10 holdings tige understreke. Op dit stuit lizze der rom 3.000 oanfragen om wenromte. As wy yn it for- Iine oer dizze groep wenningsykjenden sprieken, gongen us tinzen yn it foarste plak nei aldere, goed- keapere, wenten. By dit greate oantal sil grif ek in ridlik part wêze dat by steat is in fikse hier to biteljen of in hus to keapjen. In oar punt dat hjirmei gearhinget, is dat it oantal minsken boppe de 65 jier yn üs gemeente tanimt. It persintaezje dat plak fine kin yn forsoargingshus of serviceflat nimt of. Ek dizze groep en syn wenwinsken sil by it petear oer de wenningbounota tige us omtinken hawwe moatte. It ofroune jier is de trek nei de buorgemeenten trochgongen en de "leeftijdsopbouw" fan de gemeente Ljouwert wykt hieltyd mear of fan de trochsneed sifers. Dit is yn inkele greate streken it byld en hwat is it andert? Fêststelling allinne dat it yn it ofroune jier net sa goed slagge is. It liket hwat meager. Wy hawwe as ried in bilied fêststeld foar de untjowing fan Camminghabuor- ren. It moast in plan wurde dat oan alle easken foldie. Yn greate ienriedigens binne wy mei de unt jowing fan dit plan utein set. De gemeentlike tsjinst D.S.O. en syn feint D.H.V. hawwe korrekt mar ek ridlik de opset fan de ried yn praktyk brocht. De resultaten binne best, mar dit alles freget in hiel protte tiid fan de tsjinst. De tiid dy't nedich wie foar oeriiz per to bouwen wenning hat near- ne heger west as by dit plan. De swierrichheden fan priisfoarming binne wol lestich, mar fan hiel oare aerd. In bykommend probleem is wol dat wy hwat tiid oanbilanget mei in great gat komme to sitten, as op it leste momint in bouwer it ofwitte lit. Dit all es oersjende freget de C. D. A.-fraksje him of oft wy mei dizze opset fan plannen troch- gean kinne. Wy binne fan bitinken fan net. Wizigje kin net fan hjoed op moarn, mar in oare opset foar it südlik part fan Camminghabuorren liket us tige needsaeklik. Op dit stuit soe ik graech in sug- gestje dwaen wolle om de leste helte fan Camminghabuorren to Ontwikkel jen: a. Foar 1 jannewaris 1980 forlient de ried in opdracht oan in stêddeboukundich buro foar de Ontwik keling fan in totael bistimmingsplan foar dit gebiet. b. De architekt krijt in jier de tiid om it plan to Ontwerpen en tuskentiids to oerlizzen mei de ried en syn kommisjes. Ek it oeriiz mei provinsiale ynstansjes moat op gong komme. Bigjin 1981 haw we wy dan in totael model op basis hwerfan de underhannelingen mei bouwers fierd wurde kinne. Hwat is nou it mooglik foar- of neidiel fan dit foorstel? a. De hioeddeiske methode fan wurkjen freget in protte energy fan de tsjinst, om't alle bouwers har eigen stikje stêddeboukundich untwikkelje - in foardiel - dat üteinliks passe moat yn it totaelplan. b. Giet in takomstich bouwer üteinliks net wêzentlik bouwen, dan nimt hy syn plan mei en alles bi- gjint op'e nij. Yn myn ütstel Ontwikkelt in bouwer allinnich it wenningtype en kin men folie gau wer oanpasse. Ek lytsere boubidriuwen kinne sa folie better in bydrage leverje. Op dizze wize is ek de wyk Nijlan ta stan kommen. c. Troch in needsaeklike koördinaesje is de ynfloed fan stêddeboukundige tsjinst en adviseurs fan de ried düdlik oanwêzich. It liket my ek om dizze reden net goed foar hiel Camminghabuorren sa troch to gean as wy nou dwaende binne. In net unbilangryk foardiel fan de ütbisteging fan it totale, mar dan ek totale wurk sil wêze dat de eigen tsjinst mear tiid krijt om to wurkjen oan oare bistimmingsplannen It Gemeentlik Wenningbidriuw en de korporaesjes meitsje folie en goede plannen om to kommen ta renovaesje fan üs aldere wiken. De bifolking is bliid mei dizze gong fan saken, mar ynspraek en planmakkerij freegje in soad tiid. Al hoe wichtich nijbou ek is, it forantwurd Onderholden fan üs aldere wenwiken is noch wichtiger. De hjoeddeiske untjowing fan Camminghabuorren freget to folie tiid fan üs tsjinst. Dit binne sa inkele punten fan needsaeklik to wizigjen bilied. Ik kom hjir net mei om't ik wit hoe't it moat, mar allinne mei it doel om de diskusje op gong to bringen. In diskusje dy't hjoed net einigje kin yn in moasje sus of sa, mar dy't liede moat ta in goed bisprek fan dizze wichtige saek. Yn it ofroune jier is de Kommisje lepenbiere Oarder mei syn wurk bigoun. In better ynsjoch yn de problematyk fan it polysje-apparaet yn al syn fasetten is ek foar de ried in bilangrike saek. Dat de boarger en syn eigendommen yn dizze gemeente en binammen yn de binnenstêd net better biskerme wurde kinne, bliuwt in saek fan tanimmende soarch. In inkele opmerking oer de folkssounens. As ried hawwe wy üs meiwurking tasein om to kommen ta in fusy fan de sikehuzen. Fierdere foorstellen dy't liede ta ien bilied wachtsje wy mei bilangstel- ling of. Nou soe ik noch graech in inkele opmerking meitsje wolle oer it wolwêzen. Us C. DA.-forkie- zingsprogram hie as motto: "Laten wij wel wezen". Wy hawwe dêryn mei in great oantal wichtige programmapunten oer wolwêzen oanjaen wollen dat it C.D.A. dizze sektor foar de perioade 1978-1982 as tige wichtich biliedsterrein biskoget. Ek yn it kol leezje-program - nei de forkiezings togearre mei de P.v.d.A. opsteld - hat dit aspekt in soad omtinken krigen. Bigjin septimber is de bitreffende kom misje ynstallearre en is bigoun mei de foreaske planningsproseduereMyn fraksje hat der bihoefte oan 11 om op dit momint nochris düdlik oan to jaen hwat de eftergroun is fan hwerüt wy yn de kommende tiid tsjin dizze saek oansjogge en hwat üs fisy is. Wolwêzen en it bilied dêrta hawwe to krijen mei de libbensmienskip as sadanich en de omstannichheden hwerunder de minsken libje moatte. Yn in wiid kader bisjoen giet it net om ien sektor fan dat bilied, mar om it totale bilied fan de oerheit. Ik bihein my yn dit part fan myn bitooch ta in minder great gebiet fan aktiviteitenIk rekkenje dêrta dy underdielen fan it bilied dy't rjochte binne op it forgreatsjen fan kansen foar de minsken om binnen dizze mienskip op eigen krêft en under eigen forantwurdlikheit syn of har wei troch it libben to finen. Hjirunder falie underwiis, foarmings- en untwikkelingswurk en foarljochting op it mêd fan opfieding en folkssounens. Mar der is mear. Hwant nettsjinsteande in sa goed mooglike maetskippij- struktuer en in goede foarming, kin de minske help nedich hawwe as hy net selsstannich en op eigen krêft syn wei gean kin. Hjir komme wy dan op it terrein fan de maetskiplike tsjinstforliening. De oersetting fan de desintralisaesjegedachte yn de sin fan de untwerp-kaderwet spesifyk wolwêzen hat greate bitsjutting foar de gemeente en syn ynwenners. Op inkele aspekten wol ik hjirby neijer yngean. It finansieel aspekt. Oer dizze kant fan de saek hat myn fraksje wol hwat soarch. De forpleat- sing fan de forantwurdlikheit fan ryk nei gemeente moat nammentlik "budgettair-neutraalforrinne. Dat wol sizze dat der yn it gunstichste gefal likefolle jild biskikber is as foarhinne. Dit haldt yn dat de gemeente - dat is dizze ried - de kar meitsje moat. By dy kar sille alle bilangen soarchfaldich ofwoegen wurde moatte. Dit op groun fan in ynvenfarisaesje fan alle relevante gegevens. Hjirby moat ek omtinken jown wurde oan it partikulier inisiatyf. Mei namme oan dy foarmen fan partiku- lier inisiatyf hwerfan de aktiviteit düdlik droegen wurdt troch bifolkingsgroepen dy't ek yn it for- line toand hawwe noed to stean foar kansearmen en helpsykjenden De forhalding tusken oerheit en partikulier inisiatyf. De foarm fan desintralisaesje hwerfoar yn de kaderwet keazen is, makket in sosiale planning needsaeklik, hwerby't de politike demokrasy de bislissing oer it bilied nimt. De ried bipaelt de biliedsline, stelt it budget fêst, makket in plan foar fjouwer jier, makket in jierprogram en hat de totale regy yn hannen. Us C.D.A.-fisy op de oerheit haldt under mear yn dat de forantwurdlikheit foar de mienskip in earste taek is foar de oerheit. De oerheit kin net sinfol wurkje sunder de folsleine meiwurking fan de sosiale demokrasy, yn dit gefal de ynstelling fan it partikulier inisiatyf. Nou de tapassing fan de kaderwet. It sil net oars kinne as dat it partikulier inisiatyf, sjoen nei it fori ine, in stapke werom dwaen moatte sil en de oerheit - yn dit gefal de gemeente - in stapke foarüt.- Wichtich wurdt dan hoe great dy stapkes wurde. Nei üs miening kin it net oars as dat de oerheit, dy't de forantwurdlikheit draecht foar de finansiéle middels, foarskriften jaen moat foar it eksterne organisatoaryske funksionearjen fan ynstellingen. Ek it foech fan de by dy ynstellingen wurkjende minsken sil Onderwerp fan bisprek wêze moatte. De bimuoijenis fan de oerheit moat wol oan'e butenkant bliuwe en mei him nea ütstrekke ta de ynhaldlike en libbensbiskouwelike kanten fan it wurk. Oantaesting fan dat wurk sil nea nommen wurde. As léste punt wol ik noch wize op in neffens my réeel gefaer. Ik bidoel it risiko dat de gemeente to folie hea op'e foarke nimt. Litte wy foarearst ütein sette mei it tariedend wurk dat op üs ofkomt troch de nije ryksbydrageregelingElk bisykjen om op dit stuit mei in yntegrale oanpak to kommen hat in greate kans fan mislearjen. Nou noch twa opmerkingen fan myn kant. Wy hawwe as leden fan de fraksje grif de yndruk dat de gearwurking en de ynset fan üs amtners ek yn it ofroune jier wer treflik wie. Wy wolle dan ek alle meiwurkers fan de tsjinsten en fan de siktarij tank sizze foar de taekopfetting dy't se bitoand hawwe. Myn léste opmerking is fan hiel oare aerd en it muoit my dat ik him meitsje moat. It is sunt septimber 1978 al wer inkele kearen foorkommen dat by de bihanneling fan in kolleezje-ütstel by de einstimming de wethalders Ten Brug, De Vries en De Pree tsjin har eigen foorstel stimden. It kolleezje mei bést in mearderheitsütstel oan de ried dwaen, mar de ried hat der dan wol rjocnt op to witten hokker leden fan it kolleezje tsjin it ütstel binne en op groun hwerfan. (De heer Ten Brug (weth.): Dat hebt u toch bij de stemming gemerkt?) Ek nei buten ta. De boargers fan üs gemeente moatte bigripe kinne hwat wy as ried dogge en hwerom. En dat koenen se net merke, Ten Brug. De needsaeklike bitrouwensbasis tusken ried en kolleezje en tusken leden fan it kolleezje Onderling wurdt wol tige smel as wethalders sa foar it each sa maklik 180 graden draeije. Yn it bilang fan in goede gearwurking tusken de partijen binnen dizze ried forsykje ik dan ek üt namme fan myn fraksje mei klam: docht it kolleezje ienriedich in foorstel oan de ried, dan jildt foar de leden fan it kol leezje: Jou ja bliuwt ja. (De heer Geerts: En de discussie doet dus niet ter zake.) Jawol De heer Schaafsma: In ruim een jaar tijd hebben zich rond het stadhuis enkele opmerkelijke ver anderingen voltrokken. De politiepost is er en dat doet ons genoegen. De huisvesting mag dan niet

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1979 | | pagina 6