Sportfjild Wurdum.
Oanhingsel nr. 1 fan 1954.
Skriftlik biandere fragen.
Fragen fan de hear B.B.Hartstra
1Achtsje B.en W., nou't it ut-
wreidingsplan fan Wurdum
troch de Kroan goedkard is,
de tiid noch net kommen om it
glan fan it nije sportfjild
under hannen to nimmen?
2. As boppesteande fraech mei ja
biandere wurdt, kinne B.en W'.
dan net bifoarderje, dat it
plan dizze winter noch ta ut-
fiering kcmt, soks mei it
each op de ünhaldbere tasten
fan it sportfjild?
Andert fan Boargemaster en Wet-
Haiders
Nou't it bislüt fan de rie
fan 21 Novimber 1951, nümer
10580, ta hersjenning fan it üt-
wreidingsplan foar de gemeente
Ljouwerteradiel (kearn Wurdum)
fan de Kroan noch goedkard is,
is it wetlik biletsel tsjin it
oanlizzen fan in sportfjild
dêrre weinommen.
Om't de foriening Sport-
fjild Wurdum" dit objekt ta har
nommen hat en troch de ITederlan-
ske Heidemaetskippij dêrfoar in
plan meitsje litten hat, hawwe
wy miend, it nimmen fan de foar-
stap yn dit gefal ek oan dy for
iening oerlitte to moatten.
Dizze foriening hat lykwols
noch gjin officieel kontakt mei
us socht. Fierders miene wy to
witten, dat hja ek noch net de
biskikking hat oer de groun,
dy't brülct wurde moat. Wy binne
der lykwols wol foar to finen,
mei de foriening kontakt to
siikjen en yn omtinken to nim
men, yn hoefier troch de gemeen
te de oanliz fan in sportfjild
bifoardere wurde kin. Ütfiering
fan it neamde plan yn dit winter-
healjier achtsje wy, nou't de
saken sa steanenet mooglik.
Ljouwert, 7 Jannewaris 1 954.
Boargemaster en Wethalders fan Ljouwert,
A.A.M.van der Meulen, Boargemaster.
T.Bakker, Siktaris.
Forstjürd 12 Jannewaris 1954-