Blad 10 Verslag van de raadsvergadering van 12 november 2001 De CDA-fraksje pleitet foar in solide finansjeel blied. It sanearren fan'e balans dêr't al earder oer praat wurden is, moat wat üs oanbelanget fersterke wurde. Ek pleitsje wy foar in oare wurkwize oangeande de algemiene reserves. Yn dizze riedsperioade wurdt ütgien fan in minimum fan f 15 miljoen 6806703,00Wat de CDA-fraksje oanbelanget wurdt de hichte yn'e nije perioade keppele oan de finansjele risiko's dy't de gemeente rint. De gemeente is sa better by steat de risiko's op te heinen. Boppedat geane ekstra ütjeften op dizze wize net ta skea fan oare saken, dy't al op'e rol steane. Yn gearhing hjirmei moat ek neitocht wurde oer de wize hoe't de ried na 6 maart 2002 behelle wurdt yn'e finansjele stjoering. Soks freget nochal wat tarieding. Wy geane der fan ut dat dizze saken mei koarten op 'e wurklist kommeWy wolle net wachtsje ta nei de ferkiezings. Dêrmei giet te folie kostbere tiid ferlern. Yn dat ramt kin ek de diskusje oer it planning control ynstru- mintarium meinommen wurde. Wy hearre dêr op't heden net safolle fan, mar de tariedings binne al west. Ik nim oan dat de wethalder üs fertelle kin wat de stan fan saken is. Yn'e riedsbrief by de begrutting wurdt ütsteld it behanneljen fan'e Perspektiefnota te keppeljen oan it behanneljen fan'e begrutting. We binne dêr net foar. De perspektyfnota is folie mear strategysk fan aard. It is in korreksje op LEVI 2030 en it MOP. Dêr moat yn de ried in goede diskusje oer fierd wurde. Dat past net by it de begrutting, dy't eins in ütwurking is fan'e strate- gyske diskusjes. In oar punt is de dualissearring, dy't üs twingt op haadlinen te bestjoeren. Dat soe ek in reden wêze kinne om dat net te keppel- j en Fierder tinke wy dat it foar it meitsje fan öfspraken oer wurken en wurksumheden wichtich is al ier te witten oft in projekt in ridlike kans fan slagjen hat. Wurdt de diskusje dêroer ferskoot nei it neijier, dan rinne de tariedings fertraging op. It ienige argumint dat wy betinke kinne om yn 2002 perspektyf en begrutting tagelyk te behanneljen, binne de ferkiezings. Foar de simmerfakansje moat dan it bestjoersprogramma ütwurke wurde en moat in sadanich dokumint opsteld wurde dat de ried ek noch keuzes meitsje kin. Dat soe te koart troch bocht gean. Mar neffens üs wage de neidielen net op tsjin de foardielen. In oar punt, dat üs soargen hat, is it hege syktefersom by guon öfdielings. Soms is it wol it dübele fan it lanlik gemiddelde. Om dochs al it wurk oan te kinnen, sil ekstra personiel ynhierd wurde moatte. Us fraach is oan it kolleezje of ynsicht jün wurde kin yn'e oarsaken fan it syktefersom? Hat it te krijen mei de hege ambysjes fan de gemeente Ljouwert, of giet it motivaasje of wurkdruk, of binne de wurknimmers gewoan siik. En hoe sjocht de ündernimmingsried hjir tsjinoan? Wurdt it ünderwerp ek bepraat mei de bestjoerder? Blad 11 Verslag van de raadsvergadering van 12 november 2001 Neffens üs moat dit ünderwerp heech op'e wurklist. De gemeente moat as wurkjouwer op in goede wize mei it minsklik kapitaal omgean. It personiel het dêr ferlet fan en neffens üs sille we it ek merkbite yn'e kosten. We wolle ek noch eefkes koart stilstean by de behanneling fan it ütstel jild beskikber te stellen foar it professionalisearjen fan'e ynstellings foar wolwêzen en it oanbesteegjen fan it jeugdwurk yn'e gemeente. By it behanneljen fan'e Perpektiefnota ha wy al oanjün neat te sjen yn'e professionalisearring as oanrin nei it oanbesteegjenEk ha wy üs yn de kommisje Wolwêzen oanjün gjin foarstanner te wêzen fan it oanbesteegjen fan it wolwêzen wurk. It giet dêrby net om it feilich stellen fan'e posysje fan HWL, mar wol om it oanbesteegjen sec. Oanbesteegjen giet der fan üt, dat der sprake is fan konkurrinsjeferhaldings en it wurket allinnich wannear't der ek genöch oanbieders binne. Kin de merkt it oanbesteegjen fan it wolwêzenswurk wol oan? Neffens üs binne der te folie ünwisse saken. Wy ha as ried noch net praat oer de fraach wat no krekt basisfoarsjennings binne. En wat binnen bygelyks de kwaliteitseaskenWat bedrach ha wy dêr foar oer. Wy hawwe ek noch gien ramt hoe hannelje wurde moat by wannear't net foldien wurdt oan de oerienkomst. Wurdt it kontrakt dan ferskuord, of wurdt in part fan it jild net ütbetelle? En hoe wurde de taken ütfierd as de kontraktpartner it der by sitte lit. En dan de fleksibilitietWy kinne öfprate de jongerenproblematyk yn'e Vossenparkwyk oan te pakken, we sjogge dat it ferskowen giet, mar kinne wy dan mei dat kontrakt wol üt'e fuotten? Wy ha noed oer de üntjouwing fan'e wenning foarrie. De netto- ütwreiding komt net oerien mei wat wy pland hawwe, soks leit lokkich net oan it üntbrekken fan plannen. Dêr wurdt hurd oan wurke De ekonomyske üntjouwingen kinne ek de resultaten foar de kommende jierren ünder druk sette. Wy geane der fan üt dat de ekonomyske tebekset en de konsekwinsjes dêrfan foar it te bouwen kontinginten wennings net liede sille ta it oanpassen fan it provinsjaal belied. Dat bringt üs ek by de fraach hoe oft it stiet mei it wenning- marktplan. Wannear kinne we dat ferwachtsje. Wurdt yn it plan genöch omtinken jün oan senioaren? En hoe sit it dan mei de wenningmarktsiferswêr't in tasizzing oer dien is. Miskien dat de wethalder dêr ek wat oer sizze kin. In oar punt dat we noch koart yn dit ramt neame wolle is de studintehüsfestingWy hearre lüden dat de studinten dy't tastreame net adekwaat hüsfeste wurde kinne. In punt fan soarch, dat sa gau as mooglik oppakt wurde moat. By it behanneljen fan'e Perspektyfnota hat de CDA-fraksje in moasje yntsjinne oangeande it efterstallich ünderhald. Wy ha dizze moasje doe oanholden en sein dat wy der by de begrutting op werom komme soene. Mar neffens üs is der noch genöch oanlieding om

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 2001 | | pagina 6