Blad 4 Verslag van de raadsvergadering van 2 9 november 2001 - Er kan wat onze fractie betreft geen verschil van mening zijn over de vraag wat collectieve verantwoordelijkheid is tussen het college enerzijds en de coalitiepartijen anderzijds. We vragen het college en de coalitiepartijen zich hierover uit te spreken. - Onze fractie zou graag van de fracties van PAL/GroenLinks en de VVD horen hoe zij op dit moment hun optreden in het week end voorafgaand aan het aftreden van Hermien de Haan beoorde len Onze inzet is dat we ons in willen blijven zetten voor de bestuurbaarheid van deze stad. We willen daar ook nu volledige verantwoordelijkheid voor nemen. We wachten de reacties van de andere fracties en het college met belangstelling af. Dank u wel. De hear Wijmenga/CDA: We hawwe juster praat oer de ynhald fan de belestingproblematyk en hjoed prate we oer de politike konsekwinsjes By de behanneling juster yn de kommisje hat al bliken dien dat dit ek in goede folchoarder is. Wy kinne no mei mear lykwicht prate oer de politike konsekwinsjes dan ferline wike woansdei doe't we net beskikten oer de ynformaasje dy't we juster krigen hawwe Wy fiere it debat hjoed, en ik ha dat juster ek al sein, sünder de wethalder, dy't sünt ferline wike moandei ferantwurdlik wie foar de portefülje jildsaken. En ik werhelje hjoed ek dat it better west hie it debat mei har te fieren. Mar lyk as sein, wy kinne üs yntinke wat har dreun hat öf te treden en wy hawwe dêr respekt foar. Foarsitter, foardat ik fjirder op de politike konsekwinsjes yngean, woe ik koart dochs noch wat sizze oer de relaasje dy't guon minsken lizze tusken it öftreden fan frou Van Maaren en it öftreden fan frou De Haan. It soe sa wêze dat troch ferskil fan miening oer hoe om gien wurde moast mei it rapport fan Monsma, der skeel üntstien is tusken beide froulju, mar ek dat dat üteinlik de reden west hat foar it öftreden fan de boargemas- ter. Dat byld wurdt fersterke om't frou Van Maaren yn har ferklearring fan 29 oktober lêstlyn allinnich dit punt neamd hat en ütfergrutte hie. Foar it gemak hat se fergetten dat it it folsleine kolleezje wie, stipe troch de hiele ried, dy't it betrouwen opsein hat. It soe boppedat ik net earlik wêze en sko it öftreden fan frou Van Maaren allinnich op dit kolleezjelid öf. By de tariedings hawwe alle fraksjefoarsitters belutsen west en ynstimd mei de proseduere en op ien nei hat de ried ek folslein ynstimd mei it üntslach. Foarsitter, wy hoopje dat hjirmei dat boek sluten wurde kin en wy pleitsje der ek foar dat elts syn ferantwurdlikens nimt op dit punt. Wat mear wy dêr oer prate wat mear skea it tabringt oan Ljouwert en dat giet üs oan it hert. Blad 5 Verslag van de raadsvergadering van 29 november 2001 De earste jierren fan dizze riedsperioade gie it as it slydja- ged. Ekonomysk hie Ljouwert de wyn mei, mar der is ek in protte realisearre. Ik mien dat yn it ramt fan it behanneljen fan de Perspektyfnota wolris sein is dat omtrint 95% fan it Be st j oersprogramma realisearre is. It soe miskien aardich wêze om dêr it Bestjoersprogramma nochris op nei te gean. It léste jier kaam der mear spanning op de tried. Foar boargers is it net sa düdlik mear, ik doel dan benammen op OZB I en OZB II. Mar de kolleezjefoarsitter hat him dat oanlutsen en ünder- syk dwaan litten. Earst troch Price WaterhouseCoopers en letter troch Monsma Partners. Mei de ündersiken is der nochal wat oan it ljocht kommen. We ha dêr juster wiidweidich yn de kommisje Bestjoer en Middels oer praat. De wethalder hat juster oanjün dat mei de kennis fan doe it kolleezje nei ear en gewisse besluten hat it rapport net iepenbier te meitsjen en yn stee dêrfan in amtlike gearfetting op besjen te lizzen en de leden fan de kommisje Bestjoer en Middels üt te noegjen foar in besite oan de öfdieling Beles- tings. Ek efterneibesjoen wie dat neffens de CDA-fraksje te meager. We hawwe dat juster ik oanjün. Net dat it orizjinele stik daliks iepenbier moatten wurde hie, want der stiet namlik noch wol wat risikofolle ynformaasje yn dy quickscan fan Monsma Partners. Mar de ried of yn elts gefal de kommisje hie op syn minst ynformearre wurde kinnen oer de aard en omfang fan de beskreaune problemen. Doe hie der ek al gelegenheid west om oan te jaan dat der wurke waard oan ferbetterings Uteinlik is it rapport ütlekt. De CDA-fraksje freget him wol öf wa't dêr belang by hat. Want dyjinge of dyjingen moatte witten ha dat it sündermear iepenbier meitsjen fan dit rapport nochal wat konsekwinsjes hawwe soe en allinnich mar ferlies is. En dan giet it om minsken en it giet om de Ljouwerter mienskip. Feit is wol dat it kolleezje sa net mear bepale koe op watfoar wize de saak foar it fuotljocht komme soe. Yn in parsekonferin- sje is wol oanjün dat der al hiel wat ferbetterings op'e rit setten binne, mar, sa die bliken yn de krante, dat is gjin ni j s Boppedat is mei it efter halden fan it rapport in byld üntstien dat der noch wolris wat mear efter stekke koe. Lokkich witte we nei de kommisjegearkomste fan juster better, mar dat wie einliks te let. De boarger hie al in opiny en dy liigde der net om. Partijen wurde der ek op oansprutsen en dat bout mei-inoar spanning op. Der moat wat barre en leafst sa gau mooglik. Us analyze is dat wethalder De Haan yn dy hektyk ta de konklüz- je kommen is dat se better öftrede koe. Wy hawwe dat beslüt wiis neamd en ik haw earder ek al sein dat de CDA-fraksje har beslüt respektearret Dat bringt üs ta de fraach: hoe lizze de ferantwurdlikens. De Partij fan de Arbeid-fraksje hat dêr ek al nei frege om dêr in ütspraak oer te dwaan. Yn üs bestel is it sa dat it kolleezje ferantwurdlik is foar de bestjoersdaden, dy't troch it kolleez je of üt namme fan it kolleezje troch in kolleezjelid of in amtner dien wurde. Dat jildt ek yn dizze kwestje. Ek al sünder

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 2001 | | pagina 3