Blad 60 Verslag van de raadsvergadering van 19 en 28 juni 2000 it hawwe oer fytspaden of sa, dan kin ik my dat foarstelle, mar dizze oantallen is gjin mikro. Ik haw neat sein oer de rest fan it plan, ik haw earder sein dat der ek fan üs kant wurdearring is foar in soad punten yn dit plan, allinnich dizze saken - Potmarge en Vegelin - binne foar üs hiel wichtich. Boppedat is it ek net de bedoeling yn dit hüs de kommisjes oer te dwaan, je beheine je altyd ta de wichtichste saken. Wat it referinsjekader oangiet, de sloopoantallen, dy hawwe wy op stedlik nivo fêststeld, net op wyknivo. Dêr haw ik altyd fan sein dat wy op it minimumsenario sitte wolle. Yn kommisjegearkomsten haw ik hjir al genöch oer sein. We bin ne net tsjin sloop as middel as der goeie arguminten binne, dan haw ik it oer lykwichtige sloop. Mar as ik nei dit plan sjoch, binne wy op stêdeboukundich, sosjaal ekonomysk en finansjeel mêd net oertsjoege. De moasje fan de SP-fraksje leit yn it ferlingde fan wat wy as fraach steld hawwe yn üs earste termyn. Dy sille wy dan ek stypje. Ik wit allinnich net of de Kommisje Wolwêzen hjir oer gean moat, ik tink earder de Kommisje Stedsüntwik- keling Ik wol noch even yngean op de bydrage fan mefrou De Jong fan de PvdA-fraksje ferline wike en saniis. Foaral ferline wike gong se der nochal fül op yn, benammen nei har eigen koalysjewethalder Bilker en yndirekt ek har eigen wethalder Den Oudsten en nei koalysjegenoat VVD. Bilker ferwite se 'onvoldoende politieke sturing en financieel broddelwerk' en fan de bydrage fan de VVD-fraksje 'zakte haar broek af' Ynhaldlik kinne wy it tink ik foar in part wol mei har fi ne, allinnich as it der op oankomt bin ik benijd as de PvdA-fraksje dan ek sa flink is har wurden yn dieden om te setten en gewoan tsjin dit wykplan stimme sil. As je safol- le krityk hawwe en josels serieus nimme, dan kin dat moei lik oars, tink ik, mar sa as ik no heard haw, sil sy op'e nij in berop dwaan op 'de politieke verhoudingen die ons er toe dwingen'sa as sy dat in kear ferwurde hat, de kippen zijn terug in het hok. Mar ik sil in iepening jaan, ek nei de PvdA-fraksje, ik sil it se maklik meitsje. Om't der in grut misnoegen libbet by in flink part fan de ried, kom ik mei de folgjende moasje: De raad van de gemeente Leeuwarden, in vergadering bijeen op 28 juni 2000; besprekende het wijkplan Achter de Hoven/Vegelin; overwegende dat het wijkplan onvoldoende financieel is onderbouwd en er grote onzekerheid bestaat over zaken als: - werkelijk bouwkundige staat woningen Vegelin; - het uiteindelijk aantal te slopen woningen; - de vorm van bewonersondersteuning; Blad 61 Verslag van de raadsvergadering van 19 en 28 juni 2000 besluit definitieve besluitvorming uit te stellen tot er meer helderheid verkregen is over de financiële onderbouwing en bovengenoemde aspecten; en gaat over tot de orde van de dag." Dizze moasje is ündertekene troch mysels üt namme fan de NLP-fraksje, de hear Stoker üt namme fan de GPV/RPF/SGP- fraksje, de fraksje Dolstra en de SP-fraksje. Ik haw begre pen dat de D66-fraksje der ek posityf tsjinoer stiet. Even in koarte taljochting. Finansjeel. Wy hiene by dit wykplan in A-4 mei getallen, sünder bylagen, dêr't wy gjin wiis üt wurde koene. Ik fer- wiis hjirfoar ek even nei de bydrage fan mefrou De Jong, dy't it hiel moai sein hat. De boukundige staat - jo sizze dy is min. Ik tink even oan üs Barend Fockes-ferlineDêr wiene ek twa ündersiken, it iene sei: it is min, it binne boufallen, it moat sloopt wurde, in gefaar foar de folkssünens. In oar buro sei: der is neat oan'e han, it kin noch wol fyftich jier mei, mei bepaalde renovaasjewurksumheden. Dus der moat no ris in goed ündersyk komme nei de boukundige staat. It te slopen oantal - wurdt it no 125 of 160? Ik tink dat it ek hiel belangryk is foar de PvdA- en PAL/GroenLinks- fraksje, dy wolle eigentlik op 125 sitte, mar it kin ek wolris 160 wurde. Litte wy dêr ris düdlikheid oer hawwe. De bewenneründersteuning - dan tink ik oan it ferlingde fan de SP-moasje; ik tink ek oan it Maatwerk, dat de wethalder tasein hat; it WOM; mar hoe dit allegear stal krije sil, is noch net bekind. Dat binne benammen ek punten dy't fan be lang binne foar de PvdA- en PAL/GrienLinks-fraksjeDus ik tink dat ek dy fraksjes einliks net tsjin wêze kinne, om de beslissing fan hjoed üt te stellen oan't der mear wissich- heid is. De wethalder sil sizze, we moatte no los, we hawwe der al sa lang mei sitten, der moat düdlikheid komme, ek nei de bewenners ta, etc. Mar der is no ek gjin helderheid en as je beslütfoarming ütstelle, kin it allinnich mar düdliker wurde. Dan wit je teminsten wêroer je beslute en is dat ek düdliker foar belutsenen. De heer Stoker: Wethouder Bilker noemde het uitgangspunt: betrek de bevolking erbij en leg uit waarom je dit doet. Als dat werkelijk het uitgangspunt is, dan is het toch on gelooflijk dat het plan, waar de bewoners mee gekomen zijn, op geen enkele wijze wordt gehonoreerd. Dan is het toch ongelooflijk dat men Scholengemeenschap Comenius mogelijk toestaat ook het terrein van Parkhove als onderwijslocatie te bebouwen, terwijl je weet dat de wijkbewoners al jaren roepen dat het brengen van zoveel scholieren in de wijk naar hun oordeel voor teveel problemen gaat zorgen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 2000 | | pagina 31