-5-
Kêst 13. Sitplakken
riedsleden.
De riedsleden sitte elk op in fêst plak. Dit plak
wurdt troch de foarsitter oanwiisd, nei oerlis mei de
fraksjefoarsitters en jildt foar in folsleine riedsperioade
De foarsitter tinkt derom, dat de leden fan in fraksje sa
folie mooglik by elkoar sitte.
Kêst 14. iepening;
kworum.
1. De gearkomste begjint op de tiid dy't steld is yn it oprop-
pingsbrief, as op dat stuit it fereaske tal leden oanwêzich
is
2. As in kertier nei de foar de gearkomste stelde begjintiid
it fereaske tal leden net oanwêzich is, lést de foarsitter
de nammen fan de net-oanwêzige leden op en stelt fêst, dat
de gearkomste net hâlden wurde kin.
3. As de foarsitter fêststelt, dat it tal fan de yn de gearkom
ste oanwêzige leden minder wurden is as it foar it iepenjen
fan de gearkomste foarskreaune tal, slút de foarsitter de
gearkomste