Blad 60 Verslag van de raadsvergadering van 12 november 2001 Oangeande de ferheging fan it bedrach fan de deklaraasjeregeling hat de wethalder sein dat dat ynkoarten yn de kommisje komt. We tinke dat it goed is om dy diskusje dêr öf te wachtsjen en wy wachtsje dat oangeande ek even öf wat dêr fjirder fan komt. Op dit momint sille wy de moasje net steune. As het giet om het amendemint om de algemiene reserves te ferheegjen nei 7,5 miljoen. Ik haw in earste termyn oanjün dat wy eins streve nei in oare benadering fan de algemiene reserve. Neffens üs moatte we dat oppakke by it foarmjen fan it nije kolleezje en it bestjoersprogramma en dêr dan ek oer de feroaring fan de stan fan algemiene reserve prate. En wat de stan no oangiet tink ik dat we üs gewoan fêst moatte halde oan it bestjoerspro gramma en wy hawwe mei-inoar öfpraat dat dan it minimum f 15 miljoen is. In oare fraach is noch wol, stel dat wy no dy algemiene reserve ferheegje nei 7,5 miljoen, wat soe dan de dekking wêze? Dat is eat wat hjir net yn regele wurdt Moasje 5 wurdt oernommen troch it kolleezje en der binne we ek foar As it giet om subsydzjemooglikheden, de wethalder hat oanjün dat der foldwaande mooglikheden binne foar inisjativen om by de gemeente oan te klopjen en mooglik subsydzje te krijen. Ik tink dat yn dy sin dan dizze moasje ek oerstallich is. As het giet oer de iepenbierens fan stikken üt besletten fergade- ringen hat it kolleezje al oanjün punten 1 en 2 oer te nimmen. Ik tink dat dat goed is, dat jout ek düdlikheid. Ik fyn it wol fan belang om dy punten 3 en 4 even öf te wachtsjen wat üt it neier berie komt, om't we dochs ek düdlik hawwe moatte wat dat no eins foar üs betsjut. Ik woe oan yntsjinners freegje wat sy mei dizze moasje dwaan gean, want sa as er der no leit, yn syn totaal fan de punten 1 o/m 4 kinne wy him net steune. Moasje 8 van de SP-fraksje. Ek dêr jildt fan dat wy it iens binne mei it kolleezje, it is in saak fan de polityk sa dit hjir beskreaun stiet. Wy binne it der net mei iens at der stiet dat it in opdracht is oan it kolleezje, mar it soe in opdracht wêze moatte oan de totale ried. En yn dy sin tink ik dat wy net mei dizze moasje üt de fuotten kinne en dat as je dingen kombinearje wolle en ek öfstimme wolle dat dan bygelyks it fraksjefoarsitter- soerlis dêr in hiel geskikt foarum foar is. Moasje 9, dêrfan jildt ek dat it in saak fan de polityk is. Partijen hawwe self harren opliedingsprogramma's en ik tink ek dat as it giet om winnen fan wethalders hiel neidruklik partijen yntern bepale wat foar minsken op'e list komme en as we büten de list sykjen geane wat dan de easken binne dy't wy stelle sille oan minsken dy t dêrfoar yn oanmerking komme. Yn dy sin hawwe wy gjin behoefte oan dizze moasje. Blad 61 Verslag van de raadsvergadering van 12 november 2001 Wat de moasje oangeande it beteljen fan de kosten fan dualisear- ring oangiet hat it kolleezje advisearre dizze oan te halden en öf te wachtsjen wat üt de diskusjes yn Den Haach komt. Dêr kinne wy üs yn fine. Moasje nummer 11. Dêr giet it om it hanthavenjen fan de wize fan behanneljen fan de Perspektyfnota, sa't we dat oant nota wend wiene, en net takom jier dat kombinearjen mei it behanneljen fan de begrutting. Wy binne tsjin dizze moasje. Wij hawwe by de behanneling fan Perspektyf sein om't it om in proef giet en om't it giet om in ferkiezingsjierwêrby we in bestjoersprogramma ha, dat ütwurkje moatte, de kans hiel grut is dat dy saken net op'e tiid klear binne, eins noch folie grutter de kans is dat pas in septimber düdlik is wat der oan perspektyfsaken oan üs foarlein wurde kinne, dat it better is om dan de begrutting en Perspek tyfnota yn gearhing te behanneljen. As it giet om it behanneljen fan Perspektyf en begrutting mei-inoar nei 2002, dêr hawwe wy üs arguminten fan neamd wêrom wy tinke dat it krekt net barre moat Motie 12, sa't de wethalder eins ek oanjout dat dizze moasje beliedsündersteunend is, dan binne wy it dêr mei iens. Moasje 13, dêrfan hat de wethalder sein dat dy meinommen wurdt by Perspektyf. Wy wachtsje de foarstellen datoangeande öf. Dan noch even hiel koart yngean op Blauw Wit. Ik bin bliid dat de wethalder eins tasein hat dat se mei koarten mei Blauw Wit om de tafel sitten gean giet, want ik tink dochs dat it wichtich is dat dêr ek op koarte termyn düdlikheid komt. En dan noch in léste opmerking oer it ünderhald. De hear Jacobse hat sein dat ünder ferantwurdlikens fan in CDA-wethalder it ünderhald sa no en dan ris wat yn de knipe kommen is. Dan stel ik fêst dat we as ried yn syn totaliteit dêr ek mar in bepaald bedrach foar beskikber steld ha op grün wêrfan it ünderhald ek net op in heger nivo komme koe dan we no hawwe Danke wol. De heer Van Mourik: Wij zijn als VVD-fractie over het algemeen tevreden met de beantwoording van het college in de eerste termijn. We vinden dat u als college op een goeie en creatieve manier naar de moties hebt gekeken en ook hebt geprobeerd die zaken bij uw eigen werk te betrekken en om daarbij helder aan te geven hoe u het vervolg van dat traject ziet. Daar zijn wij als VVD-fractie dus heel blij mee. Ik heb in eerste termijn aandacht gevraagd voor een baan algemene zaken die ik gewoon benoemd heb en die voor ons als VVD-fractie te maken hadden met het begrip bestuurscultuur, hoe we met ons werk omgaan en hoe we met elkaar omgaan. Ik heb daarbij ook een paar

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 2001 | | pagina 31