-2- Haadstik II De foarsitter. Këst 3. Wurklist De foarsitter jout yn syn of har útnoeging de folchoarder oan fan behanneling fan de Onderwerpen. De ried kin beslute in oare folchoarder oan te hâlden. Këst 4. Taak Hy of sy hat, ôfsjoen fan de oare foarskriften út dit Regie- mint, de neifolgjende taken: a. it lieden fan de gearkomste; b. it bewarjen fan de oarder; c. it krekt nimmen en folgje litten fan dit Reglemint; d. it ferlienen fan it wurd; e. it nimmen fan konklúzjes, benammen it formulearjen fan saken, dêr't oer stimd wurde sil; f. it yn stimming bringe fan de útstellen, dy't oan de gear komste dien binne; g. it meidielen fan de útslach fan alle stimmingen; h. it ferskowen fan de gearkomste foar in troch him of har te bepalen skoft.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 18