-4- Haadstik IV It hâlden fan gearkomsten. Kêst 8. 1De gearkomsten wurden trochstrings hâlden op de tredde tiisdei fan de moanne om 19.30 oere. 2. It halden fan in gearkomste wurdt iepenbier bekend makke. It oproppingsbrief wurdt ophongen yn de publikaasjekast oan it gemeentehüs, de wurklist wurdt sa mooglik opnommen yn in pleatslik nijsblêd en fierder wurdt der oan de gearkomste fan de ried bekendheid jûn op de yn de gemeente gebrükelike wize 3. It oproppingsbrief wurdt as regel 10 dagen foar de gearkom ste oan de leden tastjoerd. 4. By wannear't boargemaster en wethâlders of trije leden fan de ried fan betinken binne, dat der in ekstra gearkomste belein wurde moat, skriuwt de boargemaster dizze gearkomste út binnen 14 dagen. Tusken it oankundigjen fan dizze gear komste en de dei wêrop de gearkomste hâlden wurdt, moat wol in termyn fan 7 dagen lizze. Kêst 9. Dei en oere fan de gearkomste. Behinderingen Dyjinge, dy't behindere is de gearkomste by te wenjen docht dêrfan sa mooglik foar it begjin fan de gearkomste berjocht oan de foarsitter. Kêst 10. Fuortgean De leden, dy't foar it sluten fan de gearkomste fuort gean wolle, sizze dat oan de foarsitter. Kêst 11 1. De útstellen fan boargemaster en wethâlders oer de punten dy't oan'e oarder komme, wurde oan de leden tastjoerd. 2. De stikken oer dizze punten wurde tagelyk mei it ferstjoe- ren fan it oproppingsbrief foar de leden op besjen lein. Is dit net mooglik, dan wurde de stikken op besjen lein op syn minst 7 x 24 oeren foar't de gearkomste halden wurdt 3. De stikken lizze op besjen oant it begjin fan de gearkom ste 4. Der meie gjin stikken út it gemeenteargyfdy't by de rieds- stikken lizze, büten it gemeentehüs brocht wurde. Kêst 12. 1. De leden krije in fergoeding foar it riedswurk en in te- mjittekomming yn de kosten mei tapassing fan in neier troch de ried fêst te stellen oardering jildlike foarsjennings rieds- en kommisjeleden. 2. De fergoeding wurdt oan de leden útbetelle yn twa gelikense parten en wol yn jannewaris en yn july. Utstellen fan B. en W. Op besjen lizzen fan stikken. Fergoeding rieds- leden.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1984 | | pagina 20