Blad 20 Verslag van de raadsvergadering van 16 maart 2006 No't wy de wichtichste finansjele beslütfoarming oer de kenniskampus han hawwe, wurdt it tiid foar de ynhald. Dat betsjut wat üs oangiet mear heger ünderwiis yn de stêd. De FNP fynt it wichtich dat de oerheden (dus ek üs eigen ge meente) ynstellingen en bedriuwen putte kinne üt in reser voir fan jonge minsken dy't hjir in hegere oplieding han hawwe Yn de stikken foar de kolleezje-ünderhannelings stiet it ek al: it wurdt hieltyd lestiger om goed kwalifisearre perso- niel te finen. Dêrom dus universitêre opliedings ticht by hüs, ek om talint foar de regio te behalden mar ek om dêr- mei as regio profitearje te kinnen fan de enoarme finansie- ringsstreamen fan it ryk en Europa foar kennis. Minsken, wy moatte net büten de boat falie! Oare regio's yn Europa, dy't yn it ferline ek as 'perifear' oantsjutten waarden, lykas Wales, hawwe dat ek ynsjoen en hawwe no eksellinte ynstituten. Universitêre master- opliedings dus, op it gebiet fan wetter, lanbou, duorsum- heid en miljeu, minderheidstalen en toerisme, bondele yn Universiteiten Fryslan. Dat is foar de FNP echt in top prioriteit foar de kommende 4 jier!! Doarpen en wiken De gemeente giet troch mei it wyk-gerjocht wurkjen en yn- tinsivearret dat. Op buert- en doarpsnivo kinne jo minsken de romte jaan, dat hat no ek al wer bliken dien mei de doarps- en wykfisy's dy't wy krigen hawwe. It kolleezje stelt üt om in twadde doarpenota te meitsjen. Dêr steane wy as FNP alhiel achter. Belangryk elemint dêrby is foar üs ekhoe kinne wy yn de doarpen huzen bouwe dy't oanslute by de lokale fraach en hoe halde wy de foarsjen- nings yn de doarpen oerein? Sosiaal/wurkgelegenheid Wy ferwachtsje fan it kommende kolleezje, dat it sa'n so- sjaal belied fierd dat de Voedselbank yn Wurdum oer 4 jier harsels wer opheffe kin. It moat net nedich wêze dat min sken de han ophalde moatte foar iten. Gerichte aksjes binne nedich, eventueel mei ofwikingen fan lanlike regels. In re- gelfrije of -luwe sóne om misstannen tsjin te gean, dêr moat dan de lobby op rjochte wêze. Wat wurkgelegenheid oangiet moat de gemeente seis romte kreëarje om nije projekten te starten om de wurkgelegenheid te stimulearjen. Wat de FNP oangiet is it dien mei de heil- leaze wei fan de ferplichtsjende re-yntegraasjeprojekten. Wy moatte nije wegen ynslaan dy't ergens oars sükses han hawwe. Jim witte dat wy earst lytsskalige eksperiminten wolle, dy't letter by sükses dan grutter makke wurde kinne. Sa sizze wy bygelyks ekde 12 miljoen fan de MZB werom yn it SIOF en kom mei projekten foar it stimulearjen fan de wurkgelegenheid By de WMO pleitsje wy, foar it stimulearjen fan inisjativen op buertnivo. Dat kinne dus ek gemeentlike bydragen wêze oan winkeltsjes of in SRV-wein om sa de leefberheid yn de wyk op peil te halden. Utfal fan jonge minsken op de arbeidsmerk: de FNP pleitet foar in 'scholingsoffensief' neffens Dimter foarbyld! Lésten Blad 21 Verslag van de raadsvergadering van 16 maart 2 0 06 In heel soad minsken hawwe it dreech om rün te kommen. Tal fan saken binne djoerder wurden: enerzjy (gas, elektra, branstoffen)syktekosten of binne needsaaklik wurden om mei te draaien yn de maatskippijtink oan ynternetDêrom moatte de gemeentlike belestings de kommende 4 jier net om- heech. Wat de enerzjy oangiet pleitet de FNP derfoar om üt te sykjen hoe't wy de krêften op gemeentlik nivo bondelje kinne om te kommen ta koöperative ynkeap en opwekking fan stroom. Dat levert wurk op, besparret in enoarm soad jild en is better foar it miljeu. Grutte projekten Wat ferkear oangiet pleitsje wy op de rappe oanlis fan noardwesttangint en Heak om Ljouwert, om sa autoferkear om de stêd hinne te lieden wat der net yn hoecht te wêzen. De effekten dêrfan moatte dan besjoen wurde foardat der grut- skalige projekten binnenstêdlik dien wurde. Fierder pleitsje wy foar mear fergees iepenbier ferfier, yn gearwurking mei de provinsje. De FNP wol fierder in folie bettere posysje foar de fytser yn Ljouwert! Kultuer Yn syn algemienens sizze wy dat de léste 4 jier al behoar- lik op kultuer besunige is, dêr't wy as FNP net wiis mei wienen, de kommende perioade moatte de budzjetten minimaal oerein bliuwe. Ynhaldlik sil der mear romte komme moatte en stipe jün wurde moatte oan keunstuteringen fan amateur- en semy-professionales en it produksjeklimaat hjirre. Ljouwert sil syn ambysje as brüzjende kulturele haadstêd no echt ris wiermeitsje moatte, mei in poppoadium, goede betelbere ate liers etc. Fryske taal en kultuer Ek yn de kommende perioade budzjet foar de Fryske taal en kultuer, en fasetbelied by oare sek- toaren, ütbou dus. De startnotysje Frysk sil herijkt wurde, de wethalder hat tasein in 'tandje hoger' te gean. Mear be- liedsynspanning liket üs op syn plak. De gemeente stipet de meartaligens yn it ünderwiis (NL, Frysk, Ingelsk) troch by gelyks te helpen oan de oprjochting fan in trijetalige ba- sisskoalle yn üs gemeente. Eksperiminten mei 3-talige sko- allen binne net allinnich yn Fryslan, mar yn heel Europa süksesfol Fierder is it sa dat yn it eardere Bres-gebou no in kombi- naasje üntstiet fan debatsintrum mei in hüs foar Fryske taal en kultuer. In geweldich inisjatyf fansels dêr't wy üs posysje as haadstêd fan in twatalige provinsje mei ferster- kje kinne. Wat üs oangiet jout de gemeente, by wize fan stimulans, de earste jierren stipe oan de kulturele inisja tiven en aktiviteiten op it gebiet fan de Fryske taal en kultuer yn dat sintrum. Politvk bestioer Wy binne mei it kolleezje fan betinken dat it goed wêze sil om as gemeente om üs hinne te sjen watfoar mooglikheden der Europeesk binne om sa pro-aktyf mei Brussel en de subsyd- zjestreamen om te gean. De FNP hat nei de kritearia sjoen en bliuwt fan miening dat de stêd Cardiff yn Wales in hele geskikte partner wêze kin foar in trijetal jierren. Wy gean de kritearia even by lans

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 2006 | | pagina 11