Blad 24 Verslag van de raadsvergadering van 10 juni 2002 De kar, de Vrijheidswyk oan te wizen ta fernijingsgebiet hat goed west. Yn in nota fan ütgongspunten wurdt wat dat oanbelanget troch üs fraksje in goed oantal saken neamd. We meitsje allinnich üs grutte soargen dat de wyk opknipt is yn meardere dielgebietenDat is krekt ek al sein. We kinne net fan'e kelder op'e souder, dat is goed, mar wat binne de risiko's foar de leefberhyd fan de wyk en de feilichheid yn de wyk en wat docht it kolleezje om sa gau as mooglik ek dy oare parten yn de wyk yn proseduere te nimmen en kin dermei ek ynspile wurde op feroarings op de wenningmerk? Wy freeg- je derby benammen omtinken foar de studintehüsfesting Fjirder hat it ütjaan op himsels fan in lyts gebiet en yn lytsere parten ek it gefaar yn him dat de gearhing deründer te leien hat. Dat weaget foar üs swier, ek omdat de stêdli- ke fernijing hjir net allinnich slacht op de Vrijheidswyk mar ek op Bilgaard. Al meardere kearen is üs tasein dat wy in gearhingjend plan fan de Noardrane oanbean krije soene. Dat soe neffens my yn novimber 2001 al klear wêze moatten ha. Hoe liket dat no? De plannen ha in wiidweide ynspraaktrajekt trochgongen. Dat is ek needsaaklik sjoen it yngripende karakter dêrfan. Wat de CDA-fraksje oanbelanget komt it der no op oan om sa gau as mooglik mei de ütfiering fan it plan ütein te setten. De wyk moat üt de negative spiraal, der't der no yn sit. Dêr't it kin sa gau mooglik slope en wer nij bouweWenje der noch minsken yn de te slopen wennings, dan leit der in hie- le wichtige taak foar de wenningboukorporaasjes dizze min sken sa gau as mooglik in oare gaadlike wenning oan te bie den. It seit himsels dat de tiid ferrint ear't de earste bewenners har yn'e nije wennings ta wenjen sette kinne. Oan't dy tiid en miskien noch wol folie langer, mar dat sil dan bliken dwaan moatte, moat der op it foarste plak ener- zjy stutsen wurde yn it behear en de feiligens yn de wyk. Ekstra ynset fan stedswachten en in befeiligingsbedriuw kinne dêr oan bydrageMar hoe sit it mei de wykaginten? Je soene tinke dat dizze funksjonarissen de hannen en fuotten binne fan it o sa bot ütdroegen wyk bün plysjewurk. Yn de praktyk blykt dat öf te fallen. Wy hearre dat it dreech is yn kontakt te kommen mei de wykaginten om't se faak earne oars oan it wurk binne. Wat binne de öfspraken dy't hjir oer makke binne? Wy binne fan betinken dat de saak der yn de wyk sa foarleit dat it tafersjoch net öfdien wurde kin mei stedswachten en befeiligingsmeiwurkersBy ünregelmjit- tigheden moat mei-ienen optreden wurde kinne en dat is it wurk fan de polysje. Mear surveillance yn de wyk is op syn plak, dêr hoege we net iens dikke nota's foar te skriuwen, dat witte we wol. Wat de CDA-fraksje oanbelanget wurdt der Strang optreden. En as it efkes kin op in wize dat it de problemen net yn de wyk ferpleatse of nei oare wiken fer- pieatse As ried ha wy de mooglikheid meiprate te kinnen oer it be- liedsplan fan de polysje. Wy kinne saken oandrage dêr't wy Blad 25 Verslag van de raadsvergadering van 10 juni 2002 fan tinke dat se opnommen wurde moatte yn it beliedsplan. Ik stel fêst dat wy dêr yn Ljouwert oan't no ta eins noch net safolle gebrük fan makke ha, mar sjoen de problemen yn de Vrijheidswyk en de wittenskip dat de polysje, benammen yn de persoan fan de wykagenten yn dit gefal, net altyd be- skikber binne, moat dat no mar wêze. Der sil wol in prose duere foar wêze, mar ik wol it no graach oan'e oarder stel le. En ik wol nei oanlieding fan de swierri.chheden yn de Vrijheidswyk oan de boargemaster meijaan dat yn it belieds plan fan de polysje opnommen wurde moat dat wykagenten op it foarste plak harren wurk yn de wyk dwaan moatte en by hege ütsündering koart en tydlik oar wurk dwaan meie. Fjir der nim ik oan dat de boargemaster üs meikoarten ütnoeget mei te tinken oer wat de ried fan Ljouwert belangryk fynt om yn it beliedsplan fan de polysje op te nimmen. Omdat it hjir om in besteande wyk giet binne de foarsjen- nings yn de wyk tige wichtich. De skoallen, winkels en mui- tifunksjoneel sintrum ha mei ynfloed op de kar dy't minsken meitsje foar in nije wenning. Dêrom binne dy foarsjennings hiel wichtich. Dêr is krekt ek al wat oer sein, dat dat ek in grut draachflak foar de fersjennings yn de wyk mei him meibringt. En mooglik, der is ek al sjoen nei de oare kant fan de rünwei, soene we ek noch tinke kinne oan Tusken Moark en Ie, om dy oanslute te litten, om dêrmei it gebiet foar dat winkelsintrum ek grutter te meitsjen. Op it lést wol ik yngean op de studintehüsfestingIn koar- te tiid is dit in probleem wurden dêr't bot omtinken oan jün wurde moat. In protte huzen yn de Vrijheidswyk wurde en waarden brükt foar de studintehüsfestingTroch it ferdwi- nen fan guon flats en net altyd in düdlike mar ek feroar- jende fraach en de oardering fan keamerferhier is der in tekoart oan hüsfesting foar studinten üntstien. Wy pleitsje net foar it stean litten fan flats yn de Vrijheidswyk. Dat stiet heaks op it stribjen nei it ferbetterjen fan de kwa liteit fan de wennings en de wenningomjouwing yn de wyk. Wol moat der omtinken oan jün wurde. It soe bygelyks kinne troch yn it oare dielplannen dit mei te nimmen. Mar foar- sitter, meikoarten komt der ek in nij wenningmerkplan en wy geane der fan üt dat yn dat plan yngien wurdt op de wen- ningbehoeften fan de ferskate doelgroepen. Kin it kolleezje al wat sizze oer de oplossingsrjochtingsDe stêdlike fer nijing yn de Vrijheidswyk moat net Ljouwert, HBU-stêd op it spul sette. Ik ha yn de kommisjegearkomste al sein dat wy ynstimme kin ne mei de grüneksploitaasje en ek mei de saneamde kêst 19 proseduere Mevrouw Uiterwijk Winkel: Een uur voor de vergadering vroeg Piet van der Wal mij om dit punt van hem over te nemen, want hij was onverwachts niet in staat om bij deze vergade ring aanwezig te zijn. Het overviel me wel enigszins, maar

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 2002 | | pagina 13