Blad 34 Verslag van de raadsvergadering van 6 november 2 0 06 mabegrutting, mar it fernuvert üs dan dat it ünderwerp Fryske taal en kultuer net yn datselde rychje stiet, wylst dat wol deeglik opnommen is yn it kolleezjeprogramma. Mei dit amendemint wolle wy dy omissy herstelle. Dêrneist fer- sykje wy it kolleezje om yn 2008 mei SMART-doelstellings te kommen oangeande dit ünderwerp Amendemint 2 6 Oanfoiling Frysk programma kultuer De ried fan de Gemeente Ljouwert, byelkoar op moandei 6 novimber 2006, dy't de programmabegrutting 2006-2010 besprekt; oerweagjende dat: yn it kolleezjeprogram 2006-2010 fermeld stiet dat: 'ten opzichte van activiteiten en initiatieven op het gebied van de Friese taal en cultuur nemen wij een po sitieve houding aan' dy positive halding alhiel net werom te finen is yn de programmabegrutting 2007, wylst oare ünderwerpen üt it kolleezjeprogram, lykas community art en 'kultuer en ekonomy' wol neamd binne; der ynkoarten in beliedsnotysje oer Fryske taal en kul tuer ütkomt ek yn it stedskonvenant omtinken is foar dit ünderwerp,- de gemeenterie him yn it ferline ferskate kearen ütsprutsen hat foar (düdlik) belied op dit mêd; beslüt as oanfolling yn programma 1 (cultuur) op te nimmen: 1. by 'Stand van zaken', 'Kunst en cultuur' (blz. 27/28): 'In het collegeprogramma zijn de Friese taal en cultuur en de inzet van kunst ter bevordering van de gemeen schapszin als beleidsvoornemen geformuleerd. Deze voorne mens hebben mede betrekking op effect C en zullen in 2007 ingevuld worden. 2. by 'Stand van zaken', 'Kunst en cultuur' (blz. 30): 'Be leidsvoornemens uit het collegeprogramma zijn Cultuur en Economie, Community Art en Friese taal en cultuur' - it kolleezje üt te noegjen om yn de programmabegrutting foar 2008 mei mjitbere en nei te stribjen effekten te kommen oer dit ünderwerp (bygelyks tal aktiviteiten, kur- sussen, Dit amendemint is ündertekent doar dhr. Posthumus namens de FNP. Jeugd en Underwiis. De FNP bliuwt fan betinken dat de doel- stellings op it mêd fan Kennisstad/heger ünderwiis te faach bliuwe. Mar gelokkich lüke de hegeskoallen har dêr neat fan oan, en hat de CHN no oankundige dat sy in oanfraach dwaan wolle foar in universiteit. Al hiel lang hat de FNP sein dat dat hjir yn Fryslan komme moast, en binne wy ütmakke Blad 35 Verslag van de raadsvergadering van 6 november 2 006 foar dreamers. Mar sjoch, it kin wol! Tusken gelyk hawwe en gelyk krije leit soms in lange tiid. Programma miljeu, de IBA's (yndividuele Behannelynstallaas- jes foar Offalwetter) yn it bütengebiet. Oant 2015 kin no neffens it kolleezje folstien wurde mei goed ünderhalden besteande foarsjennings en binne bygelyks septic-tanks net ferplichte. Der sil in budzjet fan 90.000 komme om wen- ningeigners te stimulearjen om minisuveringsdws IBA-2 of 3 oan te skaffen. In grutte winsk fan de FNP komt üt, hjir hawwe wy jierrenlang foar pleite. Doch it op frijwillige basis mar stimulearje wol as oerheid. Dan stiet yn de bylage ek noch in paragraaf oer de kosten fan de rydbewizen. De FNP wol it servicenivo by boargersa- ken net omleech bringe. Wy hawwe ek de yndruk dat de saken aardich sunich organisearre binne en dat de formaasje net te heech is kwa oantalDe FNP is goed te sprekken oer boargersaken, de ofhanneling en de wachttiden. Wy hawwe dan ek gjin ferlet om hjir fierder nei te sjen. Dan wurdt der al jierren praat oer in projekt PC foar de minima hjir yn de gemeenterie. Hjoed binne wy sa fier dat wy as politike partijen, dws CU, SP en FNP hjir in heel konkreet foarstel presintearje kinne. Konkreet, ynklusyf ynhaldlike en finansjele ünderbouwingDe riedsleden hawwe it allegear al thüskrigen. Wêr't wy foaral op mikke binne bern üt hüshaldens dy't hearre ta de kategory minima. Dy bern ommers soenen in grutte digitale achterstan krije kin ne as der thüs gjin jild is foar in PC. En wy witte allege ar hoe wichtich it is om in PC te hawwen om meidraaie te kinnen yn de mienskip. Motie 27 PC voor de minima De ried fan de Gemeente Ljouwert, byelkoar op moandei 6 novimber 2006, dy't de programmabegrutting 2007 besprekt; oerweagj ende - dat it fan grut belang is dat bern üt hüshaldens sünder PC digitaal meidraaie kinne yn de mienskip; - dat it sosjaal programma yn Achter de Hoven per 1 janne- waris 2007 eindicht en dat ek it süksesfolle projekt 'Draadloos internet' as ünderdiel fan dat programma op- ha ldt - dat it digitale Trapveld yn de Frijheidswyk neist in kom- pjüter-brükerssintrum ek in kennis-sintrum wurden is dêr't tal fan minsken üt ferskate kuituren elkoar treffe, kursussen krije, hüswurkbegelieding krije mar dêr't ek jongerein üt minima-hüshaldens yn de wyk ienfaldich ter- jochte kin,-

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Notulen) | 2006 | | pagina 18