Sportfjild Wurdum. Oanhingsel nr. 1 fan 1954. Skriftlik biandere fragen. Fragen fan de hear B.B.Hartstra 1Achtsje B.en W., nou't it ut- wreidingsplan fan Wurdum troch de Kroan goedkard is, de tiid noch net kommen om it glan fan it nije sportfjild under hannen to nimmen? 2. As boppesteande fraech mei ja biandere wurdt, kinne B.en W'. dan net bifoarderje, dat it plan dizze winter noch ta ut- fiering kcmt, soks mei it each op de ünhaldbere tasten fan it sportfjild? Andert fan Boargemaster en Wet- Haiders Nou't it bislüt fan de rie fan 21 Novimber 1951, nümer 10580, ta hersjenning fan it üt- wreidingsplan foar de gemeente Ljouwerteradiel (kearn Wurdum) fan de Kroan noch goedkard is, is it wetlik biletsel tsjin it oanlizzen fan in sportfjild dêrre weinommen. Om't de foriening Sport- fjild Wurdum" dit objekt ta har nommen hat en troch de ITederlan- ske Heidemaetskippij dêrfoar in plan meitsje litten hat, hawwe wy miend, it nimmen fan de foar- stap yn dit gefal ek oan dy for iening oerlitte to moatten. Dizze foriening hat lykwols noch gjin officieel kontakt mei us socht. Fierders miene wy to witten, dat hja ek noch net de biskikking hat oer de groun, dy't brülct wurde moat. Wy binne der lykwols wol foar to finen, mei de foriening kontakt to siikjen en yn omtinken to nim men, yn hoefier troch de gemeen te de oanliz fan in sportfjild bifoardere wurde kin. Ütfiering fan it neamde plan yn dit winter- healjier achtsje wy, nou't de saken sa steanenet mooglik. Ljouwert, 7 Jannewaris 1 954. Boargemaster en Wethalders fan Ljouwert, A.A.M.van der Meulen, Boargemaster. T.Bakker, Siktaris. Forstjürd 12 Jannewaris 1954-

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Schriftelijke vragen) | 1954 | | pagina 1