Blad 26 Verslag van de raadsvergadering van 11 juni 2001 stribbe wurde nei 'een getalsmatig evenwicht tussen renova tie inclusief samenvoeging, sloop en vervangende nieuw bouw' It stiet my by dat de PvdA-fraksje it doe noch hie oer de sloop fan maksimaal 125 wenningsTrouwens, wy wiene fanöf it begjin al tsjinstanner fan massale sloop. Der soe nei stribbe wurde dat de hjoeddeiske bewenners, eigner/bewennersde gelegenheid krije soenen om yn'e buert wenje bliuwe te kinnen en de wenningbou soe der op öfstimd wurde. Der soe lytsskalige wurkgelegenheid opstart wurde en flink op handhaving ynset wurde. Ynwenners soene sa folie mooglik meiprate kinne en der soe in 'wijkontwikkelings maatschappij' komme Ien fan'e earste plannen wie it plan fan'e wurkgroep Vege- lin SVK 'Vegelin Vitaal'Yn üs eagen achteröf ek noch hieltyd it béste plan. It foldie oan'e ütgongspuntenDer wie draachflak en it wie te beteljen. It kolleezje en har partijen feegden dit fan tafel, in kompromis tusken it plan Vegelin Vitaal en in gemeentlike projektgroep helle it ek net. Der kaam wer in plan. Ek wer net goed en no wer in plan, no noch hieltyd net goed. Oan't hjoed ta blykber. It plan is djoerder as ea te foaren. It is spitich te konstatearjen dat fan de ütgongspunten, dy't yn it begjin steld wiene, net sa folie oer is. De sloop is no massaler as ea. Eigner/bewenners kinne eins net wer werom en twarichtingsferkear mei de buert is der hast net west. Fanöf it begjin ha de kolleezjepartijen ünderling oan it bakkelijen west oer dit plan oan't no ta. It iennichste wer it ta lieden hat, is in noch massaler sloopplan De PvdA-fraksje siet net noflik yn har fel. De broek sakke Willy de Jong betiden öf as Wyb Feddema oan it wurd wie. De kolleezjepartijen hawwe der blykber wer wat steviger elas- tyk yn setten, want de broek is no oan bleaun. Yn feite gie de PvdA-fraksje mei it kompromis akkoard wat de VVD-fraksje steld hie yn de riedsgearkomste fan juny 2000, wer se sa op tsjin wiene. De kolleezjepartijen komme no mei in kompromis om ünder in- oar it saakje by elkoar te halden. Der mei dochs wat stean bliuwe. Ik ha yn'e kommisje ek oanjün dat ik der miskien wol wat foar fiele soe om te réden wat er te réden fait. Ik tink bygelyks oan de huzen Achter de Hoven, yn goede steat ferkearend, dy't sloopt wurde soene yn it nijste plan. De PvdA- en PAL/GroenLinks-fraksje hiene dy gedachte ek en de wethalder hat it ütsykje litten. Fansels gean je mei behald fan bepaalde blokjes wennings yn tsjin de struktueren dy't stêdeboukundigen yn'e holle haw we. In min puntsje is natuerlik ek dat de bou wer djoerder wurdt, at jo bygelyks it Sytzamablokje stean litte. Spiti- gernöch ha ik nearne léze kind wat de finansjele konsekwin- sjes binne om de huzen Achter de Hoven stean te litten. Ek yn it plan 50D, dêr't de PvdA-fraksje foarstanner fan is, Blad 27 Verslag van de raadsvergadering van 11 juni 2001 reitsje se de tün wol kwyt en dat wie de bewenners ek hiel wat wurdich. Ik lies dat de wurkgroep Vegelin 'moegestreden is' it wol no snelheid, gjin ütstel fan ekseküsje, ek al soe der mis kien noch wat te réden wêze. Spitich, mar wol te begripen. Fanöf 96, miende ik, hat de groep al aktyf west en hat o sa folie dien, mar der o sa weinich nei lustere. En dat is hiel frustrearjendIk soe it tajüche dat er in stik behal- den wurde kin en dat it plan der op oan past wurde moat en dat is no ek bard. It is spitigernöch net sa dat wy mei sa'n oanpassing no ynienen foar it plan wêze sille. Want dêrfoar is it in minime oanpassing. Mar it is in stap yn de goede rjochting, allinnich net genöch. De finansjele ünderbouwing wie as tsjokke mist foar üsDat ha ik yn it ferline wolris sein yn eardere riedsgearkom- sten. In goede finansjele ünderbouwing mist no noch hiel tyd. In A-4 mei in soad PM-posten, mear stiet my net by, wat ik oan't no ta sjoen ha. Ek yntegrale öfwaging fan it stêdeboukundige plan, mei de minime finansjele ünderbou wing, dy't der dan wol wie, waard wegere. Ek binne nei üs betinken in soad kosten net meinaam. Sa as bygelyks de fi nansjele konsekwinsjes fan ünteigening. De sosjale paragraaf. Noch hieltyd is der gjin düdlikheid oer wat der no barre moat mei de eigner/bewenners dy't yn in ütkearingssitewaas- je sitte en har hüs ferkeapje moatte of ünteigene sjogge. De wethalder hat der al foar nei Den Haach west, mar der is noch neate ütkaam. In oantal partijen ha der moasjes op yn- tsjinne. Dy sille wy op har meritis beoardielje. Ik wit dat Leefbaar Leeuwarden ek noch komme sil mei wat. Wy sille dat aansens allegear besjen. As léste soe ik it noch oer Atoglas ha wolle. Eltse kear as it agindapunt Achter de Hoven/Vegelin op'e rol stiet, komt dit punt ek werom en terjochte. It fabryk stiet deun op'e wyk en feroarsaket oerlêst. Benammen de D66-fraksje hat him altyd hjirmei profilearre en hat der altyd boppe-op sitten. Ik wit dat de gemeente en de provin- sje as fergunningferliener no yn petear binne mei Atoglas en dat der fertrouwen is dat op 1 septimber it fabryk oan'e miljeu-easken foldwaan sil. Myn fraach oan'e wethalder is: is dit hurd en sil de provinsje har ferantwurdlikheid witte en optrede by't net neikommen fan'e miljeu-eask en be- stjoerstwang öftwinge? Wat sil de wethalder dwaan as dit net it gefal is? As dit antwurd te faach is, sil ik yn twadde ynstansje mei in moasje kommen üt namme fan alle op- posysjepartijen om de düdlikheid wol te krijen. Mevrouw Inberg: Alle Vegelinstraten gaan plat. Over een stukje Achter de Hoven en Van Sytzamastraat wordt nog zoge-

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 2001 | | pagina 14