I I
Bijlage tot het verslag der handelingen, va: de gemeent"rr 1
van Leeuwarden, 1951'
AANHANGSEL NO. 3
Schriftelijk beantwoorde vragen.
Pragen fan de hear B.B. Harts tra
(ynkomrnein "12 July T95l~)~-~
l.Hwer't it amperoan trije jier lyn
is, dat de tastimming ta it foroar-
jen fan it sportf jild yn ¥/urdum
wegere is, omdat it yn it utwrei-
dingsplan fan Wurdum lei en dit
plan jit net alhiel klear wie,
hoewol der tige oan arbeide waerd;
hwer't Boargemaster en Wethalders
jm'e Memory fan Andert by de ge-
meentebigreatingtsjinstjier 1949,
de tasizzing diene, dat in utstel
ta wiziging fan it plan Wurdum
hiel mei koarten yntsjinne wurde
soe; hwer't Boargemaster en Wet
halders in jier letter yn'e Memo
ry fan Andert, tsjinst.jier 1950,
meidiele moasten, dat it plan Wur
dum troch stêdswurken "enige ver
traging" underfoun hie 5 hwer't yn
it jongste fors lach fan gerneente-
wurken, April 1951, skreaun wurdt,
dat der jit oan arbeide wurdt,
freget ünderskreauneoft B.en W.
it mei him net spitich achtsje, dat
sa'n bytsje fuortgong to merkbiten
fait mei it foroarjen fan it sport-
fjild yn Wurdum.
2.Kin hjir net, lyk as sa faken yn
it stêdsgedielte bart, in diel,
yn dit gefal it sportfjild, ut it
plan Wurdum nomd wurde?
3»Kinne Boargemaster en Wethalders
meidiele, hoenear't dit plan yn'e
Rie brocht wurde sil?
Andert_fan Boargemaster en Wet
halders'.
Yn harren gearkomste fan 9 Ee~
brewaris 1950 hawwe B. en W. yn
bigjinsel in troch de direkteur
fan gemeentewurken yntsjinne
untwerp ta it foroarjen fan it
utwreidingsplan yn ünderdielen
foar it doarp Wurdum goedkard. Yn
dit plan is, sa't B. en W. miene,
it sportfjild op it goede plak
yn it doarpssintrum fêstlein.
Dizze begjinselbislissing is op
16 Pebrewaris 1950 meidield oan
de direkteur fan gemeentewurken
under oantekening, dat it Kolleezje
fan B. en W. it nedich oardielde,
dat de ofmjittingen fan it sport-
fjild sadanich steld wurde soene,
dat op it fjild jm'e takomst ek
fuotbalkompetys jewedstriden spile
wurde kinne. Spitichgenoch koe
dat plan net yn koarte tiid of-
wurke wurde, hwat in gefolch wie
fan oare wurken der11 haest by
wie en dy't nedich wiene om it
trochgean fan it bouwen fan wen-
ten en skoallen to forsekerjen.
Mei alle bigryp foar it greate
bilang, dat de doarpsmienskip fan
Wurdum hat by in sa gau mooglik
rékommen fan in goed ynrjochte
en kreas sportf jild, hawwe B.enW.
de direkteur fan gemeentewurken
jitris oantrune om mei faesje it
definitive plan harren ta to
skikken. Niisneamde direkteur hat
doe tasein, dat hy it plan foar-
rang jaen sil en dat hy bifoarder-
je sil, dat it plan fan hers jen
ning yn'e rin fan Septimbermoanne
oan it publyk foarlein wurdt. Yn
forban hjirmei miene B. en W.
dat it bianderjen fan de folgjen-
de fragen net mear nedich is.
Eorstjurd, 19 July 1951
Ljouwert, 17 July 1951.
Boargemaster en Wethalders fan Ljouwert,
AAMVAN DER HEULENBoarg emas te r
Siktaris
T. BAKKER,