11 10 steane wy noch folslein efter. Nettsjinsteande dat der wol problemen binne mar ek sjoen it greate oantal groepen dat funksionearret, binne wy dochs fan miening dat wy dudlik op de goede wei binne. Bystjuring sil hjir en der nedich wêze. Foorstellen dêrta wurde taret troch de Kommisje In goede ried. Wy wachtsje dy mei bilangstelling óf. It leste punt hwat folkshüsfêsting oangiet. It leit yn de bidoeling om per 1 jannewaris mei in sin- trael oanjefte- en tawizingsbilied to bigjinnen foar hierwenten fan korporaesjes en Gemeentlik Wen- ningbidriuw. Dit is in goede saek. Wol soe ik op dit momint oandacht freegje wol Ie foar de posysje fan üs butendoarpen, of, sa't ald-boargemaster Van der Meulen foar de moade hie him üt to drukken, foar "het niet-stedelijk deel der gemeente". Folsleine ynbring fan de hierwenningen yn üs doarpen yn it nije systeem is net akseptabel, sjoen de stanpunten fan Deputearre Steaten by in oanfraech fan bou yn de doarpen en ek sjoen de ófspraken dy't makke binne. Hwat is de miening fan it kolleezje yn diz- zen? In hiel oare opmerking is de forpleatsing fan de suvel- en ierdappelbeurs. De suvel- en ierdappel- beurs fan Ljouwert is in ynternationael bikende ynstelling. Dizze beurs soarget der foar dat de namme Ljouwert eltse wike oer hiel de wrald giet. Nei in lange rige fan jierren in goed plak hawn to hawwen yn it Beursgebou, is men nou forhuze nei de Synagoge. Dizze oplossing is net folslein lokkich ütfallen. Ut namme fan myn fraksje soe ik fierder oerliz oer de takomst fan dit bilangrike ynstitüt tige yn de oan dacht fan it kolleezje oanbifelje wol Ie. In pear opmerkingen soe ik graech meitsje wol Ie oer de ynfrastruktuer en binammen oer de plannen foar de ynfalsdiken süd fan de stêd, hoewol't de swierrichheden net allinne dór binne. Yn it foarste plak de nije brêge oer it Van HarinxmakanaelDe nije forbining tusken Werpsterhoeke en Himriksein sil eefkes forlichting jaen. Is de brêge lykwols mei trije jier net réalisearre, dan is de stêd fanüt it suden moarns net mear birikber. In heechste prioriteit yn it oerliz mei Rykswettersteat foar dit projekt is op syn plak. Hwat de oanliz fan de südtangint oanbilanget liket it der op dat der fortraging untstiet, om't in diel fan de nedige groun net foar in ridlike priis to keap is. In sadanige tarieding fan de plan nen dat de unteigningsprosedueres brukt wurde kinne, is fan it greatste bilang. In inkele opmerking oer it forkear yn de stêd. It nije forkearsplan draeit inkele wiken en ik leau dat de earste réaksjes gunstich binne. Inwurd fan tank oan de Stichting Parkeargaraezjes foar de tiid hwer- yn en de wize hwerop de garaezje réalisearre is. De fraech hwannear 't it wurk folslein klear wêze sil, soenen wy op dit momint graech stelle. De parkeargaraezje kin in forsterking fan it sintrum ta gefolch hawwe. Wy sille ek dudlik tinke moatte oan in foarsjenning dy't mear rjochte is op de Foarstreek. Us fraksje freget it kolleezje op dit momint om it kommende bigreatingsjier foorstellen oer it plak en hwat der mear by heart oan de ried foar to lizzen. Op it stuit dat de bihoefte en de finansiéle mooglikheden der binne, kin dan ek bigoun wurde. By de tarieding fan it forkearsplan is fanüt üs en ek fanüt oare fraksjes steld dat de mjitte fan de Nijestêd net idéael is foar in autofrij meitsjen. In earste réaksje op dit momint soe wêze kinne dat ien- rjochtingsforkear mear goed as kwea docht. Myn fraksje forwachtet dit jier wol düdlik foorstellen oer de ynrjochting of, sa't jo wol Ie, oer de oanpassing fan de Nijestêd drokke kant, Wurdumerdyk en St. Jabiksstrjitte. Sil dit bilied slagje, dan moat dit jier ek mei de ütfiering fan de wurken bigoun wurde. (De hear Ten Brug (weth.): Dat kin net mear.) Ik praet op dit momint oer it bigreatingsjier, wethalder. Wy binne nammentlik mei de bihanneling fan de bigreating dwaende. (De hear Ten Brug (weth.): Ik wie blykber even ofwêzich.) Jo sliepten even, mar dat doch ik ek wolris. (De Foarsitter: Jo hienen siz- ze moatten: dat jier.) It kolleezje hat kans sjoen ek dit jier in finansieel slutend biliedsplan oan de ried oan to bieden. Us fraksje hat dêr greate wurdearring foar. Yn de ofdieling fan wethalder Ten Brug haw ik al in opmer king oer de dekking makke. Neffens it biliedsplan giet de winstütkearing fan Frigas fan 2.097.000, yn 1980 nei 3.163.000,yn 1984. Yn in tiid fan wenningisolaesje en energybiperking hawwe wy hwat soarch oer de wurklike ütkomst. Mocht dizze 50% mear winst yn 5 jier net réalisearre wurde, dan hat dat wêzentlike gefolgen foar üs biliedsplan. De wethalder hat yn de ofdielingsgearkomste sein dat Frigas, sjoen de Ontwikkelingen, syn skattingen op'e nij bisjen en eventueel bystelle soe. Mochten yn de rin fan dit jier oare sifers bikend wurde, dan forwachtsje wy fan it kolleezje in foorstel ta bigrea- tingswiziging. Ik soe ek graech in inkele opmerking meitsje wol Ie oer de wurkgelegenheit. It is forbliidzjend dat de totale wurkleasheit in bytsje nei Onderen giet hwat de persintaezjes oangiet. It sifer foar Nederlan fan wurkleaze mannen sakke fan 1976 oant 1978 fan 5,3% nei 4,4%. Dit sifer gyng foar it rayon Ljou wert fan 6,4% nei 5% en foar de gemeente Ljouwert fan 6,9% nei 5,8%. Dit sakjen fan de persintaez jes sette him troch yn 1979. Forgeliking tusken de data 1 jannewaris 1979 en 1 oktober 1979 leart üs dat de gemeente Ljouwert sakke is fan 5,8% nei 5% en rayon Ljouwert fan 5% nei 4%. De léste sifers, dy't ik sneon binnen krigen haw - in ütjefte fan it distriktsbüro foar de arbeidsfoarsjenning yn de pro- vinsje Fryslan -, jowe to sjen dat it oantal wurkleaze mannen yn Fryslan yn de moanne novimber om- heech gien is nei 922. Dit is in greatere stiging forgeleken mei de novimbermoannen fan de léste jier ren. Yn trochsneed wienen der yn de léste fiif jier 726 wurkleaze mannen en yn dy sifers komt Ljou wert der net gunstich foar wei. Ut de inkele sifers dy't ik neamd haw, blykt düdlik dat Ljouwert der yn Ongunstige sin düdlik bigjint üt to rinnen. Hwat de wurkleazens Onder de froulju oanbilanget is der gjin sprake fan in omleech gean, mar ear- der fan in lichte stiging; ik doel dan op de lannelike sifers mar ek op dy fan Ljouwert. Dit is in triest byld en wy moatte üs dan ek offreegje hoe't dit yn de takomst liket en hwat wy as gemeente seis dwaen kinne. Hwat dy takomst oanbilanget soe ik ien opmerking meitsje wolle. Ljouwert is de haedstêd fan in provinsje dy't foar it greatste part agrarysk is. Hwat binne nou de foarutsichten hwat de wurkgelegen heit binnen dy lanbou oangiet? Der is koartlyn in rapport ütkommen, gearstald troch it LEI, dat men neame kin: de lanbou yn de tachtiger jierren. Neffens dizze stüdzje sil de lanbou yn Fryslan de kom mende tsien jier oan 4.000 minsken minder wurk jaen. Elts jier komme der dus 400 Friezen by op de arbeidsmerk, in taekstelling foar it Fryske bidriuwslibben mar ek foar de Fryske oerheden. En hwat kin in gemeentebist jur dan dwaen? Men kin in RO-bilied fiere, hwerby't oan in sa great mooglik oantal easken foldien wurdt. It sil lykwols wol in bilied bliuwe moatte. Of men kin rêd réagearje op eltse mooglikheit ta bihald of fêstiging fan wurkgelegenheit. De troch my sitearre sifers wize düdlik oan dat Ljouwert rjocht hat op de BRT. Nei alles hwat der al oan dien is, halde wy as gemeentebist jur ek de taek troch to gean dit rjocht by de ryksoerheit to bi- pleitsjen. Itselde jildt foar de untjowing fan it heger underwiis yn dizze provinsje. By sawol de ütwrei- ding fan stüdzjemooglikheden as by dy fan hüsfêsting is de fuortgong der üt. Hat it kolleezje oer dizze saek noch neijere meidielingen? Hwat de fusy tusken de sikenhuzen oanbilanget koe it kommende jier wolris tige wichtich wurde. As Provinsiale Steaten harren fine kinne yn it foorstel fan Ljouwert om ien sikenhüs mei twa gebouwen- kompleksen noard en süd to réalisearjen, dan kin it ryk yn de earste moannen fan 1980 ta in bislissing komme. Foar it gehiele byld fan de folkssounens yn Fryslan in tige wichtige bislissing. Dan noch in léste opmerking. Ut namme fan de hiele CDA-fraksje wol ik de amtlike meiwurkers en it kolleezje fan b. en w. tige tank bringe foar al it wurk dat yn it ofroune bigreatingsjier dien is. Mei de bea dat de God fan himel en ierde it wurk fan dit gemeentebistjur mei Syn seine efterfolgje mei, bislüt ik dizze algemiene skóging. De heer Schaafsma: De politiek is als een flipperkast. Aangelokt door felle kleurige lichtjes, laten vele mensen zich verleiden tot het spel. En zo is de politicus geboren. Hij of zij mag meer of minder behendig met twee knoppen - als men daartoe wordt uitverkoren - de bal terugjagen in het veld, waar deze eigenzinnig ongecontroleerd zijn weg zoekt. Dit gebeurt dan wel met veel lawaai en met geflits van lichten, zodat omstanders en beginnende politici menen dat het effect enorm is, tot op het score bord wordt gekeken. De handicap van de speler is namelijk dat hij geen notie heeft van het complexe innerlijk van de kast, die goed geprogrammeerd de kans op winst voor hem of haar tot een volstrekt minimum reduceert. De kleine en grote radertjes hebben ongezien contacten, die telkens wisselen. Al leen die politicus is gevierd bij de omstanders die het geluk heeft de bal juist daar te hebben waar toe vallig het bonuslichtje brandt. Die speler haast zich dan aan het publiek uit te leggen hoeveel meer inzicht hij heefr in het spel dan de ander en al naar gelang zijn overtuiging verklaart hij waarom de bal over links of over rechts het meeste aantal punten oplevert. Aan dat publiek wordt, voor het spel begint, uitgelegd dat uitsluitend met de linker- of met de rechterflipper zal worden geopereerd, maar tijdens het spel zijn de meesten die beloften vergeten en wordt verwoed zowel links als rechts gedrukt, want het doel heiligt de middelen en het gaat om de punten. De wetmatigheid van de kast is dat vanaf de linkerbumper wordt gescoord op het rechterveld en vanaf de rechterbumper op het linkerveld. Extreem links en extreem rechts bevinden zich twee we gen, die de bal vrijwel ogenblikkelijk buiten bereik brengen. Het spel loopt daarlangs dan ook binnen de kortste keren dood. Gaat de bal door het midden, dan is hij onbereikbaar voor links en rechts, ver dwijnt in een gat en de kast speelt dan zijn eigen autonome spel. De constructie in Nederland is verder zo dat het midden erg breed is en links en rechts volkomen onaf hankelijk de knoppen hanteren. Spelen links en rechts bij toeval elkaar toch de bal toe, dan moet eerst aan de omstanders worden uitgelegd wie aan wie de bal heeft toegespeeld en door dit tijdverlies is de bal dan al weer door het midden verdwenen, omdat er niet op tijd opnieuw is gedrukt. Het gevolg hiervan is dat de volgende keer woester op de flippers wordt geramd, met de reële kans dat de kast op "tilt" springt. Het mechaniek is dan volledig baas en zelfs het grote gat in het midden is dan tijdelijk gesloten. Van uit het publiek worden dan nieuwe spelers aangewezen en wordt bij een ieder gecollecteerd om het geldverslindend monster weer in beweging te brengen. Sommigen hebben de neiging om een trap tegen

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1979 | | pagina 6