt it riedsbrief to heljen. Der bliuwt dan in tekst oer dêr't düdlik yn stiet dat der yn Ljouwert in forhaeste groei plakfine moat. Sa foars as it nou yn it riedsbrief stiet, leau ik net dat it moat; sa kin it net bidoeld wêze. Wy moatte üs ek réalisearje dat it in ynspraek is op in foar alle regio's en alle kearnen slimste punt. Hwa krijt de groei en hwa krijt it greatste oan tal minsken? Flwat biskiedenheit liedt miskien better ta it doel. Ik hald nou mar op oer dy wennin gen, hwant wy moatte op 2 april oer de Nota Wenningboubilied prate. Hwat it fierdere oanbilanget, de wurkgelegenheit en de foarsjenningen, dit hat it kolleezje treflik forwurde. Wy hawwe dêr net safolle swierrichheden mei. Ik soe noch wol graech in opmerking meitsje wolle oer de ynfrastruktuer. Hwat is yn de takomst ien fan de problemen fan Ljouwert as sintrumplak foar Fryslan? De provinsje seit yn it brief oan de minister dat greate dielen fan Fryslan sa ticht by de groeistêd-grins lizze dat it gefaer réeel is dat men dêr makliker hinne giet as nei de kearn Ljouwert. Nou, dat is tige réeel. As ik dan sjoch dat hjir oanstien wurdt op in fordubeling fan de wei Ljouwert-Hearrenfean en Ljouwert-Drachten om it Suden en Südeasten fan de provinsje bettere forbiningen mei Ljouwert to jaen en dizze dielen oan Ljouwert to binen - de minsken dêrre kinne dan it Frysk eigene ek noch bilibje, hwat yn Grins net maklik wurdt -, dan soe ik der dochs de forbining Ljouwert-Butenpost oan tafoegje wolle. Ik haw it idé dat it trajekt Butenpost-Grins oanmerklik better is en better makke wurdt as it trajekt Buten- post-Ljouwert. Wy hawwe de eastkant fan de provinsje - de gemeenten Achtkarspelen en Kollumer- lan - nedich, it binne dêr ek Friezen en hja moatte maklik yn harren haedstêd komme kinne. Dat aspekt soe ik noch graech it kolleezje yn omtinken jaen wolle dat dit yn de Ynspraeknota meinom- men wurdt. Dan it punt fan de stedsfornijing. Yn de Nota Alternativen wurdt sein dat de kultuer yn de door pen komme moat en dat de bou fan doarpshuzen en mienskipssintra bifoardere wurde moat. Wy binne it dêr alhiel mei iens, mar de aldere wenwiken yn de stêd, hwer't men mei minder jild mear minsken birikke kin, komme der in lyts bytsje bikaeid of. Dat punt soe noch wolris ekstra oandacht hawwe kinne moatte. Yn de Nota Alternativen komt dit net alhiel üt de ferve. Dêrom soe ik de finger by dit punt lizze wolle, hwant ik leau dat de problematyk dy't wy as haedstêd fan Fryslan hawwe op syn minst like great is as de problemen dy't men yn de butengemeenten hat. Ik leau dat yn in streek plan, dêr't dizze saek sa düdlik yn bihannele wurdt, ek de problematyk fan Ljouwert net forgetten wurde mei Hwat de bistjurlike aspekten oanbilanget kin ik it folslein mei de hear Geerts iens wêze. Wy sizze: De bislissingen dy't nommen wurde kinne op it leechste nivo, hearre dêr ek nommen to wurden. De provinsje moat net mear dwaen as hja dwaen moat. Dit haldt dan ek yn dat de provinsje nei fyf tjin of tweintich jier net in greater provinsjehus hoecht mar mei de ütwreiding ta kin lyk as men nou fan plan is. De heer Schaafsma: Wij zijn het volledig eens met het provinciaal bestuur als dat opmerkt dat, gezien de situatie waarin Friesland verkeert, de beleidsruimte niet groot is. Je zou ook een ander woord in kunnen.vuIIen en kunnen zeggen: De beleidsruimte is klein. Men zegt duidelijk dat de in vloed van wat zich op grotere schaal afspeelt, zowel op economisch als op sociaal-cultureel terrein, is toegenomen op het locaal gebeuren. Ik dacht dat het daarom bijzonder knap was dat het provin ciaal bestuur een poging heeft gewaagd om binnen die kleine marges te komen met twee alternatie ven, zoals ze die zelf noemen, Waarbij men ook nog stelt dat de zaak in hoofdlijnen nauwelijks is te scheiden. Wij nemen dan ook aan dat de provinciale overheid haar slagzin uit alternatief 2, na melijk: "Met elkaar één en gebonden aan Friesland" - vooral het eerste gedeelte "met elkaar één" -, zelf wel op het realiteitsgehalte heeft gewogen en van daaruit de Friese bevolking twee pannetjes met brokken heeft voorgezet. Niemand kan dan zeggen dat Gedeputeerde Staten de zaak al geknipt en genaaid hebben. Bovendien vliegen de insprekers elkaar met argumenten wel zodanig naar de keel dat niemand uit de gehele complexiteit van de inspraak meer enige essentie weet op te vissen, zodat Gedeputeerde Staten als een soort deus ex machina het bevrijdende woord kunnen spreken. Ik dacht dat de teneur ongeveer overeenkwam met de tegenwind-procedure die de heer Geerts heeft genoemd, want zo werken die zaken vaak. Het is misschien een wat negatieve gedachtengang, maar het neemt

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1979 | | pagina 20