afvalstoffenheffing op te leggen, die gerelateerd is aan de
door ieder afzonderlijk aangeleverde hoeveelheid huishoude
lijk afval
De motie is medeondertekend door de heer Bilker.
(De Voorzitter: Dit is interessant als de PAL-fractie geen voorstel
indient zo meteen. De motie maakt deel uit van de beraadslagingen.
De hear Bilker: De hear Janssen hat üs konklüzje al in bytsje
foarlêzen, mar myn ferhaal is dochs oars.
Nei oanlieding fan it fêststellen fan dy ferskate tariven hat de
CDA-fraksje der ferlet fan om in inkele opmerking te pleatsen. Sa't it
liket giet it hjir om in ferheging fan ünderskate belestings. Dit is it
gefal by de hünebelesting en by parkearjildleges is ek sprake fan in
ferheging. By reinigingsheffings leit dit al wer wat oars; by de öffal-
stoffenheffing leit hiel direkt in lijn nei de öffalproblematyk yn
Fryslên, foaral ek troch de sluting fan de AVI yn Ljouwert en de sluting
fan de WeperpolderLykwols dit is net it iennichste aspekt dêrfan. It
giet om it totaal fan it miljeubelieddêr't de óffalferwurking in grut
part fan ütmakket. Sjoch mar nei üs eigen belied, lykas by it opheljen
en it ferwurkjen fan it lyts gemysk Öffal. De gefolgen fan al dizze
üntjouwings sjogge jo op dit stuit troch hiel Fryslén: alle gemeenten
ferheegje de öffalstoffenheffing en dat bart net mei in lyts bedrach, dat
tikket foars oan. Wat dat oanbelanget sitte wy hjir mei üs allen foar
it goed yn't skip, sa't it skynt. Dat freget hege finansjele offers. De
rekken krije wy hjir jün presentearreWy sille mei dizze taryfsferhe-
ging akkoard gean. Boppedat as wy wolle dat it miljeu haadprioriteit fan
belied is en bliuwt, dan sille wy dêr in soart foar oer hawwe moatte.
It is bekind dat yn guon gemeenten in ündersyk dien wurdt nei in
oare systematyk fan de öf falstof f enhef f ingDe CDA-fraksje hat as üt-
gongspunt altyd keazen dat de fersmoarger betelje moat. Yn gearhing mei
neamde Ündersiken soene wy it kolleezje omtinken freegje wolle foar in
differinsjaasje yn dizze heffing. Sa'n heffing kin relatearre wurde oan
de hoemannichte öffal dy't in boarger öfleveret. Wy realisearje üs bést
dat dit net. in ienféldich systeem is. sawol om dit te realisearjen, it
te kontrolearjen as de heffing seis. Mar salang as wy dêr net ris gege
vens fan op papier hawwe, kinne wy, ek net beoardielje oft dit systeem yn
üs gemeente ynpast wurde kin. Dit fersyk soene wy dus it kolleezje foar-
lizze wolle.
Mei de oare taryfsferhegingen fan it riedsfoarstel nr. 298 stimt üs
fraksje yn.
Dan kom ik by bylage 299, agindapunt 16. Dêr giet it om rioelrjoch-
ten en ünreplik guodbelestingBy rioelrjochten giet it om it 1002
kostendekkend meitsjen. Dat komt del op in stigingspersintaazje fan 8,
dat wurdt dan in bedrach de perseel fan 52,18. Yn de Kommisje Middelen
haw ik al ütsprutsen dat it bedrach wat rojaal nei boppen ta öfrüne is,
nei 52,25, 52,20 hie earder yn'e rede lein. Op dizze wize komme der
dochs in pear tüzen güne ekstra binnen. Wurdt dan wol foldien oan it
ütgongspunt 1002 kostendekkend?
28
Dan kom ik by de 0GB. De léste kear dat de ried in beliedsmjittige
ferheging fan de tariven fan de OGB-belastingen tapast hat, wie ferline
jier desimber. Us fraksje wie dêr doe net sa lokkich mei. Wy ha doe ek
in moasje ynstjinne om dy ferheging te fasearjen, omt it doe noch net
seker wie - wy sprekke oer desimber 1989 - oft dy ynkomsten wol echt
nedich wiene, ek sjoen de stSn fan de algemiene reserve. Yn juny by de
Foarjiersnota ha wy dêr nochris relativearjende opmerkings by pleatst.
Mar, foarsitter, it gie doe om in beliedsmjittige ferheging en dêr giet
it no net om. Dat moat düdlik wêze. Wy prate der jün oer dat de ynkomsten
gelike tred hélde moatte mei de ütjeften. Dan prate wy oer it finansjeel
ekonomyske aspekt, lykas by in bedriuw. Ek fan in bedriuw as de gemeente
wurdt ferwachte dat dy de üntjouwings folget. As der dan sprake is fan
stigings fan rinteleanen en prizen, dan sil ek in gemeente dat trochbe-
rekkenje moatte yn syn ynkomsten. En dêr is hjir allinnich mar sprake
fan. Wy prate dus oer it trochberekkenjen fan it ynflaasjepijlDat moat
düdlik wêze, ek nei de boargers ta. Der moatte gjin mearkes üntstean dat
it hjir om in oardinêre ferheging giet. Wy soene it spitich fine as dat
misferstén üntstean soe. Mei suggestjes of foarstellen om dizze ynflaas-
jekorreksje net troch te berekkenjen, binne wy it net iensDat liket op
dit momint miskien moai, mar jo misse fuort in belangryk stik fan jo
ynkommen, wylst jo de kosten wol hawwe en it folgjend jier komt dat
tekoart oan ynkomsten yn ferdübeld bedrach werom. Foar sokke problemen
wol de CDA-fraksje net komme te stean, wy fine dat seis ünferantwurde
Yn it nije stik is sprake fan 52,20 krij ik hjir op in briefke, ik sil
dy opmerking dus ynlüke
De ferkearde berekkening yn 1989 fan de kwantiteiten wennings, is
wat in swirrich punt. Yn de kommisjegearkomste hat dêr allearst in petear
oer west, dat resultaat is no werom te finen yn de riedsbrief. Wy fine
de systematyk fan dat ferhaal net botte düdlik, want it liket dat de
boarger mear betelje moast omt der minder wennings boud wiene. No't der
mear boud is wurdt it taryf heger. Mar it docht bliken dat it taryf al
earder oanpast wurde moatten hie. Ek dêr is sprake fan ynkomsten dy't
berekkene wiene, mar net ynkommen binne. Al te düdlik is dat net, hjir
is dus sprake fan in flater. Ik tink dat de wethalder it mei my iens wêze
sil, dat soks net wer barre moat.
It tredde diel fan de OGB-oanpassing is it limitenferhaalsa neam
ik it mar. Dêr is gjin sprake mear fan limitearringwy hiene, as dat
earder ferfallen wie, dat relatearje kinnen oan de te skatten opbringst.
Dat wurdt no ek, lykas ynflaasje, trochberekkene en binnenhelle. It is
wol de fraach oft dit systeem hanthavene wurde moat. Jo hawwe in x-
bedrach oan ynkomsten nedich en stelle dêr de tariven op fêst. Dêr wurdt
it net altyd even düdlik fan. Ek yn it ütstel fan de PAL-fraksje, dat wy
aansens krije te hearren mar dat wy hjirfoar al krigen hawwe, wurdt de
suggestje dien om it allegearre wat ynsichtliker te krijgen. As it no
fuort en daliks kin sa as de PAL-fraksje foarstelt, is nei üs betinken
noch de fraach. Wol fynt de CDA-fraksje dat der ris ündersocht wurde moat
oft dit wat ynsichtliker makke wurde kin, dat der in düdliker systematyk
komt. No't der gjin limyt is, mar wy it wol sa dogge dat wy in bepaalde
opbringst rüzje, dat relatearje oan ünder oaren kwantiteiten wennings,
29