36 mei te meitsjen dy te minderjen of ta stean te krijen. Wat dat oanbelanget kin der net genóch dien wurde om de gefolgen fan it brüken fan drugs yn goede banen te lieden. De gemeentlike oerheid kin dat fansels net allinnich. Us partij seit dan ek dat dit pro bleem fia helpferliening oanpakt wurde moat yn gearwurking mei de ynstansjes dy't har ren hjirmei dwaande halde, net yn it leste plak it CAD. Dat bringt my by de basisfoar sjenning, dêr't yn de nota en yn de Neiere Stanpuntbepaling oer sprutsen wurdt. De ried is der op 2 desimber 1985 mei akkoart gien om de basisfoarsjenning by it CAD un der te bringen. No't bliken docht dat dêr dochs nochal wat saakkundigheid oer gear moat, it CAD der net alhiel op ynsteld is en ek de taakstelling fan dizze ynstansje wat oars leit, sille wy yndied omsjen moatte nei in oare oplossing. Yn de Kommisje foar Wol- wêzensoangelegenheden fan 30 juny hat dit aspekt fansels oan de oarder west. Ek üs fraksje wie doe en is no akkoart mei it ünderbringen fan de basisfoarsjenning by in ei gen ynstelling. Wy kinne it iens wêze mei itjinge op side 6 fan de Neiere Stanpuntbepa ling steld wurdt, ek as it giet om de perioade fan eksperimentearjen fan 4 jier. Dizze ynstansje hat dan in ridlike kans om stal te jaan oan syn doelstellings. Der is noch gjin sicht op hoe't dizze foarm fan helpferliening bestjoerlik en organisatoarysk ünderboud wurdt. Lykwols kin de wethalder miskien wat meidiele oer de rol fan de gemeente yn dit orgaan. Nei üs betinken sil dy net al te grut wêze moatte. It is fansels net sa dat wy, as dizze helpferlieningssektor der is, tinke kinne dat in grut part fan de need oplost is. It is ommers noch mar in begjin en sa sille wy dat ek beoardielje moatte. Sadwaan- de kinne en meie wy der gjin wünders fan ferwachtsje. Us fraksje is dan ek fan betin ken dat dizze nota mei de Neiere Stanpuntbepaling it begjin is fan it drugsbelied dêr't wy fan no óf rum omtinken oan jaan moatte en sille. It is in hiele stap foarüt no't dizze nota's der lizze. Der wie neat en hjoed kinne wy dan ütein. It rapport lêzende bekrüpt jin wol ris it gefoel dat der winliken noch mar sa'n bytsje barre kin. Net alles sil fan de gemeente ferwachte wurde kinne en lokkich binne der yn üs gemeente mear ynstel- lings dy't harren der beropsmjittich en frijwillich mei dwaande halde. Sa'n 18 ynstellings hawwe ommers reagearre op de nota. It stimt üs tefreden dat sa'n saakkundich rapport yn it algemien sa goed üntfongen is en dat der no yndied mei üteinset wurde kin. Sa- dwaande ek üs wurdearring foar de amtlike tsjinst dy't der yn slagge is sa'n saakkun dich rapport gear te stallen. Noch in inkelde opmerking oer it ryksbelied. It is in düdlike saak dat de ryksoer- heid hjir in grutte taak yn hat, net allinnich op it mêd fan de folkssünens mar ek op it juridyske flak, sawol op it foarkommen fan it brüken fan de middels as op de gefol gen fan it brüken dy't faak konsekwinsjes hawwe foar de maatskippij. Men krijt dan mei justysje en dus de wetjouwing te dwaan. Troch omstannichheden - ekonomysk, sosjaal, psygysk - kin men ta it brüken fan drugs komme en de reaksjes fan de maatskippij bin ne dan ek noch faak negatyf, sadat der yndied in spiraal üntstien is dêr't men net mak lik wer üt wei flechtsje kin. It ryksbelied hat dan ek ünderkend dat der mear omtinken komme moat foar help en tsjinstferliening oan de drugsbrükers. Ek de ryksoerheid wol de oarsaken weinimme dy't liede ta it brüken fan drugs. Op it mêd fan folkssünens en folshüsfêsting binne dan fan rykswege ek bydrageregelingen opsteld. Lokkich hat it kol- leezje al fersiken oan it Ministearje fan WVC oerbrocht dy't geane oer in wen- en wurk- projekt, lykas der ek in fersyk by it Jeropeesk Sosjaal Füns rint. Us fraksje achtet dit fan grut belang, lykas ek oare oanfragen oan bygelyks de provinsje oangeande drugs- helpferliening foar problematysk ferslaafden. Is der no al in reaksje bekend op dizze brieven? Op side 14 fan de Neiere Stanpuntbepaling wurdt mei klam steld dat der noch al wat ófhinget fan de ryksbydrageregeling. Dat is fansels ek sa, dizze regelingen bin ne der net foar neat. Mar it bringt wol de fraach nei foaren: As no it ryk net it hiele bedrach of miskien wol hielendal neat - dit léste kinne wy üs lykwols hast net yntinke - beskikber stelt, wat dan? Betsjut dat dat der hast neat mear realisearre wurde kin? Dat soene wy net graach hoopje. Mei oare wurden, stiet of fait alles mei dizze subsydzjemaat- regels? Oer de previnsje en de foarljochting soe ik it folgjende noch opmerke wolle; de hear IJestra hat der ek al eat oer sein. Op side 44 en 45 fan de Nota Drugsbelied wurde in kelde foarljochtingsaktiviteiten opneamd. It wykblêd "De Tijd" hat üs krekt ferlyn noch- ris mei de noas op de feiten drukt troch in net mis te ferstean artikel te publisearjen oer it brüken fan alkohol, foaral ünder de skoaliebern. Wy hawwe it hjir no oer drugs, mar yn foarljochtingsprogramma's wurde alkohol en drugs meastal ünder ien noemer brocht. It is tige wichtich dat fan jongsöf oan düdlik makke wurdt wat de gefolgen wê ze kinne fan it brüken fan drugs en sa ek fan alkohol. Wy soenen dat wat sterker nei foaren bringe wolle as no yn de nota stiet. Der binne prima foarljochtingsprogramma's foar skoallen; ik haw dêr yn de kommisje ek op wixsd. Miskien kin dêr neist itjinge yn de nota ütsteld wurdt ek mei wurke wurde. Noch in léste opmerking. Der wurde yn de nota inkelde opmerkingen makke oer de eden fan etnyske groepen. Der is sa't skynt net felle sicht op as it giet om brükers far- drugs ünder dizze bütenlanske groepen. Dochs is dizze problematyk ünder harren tige .37 grut en der sille mear gegevens oer komme moatte. Wy hoopje dat - it is hast fansels- sprekkend - hja ek dielnimme kinne oan de helpferlieningsprojekten en wurk- en wen- projekten dy't no op priemmen steane. Fêst kinne wy dêr yn de Kommisje foar Wolwê- zensoangelegenheden noch ris apart op werom komme. De hear Jansma, eartiids lid fan üs fraksje, hat 2 desimber 1985 in mear skógjend betooch halden oer drugsproblematyk en dêr wol ik dan no ek net langer by stilstean. Ik wol no ófslute mei op te merken dat wy akkoart geane mei de ütstellen dy't yn bei de nota's dien wurde en dat wy it fan grutte betsjutting achtsje dat wy no begjinne kin ne mei in drugsbelied dat benammen rjochte is op it weinimmen fan de oarsaken dy't lie de ta it brüken fan drugs. Wy hoopje fan herte dat it hjir net mei ófrün is, dat de be- steande foarsjennings better strukturearre wurde kinne en dat de ynstansjes dy't har ren hjirby belutsen fiele better mei elkoar oparbeidzje kinne, mar foaral dat de drugs- ferslaafden seis, benammen dy ferslaafden dy't de help it meast nedich hawwe en yn in folslein isolearre wrald libje, op wei holpen wurde om dielnimme te kinnen oan it sosjaal maatskiplik libben. Dat is in swiere mar tankbere taak. De heer Buurman: Het is duidelijk dat verslaving aan drugs, als zijnde in strijd met Gods geboden, zoveel mogelijk bestreden dient te worden. Mijn fractie staat dan ook po sitief tegenover de Nota Drugsbeleid, alleen al om het feit dat wij niet met de armen over elkaar blijven zitten afwachten. Verschil van inzicht in aanpak en beleid is echter niet te vermijden. Een van de gewijzigde uitgangspunten uit de ontwerp-nota is de voor lopige verzelfstandiging van de basisvoorziening. Wij kunnen hiermee vrede hebben, maar verbinden hieraan tegelijkertijd de conditie dat de basisvoorziening en het CDA, sorry, ik bedoel het CAD, naar elkaar toe groeien en na 4 jaar één geheel vormen. Wat de preventie betreft, deze blijft naar mijn mening als middel tot bestrijding toch wat onderbelicht. Ik constateer dat voorgaande sprekers eenzelfde mening zijn toege daan. Aan bestrijding van het gebruik van harddrugs zal uiteraard prioriteit moeten worden toegekend. Maar wat het onderscheid tussen soft- en harddrugs betreft, wij kun nen nu eenmaal niet voorbij aan door deskundigen vastgestelde onderzoeksresultaten. In Nederland is 80% a 90% van de heroïnegebruikers begonnen met een hennepmiddel. Enge land meldt dat na 3 jaar hasjgebruik onherstelbaar hersenverval ontstaat. In New York is 26% van de gebruikende scholieren na 6 maanden hennep al overgestapt op een ander middel. Een harde aanpak van de gewetenloze handel in drugs, onder meer door middel van de Algemene Politieverordening, blijft geboden, alsmede een streng toezicht op buurthuizen en jongerencentra. Voor gemeente, instanties en huisartsen is ten opzichte van de doorbreking van de verslaving een gezamenlijke taak weggelegd. Het voorgestel de beleid is naar mijn smaak te veel gericht op stabilisatie en beperking van overlast in plaats van op doorbreking van de verslaving en herstel van gezondheid. De krant, een belangrijke informatiebron voor gemeenteraadsleden hoewel niet de enige, meldde dezer dagen: "Verslaafden aan harddrugs die keer op keer in aanraking zijn gekomen met de politie moeten gedwongen worden af te kicken." Dat is de knuppel die dezer dagen door de Amsterdamse afdeling van de Nederlandse Politiebond in het hoenderhok is gegooid. Vijftien jaar confrontatie met het drugsprobleem hebben geleerd dat de strijd vooralsnog verloren is. Dat beweren wij maar niet, dat zegt in feite ook de regeringsnota Samenleving en criminaliteit van mei 1985, waarin een ronduit ontstellende situatie wordt geschetst. Individuele vrijheid of rechtsorde? Het zal duidelijk moeten zijn dat de Nederlandse sa menleving in tolerantie tegenover de drugsgebruiker te ver is doorgeschoten. Een mari- huanaverbod zou onaanvaardbare betutteling betekenen. Drugsverslaafden moesten maat schappelijk vooral geaccepteerd worden en verplicht afkicken was een aantasting van het zelfbeschikkingsrecht. Dat luchtkasteel is wel in duigen gevallen. Het lijkt er inderdaad op dat gedwongen afkicken de enige weg is die openblijft. Gevangenisstraf voor ver slaafden vanwege hun crimineel gedrag blijkt immers toch weinig resultaat op te leve ren. Gevangenisstraf te vervangen door gedwongen opname in een afkickcentrum lijkt een betere methode. Het strafelementontnemen van de bewegingsvrijheid, wordt hierin verdisconteerd. In Singapore is de afkickperiode zo zwaar dat slechts weinigen later weer in het oude kwaad terugvallen, uit vrees opnieuw behandeld te worden. De prak tijk hier leert echter - hier staan wij weer voor een muur - dat ondanks gedwongen af kicken de verslaafde in veel gevallen toch later weer in zijn oude levenspatroon terug valt. Een echte oplossing lijkt dan ook voor dergelijke gevallen niet bereikbaar te zijn. Bestrijding-blijft geboden. Wij moeten hierbij overigens wel bedenken dat het versla vingsprobleem niet los te denken is van heel het secularisatieproces dat onze maatschap pij kenmerkt. Vele punten zijn reeds in de commissie ter sprake geweest. Ik wijs nog op één aan gelegenheid, namelijk de methadonverstrekking. Wij zijn tegen onderhoudsdoseringen. Wanneer echter verstrekking plaatsvindtdan liever door CAD-specialisten conform de methadonbrief van de hoofdinspecteur Volksgezondheid dan door andere hulpverleners, onder wie huisartsen, die juist vanwege de veronderstelde vertrouwensrelatie, naar mag worden aangenomen, eerder door de knieën zullen gaan.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 1986 | | pagina 19